Posts

Posts uit januari, 2022 tonen

Gemeente Heerenveen moat hotel Tjaarda stypje en Van der Valk keare.

Afbeelding
  'De Heerenveense ziekte'    As berne Oranjewâldster (Brongergea) moat my it folgjende dochs even fan it hert. De earste rûchwei 23 jier fan myn libben ha ik mei eigen eagen sjoen hoe’t in doarp feroarje kin. Oan de Marijkemuoiwei allinnich al buorken fiif boeren, plus dat der fjouwer hynstebedriuwen wienen. De boeren binne al jierren út It Wâld ferdwûn, de pleatsen binne ôfbrutsen of feroare yn wenbuorkerijen. Geandewei is Oranjewâld troch de gemeente Heerenveen omtovere yn in ‘autoluw wandelpark’ dêr’t se je wol fan de dyk sjen wolle as je der tafallich al even delride moatte. De siel fan it doarp is totaal feroare. Je sille dêr mar ûndernimmer wêze.   Golden Tulip Tjaarda Dizze wike diene eigner Klaas de Leeuw en eksploitant Tjitte de Wolff fan it romrofte hotel Tjaarda fia wurdfierder Jan Kamminga yn net mis te fersteane wurden in oprop om it Van der Valk hotel dat by de yngong fan Skoatterwâld op priemmen stiet, op te kearen. Dat liket ynearsten in frijwat egoïsty