Posts

Posts uit juni, 2018 tonen

Reklame

Afbeelding
Wat in ergernis is, hoe ik jim net te fertellen. De measte minsken ergerje harren op regelmjittige basis wol ergens oan. Dêr ergerje oaren harren dan wer oan en sa ha je samar stof foar in top tsien oan ergernissen. Yn de iere simmer is dit in weromkommend fenomeen. Ha we op de ein fan it jier te krijen mei muzyklistjes en oersjoggen fan it jier dat sawat efter ús leit, om dizze tiid hinne komme de ergernissen op it aljemint. No, it blykt dat wy ús hjir yn Nederlân allemachtich ergerje kinne. Leafst oan de meast nutleaze saken, want dan hâlde je praat. Dizze wike wie it ferkear oan bar. De bekende saken kamen foarby. Bumperkleve, te hurd ride, links riden bliuwe op de sneldyk, ride mei drank op of sa stoned as in knyn achter it stjoer krûpe en drompels yn de dyk. Samar wat foarbylden. No ha ik dêr wol wat myn betinkingen by. Bumperkleve bygelyks. Dat fenomeen docht him foar as de klever wat hurder wol as syn foargonger. Dy soe ynstee fan him daliks te ergerjen ek even nei