Posts

Posts uit januari, 2014 tonen

Ik sta achter Israel

Afbeelding
Hjoed stiet yn de krante in nijsgjirrich stik oer de fraach oft wy noch wol freonen fan Israel binne. Opperrabbyn Jacobs seit dêryn dat Israel troch ús lân oars behannele wurdt as troch oare lannen. En dat fynt er net fair.  Joaden.  Joadekoek.  'Wat is it ek in Joad net, dy fint...'  'En wie niet springt, die is een Jood...'  'Jooooodennn, Joooodennnn!!!'  De âldizerjoad.  Soe der in folk wêze dat sa ûnder it fergrutglês leit as it Joadske? Ik tink it net. En alle welbespraakte tsjinstanners litte harren hearre. Se sizze neat oer Sina. Se hâlde harren kaken stiif op elkoar as it om frouljusrjochten yn Saoedi Arabie giet. Oer de massamoarden troch wit ik hokker stammen yn Afrikaanske lannen silst se net hearre. De berneporno fan de Filipijnen stiet net yn harren aginda. De misstannen yn India is net harren cup of tea.  It aksje reaksje oarloch fiere troch de Palestijnen en it leger fan Israel? Nee, altyd is de krantekop: Israel sc

Crone bestjoerder fan it jier?

Afbeelding
Boargemaster Crone fan Ljouwert is kandidaat om bestoerder fan it jier te wurden. Dit benammen om syn diedkrêftige rol tidens de grutte brân en syn krewearjen om KH2018 hinne. Ik gun elts in priis, hear. Mar yn dit gefal tink ik dat der wol wat oer te sizzen is. Oer it KH2018 stik fan de nominaasje, dêr sil de man syn part oan dien ha, dat wit ik fierder net. Mar syn bydrage by de brân? Dat is wol in opmerklike nominaasje. It moat dan wol gean om syn rol nei de brân, want doe't de boel oan de Kelders yn de fik stie, wie de boargemaster der net. Ien fan syn wethâlders die it wurd. De dagen dêrnei wie Crone net fan de TV ôf te slaan, mar tidens de brân? Dat part fan de oanrikkemedearring stiet net sterk. As ik it allegearre goed begrepen ha, yn de wandelgangen hear ik wolris wat, soe de boargemaster troch sjoernalisten (!) op de hichte brocht wêze fan it feit dat der in grutte brân yn 'syn' stêd útbrutsen wie, noch foardat er troch it amtlik apparaat fan de haadstêd ynlj

Iepen brief oan Mark Rutte

Bêste Mark. Hjoed hearde ik dat ik fan ien jannewaris ôf strafber bin as ik de BTW net betelje. No ha jim de measte ZZPers de rammestrûpe al sa bot oanlutsen dat se sopraan sjonge, mar dit koe der ek noch wol by. Foarsafier't ik wit betelje ik alles dat jim fan my ha wolle. Ik heakje dêr oan ta dat ik sterk de yndruk krij dat jim nea genôch ha en ik mar amper mear. Myn fraach is dizze: Hoefolle lagen fel moatte der by dy fan de kop lutsen wurde foardatst yn de gaten hast wat der werklik oan de hân is yn dit lân? En no net daliks skermje mei dy pear oerkes lesjaan yn de Schilderswijk en datst dus wol witst wat der geande is, want dat is foar de buhne, dat ha wy echt wol troch. Wy ha in tannimmend oantal minsken dy't nei de voedselbanken geane. Dat dogge se net omdat se dat no sa aardich fine. Wat dochsto? Yn Brussel de grutte man úthingje, de 3% noarm as it earste en twadde testamint fan kaft oant kaft wier en net te ûntkennen, noch oan te ûntkommen ferklearje. Brusselfu

Symboaliepenstelling brêge by Iesicht?

Afbeelding
De brêge by Iesicht Moai nijs foar de boatsjeminsken dy't fan Earnewâld nei Drachten farre wolle. De brêgewipper by Iesicht sil syn kofje en stikje bôle no ûnder it wippen ophaffelje moatte. Of der komt efkes ien oer út Drachten wei, dat wit ik net. Hoe dan ek, de brêge is net mear twa oeren ticht. Dit om de boatsjefarders net te ûntmoedigjen om nei Drachten te kommen. Oer in jier as wat kinne se ek rjochttroch, op Nij Beets oan, jim sille der fan heard ha. Allegearre prachtich moai foar de ûnjouwing fan it gebied, al sille de rêstsikers it dêr net mei iens wêze. Mar hokker boatsjes ha wy it hjir oer? De boatsjes dy't nei it kariljon moatte? De nije Drachtster Feart del? Dan soe der sprake wêze kinne fan symboaliepenstelling fan dy brêge, om mar ris in geef Frysk wurd te brûken. Yn de Suderhegewei komt in brêge. In fêste brêge. Neffens omke Google wurdt dy makke mei in hichte fan 2.5 meter. Dat stiet op de side fan BKF, it kraanbedriuw.  No wit ik it net krekt, mar de

Thialf

Afbeelding
Stel: Ik hie in berch jild. Dat kin ik maklik stelle, want ik ha it net. Ik hie safolle jild, dat ik der wol wat fan misse koe. En ik hie wat mei reedriden, ik soe it wichtich fine dat de riderij op in heech nivo plakfine koe. Noch heger as no al it gefal. Boppedat hie ik wat mei de regio dêr't ik yn wenne. Op in dei siet ik yn de kroech en liet my ûntfalle dat ik wol wat jild yn de reedriderij stekke woe, as der immen mei in goed plan wie, dy't my dat goed útlei. De iisbaan yn it doarp lei der wat fertuteaze by en koe wol in opknapper brûke. In skoft letter gie de doarbel en stienen der in pear man op de stoepe mei in map ûnder de earm. Ik koe dy mannen wol, de iene fage de baan skjin en de oare ferkocht poeiermolke en stookte de kachel heech op want hy hie lêst fan rimmetyk. Mei oare wurden, de lokale helden fan de iisbaan. Mar dizze hearen hienen in plan. Dat nei oanlieding fan myn opmerking yn de kroech. Wy skoden oan, oan de hege tafel (Toon Hermans). De map kaam ie

Prikerdeprikprik

Afbeelding
Stel: Jo wolle in gat yn de grûn prikke. Tink dêr no ris djip oer nei. It is de meast tryste dei fan it jier, dus wat harsengimmestyk is neat mis mei. Wurde jo wer fleurich fan. In gat yn de grûn, dus. Hoe dogge jo dat? Ik skets njoggen fan de tsien kear dit senario. De handigste persoan yn hûs siket in stok, in stik buis of in lang, tin stik izer. Oant safier binne wy it iens? Moai. Folgjende stap is dat dy tige handige persoan nei de bankskroef rint, of daliks de slypmasine oan docht en der in moaie skerpe punt oan makket. Want oars wol sa'n stok of stik izer fansels de grûn net yn, no? It ark moat goed skerp wêze. Sa learden se je dat op skoalle en fan generaasje op generaasje. It spul goed skerp, oars wol it net. Mei syn of har nije stik ark yn de hân rint triomfearjend de handige persoan nei de bleek en sil wol efkes sjen litte dat hy of sy wer in topprestaasje levere hat. Wat in Snoei en Snoei is dat dochs, sjogge jo de oare leden fan de hûshâlding tinken. Of: útslover.

In oade oan Jan van Veen syn Candlelight

Afbeelding
Jan van Veen is by it wiif wei 'Het volgende gedicht is afkomstig van een anonieme schrijver. Het roept bij mij gevoelens van weemoed op, het had zomaar van mezelf kunnen zijn. De titel van het gedicht is.......... Gescheiden wegen............' Gescheiden wegen. Diep verzonken in rusteloze overpeinzingen neem ik het besluit, en het is niet om jouw ontrouw, jouw reeks minnaars. Nee, het verhaal dat onze liefde was, is gewoonweg uit, er verder mee worstelen zou leiden tot iets naars. Wij waren als twee bakens op een woelige zee, stroming en getijden konden ons niet deren. Ik neem alle goede uren en dagen diep van binnen mee, al splijt het verdriet me talloze keren. Nee, ik heb geen rancune, geen haat jegens jou, je leven, onze parallellen van troost, verdieping en meer van die flauwekul. Jij bent en was voor mij een bijzondere vrouw, al beoordeel ik de laatste jaren met het cijfer nul. Ik wens jou op je nog af te leggen levenspad veel wijsheid en liefde, ik m

Grote Oren in Burum? Kom op nou!!!

Afbeelding
De Twadde Keamer is it fermidden dêr't de politike besluten naam wurde. In saak fan gewicht, soenen je tinke. Mar dê lêste tiid liket it wol op in aksje-reaksje praatgroepke. Sa mediageil as de sykte, alles om harren eigen eintsje fan it gelyk foar safolle mooglik kamera's hearre te litten. Ik stel my sa foar dat it gemiddelde keamerlid gjin flau idee hat oer wêr't Boerum leit, lit stean dat se witte wat dêr sa al oan grutte earen stiet. Alles hobbelt moai fierder, de earen dogge harren wurk en fan de keamerleden nimme wy mar oan dat sy dat ek dogge. Mar dan komt der in snoadeling dy't Snowden hjit en dy seit (terjochte) dat der in soad is dat wy net witte. Ha jo der minne nachten fan hân? Tinke jo as jo mei in goed kunde oan it beljen binne: 'Oei, mar neat oer dy hufter fan hjirneist sizze, want de earen fan Boerum hearre dat ek...' Tuurlik net. En as jo it net al te bûnt meitsje, sil der ek neat barre. Mar ús Twadde Keamer kaam yn it ferhef! Dan krije

Fuortdêrnei de Kroechkwis

Afbeelding
Juster wie yn Easterein de twadde kroechkwis, organisearre troch Praat mar Frysk. Doe't Willem Schoorstra fia de chatboks fan Feestboek oanjoech dat er dat wol wat foar it bestjoer fan Stifting Tsjil fine soe, wie der samar in mearderheid dy't meidwaan woe. No is in spultsje net in spultsje. Sjoch, der binne in oantal dingen dêr't ik min oer kin. Ien dêrfan is ferlieze. Bin ik net goed yn. Fyn der ek neat oan. Net dat ik it net geregeld doch, mar wenne sil it nea. Dus op dyselde chatboks ferskynde dêr in opmerking oer. Fan my. 'Witte jim wol dat ik ferhipte min oer ferlieze kin?' It blykte dat der mear mei dy ôfwiking yn ús bestjoer sitte. De toan wie dus setten, wy soenen meidwaan, mar net frijbliuwend. Oars kinne jo better op de bank sitten bliuwe. Plaatsjes fan slipe F. Herders en stuolpoaten fleagen oer ús chatboks, dit alles yn it ramt fan teambuilding. Koartsein wienen wy yn 't foar al sa fûl as in foarke. Wy kamen dus glimkjend de seal yn, mar e

Ferwizing

It bloch fan hjoed stiet hjir .

Zyban, in jier letter

Afbeelding
It is hjoed dochs wol in spesjale dei. Net omdat it tige waarm is, mar it is hjoed 7-1-2014. In dei as alle oaren, soenen je sizze, mar foar my net. Op 7-1-2013, 365 dagen lyn, ha ik foar de lêste kear in sigaret hân. In jier fan it smoken ôf. Moarns net mear hoastje as ik fan bêd kom, net mear hast smoare yn it kocheljen as je in kear ferkâlden binne, alles wer rûke en priuwe. Bysûnder. Mar ek net mear neurotysk kontrolearje oft je de tabak en de Zippo wol yn de bûse ha en oft der genôch shag yn de pûde sit om de folgjende dei te heljen, mocht dat net sa wêze nei Drachten fleane om nije foarried te heljen. De kearside: In jier lang alle dagen sin oan in peuk ha. Stikem djip snúve as je by smokers del rinne. Frachtweinen fol kauwgom. Kilo's der by. Ek tige bysûnder. En no? Dat is net dreech. Ik bin benaud om wer in peuk op te stekken. Ik wit hoe lekker it is, ik sil nea anty smoken wurde. Jim moatte it sels mar witte. Ik sis net dat ik nea wer smoke sil, mar de kâns wurdt m

In nije menukaart yn tsjerke

Afbeelding
Efkes in sneins blochke.  De tsjerken ha in nij lieteboek. It âlde foldie oars noch wol, mar jo moatte net alles opkeare wolle. In nij boekje dus. It oare wie fan 1973, mien ik. Wy wienen fannemoarn op nijjiersresepsje. Yn tsjerke, de oaren lit ik oan my foarby gean. Hjir wie ek gjin drank by. Wol kofje en oranjekoeke. Healwei de preek mitere ien fan dy nije boekjes oer de flier. 'Het zijn ook onhandige dingen,' sei de dame dy't it knoffelje liet.  Ik bin it dêr mei iens. It formaat, de lay-out en de yndieling, it is my neat wurdich. Wat sjonge jo yn in tsjerke? Psalmen en gesangen. No, dy sille der noch wol yn stean, mar it is folslein net helder. It liket mear op de menukaart fan in Sjineesk restaurant. Nûmer 1 oan 1016 kinne jo út kieze. Oft it in psalm is? In liet? It is net dúdlik. Boppedat ha je no ek bygelyks 17a en 25b. Sambal en kroepoek by? Sa sawat. En se binne te grut. Bliuwe net moai stean op de râne dy't dêr foar makke is. Ien feech mei in winterja

Basketbal en hockey yn ien hal

Afbeelding
Stel jo ha in evenemintehal. Der passe rûchwei 18.000 minsken yn. Gewoanwei spylje se der iishockey en basketbal. Net folle nijs ûnder de sinne. Mar dan ferjitte jim dat je net op iis basketbalje kinne en op parket wol it min reedride. Hoe dogge se dat? Yn de USA hat eltse himsels respektearjende stêd wol in basketbal- en hockeyteam yn de heechste divyzje. Yn Los Angeles ha se sels twa basketbalsmitersploegen dy't tafallich tagelyk de playoffs hellen. En lit de hockeyploech dat no ek noch dwaan? Goed, dan moatte der yn ien wykein seis wedstriden organisearre wurde. Yn 1.26 kinne jim sjen hoe't se dat dogge. Bjusterbaarlik. Seis kear de keet fol yn ien wykein. It Staples Center yn Los Angeles is jûn toaniel fan de hockeywedstriid tusken de LA Kings tsjin de Vancouver Canucks, moarn sille de LA Lakers tsjin de Denver Nuggets basketbalje, moandei dogge de LA Clippers dat tsjin de Orlando Magic, in dei letter meie de hockeymannen fan de Kings wer opdrave tsjin de Minnesota Wild,

Joop Atsma en de VOTOB. VOTOB? Wat is dat?

VOTOB? Wat is dat no wer? Ik hie der noch nea fan heard, mar Joop Atsma hat der wer in baantsje by. Treflik, want dy moat ek wat oan it wurk bliuwe, alhoewol't  ik my ôffreegje wat in foaroanman fan tenkopslach no eins út de wei sette moat, mar klear. Joop sil der wol stúdzje fan makke ha.  VOTOB. Dat stiet foar... Okee, efkes ome google der op loslitte. De webside fan VOTOB is yn it Ingelsk. Stiet net by wêr't de ôfkoarting foar stiet.  En dan sitte se der yn Smellingerlân en oare gemeentes yn Fryslân oer yn dat se in Fryske namme ha? Je moatte der hast om gnize. Kleinburgelijk geneuzel fan bange minsken. It ynternet kin gjin taalbarriêres. De webside bringt ús net fierder. Tige modern oars, 'gelikt', soenen je der fan sizze kinne, mei Home, Members, Conditions, History, Links en Contact as opsjes. Echt in troch en troch Nederlânske (Fryske) ynstelling, by foarkar jo ferbrekke is ekonomysk besjoen better. Der stiet ek dat de feriening yn 1980 al opr

Wille en snotnoazen

Afbeelding
As je yn de auto sitte, komme der soms gedachten omheech. Ut de radio woe mar gjin fatsoenlik nûmer komme, de krante sei earder op de moarn it weireitsjen fan immen oan. Net it type berjochten dêr't in minske fleurich fan wurde sil. Meastal is in rûntsje Feanhoop dan in goed medisyn, mar dat holp hjoed ek net. De nearzige griene fjilden stienen my tsjin, sels de guozzen wienen der net. Wilens ha ik al in wike lêst fan de kiel, it wol mar net oergean en echt trochsette sit der ek net yn. De wille is der net mei in winter sa as dizze. De minsken slepe harren fan dei nei dei, de fretterij om de feestdagen hinne is minder feestlik. Ik hear it rûnom. Wie it mar wer simmer. Mar dat is it net. Want der is gjin wille. Gjin reade koppen, huverjen by de kachel, opwaarme poeiermolke mei in stik koeke op de feart. Gjin iisaginda. Gjin wille. Wy sitte mar op ien ding te wachtsjen. Droege froast. Oerdei in graad as wat ûnder nul, nachts genôch om wat iis oan te setten. Nei twa dagen ha je