Posts

Posts uit juli, 2021 tonen

Reinbôgen okee, mar bliuw fan ús flagge ôf.

Afbeelding
  Reinbôge   In slinger fan reinbôgen tusken de tuorren. Alle bankjes en kûpstuoltsjes yn reinbôge-kleuren opfervje. De tuorren sels ek. Gjin inkel probleem. Om my fervje we it gers fan it Sjûkelân ek yn reinbôge-kleuren. De ballen: ek daliks in reinbôge yn printsje. Der is gjin inkel ekskús om net sjen te litten dat wy minsken net wolkom hjitte, hoe’t se ek binne, fan wa’t se ek hâlde. Gjin inkel ekskús. De wanten meie ek in moaie reinbôge op nifele wurde, alle keatsers yn in shirt mei in reinbôge. It span Fryske hynders mei in dek op yn reinbôge-kleuren en de koets, plus de koetsier, alles mei utering jaan oan it feit dat we hjir in iepen Mienskip binne. Lit dêr gjin inkel misferstân oer bestean. Hooplik ha ik no Ate mei deselde achternamme as ik en Abe de Vries, syn maat, oertsjûge fan it feit dat ik harren stribjen nei lykweardichheid yn hast alles stypje. Werklik hast yn alles. En de reden ha ik in skoft lyn alris opskreaun.   Ken uw geschiedenis: It is tiid foar in homopa

Mar it wie op TV, dus dan...

  Ik wie wer ris tsjûge fan in petear. Nei twa sinnen siet ik der al hielendal yn. Even hie ik oanstriid om it op te nimmen, want it gie ergens oer, mar ik ha it net dien😇. Flak dêrnei krige ik oanstriid om my der yn te mingen, mar ek dat die ik net. De setting wie in bankje, (wêr oars) ergens yn Fryslân. It begjin moat ik jim skuldich bliuwe, want doe wie ik der noch net. De gearstalling fan it selskip sil ik ek net ferklappe, want dat docht der net echt ta.     ‘En de moard op dy Fortuyn dan?’ ‘Hoe bedoelst?’ ‘No, dy wie fan de polityk.’ ‘Se wienen beide faak op de telefyzje.’ ‘O, dat sil wol. Ik sjoch eins gjin jeuzelprogramma’s mear neidat ... der net mear is.’ ‘Wat dochst dan jûns? Ik bin bliid dat der in TV is.’ ‘Ik sjoch wol, mar nei oare dingen. Ik ha hast 500 netten, der is altyd wol wat op.' 'Mar wat dan?' 'Ehh... Oer de oarloch of wat oars dat my oansprekt.’ ‘Dat is al sa lang lyn.’ ‘Ja, mar as ik de kranten leauwe mei, giet it wer de

Sander en Avine

Afbeelding
  Oan Arno Brok   It hong al in skoftsje yn de loft, de docu dêr’t kollega skriuwer Bart Kingma en eminint ûndersykssjoernalist Onno Falkena de winsklikheid en helberheid fan in Lelylijn en in dêroan keppele Deltaplan tsjin it ljocht hâlde. Yn tal fan opiny en oare stikken yn regionale en lânlike kranten wie it grutte ferset tsjin dizze megalomane opstigings al te lêzen, de healoere dy’t Kingma, Falkena en harren team dêr oan taheakje lit hielendal neat mear oerein fan de Noardlike bestjoerlike wiete dream.   Werklik op alle fronten wurde de poaten ûnder stuollen fan dizze opstiging wei seage. En it is totaal net omdat wy hjir yn de moaiste provinsje fan Nederlân net foarút wolle, krekt it tsjinoerstelde. Mar sa net! It takomstbyld fan in miljoen mear ynwenners yn it Noarden is eat dêr’t wy earst mar ris in djipgeande maatskiplike diskusje oer ha moatte, wolle wy dat en wat docht it mei de unike eigenheid fan it Noarden. Net mei de gerdinen ticht en mei de rêch nei bûten as it