Posts

Posts uit augustus, 2011 tonen

Sa dus

Afbeelding

Punt Fryslân, punt Friesland en punt FRL

It kolleezje fan deputearre steaten fielt der neat foar om foar sawat 130.000 euro de ynternet-ekstinsje punt-fryslân fêst te lizzen. De steatefraksje fan D66 hie dêrom frege. De provinsje wurket wol drok oan punt-frl achter it ynternetadres. Ut ûndersyk ûnder goed 1100 bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân docht bliken dat 59 prosint foar punt-frl is, 12 prosint foar punt-friesland en 9 prosint foar punt-fryslân. Aldus de Omrop. Der binne in pear dingen dy't my opfalle yn dit berjocht. Yn it foarste plak: Sûnt wannear is D66 sa foar it Frysk? Dêr ha ik earder net folle fan murken, mar dat kin oan my lizze. Twadde is, dat fan de trije opsjes .friesland .fryslân en .frl, de earste daliks it jiskefet yn kin. De provinsje hjit Fryslân en net Friesland, alhoewol guon westersk orientearre bedriuwen dêr net oan wolle. Sille wol kommersjeel tinke mei in Nederlânsk sprekkende manager, dy't hjir oars net docht as syn jild opstrike. Hawar, sels mar witte. .fryslân stiet wol moai, en

Moai waar

It is wol wat sneu, mar we binne wer thús. Sneu omdat ik daliks in tongerbui op de kop krige, en fan skrik it himd mar wer oandien ha. Dat wie de ôfrûne wike oars net nedich. Hearlik simmerwaar hân. Ien kear sieten we nachts steilrjochtoerein op bêd, in klap tonger sa hurd hie ik him komselden heard. Dus ha we doe mar fan it gratis fjoerwurk geniete, en dat wie de muoite wurdich. Fierders in knap oantal kilometers fan de Amstel Goldrace neiplúze. Net op de fyts fansels, jo ha fakânsje, en dêr is alles mei sein. Dy Keutenberg is oan it begjin 22%, dêr wol ik echt net tsjinop wrotte. Dus de Matshubashi hie gjin fakânsje. Hie er mar gjin auto wurde moatten. Ha we der noch wat fan opstutsen? Ja, dy Limburgers binne fansels sa ticht as in pot. Neat gjin gastfrij folk, mar dat wisten we al. Hoecht ek net, sels witte. En se betinke dêr frjemde regels. Fraach oan jim: wat is it kritearium om swimme te meien? In diploma miskien? Nee, dêr't wy wienen net. 13 jier, oars mochten je der net

Krisis?

As alles en eltsenien yn de finansjele wrâld wer by sûpe en wit ik wat kaam is: Bliuwt in soad itselde. Binne we noch altyd gjin ien Europa. Sille de prizen omheech gean. Bliuwe der bonusjeiers. Kriget Jan Kees de Jager in topbaan by it IMF. Moat der mear belesting betelle wurde. Wurdt it jild net by de heechste ynkommens weihelle. Is beursjild krekt monopolyboartersguod. Is der noch altyd in voedselbank nedich. Moatte we ús dus noch altyd skamje. En dogge dat oer it generaal net...

Twa hûneferhalen by de Omrop

Ferhaal dat de TV hellet: Stel is mei boat en hûn op fakânsje. Hûn mei graach swimme, en docht dat. Baaskes ha it te drok, wêrmei wurdt net dúdlik, en ferlieze domme hûn út it each. Hûn wurdt nei asyl brocht en ze leefden nog lang en gelukkig. Ferhaal dat de TV net hellet: Hûn sit yn tún. Docht er wol faker. Op de buert binne twa fjochthûnen foar de safolste kear útpykt. Fjochthûnen helje lyts hûntsje út tún, pakke stom bist by de kiel, skodzje in kear as wat, hûntsje dea. En ze leefden al lang niet gelukkig. Hokker fan dizze twa ferhalen soe it nijs by de Omrop TV helje moatte? Yn dit gefal hat de Omrop net keazen foar de útdaging, mar foar de soap. It Jan Smit gefoel. Alles is lokkich wer goed kaam, mei in fette glim op it gesicht fan de presintatrise. Komkommertiid TV. Net te dreech. Mar as no dy hûnen yn de Westereen in bern deselde behanneling jûn hienen as dat hûntsje? Hie foar itselde kinnen. Lit my gjin oardiel jaan oer baaskes, dat ha ik wol, mar nei jierren wenjen njonk

René van der Gijp: "Zelfs Bassie en Adriaan maken Bas Dost beter" (Voetb...

Afbeelding
Need I say more?

Langst nei guozzen

It is in hearlike foarm fan mankelyk wêze. Goed oardel wike nei it skûtsjesilen in rûntsje Feanhoop, op de brommer (sûnder helm). Riede hoefolle minsken ik tsjinkaam bin? Krekt. Net ien. De Wiide Ie wie leech fan boaten, en ik hie wol in trui mear oan ha mocht. Simmerguozzen, in stik as wat earrebarren en in dwaas op in Puch. De printen fan de rydplaten steane djip yn it fean, en rûnom stiet de saak splis. It grien is al sa grien net mear, mei oare wurden, de hjerst is kommendewei. Der sille grif noch in pear knappe wiken komme, mar op in dei as hjoed sjoch ik stikem al ris nei de loft. Der sil dochs net... Noch in oardel moanne wachtsje, dan binne se der wol hast wer. Ik sjoch der nei út. Lit se mar komme, dy guozzen.

see the light Jeff healey & dr john & marcus miller & steve jordan

Afbeelding
En hy wie blyn!!!!

Beksmit

Twa kear yn it jier moatte je nei de toskedokter. Juster wie it wer safier. Nei it healoerke útrinnen koe de kontrôle plakfine. No knapte my lêstendeis in stik fan in kies ôf, sadat ik of in heal stikje kaugom of in heale baarch bewarje koe. Maklik, hear, ha je wat foar ûnderweis. Mar it moast dochs wer wat byholpen wurde. Soks is net mooglik op it stuit dat je dêr binne, dêr moat in nije ôfspraak foar makke wurde. Machtspolityk fan dy kringen. Hawar, ik der in stik yn omlige, fuort mei fakânsje en sa mear, dus doe koe it de oare deis al. Earst ferdôvje, ja ik bin in suertsje, en doe moast dat earst ynwurkje. No, dat kaam goed fan pas, koe de assistinte earst moai de kalk, tabak en kofjebrot úthimmelje. Doe kaam de beul wer troch de doar. Yn fiif minuten waard de kies klear makke foar in nije wite komposyt-look. No komt it, ha jimme wolris fielt hoe'n grut gat der dan yn sa'n kies sit? Ik sei tsjin de keardel, dêr kin hast in kroadefol yn. Hy seach de assistinte oan, en d

If there's a bustle in your hedgerow

'If there's a bustle in your hedgerow.' Je moatte knap oan de pretsigaar sitten ha om soks op papier te setten. Mar dêr wienen de mannen fan Led Zeppelin dan ek net fiis fan. Wol yntrigearjend, dizze sin. As je it rûchwei oersette yn it Frysk wurdt it: 'As der drokte yn dyn hage is.' No is der by ús net folle drokte yn de hage. Hoe oars is dat in eintsje fierderop, om it hôf hinne. Dat is in stikje natuer op himsels. Mei klysters, dowen, stikelbargen en wit ik wat mear. It is de tiid net foar drokte yn de hage. Al hoe't de media har bêst ek docht. It liket wol oft yn de simmer nare dingen minder trochkomme. Fleantúch delstoarten, selsmoardbommen, rellen yn Tottenham en net te ferjitten de driigjende sabeare jildpine. It soe wat. Dat der in keatser is dy't út in partoer mitere wurdt is grutter nijs dan Wallstreet, de Nikkei en de AEX byelkoar. En dat is mar goed ek. Je soenen der stapelidioat fan wurde. Ik fyn it echt ûnbegryplik dat de beurs safolle y

Wytzuuuuh

Afbeelding
Der wurdt noch keunst makke yn Fryslân! Geweldich!

Frysk Folksliet Heerenveen-Sparta 2009

Afbeelding
Omdat dy slûge lju yn de radiokeamer sneon net by steat wienen om in bân yn te starten, sjoch goed, ik lit jimme noch ien kear sjen hoe't je soks dwaan moatte. Live, mei in orkest of koar dat ek noch de goede toanhichte sjongt of spilet. It muoit my dat we de SC alles nochris útlizze moatte, der is yn oardel jier in soad ferjitten, sa't it skynt. Hawar, we binne de beroerdsten net op de easttribune, dus toe dan mar. O, ja! Ik soe it hast ferjitte, by it opkommen graach wat oars as kening fuotbal. Yn it foarste plak is dat midsieuwsk, en it liket my dat de hearen wol wat mear piper yn de kont ha meie. Ik soe sizze: Hamanaras fan Reboelje, en net te sunich. Der is gjin minske dy't wit wêr't dat nûmer oer giet, dus dat past moai by it spul en de trêner fan hjoed-de-dei. As Marius Hamanaras no efkes op Youtube set, sil ik it jimme hearre litte. We moatte ús oan de regels hâlde, no?

Pinguïn

Arnold Kruiswijk is de nije oanfierder fan Sportklup Hearrenfean. Kruiswijk spile sneon tsjin NEC mei de oanfierdersbân om. De ôfrûne jierren wie meastentiids Michel Breuer de oanfierder. Neffens trainer Ron Jans wie de technyske stêf unanym yn 'e kar om Kruiswijk as oanfierder oan te stellen. Jans wol in sinjaal ôfjaan om de 'minder oanwêzige spilers' in belangrikere rol te jaan. Viktor Elm is de twadde oanfierder. (Omrop Fryslân) No, dat witte dan ek mar. De wegen fan Ron Jans binne net te folgjen. In oanfierder is de lieder fan in team. Immen dy't de bek yn beide hannen hat en tsjin syn ploeggenoaten seit wat se dwaan moatte, hoe't se stean moatte en foaral wêr't se net stean moatte as it spannend wurdt. In man mei charisma. Kruiswijk en Elm binne alles behalve dat. Breuer ek net, mar dy docht teminsten wat er dwaan moat. Juster wie er de bêste man yn de ferdigening. 'Minder oanwêzige spilers in belangriker rol jaan', snappe jimme it noch? Sa wurd

Konflikt

Hjoed wienen we by it silen yn Langwar. Moaie striid. Mar fia de Omrop kaam ik der efter dat der mear striid is yn it oars sa rêstige doarpke. Linebeammen. Ja, it is wat. De rintmasters binne bang dat der in beam op it Godshûs falle sil. En doarpsbelang fynt it totale byld wichtiger. Spul. Net bêst, de messen steane yn de picknicktafel. In sitaat fan doarpsbelang: '...der is mar ien dy't soks beoardielje kin, en dat is de gemeente.' Ein sitaat. En dêr wurd ik dus mislik fan. Wêr is it boereferstân bleaun? It sil net sa wêze, mar stel no dat dy rintmaster neist frijwillich bestjoerder beamsjirurch is? Hat er der dan ek gjin ferstân fan? Nee, seit doarpsbelang. Allinnich de gemeente, want dy moat ek de kaapfergunning ôfjaan. Dus ha dy lju der ferstân fan. Lou loene. It komt my foar as in steriotyp gefal fan: Sy binne boppe ús steld, dus sy witte it. No, bêste man fan doarpsbelang Langwar, dat is net altyd wier, hear. Of binne jo miskien... nee, dat is populistysk, dat mei

Wêr ha jo hinne west?

'Wannear sille jim fuort?' 'Wy gean net op fakânsje.' 'O.' En dan is it praat faaks oer. It liket dat minsken dy't om hokker reden dan ek net in wike as wat op 'n paad binne der net by hearre. By de bakker, kapper, krante en op de Omrop, oeral is it in wichtich ûnderwerp dizze dagen. It waar en wêr geane we hinne. Ik kin my foarstelle dat der folk is dat net perfoarst fuort wol. (of kin) In moai hûs oan it wetter, in skouke foar de doar, wat sille je te befleanen? Krekt in oar hûs, fervje en behingje, neat mis mei. Gjin sinten, ek in probleem fan dizze tiid. Mar it is oft de konkurrinsjestriid net mear ophâld mei hokker auto op de oprit stiet. Nee, der moat reizge wurde, leafst sa fier as it kin. En dan sa tusken de bedriuwen troch efkes fiele litte dat 'wy' wol in ein fuort west ha. Mei strieminne skythuzen, amper wetter út de dûs, en alle dagen boppe de tritich graden, sadat je fan lamlendigens net witte wat je dwaan sille. Mar we binne wo

De jiskewein is uitgezwaaid

Afbeelding
Mijn vrouw is uitgenaaid blykt in grut sukses te wêzen. In boek: Voor Friezen die het lastig vinden om zich in het Nederlands te uiten. Soks sit yn alle lagen, sels betinkers fan ferkearsboerden ha der lêst fan. Foaral yn Smellingerlân (sis mar net Drachten) is in prachtich foarbyld. Swaaie nei de jiskewein op tiisdei. Omdat dêr eltse wike in smite folk op ôf komt, ha se in parkearferbod betocht. Jo moatte jo ferantwurdlikheid wol nimme, no?