Links en rjochts

 

Links en rjochts

 

Stadichoan begjin ik my mateleas te ergerjen oan it lân dêr’t wy yn wenje. It lân dêr’t wy alle dagen de foardielen fan in folsleine demokrasy fiere meie, yn relative frijheid. Dat relative kom ik daliks op werom.

Sûnt de lêste twa ferkiezings wêryn’t de kiezer in helder antwurd jûn hat op wat se feroare ha wolle, yn alle tinkbere demokratyske frijheid fan it stimhokje, lit it lân him fan syn naarste kant sjen. It alâlde adagium fan it links en rjochts tinken en wêzen hat yn jierren net sa skerp west. Teminsten, dat wolle de politike brallers en razende media/kranten ús leauwe litte.

 

Mar is dat wol sa? Ik bin nammentlik slim yn betizing. Dat wol ik graach mei in oantal foarbylden taljochtsje.

 

Ik bin pasifist. Anty oarloch. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat wy goede soarch ha en hâlde. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat de âlderein net troch in robot, mar troch in persoan fersoarge wurdt. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat wy sûn ite, leafst produkten fan eigen boaiem. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat it winters winter is. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat politisy nei it elektoraat harkje en dêr belied op meitsje. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat bern goed lêze en skriuwe kinne. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat de asylproblematyk op in humane wize oanpakt wurdt. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat wy yn de Rânestêd begryp foar rurale saken ha en oarsom ek. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat oeral yn Fryslân Frysk praten wurde mei. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat boeren buorkje kinne en in protte greidefûgels yn it lân. Bin ik dan links of rjochts?

Ik wol graach dat wy op in fatsoenlike wize nei duorsum regissearre wurde omdat de fossile boarnen op de duer op reitsje. Bin ik dan links of rjochts?

 

Sa kin ik noch wol even trochgean. Yn it ekstreem polarisearre klimaat wêryn’t Nederlân/Europa op dit stuit wrakselt en partijen elkoar foar ferrotte fisk útmeitsje, bin ik dan links of rjochts, as ik mei boppesteande punten iens bin? Of is elts woltinkend minske it dêr mei iens? Lizze de stânpunten echt safier út elkoar of giet it om hiele oare belangen? De âlde belangen fan jild en er foaral macht, sa as troch de skiednis hinne?

 

Ik doch hjirby in oprop oan (Fryske) kranten, media, politisy en opinymakkers om op te hâlden mei dizze sinleaze wei. It sil it lân net helpe, de demokrasy is mei dy brij fan soere stikken echt net holpen. En links en rjochts tinken is echt freeslik âlderwetsk, sjoch mar nei boppesteande punten. Brek dy ferdomde politike/mediale bubbels ôf en doch jim eigen eagen wer iepen. Links en rjochts bestiet net echt. Dat tinke jim en libje dêr neffens, omdat it jim alle dagen yndruid wurdt. Dat is dy relative frijheid. Troch dat domme links en rjocht tinken, binne jim net sa frij as dat jim wêze koenen.

 

 

Reacties

  1. Neffens mij is de democratie oan ein fan siin bestean. Fer is ien noadig die ot de romte krijt om te sizzen sa dooge we en net oars. Elts en ien moat dan folgje, voor en tsjinstanners..
    Dat is democratie en net dat oeneinige geauwehoer, troch pakke, oars giet alles nei de bliksem!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Tsja mien dei begon al goed en no leas ik disse blog..en ja sa soe it allejer in soad mooier wease op use wrald..wie ha de measte kranten oane kant lein en de televisie de door ut dien en it is in stik mooier wurden ..al sjuche we wol wot der geande is en troch meielkoar ien ferbiening bliewe en ien gesprek don stjinne we net sa tsjin oerelkoar.....Tanke Ferdinand

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Wat fynst hjir fan? https://x.com/terjehelland/status/1824192938152268014

    BeantwoordenVerwijderen
  4. It falt eins wol ta mei polarisaasje yn Nederlân. https://www.tilburguniversity.edu/nl/magazine/overzicht/het-valt-eigenlijk-wel-mee-met-polarisatie-nederland

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Russen