Posts

Posts uit april, 2013 tonen

Love and pride, Willem is King

Afbeelding
Op dizze moaie dei gjin lekskoaierij, gemiter oer taal, flauwekul oer balskoppen en oar ûnnocht. Nee, in dei as dizze fertsjinnet in posityf lûd. Niis ha wy in stik skiednis ôfsletten. Beatrix is net mear, lang libje Willem en syn frou. It moat my fan it hert, dy Maxima is in kreas frommes. De enerzjy spat der ôf, it soe samar in wâldpyk wêze kinne. En no net daliks eamelje, dy froulju dêr op 'e klaai, jim binne no ienris wat dreger, kinne jim ek neat oan dwaan. Willem is kening, mar Maxima strielet love and pride út. Och, wat in moai brechje nei in waardeloas nûmer... Moaie dei tawinske.

Beropsfriezen ride Benz

Afbeelding
Sa. Dit is him dan. Sjoch, ôfrûne wike krigen wy as Friese Pers Boekerij skriuwers it oersjoch fan de ferkeap fan ús boeken. No hie ik dêr yn 't foar al in tige goed gefoel oer. Op Facebook die wol bliken dat oare Fryske skriuwers ek út de skroeven wienen oer de ferkeapsifers. Ik ha doe mar in opsje naam op in nije Benz. It each wol ek wat, no? In slach troch de showroom, klompen oan en in suterige jas mei in fize broek. Dy ferkeapers woenen my der wol út sjen. Mar wij laten ons niet verhoedoeken, doe't nei in kertier immen mei in kniper op 'e noas op my takaam en mei hege stim frege wat ik dêr moast, sei ik: 'Doch my dy grize mar.' Ha jo noch nea immen sa fluch feroarjen sjoen. Oft ik ek kofje woe en sa mear. Ik sei: 'Nee, der moatte noch wat Drachtsters bedobbe wurde, dus dy kofje dogge we in oare kear mar.' Marreh... Mei jim him wat lije? In wûnder, hear. De rutewiskers begjinne út harren sels, de ljochten knippe oan en ik koe de hânremme net fi

Robert Veenstra, mea culpa of jokkebrok?

Afbeelding
It ekskús fan Robert Veenstra De safolste episoade yn de soap SC Hearrenfean. Heal Fryslân raasde juster op de sosjale media en de Omroppen en kranten: Ekskús fan Robert Veenstra!!!! O, tocht ik. Dat wol ik dan wol efkes sjen. It duorre net lang, doe’t it dokumint dat dizze opskuor feroarsake, online stie. En ja hear, opnij is it it min komponearre, mei Frysk-bloed-tsjoch-op logo’s fersmoarge stikje tekst. Is it net sa dat Veenstra út it ûnderwiis komt? Hoe dan ek, de rige min skreaune publikaasjes wurdt langer en langer. Ik ha it briefke efkes lêzen. In koarte gearfetting: 1: Sorry as jim miene opsternaat wêze te moatten oer in kollum. Sels witte, wy nimme der net in wurd fan wer werom. 2: Wir haben es nicht gewusst.    3: De earefoarsitter is noch net benadere foar in petear, as de boel wat saksearret sil dat ek net barre. Mei groetnis, Robert Veenstra En dit wurdt as in ekskús besjoen? De OSSH, Aktie 67, Nieuw Noord en Feanfan lizze harren hji

Strafmjitte

Afbeelding
Wat ik my ôffreegje by it lêzen fan sa'n berjocht is, hoe't de âlders fan sa'n bern de hichte fan de straf fan Jasper S. besjogge. En oft se de yndruk krije dat yn it harren oangeande gefal moard 'met voorbedachte rade' net ta de útspraak laat hat dy't se  graach wollen hienen. Omdat de dieders te jong wienen. Mar wol âld genôch om yn't foar te betinken dat se har telefoan stelle woenen, har dêrnei ferkrêftsje en om hals te bringe woenen. Ik wit wol dat der TBS efteroan komt, mar ien jier? Omdat de hufterkes te jong wienen? Soks is dreech te akseptearjen foar de âlders fan Sehriban, kin ik my samar yntinke.  

For old times sake

UK Top 100 Hits of 1977 1977-001 Abba - Knowing Me, Knowing You.mp3 3.7MB [4:04] 1977-002 David Soul - Don't Give Up On Us.mp3 3.3MB [3:37] 1977-003 Wings - Girl's School.mp3 1.8MB [4:36] 1977-003 Wings - Mull Of Kintyre.mp3 4.3MB [4:43] 1977-004 Elvis Presley - Way Down.mp3 2.4MB [2:37] 1977-005 Rod Stewart - First Cut Is The Deepest.mp3 8.3MB [4:31] 1977-005 Rod Stewart - I Don't Want To Talk About It.mp3 4.4MB [4:50] 1977-006 David Soul - Silver Lady.mp3 3.4MB [3:40] 1977-007 Julie Covington - Don't Cry For Me Argentina.mp3 5.0MB [5:25] 1977-008 Donna Summer - I Feel Love.mp3 3.5MB [3:47] 1977-009 Brotherhood Of Man - Angelo.mp3 3.0MB [3:18] 1977-010 Leo Sayer - When I Need You.mp3 3.8MB [4:10] 1977-011 The Manhattan Transfer - Chanson D'Amour.mp3 2.7MB [2:53] 1977-012 Hot Chocolate - So You Win Again.mp3 4.1MB [4:30]

Korrupt Fryslân

Ha jim dat wolris? Dat de fingers jo jokje om ien en oar op 'papier' te setten dat jo lêzers de kâns jout om ôf te weven mei alle leagens en om de kant lulle dat guon minsken dogge? Dat je witte hoe't it sit, wa't trijedûbel fel foar de kop hat en wa't de lekkens útdielt? Dat je foar in grut part yn it snotsje krije hoe't de iene by de oare yn de houtgreep leit en der neat oan dwaan kin omdat er oars smoare sil, wylst dyselde him nei bûten ta as tige populêr en betûft oppenearret mar eins op stjerren nei dea is? Dat de wierheid efter djoere auto's, hûzen, netwurken, bûten de doar neuke, strakke pakken, elts jier in fette bonus, ûneindich hege trakteminten, mei in sleat drank op rêstich yn de auto stappe, minsken moedwillich mei de grûn lyk meitsje, guon de grûn yn skriuwe dêr't je jierrenlang fan fretten ha, mei in glim op it gesicht in fergadering yn stappe dêr't jo de útkomst yn jo foardiel al fan witte, de hiele boel manipulearje kinne omdat

Razende reporter op 'n paad

Afbeelding
Nei in winterlang stilstean, hat jo razende reporter hjoed foar it earst wer twatsjillich meganysk op 'n paad west. Op syn Puch maxi, yn syn karakteristike tige ûnopfallende outfit, weage er him hjoed efkes op 's Heeren wegen om te sjen oft der noch nijs wie. Dat er dêr in noas foar hat docht wol bliken, amper in kertier letter wie er as earste by in ûngemak op de Veenhoop en hat dit foar jim op de gefoelige plaat fêstlein.  

Junkpost

Dei 17. Noch altyd winterwaar. Min fiif om healwei achten, as it hast ljocht wurdt sakket it kwik in graad. Ik fiel daliks de stres wer. In kombinaasje fan net skriuwe kinne oan myn nije roman, en it feit dat de auto it grif net dwaan sil. Lokkich is der kofje yn de wrâld. Myn plannen foar hjoed binne net helder. It leafst stuts ik in peuk op, mar ik ha gjin shag yn ’e hûs. Dat wie in goed beslút, ynearsten tocht ik dat ik gek wurde soe as ik alles fuortsmiet, mar krekt it feit dat it der noch wie blykte in wichtige oarsaak fan myn drang nei in sigaret. No hoech ik net mear te fjochtsjen tsjin it beetpakken fan it pakje tabak en fluch ien te draaien, it pakje is troch de frou yn de kontener mitere en de gemeente hat him lege. Gjin kâns op. De bakker sil ek wol tinke dat ik de Javaanse Jongens earne oars weihelje. Ornaris trije kear yn de wike stapte ik de nei bôle rûkende winkel binnen, lei seis euro en tweintich sinten op de toanbank en buorfrou, dy’t middeis bakkers

Koppensnellers yn literêr Fryslân: 'Denk aan de stuit!'

Mei ik efkes jim oandacht foar de koppen op side 8 en 9 yn de LC fan hjoed? Ik sil se allegearre opskriuwe. It is de bûtenlânside, of wol buitenland. Net oerdriuwe mei dat Frysk... Hawar, hjir komme se. Tweede verdachte verkrachting kleuter Doden bij schietpartijen Rusland en de VS Zeker 185 doden bij gevechten in Nigeria Broers wilden meer aanslagen plegen Bloedbad onder burgers in voorstad van Damascus 'Etnische zuiveringen in Birma' Serviers Kosovo tegen akkoord Bedreigingen om homohuwelijk Tabaksmagnaat leider Paraguay 'Aanslag Canada voorkomen' Taliban gijzelen bemanning heli Wat in pear siden, sis. It ûntbrekt der noch oan dat de Veiligheidsraad in spoedzitting gearkomt oangeande de reboelje oer in waardeloas lietsje hjir yn het koninkrijk der lage landen. Net ien fleurich berjocht. Djip tryst. It is net oars, mar fierwei de measte koppen ha te krijen mei leauwen yn eat. Leauwe dat homo's net doge, leauwe dat nimmen doocht útsein ekstreme mosli

Mei Doekle op de bank? Dacht het niet!!!

Afbeelding
Wy ha gjin fersekeringen rinnen by Achmea. Dochs fûn ik it wol tige nijsgjirrich dat se Bill Clinton nei Fryslân hellen. Wat er sei, no ja, klear. De konvinsje fan Achlum op 28 maaie 2011 wie wol bysûnder. Achmea jout der in ferfolch oan troch yn Ljouwert hûskeamerpetearen te organisearjen. Op himsels wol nijsgjirrich. Mar dan komt it, want wa giet no frijwillich yn in keamer sitten om nei Doekle Terpstra te harkjen? Ik yn elts gefal net.

Preek foar ateïsten. Of foar rockleafhawwers.

Afbeelding

Halbe Zijlstra, de nije Jezus

Afbeelding
Blinder, Boarnburgum yn it nijs. Yn it ramt fan de wiksel fan de wacht yn keningskringen hat de gemeente Smellingerlân ta de beurs west en Bombats in beam tasein. De linebeam komt by it doarpshûs. Klear, ik sil der net in dei minder om sliepe, it is my wol goed. Lit ik der helder yn wêze, ik bin foar ús keningshûs. Dit omdat it as úthingboerd nei lannen dêr't wy hannel mei dogge seis kear troch de wike en twa kear op snein better oerkomt as de foarbygongers yn de Twadde Keamer. Jim kinne jim grif de bylden fan Balkenende yn The Oval Office noch foar de geast krije. Beskamsum. Dêr hie Beatrix op in weardiger wize mei rêden. Mark Rutte op besite krije levert grif net folle oarders op, of it soenen tsjakkaaa popkes út Taiwan wêze moatte. Dat dy lju yn de Twadde Keamer lêst ha fan megalomaan gedrach, totaal sûnder selskrityk, wurdt op treflike wize troch in Fries etalearre. Halbe Zijlstra, ús Halbe, is no al sa'n ein omheech fallen, dat er mient dat we ien fan de pylders

In wan op 'e bealch moat er ha, dy blaukop!

Afbeelding
Wy ha in laurierpôle yn de tún. Dy dingen waakse hurd, dat ik ha him in wike lyn aardich neisjoen. Jo kinne der no trochhinne sjen, mar neffens minsken dy't der ferstân fan ha, is dat samar wer oer. Sa'n laurierpôle is in wrâld op himsels, wy ha út de keuken wei in moai oersjoch fan wat him dêr allegearre ôfspilet. Juster en hjoed seagen de frou en ik in staaltsje fan gemien gedrach dat ik jim net ûnthâlde wol. Us beide katten, Swartsje en Igor, de reade boarre, lizze meastal op de tafel op it terras te slûgjen, sy folgje de ûntwikkelings wol, mar binne net botte aktyf as de sinne skynt. Nee, de terreur komt út in oare hoeke, ien dêr´t je dat net daliks fan ferwachtsje soenen. De hiemklyster briedt al in oantal jierren ôfwikseljend yn de klimhortinsje tsjin de muorre en de laurierpôle. Dit jier is de laurier wer oan bar. Dus drok, drok. Tôgje mei mos, (dêrom is it net slim as der mos yn it gazon sit, de fûgels brûke it!) fearkes, stikken plestik, jo ha gjin idee hokker troe

Calimerogedrach fan Sietse de Vries

Twitterje is as prate: de kwaliteit moat it belije. Dat binne de lêste wurden fan de kollum fan Pieter de Groot, dy't hjoed yn de LC stiet. Sietse de Vries docht it in pear siden earder yn it Nederlânsk. Hy seit dat it Frysk foar it gewoane folk is en dat 'zij die boven ons gesteld zijn' oer it generaal Hollânsk prate. Dat wie yn 1960 op ´e Tynje ek al sa. Hy keppelet der ek daliks mar oan fêst dat it feit dat se op it plak sitte dêr't se sitte is, omdat se grif mear kwaliteit ha. De domme Friezen meie harren kofje ynjitte. De Vries seit: We mogen er dus vanuit gaan dat in de meeste gevallen de beste man of vrouw op de directeursstoel terrechtkomt. Mei oare wurden: Hjir yn Fryslân soe gjin frou Bak omrinne dy´t Frysk praat? Calimero gedrach. Typysk Frysk eigen. Sjoch ris om jim hinne. Rûnom sitte Friezen op topfunksjes yn it bedriuwslibben, binne wethâlder yn wit ik wêr, mar dat wit hast net ien, omdat se yn dy funksjes it Frysk net brûke kinne. Mar it wol net siz

Oppakt yn de waskstrjitte

Afbeelding
Twitterterreur in Drachten   Friese schrijver aangehouden Drachten . En opnieuw ging het mis met de redelijk onbekende Friese schrijver F. de J. uit het kerkdorpje Boornbergum. Alerte dienders betrapten deze eerste klas recidivist toen hij stiekem foto’s maakte van een stilstaand politiebusje. Woordvoerder Wouter van der Meer zuchtte diep toen hij voor de zoveelste keer aan de pers uit moest leggen wat De J. nu weer had uitgespookt. ‘Fannemoarn betiid krigen wy al sinjalen dat der eat net doogde, op Omrop Fryslân gie it oer in twitteraksje of sokssawat, dat wy seinen al, De J. sil hjoed wol wer it nijs helje wolle. En krekt sa’t it wie. Us WWW-ekspert krige sa´n bombardemint fan Frysktalige tweets fan dizze draaidoarkrimineel te ferwurkjen, dat in hynder der de hik fan krijt. It gie echt mis doe’t er foto’s makke fan in kollega dy’t syn bus efkes skjin meitsje litte woe. Hy sei dat er dy op twitter sette woe, soks kin fansels net, no?’ Later op de ochtend spr

#Frysk

Afbeelding
Boarnburgum, healwei achten. 

Johan Derksen siet yn Deep Purple!!!

Afbeelding
Hoe faak ik it album al beharke ha, it komt net sa krekt. Mar nea earder sjoen dat Johan Derksen yn Deep Purple siet!!! Sjoch mar ris goed, dy boef yn de midden.  

Totilas

Afbeelding
Moai is soks. Sa no en dan komt it foar, in spesjale bân tusken in bist en in minske. Jim sille it grif ris hân ha of by in oar sjoen. Bygelyks dat in kat altyd by deselde op skoat hipt, in hûn dy't him pas deljaan wol as de baas der is. Dêr hat jild nea mei te krijen. Der wie ris in hynder. It bist blykte tige goed te wêzen yn de dressuer. Sa goed, dat doe't ik him de earste kear op TV seach, de mûle my iepen foel. Wat in pracht bist, it like him sa maklik ôf te gean. En wrâldferneamd wurde wie mar in kwestje fan tiid. Totilas hjit it bist. Hy is fan it jier 2000 en is hjir yn Fryslân fokt, de heit is Gribaldi, mem hjit Lominka. Edward Gal wie oant 2010 ta syn fêste berider. En dy beide hienen in klik, sa't se dat sizze. Fansels hat it in berch tiid en oefenjen koste om de hynst op it nivo te krijen dêr't er yn 2009 in rekôr oan punten mei byelkoar rûn, mar it like of boarte Gal der mei. 8000 euro dekjild fregen de eigners foar it sied fan de wrâldtopper. E