Winter

Sêft klinkt de top2000 op de eftergrûn. In kears oan, jierren lyn krigen by in ôfskie. Bûtendoar is it wetterkâld, de kachel noch in streekje heger. De fluchkeppeling op it buroblêd mar wer oanklikke, efkes nei it oantal tekens sjen, nei in pear tellen komt it oantal wurden yn byld.

Dit is myn tiid fan it jier. Dêr kin gjin maitiid, simmer of hjerst tsjinoan. Noflik yn myn hokje, stadich, hiel stadich dwaande mei wat ea wer in manuskript wurde moat. Clapton, After Midnight. Net te lûd, en de ynternetbrowser út, want oars sitte jo de hiele dei yn it Bokwerds te seuren oer in flesse beerenburg, hoewol dat ek wol aardich is.

Ambachtswurk.

Heart, Crazy On You.

Reacties

  1. nou hebben wij de hoogte wel, jullie kramen er naastkleinen wel heel wat babbelegoegjes uit daar in bombats

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Nu, nu, het lekschooien beperkt zich niet meer tot feestboek, zien wij wel. Wij zijn hier van denken dat u daar aan die blabberreed in de Wouden wat weerziek bent, een (1) nacht droge vorst zou u goed doen.

      Verwijderen
    2. Droege froast, my tocht droege woarst by die flesse.


      Verwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen