Posts

Posts uit april, 2012 tonen

Lovely Day Bill Withers

Afbeelding

Cambuur as ôffalputsje?

Supermerkfoarsitter Veenstra fan SC Hearrenfean liket gearwurking tusken Cambuur en It Feen in goed alternatyf foar... Ja, ho mar. Yn in ideale wrâld soenen de beide Fryske BVO's fansels gearwurkje moatte. Riemer van der Velde hat der ek wolris in baltsje oer opsmiten, mar joech him daliks del doe't er hearde hoefolle sentimint der libbe. De jeugd fan Ajax en Feyenoord kombinearje sil ek nea wat wurde. Stel ik soe Cambuur supporter wêze? No, dan wie ik der gau klear mei. It komt der dochs yn 'e regel op del dat alles dat in bytsje knap balskoppe kin, nei de grutste fan de beide klups giet, wêrtroch't de oaren it gefoel krije om as ôffalputsje te fungearjen. Sels as it mei jeugdspilers te krijen hat. De direkteur fan Cambuur hâldt de boel dus ôf, en dat snap ik wol. Sterker, it bloed soe my sûpe wurde as ik Cambuur oanhinger wie. Dêr ha je dy arrogante 'zakkevuller' út DKV mei syn grutte bek. Dy sil hjir de saak ek wol efkes regelje? No, never! De foarsitte

De lêsklup

Niis de lêsklup efkes beharke. Wat? De lêsklup, yn Buro de Vries. Trije minsken dy't in boek besprekke. Dizze kear wie it jubileumboek fan Steven Sterk oan bar. Hy kaam der knap foarwei. Ien fan de leden neamde it daliks in hichtepunt yn de Fryske literatuer. Oft dat no wie omdat se Steven graach ris moetsje wol of omdat se it echt sa belibbe hat? Ik wit it net. Neffens my fûn se de skriuwer, ôfgeande op wat er yn de ferhalen seit, tige spannend. Ik kin har sizze dat hy (Steven) in tige tagonklik man is, dus neat stiet har yn de wei en sjoch ris op 'e Gerdyk. Kin se ek daliks sjen dat er oer it generaal net yn twaddehânsk boeken docht, mar yn ramsj. Dat is wat oars, no?

Dat sa, sjoch?

Nee, ik gean neat sizzen oer wat hjir neist my leit. Ik sis neat. Ik soe it graach sizze wolle, mar ik sis it net. It leit my foaroan yn 'e mûle, mar nee. Net dat ik net wol dat jimme it witte, mar... Mei oare wurden: gjin praat der oer. It is wol ferliedlik om der wat oer te sizzen. Eins wol ik ek wol dat jimme it witte, mar ja. Foar no moat ik mar neat mear sizze. Aanst praat ik myn mûle noch foarby, no? Dus ik sis neat. En no net allegearre begjinne te beljen. Ik hoopje dat jimme der wat begryp foar ha. Dat ik der neat oer sis, bedoel ik.

Is der noch in Tegenpartij?

Afbeelding
It liket op in oerfal. Yn 48 oerkes byelkoar prate dat yn 7 wiken net byelkoar te krijen wie. Foar minsken dy't de ôfrûne twa dagen mei de gryp op bêd lein ha, in kursus stilte-beleving yn in kloaster meimakke ha of twa dagen drok west binne mei de neisoarch yn in skrizekrite: It is klear. Wy binne rêden, Brussel is wer foarsichtich optein oer it braafste jonkje yn de klasse. Der falle in oantal saken op. 1: It cordon sanitair om Wilders hinne nimt Belgyske foarmen oan. Der sille se grif wiis mei wêze yn Brussel. 2: Der is gjin lofts en rjochts mear. De VVD docht it prima mei Grien Lofts. Dat is bysûnder. Wat my it measte opfalt is dat der no praat giet dat it lânsbelang boppe it partijbelang gean moat. No wol, oars net? Wy wurde dus trochrinnend by de poat naam troch politike grapmakkerij. It moat net mâlder. It lânsbelang is de reden foar it bestean fan de polityk, blinder. It is beskamsum dat dit net altyd nûmer ien op de aginda is. Dat der no sa'n ophef oer makke w

Yn memoriam: Truus

As der foar sânen moarns immen op de doar stiet te timmerjen wurde je wat nuver wekker. Je fleane net daliks nei dy doar, omdat, no ja, je binne net yn gala, sille we mar sizze. It blykte in jongedame te wêzen, fansels mei in mobyl yn de hân. Se makke melding fan it feit dat Truus deariden wie. Truus wie ús âlde, mei in trochrinnend min sin segene kat. Blyn oan ien each, mar better mûzefanger ha ik nea hân. Ek foar in rôt draaide se de poat net om. Truus wie net ien fan it oankrûpen. As je der net om tochten hienen je in klau oer de hân. No lei se dus foar hûs, by it oerstekken oanriden. Se wie al sa stiif as in planke, dat it sil justerjûn al mis west ha. De begrafenis hat yntiids plakfûn. Ik tocht: dat moat daliks mar wêze. Stel dat it fanke mei de mobyl de bisteambulânse belle hat, dêr sit ik echt net op te wachtsjen.

Wichtige saken

Afbeelding
  De kommende tiid sille yn polityk Den Haach wer in soad one-liners oer tafel fleane. Ik foarsis dat de útdrukking 'oer jins eigen skaad hinnestappe' grutte kâns makket om mei stip op ien te kommen. 'Derhalve' en 'daar herken ik mij niet in' binne ek foarbylden fan ditsoarte neat sizzende útspraken. It grutte pankoekbakken oer de begrutting 2013 is no los. Omdat we hjir sels net mear baas binne. Neffens minsken dy't der folle mear ferstân fan ha, leit foar it Frysk de takomst yn Brussel. Dêr is de ponge mei jild foar 'minderheden' sa as wy binne. Ik wit net hoe't dat mei jimme is, ik krij der wat in unheimish gefoel by. Dat soe ynhâlde dat de lju dy't foar har berop lobbye foar it Frysk, yn Den Haach oerstallich binne? It sil allegearre wol sa wêze. Echt wichtige saken dy't der wol ta dogge spylje harren op dit stuit ôf, by ús yn it stikje lân. Mei blidens kin ik jim melde dat ien fan myn guozzen har deljûn hat op in stik as t