Posts

Posts uit juni, 2011 tonen

Vespula vulgaris

Dat is de Latynske namme fan it sekreet dat my no al twa dagen op Quasimodo lykje lit. It is oars noch gjin tiid foar wespen. Mar dit soadsje sil my net wer pleagje. De gemeentelijke afdeling ter bestrijding van ongedierte hat der mei rêden. We wienen it net iens oer hokker bist it no krekt wie. 'We doen in principe niks aan bijen,' sei it minske op it gemeentehûs. Doe wisten we it samar. It binne wespen, hear. Libbensgefaarlik ek noch. Dat wie net hielendal in leagen, fannemoarn siet ik healwei achten by de spoedeisende hulp, en no mei ik Prednison as breaiten ha. Dus de dokter fan juster wie krekt wat te optimistysk doe't er my mei in túbke salve nei hûs gean liet. Fannacht waard ik wekker en doe hie ik in kop as in fuotbal, oan ien kant dan. As ik it houliksoansyk sa dien hie, wie it neat wurden, bin ik bang. Alle lof foar buorfrou, dy't de tillefoan betsjinnet by de dokterswacht, sy wit dat ik net belje as it net nedich is, dus ik mocht daliks komme. Dy dokter sû

Pechdei

Afbeelding
Je ha fan dy dagen. Drok dwaande mei hageknippen, fege je dwers troch in wespenêst. Dy bisten poer fansels. En ja hear, ien fan harren hipte my op de lippe en stuts my fûleindich. Boppesteande foto jout in aardich oersjoch fan myn kop op 29-6-2011. Ien ferskil: by my wie it de boppelippe, it wang derop ta. En bedankt maar weer.

Himp

Ik tink dat der net folle minsken binne dy't witte wat it Fryske wurd himp betsjut. Litte we foarop stelle dat ik der gjin ferstân fan ha. Net ien fan de blowende generaasje. Yn it Jaske te Drachten rûkte it sneons wol aardich nei túnkrûden, mar nea yn de ferlieding west om it te besykjen. No toffelen we troch Drinte, en dêr stie in fjild mei planten dy't ik yn Fryslân noch nea sjoen hie. Yn Grins ek net, by the way. It like op himp. Doe't ik it neiseach op ynternet blykte dat it yndie himp wie, mar dan fan de soarte dêr't je net high fan wurde. Se meitsje der fan alles fan, mar gjin dope. Doe tocht ik, as se by Pieterpik of in oare siedhannel no ris in freeslik moandeitemoarngefoel ha, en mei de sliep yn de eagen it ferkearde sied yn in kladde dogge. Mei as gefolch dat der earne yn Drinte in fjild fol mei himp stiet dêr't eltsenien fan seit dat it fan dy soarte is dêr't je neat mei kinne. Want, oars wie it net sa iepen en bleat neist in kamping siedde wurden,

Lúks switte

Der binne in oantal dingen dêr't ik echt in bloedhekel oan ha. Dit waar begelyks. Ik fyn it freeslik om al te switten as je neat dogge. It ôfrûne wykein ha se my foar it earst safier krigen dat ik yn in sauna sitten ha. It ding wie der, en om yn ien kear fan al myn foaroardielen ôf te wêzen ha ik it mar dien. Earst goed lêze hoe't soks wurket, it sil je dea mar wurde. Tusken de 40 en de 50 graden moast er stean. Stadich begjinne, dus 40. De klean út, en dêr sitte je dan. In hokje fan oardel by twa. Radio mei foute hits. En wat moatte je dan? Wachtsje oant je switte. 15 minuten, dan moast de sesje oer wêze. Doe't ik de helte hân hie, ha'k it stomme ding mar op 65 graden setten. En de klok nochris op 15 minuten. En mar wachtsje, jesels wat besjen, no, dêr knappe je boppe de 40 ek net mear fan op, kin ik jimme melde. Hawar, doe't er sawat op 70 stie kaam der zowaar hjir en dêr in dripke foar it ljocht. Swit, bedoel ik. Ein fan de sesje. Yn de dûs, eins nearne foar ned

Gjin titel nedich

Afbeelding

Koffers

It is tryst, mar ik sil der net oer lige. Hjoed bin ik foar it earst yn kamp Westerbork west. Dat hie earder kinnen, en miskien wol moatten. It waar wie der neffens, de hiele dei storein. Op de eftergrûn de lûden fan de TT. Mar alles foel fuort doe't ik lâns dy read-wite peal rûn. Symboalysk waard oanjûn wêr't it spoar lein hie. En dan it lêste stikje dat der noch leit. Ik ha net iens besocht om te betinken hokker freeslike tafrielen him hjir ôfspile ha. Of eins ek wol. Yn it besikerssintrum waarden myn eagen nei al dy koffers lutsen. Guon fan kanvas, de measten fan lear. Koffers dy't troch hannen fêstholden binne. Hannen fan minsken dy't faaks noch hoop hienen dat dizze dream tydlik wie. Doe seach ik in boek. Transportlijsten naar Sobibor. Boppe de measte transporten stie: Niemand van dit transport heeft de oorlog overleefd. Ik skamje my. Hjir hie ik earder komme moatten.

Normaal-Oerend hard

Afbeelding

Flyers kampioen!

Einliks sprekt de foarsitter him helder út. Gjin gegriem yn de marzje mear, net langer de tredde misfoarme poat oan it liif fan It Hearrenfean. De Flyers moatte oer trije jier wer kampioen wurde. En sa heart it ek. De trouwe fans ha der no lang genôch op wachte, it is tiid foar gong is alles. Ik foarsis jimme, no't de fêste jûn dat se spylje (jierren te let!) einliks nei de freed giet, komt it goed. Gjin kompetysje mei de SC mear. Altyd as de balskoppers in kear frij wienen, skarrele in grutte ploech Thialf yn mei Hearrenfeansjaals om de hals. Want we binne fan fan beide klups, mar jo kinne mar op ien plak tagelyk wêze. Hooplik sit de hal oer net al te lange tiid wer like fol as yn de tiid fan Sjoerd Feenstra syn Flyers. Jammer dat je dêr net mear smoke meie, dat joech noch wat ekstra's oan de sfear. Ien ding, dy kleuren fan it shirt. Dat hie giel wêze moatten, mar dêr stappe we dan mar oerhinne. Miskien komt it ea noch safier dat alles ûnder de flagge fan Sportstad falt, da

Guozzen

Bleeker ferklearret de wintergoes fûgelfrij. Dom. Dy bisten folgje har natuer, en briede yn Ruslân en de Baltyske steaten. Oplossing foar it fraachstik oer de rôffûgels: sjit dy simmerguozzen del en lit se lizze. Ha de iesiters wat te fretten. Ien earn út de Lauwersmar kin al dy guozzen net op. De measte simmerguozzen hearre hjir net, mar bliuwe hjir al. As je dan dochs yngripe wolle, romje dy bisten op. Sa snijd it mes oan twa kanten. Mar it sil wol net sa gean, de oanblik fan in oanfretten deade goes is foar guon fansels wer net te fernearen. Nee, de rôffûgels kinne better alle aaien opfrette, en de piken derby. Dat is in snack, yn ien kear op. Dat sjogge jo net, en dan is it goed, no?  

OV chipkaart

As it op iepenbier ferfier oankomt, hâldt ik my meastal ôfsidich, ik bin gjin leafhawwer. No begryp ik dat de chipkaart aanst it iennichste middel fan beteljen wurdt. Behalve op it Amelân en de oare eilannen.(!?) Jo kinne ek in prepaid kaart keapje. By de Primera, of Albert Heijn. Neifraach by Arriva makke in soad dúdlik. In kear as wat hie ik dizze boaze dream: Stel der soe in ramp barre, myn auto soe it bejaan. Je moatte der net oan tinke, mar hawar. Earne yn de deastille krimpgebieten stean ik, en ik sjoch in bushalte. De mobyl hat  in lege batterij, it reint en der is gjin minske op de lappen. Dêr komt myn rêding oan. De Frysker. As in fytser tsjin de wyn yn komt er deroan wrotten. De stoarm weaget him hinne-en-wer op it smelle dykje, mar hy komt! De doar giet iepen en ik klim omheech, ik bin ienichste gast yn it buske. De sjauffeur sjocht my oan. 'Hat er ek in OV kaart?' Ik skodholje. Mei in gemiene laits wiisd er my de doar. 'Bist de tredde al, haha! Mar gau it

Sâlt struie

Vervanging aanhangstrooier Probleemstelling Ter vervanging van de huidige aanhangstrooier is de aanschaf van een nieuwe strooier gewenst. Besluit 1. Er wordt een krediet beschikbaar gesteld van € 25.000,-- voor de aanschaf van een aanhangstrooier. 2. De jaarlijkse kapitaallasten ad € 4.625,-- (8 jaar lineair) worden gedekt uit de gereserveerde middelen voor investeringen uit het vervangingsschema. 3. In afwijking van het gemeentelijk aanbestedingsbeleid zal bij twee aanbieders van gladheidmaterieel offerte worden gevraagd. Ha, wer in stikje fan de side fan de gemeente Smellingerlân. (sis mar net Drachten) De oanhingstruier is oan ein, sizze se. 25 readsjes foar in nije? Ik ha hjir en dêr ek efkes sjoen, in knappe oanhingstruier kostet sa rûchwei € 7500. Dan ha je echt in hiele knappenien, mei in grutte bak. Mei ik my as belestingbeteller ôffreegje wêr oft dy € 17500 bliuwe? En sa'n ding wurdt yn acht jier ôfskreaun, no, as je nei de oeren sjogge dat er op jierbasis brûkt wurd

Midsimmernacht yn Rie

Prachtich, oars kin ik der net fan meitsje. In soad folk, en knap waar. Moaie ferhalen oer Flylân, trije reuzen en twa Goatses en Douwe Kootstra brocht de Goddeloaze Singel ta libben. Ek de muzyk wie goed, mei foar my as hichtepunt Marius de Boer, dy't it moaste Reboeljenûmer ea song: Eilân yn de see. Te finen op it album Skepper fan de Skepper. Jammer dat hy, Rommert, Durk, Tiede en Tjerk gjin band mear foarmje. Kompliminten foar de organisaasje, klasse, en oar jier mar wer. Ien minpunt dan? Wêr wie it kreamke mei Fryske boeken en cd's?

Hûnelibben

Efkes in pear situaasjes: In skiep de hals útsnije sûnder ferdôving. (It bist hat syn hiele libben noflik frette kinnen, mei wat gelok hat er gjin rotkreupel hân) In ko omfoarmje ta gehaktballen en kofleis. (As in bist it net nei it sin hat, jout er minder molke, dizze hat mear as 10000 liter yn it jier produsearre) In hin de kop ôfslaan. (It earste dat in hin docht as se har net goed fielt: ophâlde mei lizzen, dizze dêr't ik it oer ha lei wol, mar friet daliks har eigen aai op. En dy fan de oaren, mei neist har in folle foerbak. Opromje dus) In hûn hâlde yn in flatgebou. (Baaske is de hiele dei oan it wurk, jûns makket er him drok foar de Bistepartij) Fertel my no ris, hokker bist hat it hjir yn Nederlân no beroerd? Dy hûn of dy oaren?

Net nei Drachten

Stel jo wenje hjir. Yn it fersoargingsgebied fan Drachten, haadplak fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten). Dan soe it wêze kinne dat je foar ien as oar boadskip nei de hoofdplaats moatte, no? Goed, stel jo moatte út Boarnburgum wei nei Dr88. Gewoanwei geane je dan fia De Wylgen en dan oer de Lauwers. Jammer, wurdt oan de dyk wurke. Dus troch de Drait hinne grieme, spegels der ôf en mear fan soks. Of oer de Overstesingel, in pear kilometer om. De Stasjonswei liket op de Sahel, en dat duorret ek noch wol efkes. Kinne je ek net delride. Dus dan mar by it Drachtster Lyceum del. Dêr ha se drompels sa heech as de Mount Everest, echte carterfretters. Myn skokdimpers binne omtrint oan ein, en de ein is noch net yn sicht. Heldere gedachte: Gean dan oer It Súd! Wat komme we dêr tsjin: Strjitlizzers! Dy't, omdat der gjin wurk is, mar se hienen fêst noch wat wikseljild fan de gemeente te goede, it fytspaad tusken it tolhûs en it kleaster op de kerrel krigen. Wat sille we dêr n

Oscar!

Afbeelding
Dat is nochris moai wekker wurde. Ik ha in Oscar krigen!

Hans Theessink - Maybelline. Shrewsbury Folk Festival 2010

Afbeelding
Goed wykein!! 5.33 lang genietsje.

Genoegdoening aan slachtoffers

Okee, dan no mar wer wat serieus. Slap gelul genôch op ynternet, dit giet oer Knevel en Van den Brink. Dan moat it wol earnstich wêze. Reagearje en regearje fanút it ûnderliif. Dat is mei in oar wurd emoasjepolityk. De dame fan de PVV lei út dat in strafmaat út trije parten bestiet. Sy wol it plafon út dy strafmaat helje. Yn slimme gefallen sa as mei dy freeslike saak oer bernemisbrûk. Geweldich, dy figueren kinne se nea lang genôch fêstsette. Dat is de earste gedachte dy't je dan ha. Mar doe't se sei dat dit idee kaam inkelt omdat dan it tredde part fan dy strafmaat mear ta syn rjocht komme soe, ja, dan ha je dochs wat fraachtekens. Dat tredde part is 'genoegdoening aan slachtoffers'. En dêrop in wet feroarje is no krekt wat emopolityk sa gefaarlik makket. It is oanloklik, en op it earste gesicht is der gjin spjelde tusken te krijen. En litte we wol wêze, bern misbrûke, it is net te leauwen. Clairy Polak siet der ek. En dy jokke de hannen, dat koe ik sa wol sjen.

Hoereglossy

It wurdt heech tiid, fine jimme ek net? Foppe hie der al ien, Linda docht it al in skoft. En no't sels de dames van plezier in glossy krije, fyn ik dat it momint kaam is dat ek de Fryske skriuwers in eigen glossy ha moatte. Ik freegje my wol ôf wat der yn dy hoereglossy stiet. Mar, dekadint as altyd, dy wurdt allinnich yn de Gooise Grachtengordel ferspraat. It sil ynhâldlik fêst net oars wêze as mei de Linda. Gjin ynhâld, dus. Hy is gratis foar de dames sels, dat is dan wol wer moai. Mar de Fryske skriuwerij hat hjir fansels in grutte kâns. De earste glossy MEI YNHALD.  Net te swier, dan heakje de leave lêzerkes ôf. In protte plaatsjes. Docht it altyd. Al dy ferware woest útsjende wrotters op taalmêd. De rimpels moatte fan it glêde papier ôfspatte. En wat kreaze typkes yn lingerie. Piter Wilkens yn in string, in stúdzje yn tsien swart-wyt foto's fan in net neier te neamen skriuwster, dy't anonym har libbensferhaal ferteld en dat ûnderstreket mei har it troch it swiere p

Myn briljante brief

No, ik ha krekt in brief skreaun oan de 'Leden der Staten Generaal'. Wês mar gerêst, keunstsinnich Fryslân, no komt it wol goed. As se dit brief lêze, slaan se Halbe om de earen. Hoe koest no sa? En mear fan datsoarte teksten sil er opfrette moatte. Nee, ik bin bliid dat ik hjir in skoftsje tiid foar útlutsen ha. Jo moatte wat foar de mienskip oer ha, no? En mei dit brief ha ik de saak rêden, dêr bin ik wol hast wis fan. Der bliuwt neat oer fan alle fiten dy't se úthelje wolle. As ik der goed oer neitink, binne sels Tryater en Oerol yn ien kear út de soargen, der komt ekstra jild harren kant út. Wat in knappe brief al net docht. Ik hie him folle earder skriuwe moatten. Mar dit is dramatysk besjoen wol in knappe timing, aanst falle frou Bruinsma en Schoppert my om de hals as ik se tsjinkom. En dat sil grif barre, want no wurdt ik oerOl foar frege, nei dizze briljante brief. Tring!!! O, shit, de wekker.

Bibeltekst

Ik soe gjin bloch skriuwe hjoed, omdat ik der wat om tinke moat, sa waard my sein. Sjoch der min út en sa. Neifraach by it thúsfront: Hast in dikke reade kop, en fierder liket it ek wol aardich. Dus: blogge, blinder!! En dit wie fansels in ynkopperke. Sytse Faber, lofts fan it midden yn it CDA, sa stiet it op Wiki. Tsjintwurdich is er ferbûn oan de voedselbank. Dat is prima. Mar as je dan op de radio komme en jo ongenoegen útsprekke oer steatssekretaris Bleeker, en in bibeltekst oanhelje om dat wat oan te setten, moatte jo it wol goed dwaan. As CDAer, bedoel ik. Hy brûkte de fergeliking dat it fielde as dat je om in bôle freegje en der in skorpioen foar yn it plak krije. Neffens it nije testamint, Lucas 11 fers 12, hat dy skorpioen neat mei bôle te krijen, mar mei aaien. En bôle hat wat mei stien. Lucas skriuwt yn fers tolve: Of as er om in aai freget, him in skorpioen jout? In eintsje earder yn it tsjokke boek komme we Mattéus tsjin. Dy seit yn haadstik 7, fers 9: Is der soms ien

Gjin bloch

Sorry, te drok.

Polityk korrekt gejeuzel

Flau, hear. De plysje brûkt de motor âlvestêdetocht as molkko. Fansels op in moai rjocht stik dyk tusken Spannenburg en Wâldsein, dêr't je it gas efkes lekker iependraaie kinne. Hiel flau. Dogge se ek elts jier nei de TT, maklik jild. Noch folle flauwer is it polityk korrekte gejeuzel op de Omrop oer sa'n foarfal. Helje se de foarsitter foar de radio. 'No, 350 printen útdield, skrikke jo dêrfan?' 'Ja, dêr skrik ik bot fan.' LIGER !!!  Fansels skrikt dy man dêr net fan, dy snapt dy motorriders wol. Gesellich in dei fuort, en sa'n ding wol no ienkear lekker opsjitte. Mar hy moat it wol sizze, oars falt hiel korrekt Nederlân oer de man hinne. En de presintator mar trocheamelje oer wat se dêr no oan dwaan moatte. Jasses, sok folk is blykber nea jong en ûndogensk west. Besla soks mei de gek, dy fytsers binne yn de regel folle idioater dan de motors. En doch dy fytshelm ôf, it is gjin gesicht. Jimme lykje wol Dútsers.

Stonehenge

Sitaat út de LC fan juster: De rancune van politici tegen andere bevolkingsgroepen, tegen mensen die wel van kunst en cultuur houden, tegen iedereen die niet naar simpele antwoorden vraagt maar neigt naar nuance. Het gaat om trots te zijn op je domheid. Aldus Ramsey Nasr, dichter des vaderlands. Lit my foarop stelle dat dy titel dy't er in jier as wat lyn krigen hat, my ta de strôt útkomt. Mar dêr giet it no net om. Hy seit it krekt sa't it is. Grutsk wêze op jo eigen dommens, dat is wat dit regear is. Dêr komt noch wat by. Wat no as je in, lit my in foarbyld neame, in soachynstelling sanearje wolle? Dan helje jo in manager út de supermerk, ien dy't totaal, mar dan ek gjin gram feeling hat mei wat dêr spilet. Dy giet yn in kantoar sitten en sjocht inkelt nei sifers. Net nei de minsken efter dy sifers. Dat is mei Halbe ek it gefal. Hy seit dat er dit en dat op it mêd fan kultuer moai fynt. Niks dêrfan. Hy is gewoan in hurde sanearder, mei as beheining dat er út Fryslân k

Maksimale leeftyd

We wolle yn dit behyplike lân alles ta yn de finesse regelje. Pensjoen, AOW en mear. Mei dit regear is der in kâns om yn ien kear dien wurk te meitsjen. Wêrom ek net de maksimale leeftyd fêststelle? Neidat je ophâlde mei wurkjen binne jo mar in bongel oan de poat. It kostet in berch jild, drukt de bonus fan de bestjoerders fan de pensjoenfûnsen, en sis no sels, wat is de kwaliteit fan it libben noch? Wat is der moaier as wurkje oant je der bydel falle? Dat is it ideaal, dochs? Ut fytsen? Alderwetsk. Ik soe de manlju en dames fan Mark Rutte útdaagje wolle, set ek in sifer op de leeftyd. Boppe de 80? Wat is dat oars as jild fergrieme. Rjochtdei hâlde mei dy opfretters. Mar der binne útsûnderingen. De heegste bazen fan soarchynstellings en banken dy't net foldogge. Dy meie âld wurde. Oars is dy oprotpreemje fan in ton as wat weismiten jild. Ek guon dy't ynterim in foech € 40.000 yn de moanne pakke, libje litte. En fansels Mark en de zijnen, want dy ha dit allegearre betocht

Twa kanten

Twa gesinnen yn Bakhuzen wurde sa terrorisearre troch jongeren dat se it doarp út wolle. De 80-jierrige Jan Hees en it gesin De Moor sizze al jierren it mikpunt te wêzen. Der wurde ruten ynslein, auto's fernield, brânbommen it hûs ynsmiten en der wurdt mei luchtbuksen op de wenningen sketten. Dit soe barre omdat se Hollanners binne. De wenningstichting Wonen Zuidwest Fryslân wit fan de problemen en siket nei wenromte yn in oar doarp. Aldus in berjocht fan de Omrop. Dit is dus de iene kant fan it gelyk. De oare kant witte we net. Dyselden dy't dat ûnnocht úthelje komme net foar kamera of mikrofoan. In siswize seit dat wêr't twa kibje, ek twa skuld ha. Jo meitsje it my net wiis dat 'se' samar sûnder oanlieding betinke dat we mei syn allen lekker brânbommen smiten geane. Omdat it Hollanners binne. En dan allinnich yn Bakhuzen. Op de radio sei de dupearre persoan dat de plysje wit wa't efter it narjen sitte. Ek dat liket my iensidich. Saken oplosse is foar jus

Minder trûdaboers!

Peije dei is in strjitfestifal dat ien kear yn it jier yn Drachten plakfynt. Tradisjoneel spylje dêr in soad trûbadoers, lykas Piter, Gurbe, Jaap en dyselde mei dy lange sik fan Sumarreheide. Doede dus. Dat lûkt altyd in soad folk nei it sintrum fan it oars sa sigerige Drachten ta. Suksesformule. No wie de kop boppe in artikel yn de Drachtster krante dat oandacht joech oan kommende sneon, (saterdei yn de Wâlden) dat de organisator minder trûbadoers útnoege hie. Hy woe nije bands in kâns jaan. Fansels is dat goed. Mar Jan IJsbrandy hat net folle doel oer wat it publyk wol, bin ik bang. Dy wolle no krekt dy fjouwer manlju sjen en hearre. Op de foto dy't derby stie wie it Franse Pleintje te sjen, wy wienen dêr ek en doe koest dy de kont net keare, safolle folk. De Fryske boekemerk yn de moanne fan it Fryske boek soe der jaloersk op wurde. Dêr spilen dus de fjouwer trûbadoers. Peije Rasp wie de lêste speelman yn Fryslân, hy swalke yn dizze omkriten oant er deagie yn syn wenwein. Hy

Grut letterboek

Allegearre leuk en aardich, mar der sit wol in serieuze kant oan dy bloch fan 7-6-2011. Hjoed ha ik dus foarlêzen yn in âldereinynstelling. Prachtich om te dwaan, maaaaar... It Frysk proaza kinne je neffens in jier as tritich tebek oan de strjitstiennen net mear kwyt. En it âldminske dat tsjin my sei dat se de lytse letterkes net mear lêze koe, sette my oan it tinken. We wurde âlder, en de doelgroep foar it Frysk ek. Like it or not. Se sille der by de FPB,  Bornmeer, de Afûk en wit ik hokker útjouwer dan ek mar, noch nea in fergadering oer hân ha, mar doch dat dan mar in kear. Miskien is it in idee om de boeken foar in part yn grut lettertype út te jaan. Hjoed waard my sein dat guon allinnich noch mar boeken lêze dy't sa op de merk brocht wurde. Want oars kinne de eagen it net mear risse, hoe graach se it ek wolle soenen. Kommersjeel besjoen soe ik, as ik útjouwer wie, yn dat gat springe. De wrâld sit stiiffol âlderen, dy't gjin donder by de ein ha, mar op in tiisdei wol ne

FFFestifal

Machtich! Foarlêze foar âlderein. Bûtendoar begûn de wille al. Twa froulju op in bankje, mei in grouwe boarre tusken harren yn. Dan ha je daliks praat. It bist waard goed fersoarge, sa seiden de dames. Op myn fraach oft se ek nei de seal komme soenen, andere de iene dat se besite ferwachte, dat it koe neat wurde. Mar der wienen aardich wat dy't op tiid de sliep út hienen, alhoewol de fêste tiid foar de boekeklup oars in healoere letter wie. Dat kloppe dus, healwei skarrelen noch in stik as wat efter de rollator de smûke romte yn. Ik leau net dat se it earste part mist ha, want doe't se in bakje tee mei cake krigen hienen, wie it krekt of wie de show amper los. Smûk wie it. In graad as tritich, mar it rútsje mocht net iepen, want dan siigde it te bot, no? En lêbje! Om je de bûsen út te skuorren. Twa dames hienen slaande deilis oer it feit dat de iene oeral de bek ynsloech, wylst de oare sei dat se ynteraktyf dwaande wie. Se binne der net útkaam. Al mei al in tige slagge oerke

Griemkonten

De hermandad sil ús earme bumperklevers no yn it foar fertelle dat se earne steane te flitsen. Twitterje fansels, hoe oars soenen jo no noch minsken berikke kinne? Ik ha in oar foarstel. Alle minsken krije in kastje yn de auto. Ik ha al ien, as jimme witte wolle hoe freeslik ik my op de wei misdraach? Myn Acer registrearret alles. Dus alle auto's in gewisse, dat as je te hurd jeie piip seit. Mar dan ek foar dyselden dy't de grutste ergernis op de wei binne, it folk dat standert tsien kilometer te stadich rydt. Ik bin fan miening dat de measte bonnen foar te hurd riden dy't ik krigen ha (en dat binne net safolle, ik ha de eagen net yn de bûse) relatearre binne oan dy griemers dy't my it bloed ûnder de neilen wei helje. Op in stuit ha ik it swit yn de hannen fan dat reade remljocht dat sels by it fermoeden dat der in mich op de wei sit, al wer opljochtet. Ik snap werklik net dat se sokken in rydbewiis jûn ha. Se kinne net ride! Dat is wol it folk dat altyd dûken yn de

Reen op sneen

Reen op sneen. De geeten lizze te wjerkôgjen, de hinnen lizze in ee. Guon binne nei de preek, sa as eltse week. It tongert ek noch dizze sneen, ween, minsken, ween. Wat moatte je op sa'n dee? De kachel op sees en in boekje derbee. Wat makliks ite, oars is it my tefolle griemeree. Ik mee wol oer sa'n dee, it is lekker rêstich op de wee. No fuort te autoriden bringt in soad foardielen mee. Jo kinne opsjitte, gjin lijeree. Oars bin ik op de dyk faaks net sa blee, ik toarkje altyd efter ien oan, eltse dee. En dy foar my rydt krekt te stadich neffens mee. Dus dan jee ik der omhinne en sjoch gemien opzee, sa fan: sjit no dochs op mee dyn rideree. Net dat it helpt, se wurde yn myn spegel stadich wee. Soms bringt de post in print foar my mee, dan wie ik net op myn iepenst mee de flitseree. Oft ik dan mar wat oermeitsje mee. Op de rekken fan it CJIBee. En dat wylst der op de wee nimmen lêst hie fan mee. Aakliksma's binne it, dy lju fan dy bonskriuweree. It sil harren der nee gean, w

Mingde gefoelens

Juster in strak konsert fan Barry Nice and the nice guys sjoen yn Heech. Goede band! Leuk barren ek, Heechspanning, mei de Hûnekop, Jaap Louwes en mear. Goed gefoel. Fannemoarn in resinsje yn de Ljouwerter krante. Koart krieme: goed gefoel. De hiele dei op it hiem omgriemd, boskmeaner oan smots, €700 lichter foar in nije. Minder goed gefoel. Ron Jans, ús pinguin, sa as se him op de Easttribune neame, bliuwt oan. De rest is bysaak. Striemin gefoel. Mingde gefoelens. Mar, we ha it djiptepunt no wol hân, it kin allinnich mar wer better wurde. Altyd posityf bliuwe en yn kânsen tinke. As junior no aanst mar net fan de pony nukt, dan falt it kaartehûs ynmekoar.

Famyljeberied

Pfoe, dat falt noch net ta. Twa bern dy't sels nei oantrunen neat witte dat se wolle soenen, in pear âlden dy't it op wat 'mei kultuer' hâlde. Dreech, sa'n frije dei. It bêste soe wêze om gewoan wer op bêd te gean en de hiele dei fuort te sliepen, mar ja, de sinne skynt, no? Hawar, we binne der út. Noch net folslein nei it sin fan allegearre, hear ik yn de keuken, se fleane elkoar no ferbaal yn it hier. As we aanst yn de auto sitte hoopje ik dat it saksearret, oars koe it wolris in koart útstapke wurde. As we net mei in striemin sin thúskomme is de dei al slagge. Ofkeapje mei patat of pizza, dêr sil it wol wer op delkomme. En morgen gezond weer op. Je ha fan dy dagen...

Posityf

As it der is moatte jo it net lizze litte: posityf nijs! En wol oer de Omrop, no, dat is my wat. Dit berjocht giet it oer: De plysje is op syk nei in scooterrider dy't tiisdei yn Ljouwert in man mei in hûn oanriden hat. De hûn hat dat ûngelok net oerlibbe. De scooterrider ried op it fytspaad tusken Camminghaburen en it Alddiel, dêr't de man mei syn hûn rûn. De fertochte ried tusken him en de hûn troch en kaam tsjin de riem oan dêr't it bist mei fêstsiet. De man foel en de hûn krige de halsbân sa strak om de hals dat er smoarde en deagie. De scooterrider is trochriden. Minsken dy't wat sjoen ha, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje. En myn hert makke hast in hipke! Sjoch nei de lêste rigel, wy wurde no wer frege om wat foar de mienskip te betsjutten. Dat hat wolris oars west.   http://stikelstekker.blogspot.com/2011/04/moatte.html