Posts

Posts uit maart, 2024 tonen

Friese media voeren koerswijziging door

Afbeelding
  Friese media voeren koerswijziging door   LEEUWARDEN – Het Friese medialandschap gaat op de schop. In een gezamenlijke verklaring brachten de hoofdredacteuren Maarten Pennewaard van de Leeuwarder Courant en Igrid Spijkers van Omrop Fryslân de plannen naar buiten. Belangrijkste wijziging is dat er meer naar nieuws van buiten de stad Leeuwarden zal worden gekeken. Reden is volgens de hoofdredacteuren de sterk afnemende belangstelling voor de twee grootste Friese mediabedrijven. ‘De urgentie om relevant te blijven is daarbij leidend,’ aldus Spijkers. ‘We blijven onszelf continu evalueren en uit de verzamelde data blijkt dat er ook zaken buiten de stad plaatsvinden die door ons opgepikt moeten worden. Dit was voor ons toch wel een eye-opener,’ bekent Pennewaard. De Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân gaven studenten van de Rijksuniversiteit Groningen opdracht om de sterk teruglopende aantallen hits op nieuws van zowel de krant als Omrop te onderzoeken. De conclusies liegen er niet

'Skip the cow'

Afbeelding
  Dat we yn nuvere tiden libje, mei gjin ferrassing mear wêze. De refleks fan de ûnwissigens uteret him ûnder oare yn de ferûnderstelling dat ‘wy’ ynvestearje moatte soenen yn in nije wapenwedrin, nei foarbyld út de kâlde oarloch. Dy dwaze ferûnderstelling hat ús magazinen fol mei nukleêre bommen opsmiten dy’t gjin inkel woltinkend minske nei Hiroshima en Nagasaki ea wer brûke sil. It is in samling fan eangst, in yn it foar al mislearre foarm fan kontrôle sykje, mar hopeleas oanklaud wêze mei de útkomst fan dat krewearjen.   Efkes synysk: Yntiids is de wrâldbefolking tige goed dwaande himsels ûnmooglik te meitsjen, de oantallen Homo Sapiens sil yn in relatyf koart skoft mei 40% tanimme. Fan 2010 oant 2050 komme der 3 miljard hongerige opfretters by, totaal sille der dan rûchwei 10 miljard op dizze earme ierdbol omstappe/ride/fleane/ite/drinke/konsumearje/sporte/fjochtsje/en net te ferjitten nei in lytse 90 jier wer deagean.   Noch even synysk: Dat liket in hiele soad om ûnder d

Russen

Afbeelding
  Dizze wike wie it twa jier lyn dat de oarloch tusken de twa tige oan elkoar besibbe buorfolken Ruslân en Oekraïne begûn. In oarloch dêr’t je fan alles fan fine kinne en ien dy’t spitich genôch noch wolris jierren duorje kin. It liket wol as is de opsje ‘ûnderhannelje’ noch by net ien opkaam, wylst dat fansels de iennichste wei nei in oplossing is.   Hawar. Der binne inkel ferliezers, útsein in soadsje opportunisten dy’t it kredo ‘never waste a good crisis’ ek dizze kear wer as liifspreuk brûke. De ynternasjonale wrâld hie yn ien klap syn âlde trouwe mienskiplike fijân werom, ‘de Russen’. Lekker oersichtlik, sy binne it kwea en wy binne goed. Dat op de nasjonale Nederlânske TV iepenlik sein wurdt dat nijs yn de westerske media krekt like goed yn in bepaalde ‘winsklike rjochting’ stjoerd wurdt as dat se dat fan út it Kremlin dogge, it binne mar rimpels yn de fiver fan de oertsjûging dat wy it morele stopjern útfûn ha.   Tink hjir ris oer nei: Se ha der sels in wurktitel foar: I