Krystgefoel

It krystgefoel wol mar net komme mei dit waar. Ik wit net hoe't dat by jim is, mar deis tsien graden, damp, fiis en tsjuster is net it moaie droege friezende waar dat ik mei de krystdagen leafst ha. Alles kleeft je oan de hannen fêst. Neat oan. Mar wy sille it der mei dwaan moatte.
Reedride, biathlon en oare wintersporten? It kin my noch net boeie, ek dat hat mei it waar te krijen. Oan de krystdagen ta alle dagen rein, hoe liket it, ha jim der sa nocht oan? De radio docht oars net as de hiele dei aksjes foar it goede doel beskriuwe, prima hear, mar der is sprake fan overkill. Neffens my binne der in soad Omrop harkers ôfheakke. Dat is wat ik yn myn omjouwing hear. Krekt of is der oars gjin nijs mear. Op in gegeven momint begjint dat te skjirjen en krije jo je nocht fan alle oeren mear fan itselde.
Is der dan gjin oar nijs? Jawol, nei in lang skoft hat Sportklup Hearrenfean in nije direksje. De Fryske literatuer sil op in oantal plakken wer doar oan doar te keap oanbean wurde. It Amelân wol gjin pottekikers ha by harren eigen feest. Lytse famkes op de Filipijnen rinne grutte kâns om yn de seksyndustry te bedarjen, omdat it tsjinstber wêze oan de man djip yn de kultuer sit (!).

Ik woe wol efkes wat oars.

Ruten skraabje, de auto oan en foarferwaarmje. Dan nei de Feanhoop, op it plak fan de eardere slûs parkearje. It is noch betiid, net folle minsken. Mei op de eftergrûn de guozzen yn de rjochting Sitebuorren oan de Hege Warren, djip de kâlde lucht ynazemje. Mûtse op de kop en de klompen ûnder de steger skowe. Dan oer pikswart iis rjochting Grou, oan de linkerkant de toer fan Boarn en de wettertoer fan Nes. Dy kant mar út, der is hast gjin wyn dus it giet foar wûnder. Sa no en dan ien tsjinkomme mei deselde bliere útstrieling, wat in wille. Fan Akkrum nei Boarn, moai binnentroch, dan fierderop. De autobestjoerders op de dyk fan Boarn-Nij Beets stekke de hân op. De greiden troch, en efkes klune. Dan oer it Polderhoofdkanaal werom rjochting Feanhoop. It is al in stik drokker op de feart. In oere letter thús. Huverich, mar dat ha je as je fan it iis komme.

Dêr hie ik wol nocht oan.    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen