Posts

Posts uit februari, 2014 tonen

'Vuile kuthomo!'

Afbeelding
Yn Oeganda witte se wol hoe't se mei homo's ôfweve moatte. De president tekene dizze wike in wet dy't it homo wêzen strafber stelle moat. No stie der op twitter (dat is de nije krante, dus alles is wier) in kaart fan alle lannen dy't homofily strafber fine. It sil jim net fernuverje dat dat foaral Mohammedaanske lannen binne.It sil jim grif ek net fernuverje dat it twitteraccount út de USA komt. Yn Iran, Mauretanie, Saudi Arabie, Jemen en Soedan meitsje se dien wurk mei sokken, de deastraf. It liket wol oft dêr oeral de deastraf op stiet, as in frou ferkrêfte wurdt is it in skande, dus dan ek de kop mar kwyt, dy yndruk krije jo. De Profeet hat in tige tolerante Mienskip neilitten, it jout neat. Op it kaartsje kinne jo sjen hokker lannen noch mear oan ferfolgjen fan homo's dogge. Yn de och sa freonlike troch Taliban oerhearske falleien yn Pakistan meie fammen net mear nei skoalle. De Profeet sjocht se leaver binnendoar. Ik ha in man sjoen en heard dy't sei: &#

In het laatst der dagen...

Afbeelding
Dit is eins wol in histoarysk blochke. Jim riede nea wat ik hjoed dien ha. Gersmeane. Net dat ik dêr twa dagen nei myn jierdei no daliks sa'n noch oan hie, it is 24 febrewaris, mar it each wol ek wat. Al in wike as wat fûn ik dat der hjir en dêr nuvere pôltsjes stienen en dy woe ik der ôf ha. It hat de hiele winter (?) stadich troch waakst en de fûgels hienen safolle te fretten dat de ikels noch gewoan op it paad lizze, wylst se dy oars om dizze tiid hinne al lang op ha. Dat ik hie fannemoarn efkes nei it waarberjocht harke, hjoed knap en de rest fan de wike strontwaar, dus de meaner mar út de winterrêst, it ding sputtere in kear, mar deeglike Japanske apparaten dogge it altyd en ik wie 24 febrewaris 10.03 gewoan oan it meanen. 'In het laatst der dagen zult gij vreemde gezichten zien', stiet earne opskreaun. It sjocht der dus net goed út. Meane yn febrewaris, de dei nei de Olympyske winterspullen. Is de ein yn sicht?  

Nederlânske dominânsje reedriders

De foarsitter fan it ynternasjonale reedridersbûn ISU, Ottavio Cinquanta, wol ôf fan de dominânsje fan Nederlân op it langebaanriden. Dat stiet hjoed yn de krante. De bliidskip oer de kroadefol medailles fan Nederlân is terjochte. Mar Cinquanta hat fansels wol in punt mei syn útspraak. Hy seit: 'Wat is er voor buitenlandse kijkers nou aan als alleen Nederlanders van Nederlanders winnen?'  Foar de Nederlanners is soks gjin probleem, mar der sit in grut gefaar yn dominânsje. Ik bin bang dat it reedriden bûten Nederlân op stjerren nei dea is. Mar dat we der hjir noch net oan ta binne soks ûnder eagen te sjen. Is ek wol wer te begripen, minsken dy't no dwaande binne yn, en harren jild fertsjinje mei de riderij hâlde fêst oan harren posysje. Logysk. Mar ferstannich? Wat no as der oer fjouwer jier gjin 10 kilometer mear op it program stiet? Dy kâns is oanwêzich, oer acht jier is er yn elts gefal wol fuort. Dêr komt grif in mini maraton foar yn it plak.  De tsjinstanners

Bleate froulju, CDA en opstien út de deaden

Afbeelding
Wy ha fannemiddei efkes in ein om west. It waar liende him der foar en yn beweging is altyd better as nei curling sjen, alhoewol't dat Russyske frouljusteam der blinders wêze mei. Mar it giet om de sport. Dochs mar efkes in foto fan ien fan dy Russinnen? Sjoch, let foaral op dy curlingstien, dêr sil ik jim wat oer fertelle... Lit mar. Goed, wy kuieren fleurich fierder en kamen oan yn Ald Beets. Dat is opstien út de deaden, op himsels al in wûnder, mar mei mooglik makke troch it CDA, dus dan wurdt it wer wat oannimliker. Ik sil jim in foto sjen litte dêr't it op stiet, dan sjogge jim teminsten net mear nei dy Russyske curlingdame, dy't tige curlje kin, tinkt my. Nee, Ald Beets. No, moai net? Wy fierderop. En earlik sein hie ik net troch dat it pleatsen fan in pear boerden safolle emoasjes opsmite soe. Want amper oardel kilometer fierder rjochting Nij Beets wie it leger optrommele om de boel rêstich te hâlden. Strategysk opsteld, de antenne's wakker heech yn de lo

Samsom, Pechtold en Plasterk yn 4G

Afbeelding
 No moatst ris hearre, ju... En ja hear, dêr wie it al safier. Wy binne fan no ôf bedutsen ûnder in 4G tekken. Dat wol sizze dat wy ultra fluch konfrontearre wurde kinne mei alle piip, plop, tik en wit ik hokker lûden dy't dy Samsung fan my makket as der wer wat ultra wichtichs op it ynternet bart. Vodafone hat dus wiermakke dat wat se tasein hienen. Treflik, en in pear moannen earder as yn de plenning stie. Ik krige op twitter sels in berjochtsje yn it Frysk werom fan Vodafone. In wûnder. Dy flugge ferbinings ha ek in kearside. Sa kinne jo dan op de hichte bliuwe fan slaande deilis tusken twa foaroanmannen yn de Haagske polityk. It skom op de bek, de fûsten balle yn de bûsen en nearne oars op út as elkoars bloed drinke, sa wreed gie it der omwei. Alles fêstlein troch de flugge ferbinings, mooglik makke troch Vodafone. Debatteare oant djip yn de nacht, ferwiten oer en wer. Jo seagen it oankommen, de wreedste fan it spul soe der net foarwei en mei read trochbloede eagen die

John Jorritsma en Roelof de Vries yn 4G

Neffens my wurket der in Fries by Vodafone. Alteast, immen dy't Frysk lêze kin en/of wol. Dat is yn dizze tige yntolerante wrâld al in grut wûnder. Juster frege ik my samar ôf wannear't it 4G netwurk fan Vodafone yn Drachten en omkriten wurkje soe. Je ha soms fan dy gedachten. Yn It Feen en Ljouwert wurket it al. Foar guon dy't net witte wat 4G is: Dat is in sterk ferbettere mobyl netwurk dat as foardiel hat dat jo tige fluch ynternette kinne op jo Samsung of iPhone. Ik ha my fertelle litten dat guon providers yn Drachten ek al up and running binne, mar Vodafone noch net. Doe't ik mei de @vodafoneNL (fansels yn it Frysk) twittere wannear't dat heve soe, krige ik samar berjocht werom. Dochs bysûnder. As alles goed giet, soe it neffens de dekkingskaart op de side van Vodafone yn july klear wêze moatte. Dus krekt op tiid foar it skûtsjesilen. Dat is moai. Yn dat ramt woe ik útstelle om ferslachjouwer Roelof de Vries ta te heakjen oan dy silerij. En ek by de PC, it k

Sidney Kramer of Sven Crosby? Preview Olympic Hockey Tournament

Afbeelding
Sidney Kramer of Sven Crosby Oer in dei as wat begjint it Olympysk hockeytoernoai. In foarútsjoch. Op de side fan de National Hockey League kinne jo de gearstalling fan de teams besjen. De arrogânsje strielet der fan ôf, as de spiler yn kwestje net yn de NHL spilet, is fermelding fan de klup net wichtich. De superieure Amerikanen dogge dêr de muoite net foar. Hawar, so be it. Der binne in oantal lannen dy't allinnich mar ferlieze kinne. Team Canada is op papier favoryt, mei alles minder as in gouden plak sille se teloarsteld wêze. Se ha geweldige oanfallers, mei Bergeron fan de Boston Bruins yn topfoarm, Pittsburg superstjêr Sidney Crosby, de look alike fan Sven Kramer, en Rick Nash, de kwa styl meast lilke mar o sa effektive oanfaller fan de New York Rangers. Probleem is de keeper. Luongo fan de Vacouver Canucks is net yn foarm, Cary Price fan de Montreal Canadians sil de boel oerein hâlde moatte. Ferdigeners binne ynoarder, mei Jay Boumeester fan St. Louis en Patrick S

Dom, dom, dom...

De bydrage fan hjoed giet oer it folslein ûntbrekken fan fyzje as it om subsydzje takennen giet. Hy stiet  hjir  al sûnt juster, mar hjir no ek. Ha jim 23-02-2014 al mei in dikke stip yn jim aginda stean? Ik wol. Dan is de finale fan it Olympyske hockeytoernoai yn Sotchi.   Wat wolle jim eins allegearre besjen op dy winterspullen? Baggy trousers en fluor kleurkes yn de half pipe? 4 mans bobslydzjen? Keunstriden? Dûbel rodeljen? Curling? Freestile skye? Skeleton? Ik bin gek op wintersporten, mar dan wol echte sporten. Nim my net kwea-ôf, mar ik sjoch mysels no net daliks dûbel rodeljen. Wa’t dêr oanstriid ta hat moat it foaral dwaan, mar lit my mar nei Marit Bjoergen, Therese Johaug en Justina Kowalczyk sjen. Foar dyselden dy’t dizze nammen net kinne: Langlaufen. Prachtige sport. By de manlju sil de Noar Petter Northug it mes wol wer dwers yn de bek ha. It measte sjoch ik út nei it biatlon. Foar my tegearre mei hockey de moaiste wintersport dy’t der is. As se it dêr oer in sprint

Efkes jamme op sneon