Moai waar

It is wol wat sneu, mar we binne wer thús. Sneu omdat ik daliks in tongerbui op de kop krige, en fan skrik it himd mar wer oandien ha. Dat wie de ôfrûne wike oars net nedich. Hearlik simmerwaar hân. Ien kear sieten we nachts steilrjochtoerein op bêd, in klap tonger sa hurd hie ik him komselden heard. Dus ha we doe mar fan it gratis fjoerwurk geniete, en dat wie de muoite wurdich.
Fierders in knap oantal kilometers fan de Amstel Goldrace neiplúze. Net op de fyts fansels, jo ha fakânsje, en dêr is alles mei sein. Dy Keutenberg is oan it begjin 22%, dêr wol ik echt net tsjinop wrotte. Dus de Matshubashi hie gjin fakânsje. Hie er mar gjin auto wurde moatten.
Ha we der noch wat fan opstutsen? Ja, dy Limburgers binne fansels sa ticht as in pot. Neat gjin gastfrij folk, mar dat wisten we al. Hoecht ek net, sels witte.
En se betinke dêr frjemde regels. Fraach oan jim: wat is it kritearium om swimme te meien? In diploma miskien? Nee, dêr't wy wienen net. 13 jier, oars mochten je der net sûnder tafersjoch ynplompe. As je 25 jier lang gjin diploma helje koenen? Gjin probleem, fersûp mar, do hast de leeftyd. Nuvere skytmerakels. Ha we dy bern dêrom op swimles dien? Wy ha ek frij, en ik wol net de godgânske tiid yn dy chloorwalm sitte mei in âld Libelle.
Goed, oars ek noch wol ien en oar om oer te skriuwen, mar dêr wol ik noch efkes oer neitinke.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen