Ikoan foar Ljouwert

Ljouwert moat in ikoan ha. Dat stiet yn de LC, dus dan is it sa. Dêr in ien miljoen euro foar beskikber. Yn in artikel wurde minsken oan it wurd litten dy't ferstân fan ikoanen ha en dy sizze dat it net altyd goed útpakt mei betochte ikoanen.

Dat is no krekt wat fout is oan dit hiele ferhaal. In ikoan betinke je net, dat ûntstiet. Krekt as dat je alle jierren gjin Fryske simmerhit betinke kinne, al hoe goed bedoeld ek. In hit ûntstiet. It is net sa simpel dat troch him mar alle oeren te draaien it in hit wurdt. Dan is it in nûmer dat je troch de strôt drukt wurdt en dat jout grutte oanlieding en oanstriid om de radio út te dwaan. Fan boppe ôf, of fan ûnderen op, no? Jo begripe it wol.

Ien miljoen foar in betocht ikoan. Fout.

Der is ien miljoen beskikber foar in keunstwurk oan de nije dyk oan de súdkant fan Ljouwert. Sa hie it der stean moatten. As je dan wat gelok ha, kin it sa goed útpakke dat je nei ferrin fan in skoft konkludearje meie dat it in ikoan wurden is. Dat is de folchoarder.

Foar no soe ik sizze, as it in betocht ikoan wurde moat, ha ik wol in idee. Set der mar in replika fan dy grutste gehakbal del.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen