Posts

Posts uit juni, 2021 tonen

Water under the bridge yn 2030

Afbeelding
    It jier 2030 liket yn de eagen fan in soad planmakkers in hillich jier. Foar it gefoel is der noch in wrâld oan tiid om de meast ideologyske fiersichten te betinken, út te wurkjen en te realisearjen.   Dat is net sa. 2030 is by wize fan sprekken oaremoarn. Oer in pear moannen is it 2022, dus noch mar twa bestjoersperioaden en it is safier. De kliuw tusken de Rânestêd en de fly-over gebieten yn de rest fan Nederlân waard dizze wike wer in kear hiel skerp delsetten troch de Volkskrant. Dy krante dy’t yn al syn wiisheid al stoppe is mei it besprekken fan auto’s dy’t net elektrysk oandreaun binne. Ik freegje my wolris ôf oft se op de redaksje fan dy krante wol troch ha yn hokker tiidframe we dat sette moatte.   Foarbyld: In dei as wat lyn stie yn de krante dat der op grutte skeal fersmoarge benzine nei Afrika ferhannele wurdt. Omdat se dêr net sa nau sjogge as hjir. Dêr ride se noch fleurich mei út Europa eksportearre fersmoargjende auto’s dy’t hjir yn guon stêden net mear

Restauraasje WO771 yn Corona-tiid. De deskundige: 'Doe maar in de kachel'

Afbeelding
Corona-boat WO 771   It sil ergens yn de maitiid fan 2020 west ha. De wrâld stie op de kop troch de corona-perikelen en der drige in lockdown. Nimmen hie ea tocht dat in hiel lân sa yn de besnijing reitsje soe fan in firus út Sina. En der wienen noch wat saken dêr’t we yn de persoanlike sfear drok mei wienen, mar dat hoecht net eltsenien te witten. Wat wol relevant is: Minsken begûnen har nuver te gedragen. Guon dêr’t je it nea fan ferwachte hienen, mar dat heart der by, ha ik letter fan in ûnderfinings-deskundige leard. Yn minne tiden leare jo jo freonen kennen en dat blike der dan altyd folle minder te wêzen, wat op himsels gjin probleem is. De echten bliuwe oer, sis mar. Myn each foel op in Facebook berjocht fan myn neef Jan. Dy dielde in berjocht dêr’t in feiling yn oankundige waard. Fan in hiele soad âlde trekkers en dêroan besibbe artikels. No wenje wy sûnt in jier as wat op in plak dêr’t in âlde trekker net echt mear fan tapassing is, mar ik ha as jonge in soad trekkers

Goed nijs foar Fryslân!

Afbeelding
Mei de rêch nei bûten? Op 9 Juny 21 twittere it ministearje fan ynlânske saken dat se goed nijs hienen. Der is genôch kapasiteit om oant it jier 2030 goed 900.000 nije wenningen te bouwen. Op in kaartsje dat der by stie, wie goed te sjen wêr’t dy nijbou foaral plakfine sil. It sil jim net fernuverje dat it gros yn de Rânestêd realisearre wurde sil. Noard Hollân, Utert, Súd Hollân en Noord Brabân komme yn dizze berekkening allegearre boppe de 100.000 nije wenningen. It Noarden docht it in stik rêstiger, mar dat is te ferwachtsjen. Wêrom?   No, minsken binne foaral yn it earste plak gewoantebisten. As jo famylje al generaasjes yn in bepaalde hoeke fan it lân wennet, is de kâns grut dat de bern dêr ek settelje wolle. Gewoan, om ticht by freonen en kunde te wenjen. Neat frjemds oan. Der binne ek oaren, mar de macht fan de grutte getallen wiist dochs út dat in soad folk hechtet oan harren eigen, fertroude stikje wrâld. Minsken binne yn ’e regel net fan dy dryste ûndernimmers as it oer it
Afbeelding
  Softporno-polityk.   We moatte it even oer it wurd demisjonêr ha. Jim witte wol, dat is de steat dêr’t ús kabinet op dit stuit yn sit. Ik ha de betsjutting even foar jim opsocht, skrik net as jim it hearre. Een  minister  als individueel lid, of een  regering  als collectiviteit is demissionair indien deze niet langer het vertrouwen geniet van een meerderheid van de  wetgevende macht  en als gevolg hiervan haar ontslag heeft ingediend. Het gevolg hiervan is dat deze regering enkel nog de lopende zaken mag afhandelen en geen omstreden zaken mag behandelen. Mei oare wurden, in demisjonêr kabinet sit der inkel noch om, sa as se dat sizze, op de winkel te passen. Omdat der gjin fertrouwen mear yn harren is. No wit ik net oft jim de ôfrûne tiid de polityk noch wat folge ha, mar it kabinet ûnder oanfiering fan Mark Rutte strielet no net echt út dat se nederich dwaande binne om op de winkel te passen. Sterker, se binne de winkelformule oan it fernijen, ferbouwe yntiids de saak ek no