Posts

Posts uit december, 2012 tonen

Stikelstekker voor niet Friezen ook toegankelijk

Afbeelding
It jier is hast om, dus tiid foar in nij kleurke. En in nije opsje, jo kinne it Frysk oersette. Oft soks mei sil my woarst wêze. Wat jim der fan fine ek. Wy wenje hjir mei wit ik hoefolle nasjonaliteiten, dus as in Nederlânsk pratende en lêzende Drint of Sileen witte wol wat ik oer Grinzers te melden ha, moatte jo se de kâns jaan, of net dan. Foar it oare: in sankje om it jier mei ôf te sluten. Met deze nieuwe optie is dat dus: Het jaar is hebt om, dus tijd voor een nieuw kleurke . En een nieuwe opsje , u kunt het Fries vertalen. Of zoiets met zal mij worst zijn. Wat jullie er van vinden ook. We wonen hier met weet ik hoeveel naarsjonaarliteiten , dus als een Nederlands pratende en lêzende Drint of Sileen witte wel wat ik over Grinzers te melden heb, moet u ze de kans geven, of niet dan. Voor het andere: een sankje om het jaar met of te sluten . No, treflik, net? Haha!

Gjin útlis, net belje

Ach ja, lit ik ek mar in listje meitsje. As Jan en alleman it docht... In listje oer 2012. Wat soe dêr yn moatte? Seis saken dy't ik as posityf betink, de folchoarder is net per definysje goed: 1. Eat dat ik fannemoarn dien ha. (gjin útlis, net belje) 2. Dizze bloch. Ik bin der grutsk op dat safolle minsken dizze side besykje. Ik stean yn gjin inkele list fan Fryske bloggers, en ek dêr bin ik grutsk op. Justerjûn ha ik in sifer twittere, ik sil it hjir nochris opskriuwe. 4634. (gjin útlis, net belje) 3. 15 febrewaris 2012. (gjin útlis, net belje) 4. 1 juny 2012. (gjin útlis, net belje) 5. Myn hûshâlding. (gjin útlis, net belje) 6. In petear op 'e Feanhoop. (gjin útlis, net belje) Fiif saken dy't ik as net posityf betink, de folchoarder is net per definysje goed: 1. It ûntbrekken fan moed by mastodonten om wat te feroarjen. (kin oer belle wurde, better fan net) 2. Rutte, Samsom en it nije kabinet. (net oer belje, myn bloeddruk is no prima) 3. De lockout yn de

De Volkskrant bylage oer sosjale media

Afbeelding
In learaar fan it Drachtster Lyceum wiisde my der op dat yn de Volkskrant fan sneon in bylage oer de foars en tsjins fan de sosjale media siet. Ik ha de krante daliks ophelle. Sa as jim miskien wol witte, ha ik noed oer it brûken fan de sosjale media, en dan bedoel ik de ferslaavjende kant der fan. Yn in petear op it Lyceum ha ik dêr al ris mei de rektor en dizze learaar oer praten. http://stikelstekker.blogspot.nl/2012/12/petear-op-it-drachtster-lyceum.html De bylage yn de Volkskrant hjit Vonk. Op side trije in sfearferslach fan Social City Helsinki. Finlân is ien fan de foaroprinners yn de nije wrâld, dat komt foar in grut part troch Nokia. In blomlêzing fan hoe't de boargers de oerheid fier foar binne as it om it brûken fan it ynternet giet. Side fjouwer en fiif binne foar de stêd New Songdo yn Korea. In keunstmjittich paradys. Alles wat je dogge wurdt registrearre, oeral hingje kamera's, der is in golfbaan en in park dêr't Central Park yn New York model foar stien

It Dak Fan De Wrâld no ek as e-book te krijen!

Afbeelding
No, no. It kostet wat muoite, mar it is te finen. Juster fertelde in kollega skriuwer my op Twitter dat It Dak Fan De Wrâld as e-book op de merk kaam wie. Prachtich moai, alle minsken dy't gjin steapel boeken ha wolle, miskien in allergy foar papier of inket ha, jim kinne no digitaal te plak. Wêr dan? Eh... Ja, dat is wol efkes sykje. Wy hienen thús International trekkers. Buorman hie Ford. Ik sil dus nea op in Ford Dexta ride, dat sit net yn de genen. Past net by my. Reade trekkers moatte it wêze. Nuvere tuskensin? Nee, hear. Soks is ek sa mei winkels. Ik gean nei de Gamma, net nei de Praxis. Wylst ik earst de Praxis tsjinkom op de MLK boulevard yn it mondaine Drachten. Mar ik tuf altyd troch. Dat is ek sa mei oare winkels. En dêr woe ik it mar by litte, in goed fersteander (en dy binne der wol) sil hjir wol genôch oan ha. Ja minsken, in priiswinnend boek as e-book. It is my wat. Benijd oft soks wat ferkeapet. Yn dat ramt soe it wat makliker te finen wêze moatte. Mar i

Fleisferfangers

It is fiif foar tolven mei it Frysk, sei Pieter de Groot yn de Freed fan juster.   Asscher hint op extra bezuinigingen, stiet yn de Telegraaf .  Mali wurdt it nije Afghanistan, stiet yn de LC.  Oeral binne listjes fan, mar net fan Frysk proaza, dat stie dus net yn de LC. Turkije klimt hurde r as hokker lan dan ek út de krisis, ek yn de LC .  Samar wat saken yn it nijs.  Doemdenken , hoelan g bestiet dat wurd eins? It past tige by Nederlân en ek by Fryslân. It sit djip yn ús. De flater fan de jierren 30 noc hris noflik oerdwaan, omdat de bestjoerders sa eigenwiis binne dat se mei eigen eagen sjen wolle dat it echt net wurket, besunigje en dy domme steatsskuld ûnder de trije % hâlde. Lês ris in boek oer dy tiid, soe ik sizze. En pomp jild yn dit lân, sadat de ekonomy wer op gong komt.  Ljochtpuntsjes? Wis. D y binne der.  Mar yn in lân dêr't in deputearre meidocht oan in k amp anje om ús fleisferfangers frette te litten, sil der noch gâns wetter troch de Boarn moatte foa

Kennedy Center Honors 2012 - Led Zeppelin

Afbeelding
Efkes trochscrolle nei 13.50. Seis minuten pikefel.

Winter

Sêft klinkt de top2000 op de eftergrûn. In kears oan, jierren lyn krigen by in ôfskie. Bûtendoar is it wetterkâld, de kachel noch in streekje heger. De fluchkeppeling op it buroblêd mar wer oanklikke, efkes nei it oantal tekens sjen, nei in pear tellen komt it oantal wurden yn byld. Dit is myn tiid fan it jier. Dêr kin gjin maitiid, simmer of hjerst tsjinoan. Noflik yn myn hokje, stadich, hiel stadich dwaande mei wat ea wer in manuskript wurde moat. Clapton, After Midnight. Net te lûd, en de ynternetbrowser út, want oars sitte jo de hiele dei yn it Bokwerds te seuren oer in flesse beerenburg, hoewol dat ek wol aardich is. Ambachtswurk. Heart, Crazy On You.

Boekpresintaasje fan my!!!

It jier 2013 of 2014 Rellen tijdens boekpresentatie Van onze correspondent DRACHTEN. De omgeving van schouwburg De Lawei in het anders zo rustige Drachten is gistermiddag schoongeveegd door een peloton ME’ers. Aanleiding was de presentatie van een boek, geschreven door de redelijk onbekende Friese schrijver F.J. Politiewoordvoerder Anne Nauta was klip en klaar in zijn toelichting in het aanpalende gemeentehuis van de gemeente Smallingerland. ‘Sjoch, in presintaasje fan in boek moat in feestje wêze, mar J. bun de kat ek wol wer op it spek. It bliuwt in repetearjend ferhaal mei dizze man.’   Uit verklaringen van ooggetuigen valt op te maken dat fanatieke aanhangers van de PvdD de aanval zochten toen J, gekleed in een berenvel met indiaanse hoofdtooi, van zijn kameel stapte. Het feit dat de kameel moest knielen voor J. om hem de kans te geven af te stappen, was voor de activisten reden om onder luid ‘ Een kameel hoort niet te knielen voor een mens! ’ ten aanval te tre

Omsette yn stront en pis, guon neame dat Uitbuiken

It moat wol ien fan de wurden wêze dêr't ik de grutste hekel oan ha. As jo it googelje komt dizze útlis op it skerm:   Uitbuiken Uitbuiken is een typisch Nederlandse zegswijze, waarbij na een goede (overvloedige) maaltijd een poosje rust genomen wordt om het eten te laten zakken. Anders bestaat de mogelijkheid van oprispend maagzuur. Door veel te eten en te drinken voelt de buik pijnlijk aan en kan men last krijgen van overtollig maagzuur. Ook kan men last krijgen van oprispend maagzuur.  Jo soenen it ek sa útlizze kinne: Uitbuiken is in typysk westersk wurd, dat brûkt wurdt om út te lizzen wat it is as jo jo op feestdagen kompleet ûnpaslik frette. Om foar te kommen dat de mage en oare yngewanten jo op jo ûnfatsoenlike bunkergedrach wize troch de boel streekrjocht omheech te jeien en fia jo mûle it fertarringskanaal út te stjitten, it wurd dêrfoar is koarje, moatte jo in skoft langút op de bank. It lichem docht dan muoite om de oerdied oan sâlt, sûker en alkohol om te s

Flashback

Afbeelding
Twadde krystdei. Aardich slept, dus dan moatte jo der om tinke. Troch in losse opmerking fan ien fan de hûsgenoaten daliks de skerpe kant neist as it om beoardieljen giet. Yn dat ramt de gedachten jieren tebek, op fan dy feestjes. Manlju mei sigaren, keamer blau fan de reek. Bern wat byelkoar yn in hoekje. Nei it tredde jeneverke mei sûker ien fan de mannen oerein. De Manchester broek ophysje, wylst dy oars al mei galgen te plak holden waard. Ien fan de fammen yn opdracht by it folk del mei in skaaltsje tsiis en woarst, jim kenne it tafriel. Omke mient dat er nochris grappich út de hoeke komme moat, hy wie ommers de lêste 50 jier de oanjeier fan de klup. Ik krij it swit yn de hannen as ik der oan tink. 'No, fanke, hast al ris wat ferkearing?' En dan nochris dy broek omheech skuorre. Jasses. It ferplichte laitsjen fan it omsittend laach, wylst it fanke woe dat se hiel earne oars wie. Eartiids wie alles better. No...

Paus Ratzinger is in bedriging foar de wrâldfrede

It is earste krystdei. In dei fan... Ja, hokker dei eins? Yn Rome wennet in Dútske herder, dêr't miljoenen minsken blyn efteroan rinne. De man, dy't al hast yn in oar syn tiid libbet, fynt it noch altyd nedich om de wrâld mei syn ultra konservative gedachten te fersmoargjen. Wat dat is it, fersmoargjen. En it is wûnder, dat plein ûnder syn balkon stiet ek noch altyd fol. Jo soenen dochs tinke dat er út de skiednis dy't noch net sa fier efter him leit learing lutsen hat, en wat in rommer byld oer syn lytse wrâld krije moatte soe. Neat is minder wier. It stumper, de paus, want dêr ha ik it oer, wol ús noch altyd leauwe litte dat yn folchoarder: Euthanasie, abortus en homohoulik in bedriging foar de wrâldfrede is. Hokker bekrompen spin dockter hat de hear Ratzinger yn tsjinst? Eins woe ik sizze: wêr hellet de man de goare lef wei om soks yn 2012 noch op it aljemint te bringen? De radikale moslims, de radikale roomsken, de radikale oare minsken dy't in leauwen oanhin

As jo flokken leare wolle moatte jo geiten keapje

Afbeelding
Je ha fan dy putsjes dy't je foar de ein fan it jier noch dwaan moatte. Ein 2011 moasten wy hjir ôfskie nimme fan Sytske, ús stokâlde wite saanengeit. Dêr ha jim as fêste Stikelstekker lêzers alles oer meikrigen. Foar de minsken dy't noch net sa lang dizze Fryske blochside folgje set ik de link nei Sytske der noch wol efkes by. http://stikelstekker.blogspot.nl/2011/12/sytske-rip.html Dat is dus al wer in jier lyn. Op de foto sjogge jim Bianca. Ien fan myn seis lângeiten. Prachtige bisten, dy't it hiele jier bûtendoar rinne kinne. Mar sa no en dan moatte de poaten wol efkes behimmele wurde. En dat ha 'k niis dien. De dames fine dat net aardich. Doe't Sytske der noch wie, hie ik hâlden en kearen, want sa'n saanengeit is aardich sterk. Dizze skepsels binne allinnich mar wyld, op Bianca nei. It freget dus in soad ferstân fan saken om se yn it hok te krijen. Ahum. Lokkich ha se grutte hoarnen op de kop, dêr ha je teminsten fet op. Dat poatbehimmelje is net sû

Jeffrey Gouweleeuw is gjin klupman. Doei!!!

Afbeelding
Jeffrey Gouweleeuw is yn 1991 berne yn Heemskerk. Dêr begûn er mei fuotbaljen by ADO'20. Yn 2006 helle SC Hearrenfean him op en hy rûn troch alle jeugdâlvetallen hinne. Tront Sollied liet him yn it seisoen 2010-2011 debutearje yn it earste. Dat jier spile er 6 wedstriden op it heechste nivo. It ôfrûne jier 29. Jo kinne dus sizze dat ús Jeffrey ien jier meidien hat by de klup dy't him syn oplieding jûn hat. Juster sei er dat it tiid wie om in stap hegerop. AZ. Sjoch nei de ranglist en jo snappe dat daliks. AZ hat likefolle punten as It Feen, de tibune yn Alkmaar is noch krekt efkes leger as dy yn It Feen. Echte klupman, dy Jeffrey. Ik ha Gertjan Verbeek heech sitten as trener. Marco van Basten ek, mar dat komt omdat ik him dan yn gedachten fuotbaljen sjoch by AC Milan. In pracht fan in spits. Hat 6 jier by Ajax spile en is dêrnei yn Milaan telâne kaam. As jo by jo earste klup 133 wedstriden spile, en dêr yn 128 goals makke ha, meie jo wol sizze dat jo in klupman binne.  Ger

Krystferhaal

Krystferhaal De pil Buorman sil oan de pil. En ik tink der sterk oer om dêr ek mar ta oer te gean. Litte we mar net om de hite brij hinne draaie, it is net mear te beteljen. Alles wurdt djoerder, en se ha je sa yn de skjirre dat der gjin ûntkommen oan is. Foarbyld: Jo sitte krap by kas, en slaan de rekken fan gas en wetter mar ris oer. Foardat jo it witte sitte jo mei de winterjas oan yn ’e hûs. En se ferblikke net, de beulen dy’t de kraan tichtdraaie litte. Lytse bern as net, kâld sil it wurde. Wy sitte yn in delgeande spiraal. Der is gjin wurk, dus wurde der minsken op ’e dyk setten. Dy leverje keapkrêft yn, dus minder ekonomyske omset. De hûzen binne aanst folle minder wurdich, dus wat dogge de minsken? Sitten bliuwe en wachtsje op bettere tiden. Logysk. Jo soenen graach earne in posityf ferhaal hearre wolle. Oer dat it tafalt mei de opwaarming fan de ierde. Dat oar jier de kosten omleech geane en de ynkomsten net sakje sille. Mar neat fan dat alles. De bank

Omrop Fryslân en de PVV

No, ik ha it sjoen. Live. Online. Op de lêste dei foar it swier fertsjinne krystreses is it yn de Twadde Keamer krekt in buertbingo. De foarsitter lûkt de nûmerkes en de leden stekke de hân op as der JA op harren papierke stiet. It komt wat kloaterich oer. Mar der stie in wichtich punt op de aginda, dus ik biet my der yn fêst. 'De motie over Omroep Friesland,' sei de foarsitster. Der gie in weach fan laitsjen troch ús Keamer. Ien as oar Keamerlid rôp: 'Omroep Fryslân!' Tsja, dêr hienen se jierren oer fergadere, oer dy namme fan de provinsje. Komt dy útbuorren ris op de aginda, seit de foarsitster wer Friesland. It is ek in ein fuort, ik snap dat wol. Klear, it nûmerke wie lutsen, en alle keamerleden stutsen braaf de hân op, benaud foar it misrinnen fan krimpstimmen. Utsein in stik as wat, mar dêr kom ik op werom. De moasje oannaam. Prachtich. Wat der no barre sil witte allinnich de Maja's, mar de yntinsje leit der om ekstra oandacht oan de status fan de Omrop

Rydplaten diel twa, Het Polderhoofdkanaal

Ja, no moatte jim aardich yn jim ûnthâld. Rydplaten diel twa. Diel ien wie fan 9-12-2010. http://stikelstekker.blogspot.nl/2010/12/rydplaten.html Hjoed is op de Omrop te hearren dat it neat wurde kin mei it iepenjen fan it ferneamde turfkanaal tusken Beets en de Feanhoop. Het Polderhoofdkanaal is in Polder-pineyndekop-dossier wurden. Oant no ta, ach ik wol it net iens witte hoefolle it al koste hat. Iepenje is in ferkeard wurd, by the way, ik ha der och sa noflik oer te riden west it ôfrûne jier, dus iepen is it al. Rydplaten. Dêr wol ik it oer ha. Want dy dingen lizze der no al in jier as fjouwer yn de Kanaaldyk. Klearebarre pesterij fansels, omdat der neat mear dien wurde mocht 'hangende besluitvorming en bezwaren', jim kinne it wol, mocht der ek net 100 meter asfaltearre wurde. Wat wol mocht, wie foar rûchwei € 15.000 yn it jier dêr dy rydplaten lizze litte. Mar dy dingen ferskowe troch it swiere ferkear. Molke en feefoer moat wol te plak en ophelle, no? Dus om de safo

Ad ynterim

Wat letter as yn de plenning, mar hjir wie it bloch. Kalamiteiten kinne jo net foar wêze, mar lokkich, it is wer klear. Mei tank oan de firma Kootstra. Tige. Hjoed sil de bûter jild jilde, sa wolle de oanhingers fan de Omrop ús leauwe litte. 6428 kear is de petysje fan de FNP ûnderskreaun, it is no 12.49. Piet foarseit snie. Moarn is it de koartste dei. En ek daliks de ein fan de hiele rotsoai, neffens in kultuer dy't famkes as offer op in berch deafrieze liet. Tige betrouwber. Wêrom, Omrop, de reade tried oer dizze flauwekul? Wis wol, in posityf bloch oer de needsaak en it besteansrjocht fan de Omrop is samar klear. Soks kin yn ien rigel. Mar first things first. Op 13-12-2012 ha ik in e-mail nei de ad ynterim haadredakteur fan de Omrop stjoerd. De man hjit Diederik Bonarius en hat Jan van Friesland opfolge, al as net tydlik, dat wit ik net. Underwerp wie It Grut Frysk Diktee 2014. In wike letter ha ik noch neat heard. Ek net sa fan: 'Wy ha jo mail krigen en komme der

I fuck horses

'I fuck horses.' 'Pardon..?' 'Yes! Paarden!' It falt my op dat der in soad mei taal boarte wurdt. Foaral op Facebook is it soms om jo de bûsen út te skuorren. It Bokwerds is mei in grutte revival dwaande, het gaat er bij tijden mal om weg. Der binne guon dy't harren steure oan it brike praat, mar ik fyn it machtich. Minsken binne tige fernimstich as it op taal oankomt, en dêr kin ik fan genietsje, mar ek geregeld om laitsje. En ja, soms is it om te gûlen, mar dat is taal yn beweging sei de hear Lok, dus dêr meie wy ús net oan ergerje en nimmen op ôfrekkenje. Klear, dan moatte wy mar sjen hoe't it sil komme... Der is yn it ramt fan kreatyf mei taal in side dy't harren dwaande hâldt mei Dunglish. Dat is Nederlânsk oersetten yn it Ingelsk, sa as guon politisi dogge as se oer de grins Nederlân te skande meitsje. En dat is ek om jo slop te laitsjen as it net sa tryst wie. Make that the cat wise hjit de side. 32000 minsken fine dat aardich. Jo kr

Droechneuke

Wylst de wrâld him drok makket oer in fisk dy't domwei syn tiid hân hie, op in sânbank telâne kaam en dêr net it sirkus ferwachte hie dat er oantrof, wylst de wrâld him drok makket oer it feit dat je fan de krystman hjoed-de-dei bil-ymplantaten freegje meie, ja, it is echt wier, wylst Madonna in suterige €173 miljoen byelkoar garre hat troch yn in netpanty te droechneuken op in poadium, is der noch ien lyts ding dat ik efkes ûnder de oandacht bringe wol. Stel: Jo meie graach út in fleantúch springe. Mei in donderdeldoekje. Sels witte, elts syn hobby. Mar is it dan net nuver dat se nei de tiid net efkes freegje hoe't it wie? Dy fisk hie al 38 deskundigen om syn stjerrende lea hân, de bealch fol mei Valdispert, 'voor de broodnodige rust',  en dat binnen in dei as wat. Nee, as jo út in fleantúch springe en it giet net hielendal goed, fine se jo nei njoggen dagen kroandea yn in stik greide. En ik ha der noch gjin Keamerfragen oer fernaam. Jo kinne better in fisk wêze,

Operaasje Ensafh Maffia

Ha, de mailboks soarge derfoar dat ik hjoed al betiid om mysels laitsje moast. Dat is bonus op de betide moarn. Earlik sein ha ik de skurft oan nijjiersbuorrels. Foaral as dy breedút op kosten fan de belestingbeteller bekostige wurde. Hihaho, in hân en oan it bier. Wat in sfear. Mar soms moatte jo omstean. De redaksje fan it yllústere literêre Frysktalige blêd Ensafh stjoerde my in útnoeging foar in gearsit, sawat 14 dagen it nije jier yn. Der stiet net by dat it in nijjiersbuorrel is, mar ja, dêr ûntkomme jo hast net oan. It is net yn maaie of sa, no?  Omdat ik sûnt koart sa no en dan in kollum foar de digitale Ensafh skriuw, mei ik ek komme. It wie reden om efkes te gnizen. De Bobo's fan Ensafh moetsje elkoar yn de Hoofdplaats. No, it sil my in klap jaan. Sjogge jim it foar jim? Tsjin trijen in kamera, rjochte op de doar fan it plak dêr't it barre sil. Wat ûnwennig komt de earste der oan. 'Soe ik earst wêze?' sjogge jo him as har tinken. Efkes letter de twadde

Ik ha de moaiste krystbeam!!! Lekker puh!

Afbeelding
Ik ha hiel leaf west en dus ha ik lekker de aldermoaiste krystbeam fan de wrâld krigen. Fan dy bêste Sinteklaas. Fine jim him net prachtich? Yn it tsjuster jout er ljocht, nooooo... bysûnder dochs? Tankewol Sinteklaas!!!

Wek (wak) In grof skandaal

Afbeelding
Nuver nijs hjoed op Stikelstekker. Justerjûn siet ik op twitter it ferslach fan it iishockey te folgjen. Foar immen mei in sportôfwiking is soks normaal. Wat net gewoan is: De tweet fan @FrieslandFlyers dy't melding makke fan it feit dat de wedstriid yn Amsterdam stil lei, omdat der in wek yn it iis siet. In wek? Yn in iisbaan? Ja, dat kin. En net omdat it bûtendoar net hurd genôch frear, it wie hjir in graad as seis boppe nul, dus de einen sitte yn de iisbaan. Jaap Eden kearde him om yn syn grêf. De romrofte keunstiisbaan yn Mokum wie sa goed taret op in moaie pot hockey, dat de gatten yn it iis foelen. Net te leauwen. Mei in wek kinne jo net sporte. En dus is de wedstriid staakt, de spilers fan de Flyers yn de bus en de 20-30 supporters ek wer op hûs oan. Ut betrouwbere boarne wit ik dat it der mei it hockey net al te goed foar stiet. De media ha leaver fiif oeren ferslach fan in saaie reedridersdei yn in lege hal earne yn Sina dan dat se it hockey in kâns jouwe. En soks

Petysje, ik tekenje al

Afbeelding
It regear hat wer ris sjen litten dat se net behindere wurde troch earder taseine ôfspraken, en dat se ek neat witte oer hoe't de saken der hjir yn it fiere Fryslân hinne lizze. De FNP is yn it ferhef kaam, en wol yn de mande mei Omrop Fryslân, It Nijs en de Ried fan de Fryske beweging jim oproppe om jim namme ûnder in petysje te setten. Dat is foar de minsken dy't it Frysk yn it hert drage fansels appeltje eitje, soenen jo sizze. Jo moatte altyd yn kânsen tinke, dus is dit miskien wol in reden om ris goed by de taken fan de Omrop stil te stean. En nee, ik wol hjir net in soer djipfrysk ferhaal delsette, mar dochs. Op facebook stienen 50 redenen wêrom't Omrop Fryslân net yn de lytse loege komme moatte soe. Jim kinne se hjirûnder lêze. It is fansels wat populistysk yn elkoar knutsele, dat snap ik wol. Mar it is wol nuver dat yn dy 50 punten nearne it wurd BOEK neamd wurdt. Taal en lêze komme ek oan de krapperein.  Keatse, Tomke, en de muzyk slaan foar master op. Need op Fr

Gabriela Soukalova sjongt Scarborough Fair

Afbeelding
  Dat net alle sporters iensidich binne wisten wy al. Guon fuotballers spylje gitaar, in inkele eks tennisprof sjongt. Mar yn it biatlon wie ik noch net earder in atlete tsjinkaam dy't, wylst har karriêre amper los is, al op youtube te finen wie. Op de foto sjogge jim de Tsjechyske biatlete Gabriela Soukalova, fan 1-11-1989. Hjoed wie se twadde by de efterfolging yn Poklijuka, Slovenie. En dat se ek aardich sjonge kin, lit se yn de fideo hearre.