Posts

Posts uit december, 2013 tonen

Famous last putsjes yn 2013

Afbeelding
Moai, wy meitsje it hjoed net te dreech. Djipgeande skôgings binne rûnom te finen. Ik woe der mar in plaatsjekwis tsjinoan smite. Altyd aardich. (leuk is net in Frysk wurd) Dus, ûnder it motto: sykje de ferskillen, winskje ik jim in goed útein. BOEM!!!

Goede foarnimmens!

Afbeelding
En ja, dêr komme se wer. Alle falske goede foarnimmens foar it nije jier. De hype dy't ien as twa dagen de petearen behearsket. 'En? Hast ek goede foarnimmens?' 'Ja, ik wol minder sûpe, minder smoke en mear bewege.' 'Top, jonge! Goed bezig, man, high five!' 'En do? Wat hasto yn 't sin?' 'Itselde as alle jierren. Dat it kabinet omflikkert, dy dweil fierderop syn poat brekt en dat ik de steatslotterij win. Postcode mei ek, haha!' Hilariteit alom. Mar gau oan de drank. Loaze beloften en winsken. Oerstallich. Ik hie 1-1-2013 in oantal goede foarnimmens. Minder nei it nijs harkje en sjen. It is my net slagge. Minder tiid fergrieme oan sosjale media. Ek mislearre. In roman op priemmen sette. Foar in grut part misbeteard. My nergens oan ergerje. Tsja... Ik ha foar 2014 gjin goede foarnimmens. It is gewoan in kwestje fan trochgean mei dêr't je mei dwaande binne. Is der dan hielendal neat goed gien yn 2013? Tuurlik wol. It measte g

Brekkend nijs!

Afbeelding
Mearderheid Friezen wol ôf fan belesting beteljen Sifers útlekt rapport lige der net om Belesting betelje is net populêr yn Fryslân Ljouwert- In romme mearderheid fan de Friezen wol ôf fan it jierlikse belesting beteljen, sa docht bliken út in útlekt rapport dat yn opdracht fan de provinsje troch buro Wat Fine Jo? makke is. Heechlearaar gedrachskunde Gabe Graaisma, haad ûndersyk by it buro, fynt it spitich dat de ynformaasje útlekt is, mar is net fernuvere oer de útkomst. ‘As wy hjir wat djipper op yngean, libbet der al tiden   grutte argewaasje oer it beteljen fan jild dêr’t je net fan witte wat der mei dien wurdt,’ aldus Graaisma. ‘Wy binne wat dat oanbelanget in nuver folkje, wy jouwe gol oan aksjes en kollekten, mar as it oer belesting giet, hâlde wy de hân leaver op de knip.’ 80% fan de ynwenners fan Fryslân is tsjin it beteljen fan belesting, sa stiet yn it rapport. By de provinsje woe net ien reagearje op de útlekte ûndersyksresultaten. Ek op de fraach wêrom’t

Friend of a friend

Afbeelding

Bobo hoogtijdagen op komst

Afbeelding
Eins bin ik wol klear mei dit jier. As ik de berjochten leauwe mei, bliuwt it ditsoarte baggerwaar. De paden steane oeral splis, de skiep fersûpe hast en de 14 daagske 'pluim' seit dat it op 10-01-2014 ien as twa graden frieze sil. Foar it oare mear fan dit wat jim no bûtendoar sjogge. En dan binne der minsken dy't bliid binne dat de koartste dei west hat, omdat we 'it no wol wer hân ha mei dy winter'. Hokker winter? Yn de tiid fan de listen en it weromsjen meitsje de bobo's fan dizze wrâld harren klear op de drege tiid dy't foar harren leit. Amper bekaam fan de fretterij om de krystdagen hinne, komme oan de kym skalen fol oaljekoeken en appelflappen yn it sicht. Is dy berch rommel nei binnen wrotten, komt de grutste opjefte fan it jier noch... In bytsje trochsetter-bobo is ien jannewaris fan de partij en set him skrap foar de kommende fjildtocht. Meastal sa heal febrewaris komme se wer in bytsje by sûpe en stút, dan moatte se noch in wike as wat ta har

Krystferhaal (út de âlde doaze)

Blauwe Sjoerd Neffens in soad minsken wie blauwe Sjoerd in singelier man. Hy kaam út de Stellingwerven en wie fiskerman, teminsten, foar dat er fan Drees krige. It praat oer Sjoerd en de fiten dy’t er úthelle koe op sneontemiddei, by âlde Goatse oan de stamtafel, ta grutte hichten gean. Dat gie salang troch oan ’t dominy syn wyklikse slokje helle. Jo moatte ek dominy foar de stamgasten wêze is ’ t net sa? Dominy hat nea weet hân fan de grutte wille dy’t, as it praat op Sjoerd kaam, de minsken oer him hienen. Dominy wie deun, en dan druk ik it sêft út. Hy hie wol in falsk gebit en een brike noas, mar dêroer letter mear. De iene wike wie de oare net. As it stamfolk royaal út ’e   hoeke kaam, wie der in basis foar in soad drank en wille. Goatse stjoerde it wiif nei it hinnehok en de seane aaien leine it fûnemint. Dominy naam ien slokje, teminsten, hy betelle ien. Mear moast er eins ek net ha, sjoen de preek fan de oare dei. Mar de stamgasten wisten fan de âlderlingen dat

Serious talk

Afbeelding
Stompende Boukje Den lezer heil! Tijdens de algemene beschouwingen van de afgelopen week, welke alhier in de plaatselijke uitspanning met uitzicht op het voormalige marktterrein plaats gevonden hebben, waren de meningen over hetgeen zich nu weer in de Hoofdplaats afspeelde over het algemeen niet mild, het bluisterige festijn alwaar geld voor kinderen aan de snelle wordt ingezameld, mag natuurlijk ook buiten de Hoofdplaats op enige goedkeuring rekenen, echter het bombardement van omdenken staat nevens ons alhier als een vlag op een strontpraam, het lijkt wel alsof er naast het over het algemeen zeer monotone weerbericht, wij hebben de ijsbaan er al lang in liggen, geen nieuws meer is, onze lokale doodhard Sjouke ‘Radio’ Oorsma heeft de brui er al aan gegeven en is onder protest overgeschakeld op een CD van The Academy Of St. Martin in the Fields onder leiding van Sir Neville Marriner om toch op enigerlei wijze het kerstgevoel op te roepen, hetgeen door de anti uitwerpselen acti

Lokale komplottinkers

Niis wie op de NTR in doku oer de saak Vaatstra. Ek nei de bekentenis fan Jasper S. en syn feroardieling binne der minsken dy't tinke dat it oars is as dat nei bûten brocht wurdt. Dat neame se komplottinkers. Ferneamde saken, of beruchte saken, wat jim wolle, binne in fruchtbere boaiem foar datsoarte tinken. Lady Diana dy't troch her majesty's secret service ombrocht wêze soe, John F. Kennedy syn dea siet ek in luchtsje oan. Ien fan de slimste foarbylden is dat de oanfallen op 9 septimber op it World Trade Center in inside job fan de geheime tsjinsten fan de Feriene Steaten wêze soe. Dit om it folk der ûnder te hâlden en harren eigen macht sûnder beheining útwreidzje te kinnen. Wa hat gelyk? Hjoed hearde ik noch in komplotteory. Samar, op strjitte. Thialf sil 'vernieuwbouwd' wurde. De provinsje set heech yn en dizze wike krige it grien ljocht út Brussel omdat it taseine jildbedrach gjin steatsstipe is, de bou kin dus trochgean. Treflik nijs foar de bousektor d

Krystgefoel

Afbeelding
It krystgefoel wol mar net komme mei dit waar. Ik wit net hoe't dat by jim is, mar deis tsien graden, damp, fiis en tsjuster is net it moaie droege friezende waar dat ik mei de krystdagen leafst ha. Alles kleeft je oan de hannen fêst. Neat oan. Mar wy sille it der mei dwaan moatte. Reedride, biathlon en oare wintersporten? It kin my noch net boeie, ek dat hat mei it waar te krijen. Oan de krystdagen ta alle dagen rein, hoe liket it, ha jim der sa nocht oan? De radio docht oars net as de hiele dei aksjes foar it goede doel beskriuwe, prima hear, mar der is sprake fan overkill. Neffens my binne der in soad Omrop harkers ôfheakke. Dat is wat ik yn myn omjouwing hear. Krekt of is der oars gjin nijs mear. Op in gegeven momint begjint dat te skjirjen en krije jo je nocht fan alle oeren mear fan itselde. Is der dan gjin oar nijs? Jawol, nei in lang skoft hat Sportklup Hearrenfean in nije direksje. De Fryske literatuer sil op in oantal plakken wer doar oan doar te keap oanbean wurde. I

It ôfskie, serious tryst

Wylst der allegearre tsjil nijs is, wie it hjir fannemoarn serious tryst. It fielde as wienen twa freonen my tagelyk ûntfallen. Ik ha se foar dea efterlitten yn in winkel yn Nij Beets. Grutte kâns dat se yntiids al yn in yslik kâlde kontener lizze. Sawat tsien jier hienen wy in relaasje. Dat is net samar wat. As dêr in ein oan komt, docht je dat wat. Yn dizze tsjustere dagen oan de ein fan 2013, it wol mar net moai droech friezend waar wurde en dus sitte wy mei drippende beammen en negative gedachten omdat der gjin natuerlike ljochtterapy is, ek noch ôfkie nimme moatte fan twa maten. It docht sear. Mei bliidskip kin en mei ik werom tinke oan alle oeren dy't wy meielkoar trochbrocht ha. It wie net altyd feest, sterker, meastal net, mar dochs joech it in goed, waarm, feilich en droech gefoel, dy relaasje fan ús. Sa no en dan slûpte der in skerp foarwerp tusken my en myn freonen, dy ferwideren we daliks. It is oars net dat ik it myn freonen kado joech. Ik trape, skopte, skjirre en i

Kening Willem moat wol nei Sotsji

Dus guon fine dat kening Willem net nei Sotsji gean moat. Omdat dêr wat mis is. No, dêr bin ik it wol mei iens, hear. Dat der wat mis is. Krekt, gjin staveringsflater, it kapke mist. Net dêr is wat mis, mar der is wat mis. Dêr ek, mar der ek. En dêr sit in grut ferskil yn. Sille wy dan ek mar net nei it WK balskoppen, hear Van Bommel? En sille wy dan alle bannen mei dat aaklige NSA bolwurk Amearika ek daliks mar ferbrekke? Om mar te swijen fan de frou-ûnfreonlike oalje naasjes lykas op it Arabysk skiereilân? Ek mar mei kappe dan? En dat rottige pyramide folk dan, dat wol ek net doge. Daliks mar skrasse. Sterker, dat hiele donker Afrika is ien grutte rotsoai. Ophâlde der mei. Japan? Fersmoarget de oseaan mei radioaktyf guod. Rotlân. Alles ferbinings trochsnije. Sina ek. Komt neat gjin goeds fan. Wat in symboal gejeuzel. Ja, de minsken dy't dy stadions bouwe wurde as heale slaven brûkt. Poetin sjocht net op ien of twa minsken mear of minder. Mar dat dogge se op oare plakken ek

Polityk korrekt gejeuzel.

Op It Amelân ha se in tradysje dy't Sunneklaas hjit. In feest út heidenske tiden. Dat feest is fan de eilanners, dêr't se gjin pottekikers by ha wolle. Ik kin my dêr fan alles by yntinke. It hiele jier troch wurde se oerspield mei badgasten, dy't, as se der in oantal jierren efterelkoar komme, miene dat se ek eilanner binne. Dat is fansels net sa. No libje wy yn 2013, dus akseptearje hitsige kranten en oare media net dat sy, sa as se dat dan sizze: 'gjin ynsjoch ha meie wat der mei in feest as Sunneklaas dien wurdt.' De Ljouwerter Krante miende ek nijs te rûken en liet in fotograaf in foto fan it feest meitsje dy't publisearre waard. Dat is not done. De fotograaf moast it mei in tún fol stront bekeapje. En ja hear, in sjoernalist fan de LC sette pontifikaal 'Sukkels' boppe in foto fan it artikel dat melding makke fan dit freeslike fergryp. Polityk korrekt gejeuzel, Asing. Lit de eilanners harren feestje hâlde. Foar de rest fan it jier is elts der w

Kroade

Afbeelding
Yn antwurd op in net iepenbiere mail: In kollumnist is frij om te skriuwen wat er wol. Hy kiest syn eigen ûnderwerpen en lit him troch gjin redaksje yn in bepaalde hoeke prate. En fan in goede kunde moast ik sizze dat yn in ea te ferskinen nije roman grif in kroade foarkomme sil, omdat dy no ienkear tige ynsprirearjend binne.

Plysjepost

Afbeelding
It is krisis, ek by de oerheid sykje se blykber nei ekstra ynkomsten. Pas dus mar op, net alle hynstekarren sit in hynder yn.

Huistaal

Afbeelding
Noch efkes oer Sinteklaas, it is pas 10 desimber dus dat kin noch wol. Je ha fan dy dingen. Sûnder der fierder al te djip op yn te gean: Huistaal. It skynt yn alle relaasjes foar te kommen, de wurden en wizen fan praten dy't allinnich dyselden mei dy relaasje snappe. In apart fenomeen, mar tige werkenber. In huize De Jong ha wy wat mei fûgels. Mei grutte kloften fûgels om krekt te wêzen. Ien fûgel is aardich, mar makket neat los. Pas as der in soad fan deselden binne, falt it B-wurd. Dat is wol in fereaske, it moatte kloften deselde fûgels wêze, oars is it net goed. Pas dan komme de bylden fan in dame yn in telefoansel wer op jo netflues. Kobben en kriën binne favoryt. Witte jim wa't Daphne du Maurier is? Ik wie der noch lang net doe't dy yn 1952 in ferhaal skreau. Yn 1963, it jier fan de horrorâlvestêdetocht, ik wie der noch lang net, wie der in sekere Alfred Hitchcock dy't dat ferhaal brûkte om der in film oer te meitsjen. En dy film ha ik fan Sinteklaas krigen.

Snotbloch

Afbeelding
Dit is sa'n bytsje de situaasje op dit stuit. Dus.

Test

Dit is in test. Myn digitaal folle better ûnderleine dochter hat my op it idee brocht dat ik ek blochs skriuwe kin mei myn Samsung. Dêr helje jo in app foar út de playstore en sjoch ris oan. Dus mocht der earne ûnderweis no ris wat barre, soe it samar op Stikelstekker komme kinne, omdat ik net earst nei hûs hoech. It is in wûnder.

Den lezer heil!

Wij vernuiveren ons alhier omraak over de opscheur die in den lande blijkt te heersen aangaande een (1) aantal zaken. In het voorste plek willen wij ons ongenoegen uitspreken over de voorspelde harde wind die voornemens is de kop op te steken. Wij hebben daar niet om gevraagd en beraden ons op tegenmaatregelen. Het is naastkleinen niet meer van deze tijd om ons als rustzoekers in het hoge Noorden van het Koninkrijk der Nederlanden ongevraagd met een (1) storm op te zadelen, wij hebben ons al bij de lokale media vervoegd en zij waren (bij gebrek aan echt nieuws) uit de schroeven met onze bedenkingen. Claims worden niet uitgesloten. Het tweede punt dat ons als een steen op de maag ligt is de volkomen achterhaalde manier om een (1) dreigement te verspreiden, namelijk per brief. In deze tijd waarin wij leven roept dat aan de spreeuwen. Wij hebben van horen zeggen dat het overigens volkomen overstallige document per sluif is aangeleverd, zulks deed men 25 jaar geleden. Hedendaagse terre

Jankerij oer it CDA

Tsjongejonge wat giet it der omwei. Ynstjoerde stikken yn de krante, lêbje op sosjale media, etterje op soere blochs en wit ik wat mear. Soks komme jo hjir fansels nea tsjin, dat sprekt foar himsels. Wêr binne in pear jammerjende seurstengels dan no wer fan oer it teewetter? In namme. Jawis, in namme. In namme fan in gemeente ek noch. Krekt as soenen jo jo dêr drok oer meitsje moatte. Dat jout dochs neat, de prachtige gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten, hear Lok), hat slûpendewei al Drachten op it reau en de kofjekopkes plakt.  De Fryske Marren. Moaie namme, liket my. De FNP wûn de ferkiezings en dus die it CDA wat wetter by de wyn en mei ek yn it kolleezje. Neat nuvers ûnder de sinne, sa giet dat. Wat jaan en wat nimme. En ja hear, dêr komme de jammerklachten. Hâld no dochs gau op en gean oan it wurk, steltsje eamelders. It kostet 4 ton of sa. No en? Dat hie it oars ek koste. En hearlik, hearlik, wy kinne mei syn alles wer ris lekker tsjin it CDA oanmige. Want wat is d

Brood en spelen

Afbeelding
Justermoarn krige ik in berjochtsje mei de fraach oft ik ek mei woe nei Iserlohn. Foar de measten fan jim sil dat net daliks in aha erlebnis opsmite, foar immen dy't gek op hockey is wol. De Iserlohn Roosters spylje yn de heechste Dútske iishockey league. Dat giet der krekt efkes wat profesjoneler omwei as hjir. Ien fan de eigners fan de klup is in bekende fan in bekende dy't my dan ek wer ken. Sa sawat. Hy hat in fakânsjehûs op 'e Lemmer en makket bouten en moeren. Dêr skine jo safolle mei fertsjinje te kinnen dat je mei-eigner fan in hockeyklub wurde kinne. Wy riden nei Iserlohn, foar dyselden dy't net witte wêr't dat leit: krekt foarby Dortmund, midden yn de koalenpot, it Roergebied. Dêr't de iene skoarstien noch heger de loft yn stekt as de oare. Wy riden flak by de stadions fan Schalke04 en Borrusia Dortmund del en op noch gjin kilometer fan de autobahn stie it stadion fan de Iserlohn Roosters. Oan de bûtenkant net folle oan, in blikken gefal. Wy wien