Is der noch in Tegenpartij?

It liket op in oerfal. Yn 48 oerkes byelkoar prate dat yn 7 wiken net byelkoar te krijen wie.

Foar minsken dy't de ôfrûne twa dagen mei de gryp op bêd lein ha, in kursus stilte-beleving yn in kloaster meimakke ha of twa dagen drok west binne mei de neisoarch yn in skrizekrite: It is klear. Wy binne rêden, Brussel is wer foarsichtich optein oer it braafste jonkje yn de klasse.

Der falle in oantal saken op.
1: It cordon sanitair om Wilders hinne nimt Belgyske foarmen oan. Der sille se grif wiis mei wêze yn Brussel.
2: Der is gjin lofts en rjochts mear. De VVD docht it prima mei Grien Lofts. Dat is bysûnder.

Wat my it measte opfalt is dat der no praat giet dat it lânsbelang boppe it partijbelang gean moat. No wol, oars net? Wy wurde dus trochrinnend by de poat naam troch politike grapmakkerij.
It moat net mâlder. It lânsbelang is de reden foar it bestean fan de polityk, blinder. It is beskamsum dat dit net altyd nûmer ien op de aginda is. Dat der no sa'n ophef oer makke wurdt? Kul.

En dan noch wat, dy dweperij mei de partij dêr't je miene by te hearren kin daliks wol ophâlde. It is in farce. Sorry dat ik it sa wreed sis, mar ik kin net ta in oare slotsom komme. Sân wiken lang elkoar nei de bek prate komt net ta in útdragende saak, yn 48 oeren blykt it lânsbelang wichtiger dan de partijen. No, moai dochs?

De SGP, dy't efkes yn it strafbankje sitte moast fanwege it útdielen fan in oantal klappen ûnder de gurdle, de PvdA, mei Samsom as oanfierder dy't juster al ris efter de earen klaude, de SP, dy't bazich sei dat dit akkoard mar jildich is oan de ferkiezings ta, se ha in probleem.

Dizze begrutting, oft it broddelwurk is kin ik net beoardielje, hat nije freonen opsmiten. En dy bannen binne nei de ferkiezings net ferjitten.
Se (de PvdA en de SP) meie bliid wêze dat de ferkiezings oer de simmer hinne tild binne, der sil noch gâns mei modder smiten wurde moatte om dizze coup fan VVD, CDA, CU, GrienLofts en D66 by de minsken út it ûnthâld wei te praten. Fraach is oft dat moat, mar dat lit ik graach oan jim sels oer.

En wêr sil ik ris op stimme? Ik wit it noch net. It sil grif wat út it âlde midden wurde. Mar dat bestiet net mear. Wilders is gjin opsje. Dus ik bin fan ôf hjoed sweevjend. Koot en Bie ha der in masterwurkje oer makke. De tegenpartij. Mar is dy der noch wol?

En wêrom moat dizze Fryske skriuwer dan sa nedich op de Tegenpartij stimme? No, se meitsje de sjek wer djoerder. Dat is yts dat daliks by de pomp sichtber is. En dêr bin ik it net mei iens, dus sykje ik de tegenpartij. It soe wolris op stront útdraaie kinne, dy stimmerij. Neffens my binne al dy stoef smokende politisy it oer ien ding allegearre iens, sjek moat djoerder. Ik wit it dus net mear.  Help!!!




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen