Posts

Posts uit januari, 2013 tonen

Wol as net ferbrekke

Heech tiid om de kneppel wer ris yn it hinnehok fan dy sleauwe domme Friezen te smiten. Stel: Jo geane nei in gearsit. Jo kenne al de minsken dy't dêr komme. Jo witte dat, want jo ha se wolris tasprutsen, jo witte dat se Frysk fersteane. Der binne guon dy't it net prate, mar dat is net sa slim. Jo fiele je dus aardich op jo plak tusken dizze minsken, einliks in rûnte wêryn't jo prate kinne yn de taal dy't jo mem jo leard hat. De foarsitter en de earste sprekker miene dat neffens âld gebrûk yn it plak dêr't jo sitte (God ferstiet gjin Frysk) mar yn it Nederlânsk moat. Klear, moatte se sels mar witte. De twadde sprekker komt ta de saak. En docht dat yn it Frysk, omdat er krekt as ik wol wit dat elts it ferstiet. Gjin wolkje oan de loft, nimmen sjocht nuver op fan de gong fan saken. Dan komt de sprekker. De man set útein yn it Frysk, dat leit him wol, en hy hat fernaam dat it gjin beswieren jout om dat yn dit plak te dwaan. Nei twa rigels riist der immen oerein

Mediageile Ruud Lubbers is moreel strafber

Afbeelding
  Earlik sein hie ik Ruud Lubbers aardich heech sitten yn de tiid dat er premier wie. Hy wie sa glêd as in iel, mei dêrtoch hat er de eare om de langst sittende minister presidint fan de Staat der Nederlanden te wêzen. 12 jier lang hat er yn it Torentje sitten, tusken 1982 en 1994. As MP moatte jo lige, harkje, ja knikke as it nee wêze moat en jo oer in soad saken de bek hâlde, om it mar ris wreed te sizzen. Dat koe er as gjin oar. As in âlderling yn de tsjerkeried komt, moat er tasizze dat er alles wat er yn betrouwen te witten komt, foar him as harsels hâlde sil. Ek yn de tiid neidat er yn it ambt sitten hat.     Rudolphus Franciscus Marie Lubbers soe dat witte moatte. De man is wat my oanbelanget al in jier as wat yn de bernskens, en soe troch oaren tsjin himsels yn beskerming naam wurde moatte. Dat jild ek foar syn foargonger by it CDA, Andreas Antonius Maria van Agt. Ek folslein it paad bjuster de lêste jierren. Alhoewol er it sels net sa útleit, antisemitisme is de man

Wat in hearlik rocknûmer is dit dochs.

Afbeelding

In woesteling mei in foarhammer.

Afbeelding
  It moat elts jier yn jannewaris wol in nuver gesicht wêze. In blauwe RamVan mei in karre der efter. Dy stoppet by in hikke, der stapt immen út mei in wyld bosk hier op de holle, dy docht de hikke iepen en it hiele spul ferdwynt op it hôf. Opnij stapt de woesteling út, dizze kear mei wat papierguod yn de hannen. As in beul rint er by de stiennen del en markearret guon. Dan leit er de papieren wer yn de auto, docht de efterklep iepen en siket syn ark. In stekkarre, in foarhammer, in stjitizer, in betonskjirre en in bats. Dat guod set er by in grêfstien del. Hy sjocht noch ien kear op it papier en slacht dan mei in pear hurde klappen de stien oan moster. Foar tafallige passanten in wreed gesicht. In woesteling dy't mei in foarhammer grêfmonuminten oan grom slacht. Ien kear yn de jierren dat ik it no doch, hat de wykplysje op besite west. De man wie tige hoeden yn wat er sizze soe, mar úteinlik kaam de aap út de mouwe. In besiker fan it hôf hie belle mei de meidieling dat der

Krimineel jild, dy 500 euro biljetten, seit de PvdA

Afbeelding
De PvdA hat in plan. No ha se dat wol faker, ek oare partijen meitsje har dêr skuldich oan. Is ek goed, as je gjin plannen mear ha kinne jo likegoed bedobbe wurde. De biljetten fan 500 euro moatte ôfskaft wurde, neffens de PvdA. It soe sa wêze dat dy bryfkes allinnich troch kriminelen brûkt wurde. Dat soe samar kinne. Ik ha leau ik twa kear sa'n biljet yn hannen hân. Je binne der dea mei ferlegen, want gjin minske wol it ha of wikselje. Eartiids hienen jo de 1000 gûne biljetten. Fan dy moaie griene, sa as op it plaatsje. Dat wienen nochris moaie biljetten. Wy hienen se soms thús ek, as de keapman in stik as wat kij tagelyk útbetelle. Omdat wy oan it fuottenein fan It Wâld wennen, koenen wy se altyd kwyt.   Nee, net oan kriminelen dy't earne yn de bosken himp kweekten, mar gewoan oan de molkboer. Dy kaam sneons as lêste by ús, en hie dan in pak oan papieren jild yn de beurs. De man wie bliid dat er der ôf wie, en wy hienen it grutte stik jild stikken. Sis no sels, wa wo

Petysje. Tekenje dat ding!!!

En hupsakee!!! Dêr wie it al safier. Reboelje. Nei de daverjende show fan justerjûn, o nee. Sorry. Dat hat der neat mei te krijen. Dat soe te maklik wêze, en ynkopperkes binne goedkeap, dogge wy hjir net oan.  Mar it is al sa dat de ûnfrede oer it belied fan SC Hearrenfean tanimt. Sa bot, dat der no in petysje online stiet, dy't jo tekenje kinne. Ik wol jim fansels net beynfloedzje, mar nim it yn oerwaging en ûndertekenje dat ding. Sterker, as jim wolle dat de klup wer sa wurdt as dat er ea wie, in waarme feriening dêr't jo je wolkom en belutsen fielden, soe ik mar tekenje. As der mar genôch stimmen opgeane, sil Robert Veenstra der net omhinne kinne. En de Ried fan kommissarissen ek net. Nimt net wei dat it freeslik is dat it op dizze wize de hearen yn it Abe Lenstra Stadion oan it ferstân peutere wurde moat dat se yn de spegel sjen moatte. Allinnich dat feit al, seit wat oer wêr't SC Hearrenfean op dit stuit stiet, as it om waarmte, jo wolkom fiele en it idee ha dat

Risikoleas libje anno 2013, bah.

Afbeelding
UPDEET. Sels Omrop Fryslân wit net mear hoe't de natuer wurket. Yn it nijs fan seis oere wienen bylden te sjen fan de slide yn it beferzen wetter, dêr't se dy notariskeardel fan 84 út fiske ha. De presentatrise sei: 'Dy slide sil hjoed as moarn wol wer loskomme'. Dus wy binne al sa ûnnoazel wurden dat we miene dat de 12 oant 15 sentimeter iis dy't rûnom yn de sleatten en marren leit, der nei ien dei al út is? Tsjonge jonge. Ik tink dat se healwei nije wike piksjitte yn Earnewâld. Op iis dat neffens ús Omrop nei ien dei krekt boppe nul al ferdwûn is. It liket wol oft sit eltsenien op teiwaar te wachtsjen. Ik snap dat net. Op alle stjoerders is in triomfantlik 'Vanaf morgen gaat het dooien' te hearren. As wolle se ôfrekkenje mei alles en eltsenien dy't op hokker wize dan ek wille oan it winterwaar belibbet. It wachtjes is op de earste dy't seit: 'En laat het dan nu ook maar voorjaar worden'. Dat sil grif net lang mear duorje. Dom geseur. W

Damesfuotbal op It Hearrenfean.

Afbeelding
It is winter. En dan binne de fuotbalfjilden min te bespyljen. Yn it Hearrenfean ha se ek noch in frouljusteam, alhoewol de direksje en de ried fan kommissarissen oant twa kear ta de stekker der út lutsen ha. It is foar my dan ek in riedsel wêrom't dy froulju noch yn it shirt mei de pompeblêden spylje wolle. Oant twa kear ta it lid op de noas en dan noch pretendearje dat der frouljusfuotbal op It Feen is. Jo moatte it mar doarre. No spylje se op freed, op sportpark Skoatterwâld. Mar dat fjild is min, dus woenen de dames graach oer de dyk yn it grutte stadion balje, dat fjild hat ferwaarming. Jo soenen sizze, dat is foar de SC gjin beswier, de gloeilampen dy't winterdeis op dat fjild steane nimme ek in sleat oan stroom. Vriendendienst. De waarme volksclub SC Heerenveen regelt dat efkes. Ja, minsken, dy tiid hat west. De klup, dy't neffens 'úteinlik' Bart van der Meer noch nea sa goed oanstjoerd wurdt as dat it no it gefal is, is ferwurden ta in snoeihurde, ûnpers

Resinsje De Lêste Trúk

Steane je midden yn De Deelen, noflik oan it reedriden, trillet de Samsung. In berjocht. En dat berjocht wol ik jim efkes lêze litte. Mei tastimming fan de skriuwer. Mar no it boek... Ik fyn it yn ien wurd prachtich!! Hiel moai geef Frysk, blomkeryk taalgebrúk en wurdenskat, dat it lêzen op himsels al ta in grut genoegen makket. Dat tegearre mei moaie koarte sinnen, wat it ferhaal tige begrypelik hâldt. Soks falt my destemear op, om't iksels as ik skriuw nochalris de fout meitsje fierste lange sinnen te meitsjen. Hawar, jo sjogge dat no sels. It ferhaal noeget al fanôf it begjin út fierder te lêzen...makket tige nijsgjirrich. De aparte persoanen, harren ûnderlinge relaasje, de ynteraksjes e.s.w.h. wurde hiel goed beskreaun; dy komme sadwaande.. 'as minsken ta libben'.. Tsjin de ein, as Sil by Evert sit te gûlen. kaam de emoasje aardich heech by my. Jo moatte witte dat ik nochal in grut 'bewustzijn' ha wat myn gefoel oangiet. Mei myn eardere berop as Psy

Hackers by UPC

Afbeelding
Wy binne klant fan UPC. Foldocht prima, der is wolris wat, mar oer it algemien wurket it aardich. De lêste tiid krij ik geregeld fan dy nuvere mailtsjes, mei it logo fan UPC der by. Yn dy mail stiet dan dat ik 'afwijkend gedrag' fertoan as it op myn mail oankomt, en dat ik mar efkes op in link klikke moat om dat te ferhelpen. No kin ik der mei libje as ien fan my seit dat ik 'afwijkend gedrag' fertoan, hear. Sille se miskien ek noch wol gelyk oan ha, dus dêr steur ik my net oan.  In skoft lyn is myn mail in kear hackt, en dêr wurde jo net bliid fan. Pas dan krije jo yn it snotsje hoe ôfhinklik je fan dat digitale guod wurden binne. As jo mail hackt is, binne jo de sigaar, want foardat se dat by UPC snappe, jo de goede persoan oan de tillefoan ha en wat oan dien wurdt, binne jo sa oardel wike op stap. 'Al onze medewerkers zijn in gesprek, wij doen ons best u zo spoedig mogelijk te helpen.' Jo kinne it rideltsje wol dreame op in gegeven momint. No hie

"Nobody Knows You When You're Down and Out" - Derek and the Dominos

Afbeelding

Referindums, earst mar in Anta Flu

It hege wurd is der út. De Britten meie yn in referindum oanjaan oft se wol of net yn de Europeeske Unie bliuwe wolle of net. Op de dei neidat ien fan syn ûnderdanen op it o sa freonlike Bali ta de dea feroardiele is, hat Cameron syn speech útsprutsen. Referindums. Ik krij der in fize smaak fan yn de mûle. Earst mar in Anta Flu, sa, dat is better. Yn 2017 sil de bûter jild jilde yn it Feriene Keninkryk. In simpel ja of nee tsjin Europa. Sa lit Cameron it no foarkomme. De Britten ha skjin harren nocht fan de al mar grutter wurdende macht fan Brussel. Dat fynt Wilders fansels prachtich, hy wie daliks op Twitter oanwêzich: Geert Wilders ‏ @ geertwilderspvv Hulde voor premier Cameron die het Britse volk een referendum gunt over de EU. Ook 't Nederlandse volk verdient een referendum premier Rutte It sil my benije. 2017 is noch in ein fuort, der streamt noch hiel wat wett

Defensief rijden met winterbanden.

Koart petearke, juster yn in wachtkeamer earne yn Fryslân. Dielnimmers: in man, jeuzelt mei alle minsken mei, dat ha jo nei tsien wurden wol troch. Twa: in frou, dy't ik eins leaver in wiif neame wol. Sa'nien dy't mei in begripende glim op it gesicht harket nei minsken dy't krityk ha op de burokraten en de jildfergriemers, en dêrnei mei in ûnútsteanbere eigenwize kop oerein komt en freget: 'U leest zeker geen krant?' Mei de ûndertoan fan: Do sjochst der neffens myn standert wol sa boersk út dat ik daliks de konklúzje lûk datst ek wol sa dom as in doar wêze silst. 'Nee, nim mar mei, de krante fan sneon lês ik sneons altyd,' sei ik werom. It wiif luts de noas omheech en krige de twa dagen âlde Trouw, gie wer sitten en blêde der sûnder wat op te nimmen trochhinne. It petear: Man: 'It is wat mei dy snie, net?' Wiif: 'Ja, ik moest in Leeuwarden zijn, heb er anderhalf uur over gedaan.' 'Oardel oere? Blinder!' 'Ja, maar ik heb

Apollo 13

Afbeelding
Juster wie Apollo 13 wer op de TV. Ha jim dy film wolris sjoen? Spannend. Ik tink dat ik him wol in kear as fiif sjoen ha. Mar it is krekt as mei Once upon a time in the west, dy kin ik elts jier wol in kear as wat sjen. By de mislearre reis nei de moanne past dizze muzyk. Komt fan The dark side of the moon.

De Bûterhoeke kin net ferkeapje

Mei niget de speech fan de foarsitter lêzen. Op de Omrop sei Tiemersma dat skriuwers mear sels de boer op moatte om harren boeken te ferkeapjen. Anny de Jong sei dat de promoasje fan boeken in taak fan de útjouwer is. Utjouwers ha yn 'e regel gjin jild om boeken yn de merk te setten. Dêrmei bedoel ik dat se sichtber wurde yn de krante ensafh. Utsein de FPB en sa no en dan in Afûk boek (oer Grutte Pier bygelyks). Dus hat de foarsitter in punt as er seit dat skriuwers der sels mear oan dwaan moatte. Foarbylden binne der. Skriuwers as Kootstra en Zwier ferkeapje harren boeken by optredens of op merken. Dat lêste hat in gewoane oan it wurk wêzende skriuwer net oan tiid. Dat earste is net foar eltsenien weilein. Dat mis ik yn de speech fan de foarsitter. Net eltse skriuwer is in smoute prater lykas Gjalt de Groot of Hylke Speerstra. Guon dy't de meast prachtige boeken skriuwe kinne, skite sân kleuren as se op in poadium moatte. Skriuwe we dy dan mar ôf wegens 'niet ges

Comedy Capers

No, it wie my it wykein wol wer op de balskopfjilden. De PSVers miene dat se net in reade kaart krije meie, dy Mark van Bommel (de reden wêrom't we gjin wrâldkampioen wurden binne, sjoch de bylden der mar op nei) is no al safier omheech fallen dat er it gewisse fan de fuotballerij mient te wêzen. En de ferdigener fan Oranje, de hear Pieters, is sa dûm dat er der in rút út slacht. Gefolch: nachts operearre oan in blieding, de sukkel. Dan ha wy ús Trots fan het Noorden, de FC Grins. Treflik, ûnderút tsjin de Domstedelingen. Maaskantje is somber. Dat ha ik altyd al oer him west, mar toe mar. O ja. Wy ha ek twa oeren yn de kjeld sitten. Yn it trijekwart folle Abe L. Stadion. Al sa'n moaie jûn hân. Ik bin dan ek gek op Comedy Capers. Mar ik herhelje efkes, finansjeel is it tige. Trije punten boppe de reade streek, mar wy geane foar Europa!!! #fail De winner fan it wykein? Gertjan Verbeek. Hulde. Wie der dan neat aardichs te melden? Jawis wol. Wy ha te riden west yn De Dee

Bloopers

Afbeelding
Hjoed begjint de National Hockey League wer. Ik wol it net oer jild ha, want as je it oer jild en sport ha, kinne jo better nea wer nei sport sjen. It moat dus mar oer it spultsje gean. En ik ha der nocht oan, in heal seisoen NHL. Om efkes yn de stimming te kommen in pear minuten hearlike bloopers fan it ôfrûne jier.

Robert Veenstra is in angsthaas

Sportklup Hearrenfean stiet op it 13e plak. Dat is terjochte, want de ploech spile net goed, dat sil elts mei my iens wêze. Op de nijjiersgearsit mei alles en eltsenien dy't wat mei de SC hat, is it tradysje dat de foarsitter in speech útsprekt. 'De club schrijft zwarte cijfers', en sa mear. Ek wol sa'n man dan graach oan de parse melde wannear't se de trener in skop jaan kinne, troch oan te jaan hoe heech it stumper op de ranglist eindigje moat. Alteast, neffens it ynsjoch fan guon dy't alle dagen op it fjild steane, in berch ferstân fan balskoppen ha en hielendal net fine dat se sels nea gjin flaters meitsje. Ahum. Hjoed kaam de reaksje fan de trener. Bepaald gjin lulletje rozewater, en ek net benaud. Op it domme gejeuzel dat de SC giet foar Europeesk fuotbal sei Van Basten dat er fynt dat se earst mar ris fatsoenlik opbouwe moatte fan efterút, as dat klear is komme de punten wol, en sjogge jo op de ein fan it jier wol wêr't jo steane. 'Het is ni

Grut Frysk Diktee 2014

In skoftsje lyn ha ik it oer it Grut Frysk Diktee 2014 hân. Dat soe eins op Omrop Fryslân te sjen wêze moatte, krekt as dat Het Groot Dictee Der Nederlandse Taal op de publike omrop komt. In jûn boartsje mei taal. Om dat by de Omrop ûnder de oandacht te bringen hie ik in mail nei de ynterim haadredakteur stjoerd. Dêr krige ik dus gjin antwurd op. Mar lokkich is der Twitter yn dizze wrâld, dat lost soms problemen op. Twa dagen lyn krige ik it berjocht dat it idee oer it op de Omrop útstjoeren fan it Frysk Diktee op de list fan 'mooglik nije programma's' telâne kaam is. En dat der serieus nei sjoen wurde sil. Wy sille it ôfwachtsje, mar it feit dat ik kreas berjocht werom krigen ha, mei ek wol efkes sein wurde. Dit woe ik jim efkes meidiele. En wat ha we moai waar, net?

Bestuur Friese Elfsteden opgeheven!!!

Kamer wil elk jaar Elfstedentocht Den Haag. Een studiegroep bestaande uit Kamerleden van verschillende partijen onderzoekt de mogelijkheid om het bestuur van de Friese Elfsteden uit haar taak te ontheffen. Dit naar aanleiding van een breed gedragen motie van D66 waarin de partij eist dat er elk jaar een Elfstedentocht zou moeten worden verreden. Fractievoorzitter Pechtold was klip en klaar in zijn bewoordingen: ‘Het voordurende gestuntel van die Friezen moet nu maar eens afgelopen zijn. Wij hebben als Tweede Kamer een grote verantwoordelijkheid om het volk te geven waar het recht op heeft. En wat D66 betreft is de Tocht der Tochten daar een goed voorbeeld van. Het kan en mag niet zo zijn dat wij van een afstand staan toe te kijken terwijl incapabele Fries sprekende oude mannen ons vertellen dat ze het ook dit jaar niet voor elkaar krijgen. Wat D66 betreft een onaanvaardbare situatie.’ Vanuit de Randstad komen al geruime tijd geluiden over grote onvrede omtrent de organisatie

Redens slypje

Redens slypje doch ik sels. Is ek gjin probleem mei gewoane noren. Myn Vikings binne sawat 30 jier âld, der sit rust op en se ride prima. It is foar my dan ek in wûnder dat alle jierren as der in flueske iis leit,  de massale run op redens wer útein set. Wêr binne dy fan ferline jier dan bedarre? Zandstra, Viking en al dy oare merken wurde fan my net ryk, dat jou ik daliks ta. Mar wêrom soe ik oaren ha moatte? Klappers? Nee, ik slypje myn maatsje 43 wol wer, en dan mar hoopje dat wy de feart út kinne, in iisbaan is wol aardich, mar ik gean leaver it rûntsje Feanhoop, Grou, Akkrum, Boarn en oer Beets werom. Prachtich. Komme jo ek nochris op it Polderhoofdkanaal! Mar dat slypjen, junior hat fan dy heechoppige skuon. Dy kringen passe net yn myn slyp-ark. Dus ha ik niis de izers der mar ûnderwei sleutele, en doe slipe. Bealch fol wurk, mar jo koenen der wol mei de bleate kont op sitte, sa stomp wienen se. En fannemiddei sille se nei de baan, dus moast der wat barre. Ik sil aanst mar

Lance Armstrong

Afbeelding
Mei tank oan buorman

Op stap mei Samsom en Rutte

Blind date.  Al dy moaie wurden oer earlik diele ensafh, ik soe twa minsken graach in middei mei ha wolle. Op ekskursje. Ik soe se earst in bakje kofje oanbiede, Mark en Diederik, want dêr giet it om. In grutte swarte auto op it hiem, miskien wol twa, jo witte net hokker drokte de mannen ha en wêr't se wei komme moatte. Efkes prate, se kenne my net, grutte kâns dat der ek wat skiepeftich lake wurde soe. En dan fuort. Net sa'n lange reis, yn de measte wat gruttere plakken binne foarbylden genôch. Ik soe se foarstelle wolle oan frou Visser. Of frou De Jager. Of de hear Pietersma. It makket net út. Mar net oan in ploech minsken, nee, oan ien. En dêr oer prate. Gjin gelul oer breder, gruttere plaatsjes en sa. Wat is it gefal, Mark en Diederik, soe ik sizze. Sjoch, hjir sit frou Visser. Se is 82 jier âld. Frou Visser stjonkt wol wat, fine jim ek net? Sil ik jim fertelle hoe't dat komt? Frou Visser is al 82 jier hartstikkene fan de klok as it om har ûntlesting giet. Sy mo

De gemeente Skarsterlân is gek wurden.

Afbeelding
Moai no? Ik wie tafallich yn de buert, dat ik tink, lit my it Haskerwide op de plaat sette. Trije sentimeter, dus IT KIN (noch) NET!!! Mar dat is net wat ik jim fertelle wol. Wy libje yn in lân mei in soad auto's en oar ferkeer. Foar de measte doarpen in ergernis, want it slûpferkear nimt mar ta. Hjir yn Boarnburgum ek. Wat is dan faaks in oplossing? In rûnwei. Kostet in soad tiid om soks klear te krijen, mar as it klear is, fynt elts it in pracht. De plannen betinkers yn de gemeente Skarsterlân ha grif in joekel fan in kater hân, doe't se dit betochten:   ROTTUM – Het Skarsterlânse college van burgemeester en wethouders overweegt om de Vogelzangweg in Rottum te sluiten. De plaatselijke belangen van Oudehaske en Rottum zijn fel tegen dit voornemen. De Vogelzang is in natuerlike rûnwei om Rottum hinne. Hat neat koste, want hy lei der al. Pake Jan hie der lân oan. It besparret Rottum mear as de helte fan de auto's dy't fan de A7 in slûprûte rjochting de

Rouadvertinsje

Hielendal ferslein binne wy troch it berjocht dat ... sa ûnferwachts is ferstoarn .  Nee, gjin nammen. De famylje dy't it oangiet sterkte tawinske. Mar dit wie al de tekst boppe in rouadvertinsje. En no wurde hjoed-de-dei de tiidwurden geregeld ferkeard om útsprutsen, mar jo meie der dochs fan út gean dat se sa'n wichtich berjocht efkes neisjogge. Foaral, en dêrom lit ik dit jim efkes witte, foaral omdat dizze advertinsje kaam fan in: Stichting voor Christelijk en Algemeen/Neutraal Bijzonder Basisonderwijs in de gemeenten ...  As de skoallen it al ferkeard dogge, hoe moatte de bern it dan yn de goedichheid leare?

Orgasme fan Abe Bonnema

Afbeelding
Apart, ik ha noch nea sa faak yn Ljouwert west as de ôfrûne trije jier. Wy kamen dêr net doe't we jong wienen. Wat moasten wy dêr? It Feen hie alles, en as der al ris in útspatting plakfûn, gie dat nei Snits. Drachten en Ljouwert? Nee. Yn Ljouwert wenne folk dat nei Cambuur gie, se hienen der in suterige iisbaan dy't net iens 400 meter lang wie, in domme, stompe, brike toer en se koenen de R net sizze. Waardeloas. Hoegden wy net hinne. Drachten hie Plips. En noch wat, mar dat bin ik efkes kwyt. Ek neat wurdich. En hoe bryk kin it gean. Wenje ûnder de reek fan Drachten en geregeld nei de Hoofdplaats. It is sels sa dat ik dêr sûnder swit yn de hannen it paad wit. Fan meardere kanten, dat ek noch. It is fansels ek mar in pear terpen grut, dat hiele Ljouwert. Hat neat om 'e hakken. Mar ja, jo moatte wolris wat. Sa siet ik sneon wer ris yn de kroech, dat is nuver, as ik al yn Ljouwert kom, is it meastal yn in kroech. De redaksje, direksje en meiwurkers fan it literêre Fry

Lytse sport

Op de side fan buienradar kinne jo de waarsferwachting fan 14 dagen yn it foar besjen. Blau stiet foar froast. 14 nachten froast, neffens de buienradar. It sil my benije. Wy binne oars wol oan in winterke ta, kin alles wer moai droech en skjin wurde, en de minsken binne yn 'e regel ek aardich fleuriger as mei dat fize dampe waar dat we de ôfrûne wiken hienen. Wy sille sjen. De redens bliuwe noch moai boppe, jo moatte de goaden net fersykje. Ha jim der wer plat foar sitten? It riden, bedoel ik. Tafallich kaam der in tweet foarby mei wurden yn de strekking fan: 100% Nederlânsk poadium, is riden wol in internasjonale sport? Dan is dat nije Thialf wol djoer... Sa sawat. No meie se om my dat Thialf wol bouwe, it is oeral in drama yn de bou, dus hupsakee. Mei bedriuwen út de regio, graach. Oars ha wy der ek wer neat oan. Mar om op de fraach werom te kommen, dêr kinne wy koart oer wêze. Nee. Riden is wrâldwiid in lytse sport.

Iis

Op side 704 fan NOS teletekst is de waarfoarsizzing fan de kommende 5 dagen te sjen. As ik sa troch it rút sjoch, is it in pracht. In lyts laachje snie. It sil noch krekt ûnder nul wêze. Mar winter? Ja, it liket der wat op. De NOS skriuwt: Koud winterweer. Deis in graad froast, nachts in graad as fjouwer, fiif. It falt my al mar mear op hoe fluch de media oerstjoer wurde as der wat te rêden is. En de oertreffende trep wat dat oanbelanget is iis. In dei as wat lyn wie al te lêzen dat troch de grutte te ferwachtsjen iisdrokte by it Haskerwide parkearwachters regele wienen. De einen kweakje fan it laitsjen. Oprop oan de media: sykje echt nijs.

Bommel ding yn Wolvegea

Afbeelding
Komme jim wolris yn Wolvegea? Nee, dat tocht ik wol. Eartiids stie der in grut suvelfabryk, dêr ha ik in skoft wurke. Breatsiis, reade commissietsiis en Cheddar makken se dêr. Prachtige tiid hân, ik mei wol oer dy Stellingwervers. Oant hjoed fansels, nee, grapke. Wolvegea is yn potinsje folle fierder as Drachten. Se ha dêr al jierren in trein. En dan net ien dy't stil stiet as âldjiersstunt yn Frijsteat Folgeren, nee, in echte. Sa'nien dy't oer it spoar giet. Dochs is Wolvegea wat in grize mûs. Wêrom't dat is? Binne de Stellingwervers te beskieden? It leit topografysk fansels ek folle moaier as Drachten. Tusken Ljouwert en Meppel, ideaal. Hjoed stiet Wolvegea op de kaart. By it prachtige stasjon fûn in reizger in fertocht pakketsje. En dan is de boat oan, asbest en fertochte pakketsjes binne it ADHD fan de mienskip. Ik frege my ôf wa't der no in bom yn Wolvegea dellizze wol. Ekstreme Stellingwervers bin ik noch nea tsjinkaam, hoewol se dêr wolris ien oml

Pisje ûnder de dûs

Afbeelding
Wethâlders. Se binne der yn soarten. Under myn folgers op twitter sitte ek in stik as wat, dus moat ik der om tinke wat ik skriuw. Mar ik doch it al!!!   Bert Wassink van Aa en Hunze (Drenthe) is wethâlder. Immen dy't wolris wat ropt. Sa kaam er yn it nijs trochdat er de minsken opropt om ûnder de dûs te pisjen. Soks besparret wetter, sei Wassink.  Folslein terjochte murk ien fan myn Facebookfreonen op, dat as der immen mei prostaatklachten in healoere stiet te druppeljen, it ek noch wolris ekstra wetter kostje kin, mar hawar.    Ik wit it net, hear. Pisje ûnder de dûs. Witte jo wat it is? Yn gedachten sjogge jo Bert Wassink stean. Hjir en dêr wat tearen, in bult hjir en in dobbe dêr. Griis poddehier. En dan wol by my it pisjen net mear, by jim wol?  En soe Bert Wassink it bad of de dûs wolris himmelje mei de gedachte dat syn famylje dêr fleurich yn de rûnte stien hat te migen? Sjoch, as jo echt wat besparje wolle, pisje dan tsjin in beam. Mar dat mei net.  Se ha ús o

De hoeren fan de wurkflier

Wurknimmers dy't âlder wurde koarte op it salaris. Wat seit sa'n ûntjouwing? De deskundingen binne it allegearre mei-elkoar iens. Wurknimmers hippe fan de iene baan nei de oare en sitte nea langer as in pear jier by deselde baas. Witte jim dat ik soms in freeslike hekel oan minsken ha dy't harren as 'de deskundige' ûnderfreegje litte? De situaasje fan jobhoppers is wer typysk 'randstedelijk' tinken. Hjir yn Fryslân wurkje jo by in baas. En dat dogge jo sa lang as dat kin, mocht de baas deagean en der is gjin oername, sille jo wat oars moatte. Giet er fallyt binne jo de sigaar, en moatte ek wat oars. De gewoane minsken hippe net fan baas nei baas. Dy binne bliid dat se in baas ha. De nije generaasje dy't net better wit as dat it útstjoerburo harren baas is, ja dy moatte wol hippe. It binne de hoeren fan de wurkflier. Moarn efkes wat minder te dwaan? Soademiterje mar wer op. As we dy wer brûke kinne bellet de intercedent fan Randstad dy wol wer. Doei!!

Nij lesmateriaal op skoallen

Opmerklik nijs. De files nimme ôf. Ien fan de redenen dêr foar is dat de auto by minsken yn de 20, net hip mear is. Dy wenje it leafst yn de stêd, dêr't in auto net handich is. Leaver komme se fia Facebook mei-elkoar yn kontakt, en moatte se al fan hûs, brûke se de trein of oar iepenbier ferfier. De auto net hip. Tsjonge jonge. Ik wol net leauwe dat de trendwatchers, want dy hawwe dit útfûn, geregeld op it plattelân komme. It wie foar my in befrijing doe't ik myn earste bakje kocht. Wat? Bak. Want in twa liter Toyota is gjin bakje. Hy mocht wol in slokje. Mar ik koe oeral komme. Omdat ik in hekel oan de bus of de trein ha, wie en is de auto tige wichtich, letter ek om it wurk. Mar dy nije generaasje wurket thús. Nee, se dogge neat mei de hannen, behalve toetsen yntikje. Wat in earmoed. Niis yn Drachten seach ik it wer. Twa fammen dy't njonken elkoar rinne, mei alle twa in mobyl yn de hân. It soe samar wêze kinne dat se mei-elkoar yn petear wienen, in sattelyt as tuske

Jack de Vries en de JSF

Sa. Wat wy hjir al tocht hienen komt no út. De F-35 Joint Strike Fighter zorgt in de Verenigde Staten voor commotie. De toestellen zouden volgens inwoners van Florida en Californië forse geluidsoverlast veroorzaken. Dat meldt USA Today. En wêr is no Jack de Vries? De steatssikretaris fan definsje dy't yn 2008 al presiis wist te fertellen hoe't it siet mei de lûdsoerlêst? In útspraak fan de spin doctor fan Balkenende: Hij verzekerde dat de JSF zich zal houden aan de bestaande geluidsnormen rond de vliegbasis. http://www.jsfnieuws.nl/?p=342 Ja, ja. Witte jim wat Jack de Vries, Drachten 25-7-1968, op dit stuit docht, behalve by DWDD oan tafel sitte? Skrik net. In juni 2011 werd bekendgemaakt dat De Vries toetreedt tot de directie van de Nederlandse tak van het communicatieadviesbureau Hill & Knowlton . Naast managementtaken krijgt hij de leiding over het onderdeel public affairs van het bedrijf. Het kantoor vertegenwoordigt ook de fabrikant van de JSF, maar voorl

Stigma oer it Frysk lêzen.

Stel: jo ha it yn de rêch. Dat komt foar. Dan binne der fan dy lju dy't jo dêr fan ôf helpe kinne. Guon dêr fan komme net út Fryslân, en ha harren yn Ljouwert te wenjen setten. Prate net Frysk, mar moatte it eins wol ferstean as it wurk harren nei in doarp bringt.  Foar Frysk proaza in ferlerne saak, soenen jo sizze. Mar neat is minder wier. Ik sil jim in fragmint út in mail lêze litte. Ik ben eigenlijk niet zo'n lezer, een fries boek nog helemaal nooit gelezen, maar jouw boek had ik in  2 dagen uit. Ik vond het echt een mooi verhaal, was spannend tot op het laatst. Ik had niet eens in de gaten dat het fries geschreven was. Dizze persoan hie foar Sinteklaas foar syn frou It Dak Fan De Wrâld kocht. Syn frou hat it noch net lêzen, hy as net Fries, út de Hoofdplaats, wol. Kin dat stigma dat op it Frysk leit der no einliks ris ôf? Al dy domkoppen hjir dy't altyd Frysk prate mar net in bek op in stikje Fryske tekst sette wolle omdat: 'Ja, eh... Dat fyn ik sa '

Reedriden is sa dea as in pier

Afbeelding
Grut nijs foar hockey leafhawwers. De lock-out yn de National Hockey League liket foarby. Nei in fergadering fan 16 oeren (bliid dat ik dêr net by sitten ha) is der in oerienkomst, dy't noch wol troch de spilers tekene wurde moat. Dus kin de gemiddelde Toronto Maple Leafs besiker mar wer ta de beurs. $400 foar in kaartsje foar ien wedstriid, per stoel. Ik freegje my ôf wa't dat betelje kin, mar der skynt in wachtlist te wêzen om oan te skowen yn it Air Canada Centre. Mei alle kearen 19.685 taskôgers  jout soks mar wer ris oan hoe grut iishockey is, behalve yn it konservative Nederlân, dêr't we ús wille fine yn 25 rûntsjes lang nei in skoareboerd sjen oft de iene al hast in tsiende sekonde ynhelle hat op de oare yn in ultra saaie tsien kilometer  reedriden. As oer in pear jier yn It Feen in nij Thialf stiet, kin in nije generaasje Svens him klearmeitsje om tsjin nimmen de kompetysje oan te gean. Reedriden as topsport is sa dea as in pier, allinnich wolle se dat yn Ned

Kansas? Fan dy balade? Yep. Mar dan oars.

Afbeelding

Iisbaan

Tsja. En fan it iene op it oare momint binne jo wer werom... In petear op Facebook, fan immen dy't har profylfoto feroare. Samar sjogge jo it wer. De ferfallen startblokken, it griene wetter fan it âlde swimbad fan Oranjewâld. It fûgeltsjepark. Net folle minsken sille it mear witte, mar dêr't no de sneldyk lâns it Abe Lenstra stadion leit, wie it plak dêr't wy as berne Wâldsters de redens ûnder bûnen. Ien fan de moaiste iisbanen dy't Fryslân ea hân hat. Hoe âld wie ik? In jier as 15. Ik ried op de McCormick D214 fan de Marijkemuoiwei nei de iisbaan. Dy trekker brûkte ik oeral foar. Ik gie der mei nei de byb, nei de bakker, te mollefangen en nei it fragelearen. Ik hie op ien fan de spatbuorden in radio montearre, en der siet in dakje op. Lekker droech, de twapitter joech genôch waarmte om net te ferklomjen. It âlde ferfallen hokje fan de iisklup. De poeiermolke, twa bekers foar twa kwartsjes, de readgloeiende kachel yn it keammerke fan it bestjoer. De faaimasine. E

De Lêste Trúk boek fan it jier by Omrop Fryslân

Afbeelding
No, dit is Sjouke. Sjouke sit op in fez, gewoanwei sit er yn in stjelp op 'e bleek, en foar it oare moatte jim it boek mar keapje of liene. Tank foar alle stipe, De Lêste Trúk is útroppen ta leukste boek fan it jier 2012 by Omrop Fryslân. En leuk is hip. Sels as it Frysk is.