In nije menukaart yn tsjerke

Efkes in sneins blochke. 

De tsjerken ha in nij lieteboek. It âlde foldie oars noch wol, mar jo moatte net alles opkeare wolle. In nij boekje dus. It oare wie fan 1973, mien ik.
Wy wienen fannemoarn op nijjiersresepsje. Yn tsjerke, de oaren lit ik oan my foarby gean. Hjir wie ek gjin drank by. Wol kofje en oranjekoeke. Healwei de preek mitere ien fan dy nije boekjes oer de flier. 'Het zijn ook onhandige dingen,' sei de dame dy't it knoffelje liet. 
Ik bin it dêr mei iens. It formaat, de lay-out en de yndieling, it is my neat wurdich.

Wat sjonge jo yn in tsjerke? Psalmen en gesangen. No, dy sille der noch wol yn stean, mar it is folslein net helder. It liket mear op de menukaart fan in Sjineesk restaurant. Nûmer 1 oan 1016 kinne jo út kieze. Oft it in psalm is? In liet? It is net dúdlik. Boppedat ha je no ek bygelyks 17a en 25b. Sambal en kroepoek by? Sa sawat. En se binne te grut. Bliuwe net moai stean op de râne dy't dêr foar makke is. Ien feech mei in winterjas fan dyselde dy't foar jo sit en de brot mitert oer de flier. As lêste stiet it my tsjin dat der twa toutsjes yn sitte. Wa betinkt soks? Dûmny Cor Waringa makke der fannemoarn mar wat fan en liet de gemeente fan twa lieten ien kûplet sjonge. Al as net tafallich op deselde wize.
De âlderling fan tsjinst is der fansels ek mei oan. 'Wy begjinne de tsjinst mei it sjongen fan psalm 119, alle fersen.' Dat wie in normaal begjin fan in tsjinst. Wie ek maklik, want dan koe de dûmny in snipperdei nimme as je alle 66 kûpletten sjonge moasten. No tinkt dy âlderling: 'Wat soe it wêze? In psalm of in gesang?'
Dan krije je dus ditsoarte oankundigingen: 'Wy begjinne de tsjinst mei nûmerke 21a.' (sambal bij, over vijf minuten klaar)

De kofje en oranjekoeke wie oars prima en Waringa hie in moaie preek. Dat woe ik der noch al oer kwyt, stel dat der praat fan komt. Moatte wy net ha, no?    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen