Posts

Posts uit juni, 2014 tonen

De falske boadskippers

Yn de Actief fan hjoed, 25 juny 2014, stiet in artikel dat skreaun is troch Marije Blacquière. It stik giet oer in konferinsje dy't as ûnderwerp krimp hie. Tal fan sprekkers wienen oanwêzich, fan âld premier Balkenende, Margreet de Graaf fan Zorgbelang Fryslân oant Biense Dijkstra fan it lykneamige boubedriuw en Albert Jan Kruiter, dy't omskreaun stiet as dosint en ûndersiker 'op het gebied van publieke zaken'. No, ju. Dat is grif in tige wichtige funskje. Balkenende seit: 'We zijn al decennialang bezig om de verzorgingstaat stapje voor stapje te corrigeren. Een correctie op de doorgeslagen verwachting van wat de staat doet. Het rotsvaste vertrouwen van vele burgers in het sociale systeem waarbij de overheid zorg draagt voor hun welzijn heeft weinig goeds gebracht,' aldus Jan Peter. Sterker: 'De verzorgingsstaat heeft mensen minder weerbaar gemaakt.' No, dêr bin ik it folslein mei iens. En in hiele soad fan myn lêzers sille dat net wêze, mar dat makk

It is hjoed in moaie dei

It is hjoed in dei mei in gouden rântsje. Yn minstens twa opsichten. Yn it foarste plak is it hjoed fansels de langste dei. Dat wol sizze dat de folgjende Tocht der Tochten al mar tichterby komt. En dat is kwa praktyske edukaasje foar de jeugd fan hjoeddedei tige ynspirearjend. Litte we wol wêze, sa stikemwei rint it al wer moai nei de 20(!) jier dat dy hollânske sprútsjetúnker foar master opsloech. Us bern ha gjin idee wat de Tocht is, dus lit mar komme. De beammen sitte stiiffol fruchten, dat ik ha der in goed gefoel oer. Mar dan... It twadde punt. It is hjoed in tryste dei foar Mark Rutte en syn wrakseljende kabinet. Statistysk is oantoand dat fanôf hjoed se harren de kont rêde moatte mei it jild dat se ús ûntfytmanne ha. Dit is it, net mear. Wat sei? Ja, jim wisten it net. Fan 1-1-2014 oant hjoed ha jim foar Mark Rutte en co (de staat der Nederlanden) oan it wurk west. No meie jim foar jimsels oan de slach. De earste helte fan it jier wurkje jo foar de belesting, alles dat

Ut de rige kassettebandsjes: Stiff Little Fingers

Afbeelding
Tsja, hjoed gjin bloch, mar in ôflevering út de lange rige út eigen argyf.

Ferd Crone de nije Ombudsman?

Dus, Van Woerkom wurdt net de nije ombudsman. It is wat. Stikelstekker hat efkes yngreven ûndersyk dien nei dit nobele amt. Wa ha earder ombudsman west? Frits Bom, hear ik jim tinken. No, hast goed. It docht bliken dat je tige op je plak binne as ombudsman as je sa min mooglik dogge. Foaral net tsjin de Twadde Keamer yn gean, want dêr kinne de lange teannen net oer. Ek net tefolle misstannen oan it ljocht bringe, dat is not done. Jo binne ombudsman omdat dy der no ien kear wêze moat. Foar it oare moatte jo goed wêze yn it josels sa min mooglik profilearjen. Dan binne jo in goede ombudsman. Ja, dy De Jong sit wer lekker populistysk te lullen, hear ik jim wer tinken. No, dat falt te besjen. Sjoch mar ris nei it listje hjirûnder. De man dy't net yn it nijs kaam troch dat wat er eins dwaan moast, it oan de kaak stellen fan misstannen, dy waard opnij beneamd. De oaren net. Te lestich foar de hearen en dame's folksfertsjintwurdigers, blykber. Prof.dr. Alex F.M. Brenninkmeijer

It ferhaal fan it floeipapierke

Afbeelding
Hjoed seach ik in floeipapierke. Dat soe samar de earste rigel út in boek wêze kinne, mar dat is it net. Hjoed seach ik in floeipapierke. It wie it lêste út it pakje, want it lege omskot lei in meter fierderop. It papierke wie oan in stien plakt. Dy stien sit yn de muorre fan in tsjerke. Flak njonken de yngong fan de tsjerke. In tsjerke dy't moai ferskûle leit yn de beammen. Wêrom plakt immen syn of har lêste floeike oan in tsjerke? Soks set my oan it tinken. In floeipapierke oan in stien fan in tsjerke plakt. Is it in statement? Is it om oan te jaan dat de persoan dy't it op dy muorre plakt hat no einliks stopje wol mei smoken en dêr God as tsjûge by ha wol? Is it omdat er tinkt dat it... Ik wit it net. Miskien is it wol út de gek. Mar dêr leau ik eins net yn. As eks smoker wit ik dat it not done is om mei floeikes te knoeien. De persoan hie der folle better noch in peuk fan draaie kinnen. Hie er him of har efkes deljûn op it bankje mei útsjoch op de tsje

And the winner is? Feenstra Flyers!

Afbeelding
De Stanley Cup 2014 is wûn troch de Los Angeles Kings. It is de grutste priis dy't je helje kinne yn it iishockey. De Kings ha him foar de twadde kear yn trije seizoenen wûn, dat is fansels gjin tafal. Yn de finalesearje wienen se te sterk foar de New York Rangers. Op de side fan de National Hockey League stienen fiif redens wêrom't de Kings de Rangers ferslein ha. De djipte fan de seleksje, de fitheid fan de seleksje, de mearwearde fan de Kanadeeske ferdigener Drew Doughty, it fermogen om yn de ferlinging altyd wer in goal te meitsjen en de rêst fan coach Darryl Sutter. Dat mei allegearre sa wêze, mar earlik sein fyn en fûn ik it spul fan de Kings net om oan te sjen. It is tige effisjint, in foarm fan kick and rush sa as dat yn de legere divysjes fan it Ingelske fuotbal spile wurdt. Dump de puck mar yn in hoeke en soargje yn it gefjocht wat dêrnei komt dat je him krije, lis him ôf nei de blauwe line en sjitte mar, om dêrnei yn de rebound opnij te knokken om de puck der y

Fragaria en De Tocht

Fragaria. De Latynske namme foar snobberij út eigen tún. Se neame se simmerkeninkjes. En dat binne it. Wy ha der in aardich stikje tún mei fol, mar oare jierren woenen se net. Mar sa no en dan in frucht, wylst je der as de soademiter by wêze moasten, oars hienen de slakken der al mei rêden. Dit jier is alles oars. Wy ha yngreven ûndersyk dien en binne ta de konklúzje kaam dat we se noch mar in jier stean litte moatte. En dat beslút docht fertuten. Wat? Se sitte stiiffol. Net mei fan dy rudige lytskes, mar hearlike, soppige, fjoer- en donkerreade. Bakjes fol ha wy der al ôfhelle, mar der komme alle dagen nije by. Alle dagen iis mei dizze traktaasje fan eigen sângrûn. En slachrjemme. Wy lykje wol Britten op Wimbledon. Mar ik moat sizze dat it in soad goedmakket fan dizze oant no ta rampsalige edysje fan 2014. Meane yn febrewaris, skriezen dy't twa kear de guillotine oer harren hinne fleanen sjogge. Wat in idioat jier is dit. Ik ferwachtsje yn novimber de Noorderrondritten en be

Champions League 2014/2015

Afbeelding
Oprop oan minsken dy't fierder sjogge as de NOS sportredaksje Dit jier is it begjin fan in nije kompetysje. De Champions League! No, dy is der al jierren, sille jim sizze. Is ek sa. Mar om ús hinne binne lannen dy't fierder sjogge as fuotbal. Wat is it gefal: Yn in daverjende Europeeske bekerkompetysje sille 44 hockeyteams útmeitsje hokker team de Champions League 2014/2015 winne sil. O, foar de minsken dy't miene dat ik it oer hockey op in fjild ha, dat is it net. Dit giet oer hockey op it iis. Yn de wrâld ha je in pear grutte teamsporten dy't mondiale útstrieling ha. Fuotbal en rugby binne twa hiele grutten, dêrnei komt ûnderoare hockey. Ik ha it al folle faker sein, hockey is in wrâldsport. Utsein yn it konservative NOS Nederlân, dat fêst hâldt oan harren gewoante om ús de gearfettings fan de NBA troch de strôt te drukken. De finale fan de Stanley Cup tusken de Los Angeles Kings en de New York Rangers? De WK hockey yn Minsk? Ha jo der wat fan sjoen op ús djoe

Ikoan foar Ljouwert

Ljouwert moat in ikoan ha. Dat stiet yn de LC, dus dan is it sa. Dêr in ien miljoen euro foar beskikber. Yn in artikel wurde minsken oan it wurd litten dy't ferstân fan ikoanen ha en dy sizze dat it net altyd goed útpakt mei betochte ikoanen. Dat is no krekt wat fout is oan dit hiele ferhaal. In ikoan betinke je net, dat ûntstiet. Krekt as dat je alle jierren gjin Fryske simmerhit betinke kinne, al hoe goed bedoeld ek. In hit ûntstiet. It is net sa simpel dat troch him mar alle oeren te draaien it in hit wurdt. Dan is it in nûmer dat je troch de strôt drukt wurdt en dat jout grutte oanlieding en oanstriid om de radio út te dwaan. Fan boppe ôf, of fan ûnderen op, no? Jo begripe it wol. Ien miljoen foar in betocht ikoan. Fout. Der is ien miljoen beskikber foar in keunstwurk oan de nije dyk oan de súdkant fan Ljouwert. Sa hie it der stean moatten. As je dan wat gelok ha, kin it sa goed útpakke dat je nei ferrin fan in skoft konkludearje meie dat it in ikoan wurden is. Dat is de

Kiev hat in nije boargemaster. En wat foar ien.

Afbeelding
Treflik nijs út Kiev hjoed. Se ha der in nije boargemaster. Sjoch, de kultuer is dêr krekt wat oars as hjir, se wolle dêr noch wolris mei in tredde wrâldkriich drige en sa, dus moat der in boargemaster komme dy't wat yn dat profyl past. Yn dit gefal liket it my dat aardich slagge. Gjin Crone, Van der Zwan of Van Bekkum type, mar ien dy't der daliks op dekt as dat moat. En dan ek wer net in Amerikaanske neppert as Arnold Alois Schwarzenegger, dy't der in syn knokfilmkes wol wreed útsjocht, mar dat is show. Nee, dy Easteuropeanen begripe wat in krisis as dit freget. In slachfeardich man, mei in goede hook, in prima rjochtse direkte en in uppercut dêr't de measte wethâlders wol in dei fan yn de sûs reitsje. Gjin gemier, want oars ha jim mei my te krijen. Ek goed ûnderlein yn de trashtalk, it mei net mis te fersteane wurden in oar mei de grûn gelyk te meitsjen. In soad f..king en sa. Hoe mear hoe better. Ik tink dat it no wol goed komme sil yn Oekraïne. Oan de boargemaster

Keapsnein?

Yn Drachten, dat hjoed yn de Ljouwerter krante net neamd waard as plak dat wichtich is foar de wurkgelegeheid, dat yn tsjinstelling ta Ljouwert, Snits en It Feen, wolle se op snein de winkels net iepen ha. Fansels kinne jo de tenk folsmite, in pûde patat, in gleske bier of in pizza helje, mar in nije broek wurdt him net. Yn de ûnderhannelings foar it nije bestjoer fan de gemeente Smellingerlân sneuvele it stânpunt fan D66. Sosjaal en solide belied kaam derfoar yn it plak. Daliks begjinne dan de jittikmigers te jammerjen dat it Christelijke smaldeel de saak wer oan it trainearjen is. Mar litte wy de saak no ris omdraaie. Wa fynt it aardich om op snein te wurkjen? Jo? Ik? No, ik yn elts gefal net. As it net oars koe, moast it. Mar wat tinke jo fan al dy ienmanssaakjes dy't troch D66 relatearre ûnsin de doar fan harren winkel ek op de 7e dei fan de wike iepen dwaan moatte? Dy flokke, en dat se gelyk ha. Te lyts om der in betelle krêft yn te setten, te min omset om soks út te fine

Frustraasje om in doar

Wy wenje yn in hûs. Soks komt faker foar. Der binne ek minsken dy't net yn in hûs wenje, dat kin út oertsjûging of út needsaak wêze. Dêr kinne je al dagen oer prate, mar dat is net it doel fan dit stikje. Wy libje hjir nammentlik mei in nuvere situaasje. Yn ús hûs sitte twa foardoarren. Kom ik daliks op werom. Wat is it dat minsken nei in bepaalde hoeke lûkt? Krekt as sit der sjerp op? Yn ús hûs sit in foardoar dy't we net brûke. Jo soenen der fan sizze kinne dat er oerstallich is, mar omdat er midden-yn de foargevel sit, is er tige byldbepalend en dus litte wy dat mar sa. Oan de sydkant fan ús hûs sit de foardoar dy't we dêrfoar brûke. Mei in bel en in lampke der by. Tige werkenber as foardoar. No binne minsken frijwat nuvere apparaten. Wenje mar 15 jier yn ús hûs en jo binne it mei my iens. Dus eins is de syddoar de foardoar. Ferkearde titel, mar sa is it al. Mar de minsken skine dat net troch te hawwen. Steane yn de neare nacht op de foardoar te timmerjen, want g