Posts

Posts uit maart, 2013 tonen

SC Heerenveen, het echte verhaal

Afbeelding
  De timmerman Der is al in soad skreaun en praten oer de situaasje by Sportklup Hearrenfean. Foar de goede oarder, ik bin in supporter, al soenen guon dat oan de ein fan dit artikel wolris oars útlizze kinne. Wêr’t it my om giet is dat ik ‘myn’ eigen klup Hearrenfean net werom kin. Stomme graach wol ik wer it gefoel krije dat ik yn in waarm bad stap as ik it Abe Lenstra Stadion yn rin. Dat gefoel dat ik jierren hân ha, de lichte foarm fan spanning, want hast altyd barde der wol wat. Wedstriden om tsien oere jûns, stiif útferkocht. Jo woenen der by wêze, yn de 25 jier dat ik in seizoenskaart ha binne de kearen dat ik net oanwêzich wie by in thúswedstriid op de fingers fan ien hân te tellen. Sûnt earefoarsitter Riemer van der Velde de foarsittershammer demonstratyf oerjoech oan Koos Formsma, feroare de klup. Ik sil hjir net in blomlêzing oer Van der Velde hâlde, dy syn fertsjinsten foar de SC lykje my helder. In hast fallite boel troch goede kontakten en miskien w

In flokkende skeppe

Afbeelding
Dit wie oant hjoed myn skeppe. Ja, it is noch myn skeppe, mar hy is mei de fut. Nuver, mei de measte dingen krije jo net in bân, mei dizze skeppe wol. Ik ha him kocht flak neidat myn frou en ik de lapen gear smiten hienen. Dat wol sizze dat ik dit stik ark 19 jier hân en brûkt ha. Sa'n skeppe foarmet him nei jo hân, dizze siet bryk oan de stok, mar krekt goed bryk. Ik koe der mei lêze en skriuwe. Yn myn wurk komme jo wolris wat frjemde saken tsjin, as dizze skeppe prate koe soe er allemachtich flokke oer alle kearen dat ik him boppe-op in stik pún of in taaie beamwoartel raamd ha. De lêste dagen gie it hurd. Krekt as wie er gear. Mei de foarhammer hie ik him al in kear as wat yn it fatsoen slein, mar de kriich wie der út. Fannemoarn joech er it oer en bruts. It ferbân is der út, ik kin der neat mear mei. Hast tweintich jier âld.

Harro de Jonge, wa wit it noch?

Afbeelding
Och heden. Dochs noch in nostalgysk blochje. Ik sjoch my yn gedachten wer sitten. Finger op de pauzeknop. 'Drivin' N' Cryin' met Straight to Hell,' sei Harro de Jonge. En as Harro it draaide, wie it goed! Dat se noch altyd spylje wist ik net. Moai!!!

Moarn wer.

Mei oan sekerheid grinzgjende wissichheid hjoed gjin bloch. Te drok yn de stille wike. Foar in goede lêzer is no wol helder wat der loos is. It is net oars. Oars wol skande, ik bin krekt mei in ferhaal begûn. Mar ja, foar in Fryske skriuwer bliuwt it skraabjen, no?

IJs? Het moet niet maller worden!

Afbeelding
  Wij mochten hedenochtend tijdens het koffie-uurtje in onze plaatselijke uitspanning getuige zijn van een komzelden geziene vreemde opstijging van onze plaatselijke doodgraver. De man, toch al niet  gezegend met overstelpend veel verstand, wilde ons hier doen geloven dat hij zich zonder kwalijke gevolgen op het buitenijs had begeven. Nu, wij hebben dit heerschap vaker nuiver uit een groot gat horen blazen, maar schijtmerakels als dit wil er bij ons vanzelf niet in. Schele Durk, die op de eizoektijd na op een binnenvaartschip door de tijd komt, zei het helderop. Als de oude hij over de wiek gaat, is er geen sprake van deugdelijk ijs. Zelfs niet als de media in de Hoofdplaats per uitsturing meer dan de helft vol emelen over het dunne weer. Er moet ons wat dat aangaat nog iets van het hart, de provinciale weerman, die bij de winterdag in een t-shirt het weer verkondigd, hoeft nu niet net te doen of is er reden om in een door beppe in elkaar gebreide sjaal en dikke winterjas met e

Jasper S. en Rajiv van La Parra

Mohammed B. Jasper S. Ferdi E. Marco Bakker. Patrick Kluivert. Gino Coutinho. Samar wat nammen. Nee, net samar wat nammen. Se ha allegearre in strafblêd. De iene hat in famke deamakke, de oare in supermerkman, de tredde in regisseur, de balskopper jage mei 104 km yn it oere immen nei de oare wrâld yn Amsterdam noard en ús bariton kocht in pear tefolle by de ArenA, dêrnei woe er sjen litte dat er syn Opel Omega noch prima de baas wie. Ien deade ta gefolch. En ús Gino, keeper fan ADO Den Haag, hat griene fingers, mar himp kweke yn de Flevopolder mei no ien kear net. Wat falt my en jim no op? Krekt. De nammen. Yn Nederlân bestiet in soarte fan etikette. Wy witte wol dat Jasper S. Jasper Steringa hjit, mar dat sizze sjoernalisten, kranten, radio en TV net. Dy sizze Jasper S. Yn België dogge se dat net. Dêr leit jo namme daliks op 'e dyk. Wat is it dan nuver dat soks mei BNers wol bard. Juster liet ik jim in pear foto's sjen fan in auto, dy't net mear ride woe. De bestjo

Foarbyldfunksje?

Afbeelding
De plaatsjes sprekke foar harren sels. Wie zonder zonde is werpe de eerste steen, mar it bliuwt in dom gesicht, airbag-happende jonkjes mei tefolle sinten. Nammen? Nee. Dat is te maklik.

Sportferdwazing: Red Bull sporten

Afbeelding
Planica, Slovenië. In gat yn de dyk, tusken hege bergen. Jo soenen der nea wat fan heard ha, wie der net ien sa snoad west en meitsje gebrûk fan de situaasje ter plaatse. Ien fan de nuveraardige sporten is krekt sa apart as ús fierljeppen. Skyspringe. Op nijjiersdei stiet de earste útstjoering fan Studio Sport al jierren yn it teken fan dat fan in berch ôf hippe. Is der gjin berch? Meitsje wy in mânske skâns, lykas yn Oslo, op de Holmenkollen. Mar springe sille wy. Yn Planica ha se dus in stik berch leech fan beammen makke, en dêr springe se no fan ôf. Doe't se dat foar it earst besochten, kamen se ta de konklúzje dat se wol tige fier sprongen. En de oertreffende trep fan skyspringen wie berne. Skyfleane. Dat dogge se yn Planica. It wrâldrekôr stiet op namme fan de Noar Johan Remen Evensen, de man sprong yn 2011 246,5 meter, yn it Noarske Vikersund. Yn Planica kaam Bjørn Einar Romøren ta 239 meter. Troch de loft, mei as doel sûnder de skonken te brekken wer del te kommen. Dê

Bespreeksteek

Afbeelding
https://www.facebook.com/Besprekstek?ref=ts&fref=ts Hjoed tiid foar wat reklame. AnneTjerk Popkema, ja, dy fan de Obe Postmapriis, hat op Facebook in side oanmakke dêr't je resinsjes oer Fryske boeken op lêze kinne, of sels oanleverje. Net alhiel nuver dus dat de side Besprekstek hjit. Dy Friezen yn Grins binne Frysker as de Friezen. Set it oer yn Bokwerds en je ha Bespreeksteek. Moai. Dy side fertsjinnet it dat der in soad minsken nei sjogge en lêze wat oaren oer en fan Frysk proaza en dichtbondels fine. Oant no ta ha 40 minsken in 'like' efterlitten. Fierstente min fansels. Dus as de donder nei it besprekstek en lit witte dat jim it sjoen ha. Boppedat hjoed in besprek oer It dak fan de wrâld, sa't in besprek wêze moat. Koart troch de bocht en helderop. Lokkich wie it posityf... 

Fleurich bloch! Jippie!!!

Afbeelding
Mear as 600.000 minsken sûnder wurk. Weach fan ûntslaggen yn de soarch ferwachte. 2000 lju boppe de 100. List mei rjochterlike flaters wreidet mei de dei út. Oerfal mei eksplosiven op in jildauto. Deade by slim ûngemak A32. No, sa ha we de hichte wol, soenen jo sizze. Dat is in rige mei min nijs, dêr kinne jo de krante wol mei folskriuwe. Ik wie oant side 3 fan de 52 ta...  Wie der dan op dy trije siden neat aardichs? No, as jo in PvdA minister fan ynlânske saken dy't him drok makket oer âlvestêdekrúskes aardich fine? Dan ha jo de haadpriis. Neffens my binne der wichtiger saken dêr't Plasterk him drok oer meitsje moat. It skrassen fan de proefballon Noardlik lânsdiel bygelyks. En Lutz mei in Fryske sjaal op de foto? Ja, ja.

Kankerje om neat

Afbeelding
  'It wurdt sa stadichoan ekstreem,' sei Piet Paulusma niis. Dêr hat er folslein gelyk oan. It dei oan dei eameljen, sangerjen, seuren, seiken, kleien, jeremiearjen, ettterjen, jittikmigen en kul spuien oer it waar nimt yndie ekstreme foarmen oan. Wat in freeslik laach is it dochs. De minsk, bedoel ik. Witte jim wat maitiid is? Fiis, damp, dei oan dei reinwetter, jarrelucht, depresjes boppe de Dútske bocht en de oseaan, stoarmwaar en ja, it kwik in graad as wat heger. No, wat in foarútsjoch, net? Sjoch ris nei bûten. Prachtich moai droech waar, sa no en dan in flokje snie. En dat yn maart. Om 'e doar sa skjin as de brân. Ynstee fan te lekskoaien soenen jim better wiis mei dit waar wêze kinne. Sa fan de droege winter yn de simmer. Maitiid is in tiid dy't je oerslaan kinne. Is neat oan. Moai droech friezend waar, yn ien kear oergeand yn moai droech barbeknoei waar. Mar nee hear. De minsken moatte wat ha om oer te jeuzeljen. No, it snijt hjir. Lekker puh. Ik sil

BREKKEND: IN NIJE AVA!!!

Afbeelding
Yn myn kantoarke (hokje) hingje in stik as wat saken oan de wand. In Fryske skriuwerskalender, dy't ik altyd ferjit op de goede bledside te dwaan, in skilderij fan in ko, makke troch myn sus en dus hartstikkene djoer, in tegeltsje fan de Fryske hinneklup (sammelpriis 1998-1999), in boerd mei de spreuk: De wrâld is goed, mar... Jim witte it ferfolch wol. De hoarnen fan Klaske, in pear foto's fan de bern en in opstoppe iikhoarn (sels deariden).  En as lêste myn hoed. Dy komt út de USA. Sa'n ding nimme jo mei as jo dêr binne. Om him dêrnei oan de wand te hingjen, want dy cowboyhuodden binne hjir net yn de moade. Hy hinget dêr no 25 jier stof te garjen, mar fuort dwaan dogge jo him net. Op in dei komt junior mei de fraach oft se him wol brûke mei. Jo sette it ding op de holle en foar de grap sjitte se der wat plaatsjes fan. Hmm... Witte jim wat in AVA is? Ik wist it net. Mar it blykt de profylfoto op de sosjale media te wêzen. It tige betrouwbere netwurk fan hechte freonen

It grutste stadion fan de wrâld

Afbeelding
Witte jim wol wêr't it grutste stadion fan de wrâld stiet? Je tink dan oan Amearika of sa. Mar nee, it stiet yn it freonlike Noard Korea. It 1 maaie stadion. Kapasiteit: 150.000. Yn it Maracana stadion ha ris 200.000 man west, mar dy koenen net sitte. Dizze 150.000 al.

Groningen, 2025

Afbeelding
  Voormalig Friesland het nieuwe Tibet? Zelfverbranding Dokkum Groningen- In het voormalige Friese stadje Dokkum heeft een inwoner zichzelf overgoten met benzine en daarna in brand gestoken. De man verklaarde in een afscheidsbrief dat hij niet langer kon leven onder het ultra centralistische Groningse bestuur dat hij vergeleek met het Chinese model. Zijn ouders, die de brief openbaar maakten, zijn dadelijk gearresteerd en afgevoerd naar het zwaar bewaakte opnieuw in gebruik genomen kamp Westerbork. De zwaargewonde man is op weg naar het ziekenhuis in Groningen overleden. Zegslieden verklaarden dat als in Dokkum hulp had kunnen worden geboden, de man het er levend af had kunnen brengen. Beelden van de zelfverbranding zijn op internet opgedoken, daar het naar communistisch model geboetseerde regeringsapparaat in Groningen alleen de programma’s en beelden van het Gronings Landsdeel TV toestaat. De informatie over de toestand in voormalig Friesland blijft tegenstrijdig.