In het laatst der dagen...


Dit is eins wol in histoarysk blochke. Jim riede nea wat ik hjoed dien ha. Gersmeane. Net dat ik dêr twa dagen nei myn jierdei no daliks sa'n noch oan hie, it is 24 febrewaris, mar it each wol ek wat. Al in wike as wat fûn ik dat der hjir en dêr nuvere pôltsjes stienen en dy woe ik der ôf ha. It hat de hiele winter (?) stadich troch waakst en de fûgels hienen safolle te fretten dat de ikels noch gewoan op it paad lizze, wylst se dy oars om dizze tiid hinne al lang op ha.
Dat ik hie fannemoarn efkes nei it waarberjocht harke, hjoed knap en de rest fan de wike strontwaar, dus de meaner mar út de winterrêst, it ding sputtere in kear, mar deeglike Japanske apparaten dogge it altyd en ik wie 24 febrewaris 10.03 gewoan oan it meanen.

'In het laatst der dagen zult gij vreemde gezichten zien', stiet earne opskreaun. It sjocht der dus net goed út. Meane yn febrewaris, de dei nei de Olympyske winterspullen. Is de ein yn sicht?  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen