Vespula vulgaris

Dat is de Latynske namme fan it sekreet dat my no al twa dagen op Quasimodo lykje lit. It is oars noch gjin tiid foar wespen. Mar dit soadsje sil my net wer pleagje. De gemeentelijke afdeling ter bestrijding van ongedierte hat der mei rêden. We wienen it net iens oer hokker bist it no krekt wie. 'We doen in principe niks aan bijen,' sei it minske op it gemeentehûs. Doe wisten we it samar. It binne wespen, hear. Libbensgefaarlik ek noch.

Dat wie net hielendal in leagen, fannemoarn siet ik healwei achten by de spoedeisende hulp, en no mei ik Prednison as breaiten ha. Dus de dokter fan juster wie krekt wat te optimistysk doe't er my mei in túbke salve nei hûs gean liet.
Fannacht waard ik wekker en doe hie ik in kop as in fuotbal, oan ien kant dan. As ik it houliksoansyk sa dien hie, wie it neat wurden, bin ik bang. Alle lof foar buorfrou, dy't de tillefoan betsjinnet by de dokterswacht, sy wit dat ik net belje as it net nedich is, dus ik mocht daliks komme. Dy dokter sûge in mjuksdrankje yn in spuit en hupsakee. 'Wel vervelend om zo de dag te beginnen,' sei er.
'Juster wie like beroerd as hjoed,' andere ik.
'Gister? Je bent toch vandaag gestoken?'
'No, nee. Justermoarn.'
'Waarom ben je dan gister niet naar de huisarts gegaan?' sei er strang.
'Ehh, dat bin ik wol, mar...'
De rest fan it petear sil ik mar foar my hâlde. De wite maffia is foar elkoar ek net altyd like leaf, dat wol ik der noch wol oer kwyt. Docht neat ôf oan it feit dat ik mei in kop as twa oaren sit, wylst dat miskien net hoecht hie. It bliuwt minskewurk seit immen dy't ik ken wolris.
Ha no al sin oan moarn. Lekker Prednison frette. Krije je dêr ek net in dikke kop fan? Sil de bysluter út it jiskefet sykje...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen