Posts

Posts uit december, 2010 tonen

2011 en de Javaanske Jonges.

It wie my it jier wol. Twitterje, blogge, pinge, Facebook, ik wit net iens hoe't it allegearre hjit. En fansels myn earste roman, dat wie wol hiel bysûnder. Mei Riek en de hearen fan Ferbean op paad, dat hie ik in jier as wat lyn net tinke kinnen. En tusken de bedriuwen troch ek noch skriuwe, foarsafier't it woe troch alle drokte. 2011? Sjogge we wol, ien ding is wis, alteast neffens in dûmny út Drachten, we binne jûn nei tolve oere oan de lêste 25 jier begûn. Sukses dermei soe ik sizze! 25 kear 365 is 9125 dagen. Soe ik no noch ophâlde moatte mei smoken? Of soe it te weagjen wêze en doch mar wat troch? As ik Orlando in kear tsjinkom sil ik it him freegje.

Natuer?

De freoneklup fan de blomkes en de bijen, ek wol aksjegroep foar de bisten neamd, want in partij mei mar ien wichtich tema is gjin partij, lit wer fan him hearre. It poadium LC jout al jierren guon fan dy fanatike klup in soad romte om al har wrâldfrjemde stânpunten oangeande de natuer te publisearjen. Lit ik foaropstelle dat, en dat is ek daliks it haadpunt, we hjir yn Nederlân gjin natuer mear ha. It binne troch minsken oanleine parkjes, en de rest is boerelân. No is it sa mei túntsjes dat se ûnderhâld nedich ha. En dat hâld net op mei snoeien, dêr heard ek it behear fan predatoaren by. Eltse gek dy't in bytsje mear ferstân fan it fjild hat dan de minsken dy't altyd yn de krante skriuwe, de swijende mearderhyd, sjocht dat der fierstentefolle predatoaren binne. Doe't ik lyts wie, wie it in útsûndering as ik in mûzebiter of in foks seach. No rinne de foksen op klearljochte dei it Kritebosk út en skarrelje as makke hûnen oer de hiemen, op syk nei fretten. Dat komt omdat se a

It soe kinne.

Ik soe wat sizze kinne oer it karbidsjitten yn Ternaard, ik soe wat sizze kinne oer de plysjesteat Nederlân dy't stadichoan foarm kriget, ik soe wat sizze kinne oer Wilders dy't de keninginne te kak set, ik soe wat sizze kinne oer Wilders dy't Cohen te kak set, ik soe wat sizze kinne oer Cohen dy't Wilders op de fingers tikke, ik soe wat sizze kinne oer in premier dy't net wit wat er mei de rotsoai oan moat, ik soe wat sizze kinne oer ús Dútske paus of syn Belgyske biskoppen, ik soe wat sizze kinne oer berneopfang, ik soe wat sizze kinne oer Tibet, ik soe wat sizze kinne oer Hugh Hefner, ik soe wat sizze kinne oer it oantal kearen dat der mei de pin betelle is, ik soe wat sizze kinne oer in feestje fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten) op ús kosten, ik soe wat sizze kinne oer in manifestaasje dy't fansels wer yn Amsterdam hâlden wurdt, ik soe wat sizze kinne oer dy ynbrekker mei krystspyt, ik soe sels wat oer Wesley en Yolanthe sizze

In gewoane kryst...?

Wekker wurde, kreaze klean oan, preek, kâlde fuotten, kofje, ite, ein te rinnen yn de bosk, pake en beppe, tuskentoch hearre dat immen dy't je goed kenne longkanker hat, rummicub, stikje bôle mei oerbleaune rollade, bakje tee, gleske wyn mei wat der by, neat op tillevyzje, kearsen út en mar op bêd, wekker wurde, kreaze klean oan, kofje, bôle ite, tee, eintsje rinne?, goermette, pake en beppe, nei hûs, tee, gleske wyn mei net te folle lekkers, neat op tillevyzje, kearsen út en mar op bêd. As je it sa lêze kin it net oars of je fine dat der in negative yntonaasje yn sit. Mar dat is net sa, ik ha der bewust gjin noflik, gesellich, goed, lekker ensafh. tusken set. Dan bliuwt dat der dus fan oer. Mei oare wurden: je moatte der sels wat fan meitsje.  

Ferbiningen.

Hè, dat wie my efkes skrikke! De hotline mei de server lei der út. Gjin tillefoan, gjin Nieuwsuur, gjin ynternet, en dat flak foar de krystdagen. Net bêst. Nei in oere beljen mei in knaap yn it callsintrum fan de UPC kamen we ta de konklúsje dat der mar in monteur komme moast. Nije wike freed, op âldjiersdei, ien oere de middeis, dan koe it heve. Wat is der mis mei moarn, tocht ik noch, mar sa wurket it dus net. Mar ik bin dwers, dat nei in oantal keunstgrepen floepte my de iGoogle startside der wer foar. No de monteur noch ôfbelje, mar dat kin nije wike noch wol. Freed mar, tocht ik sa. In oere as tôlve? Wol aardich dat nei fjouwer kear it modem opnij opstarten te hawwen de ferbining gâns rapper is, elk nadeel...

Harry Otten? Nee lit mar.

Sa, dat wie myn bloch foar hjoed, alles wat je hjir mear oer sizze is oerstallich.

Mark of Geert?

Och heden, no wol de earste keamer Mark derby helje. Se hienen better Geert útnoegje kinnen, want dy hie harren fertelle kinnen wêrom't se gjin alternatyf fine wolle foar de BTW plannen op kaartsjes foar kultuer. Geert hie dan sein: ik ha de lêste wiken al genôch oer my hinne krigen, en dit is in slach ûnder de gurdle dy't ik al sa lang útdiele wollen ha, dêr komme jim net oan, steltsje âlde deminte senators. As Geert hjir ek noch foar omlizzen giet kin er better mar wer yn de opposysjebankjes sitten gean. Hy kin net oars as no de poat stiif hâlde, al falt it heale kulturele wrâldsje ek oer him hinne. Gesichtsferlies is by minsken yn publike funksjes blykber not done, better is: trochdramme mei de wittenskip dat it einliks nearne op slacht. Rûnom binne de foarbylden te sjen. En as it net oars kin? Liich der mar in ein hinne, as it útkomt kinne je altyd noch sizze dat de 'ferpakking net goed wie', om in deputearre te sitearjen. En dan rêstich de fjouwer jier folmeitsje.

Stekwurden.

No, dat wie my wat juster. Oer de hiele wrâld ha se it stikje oer lichte VVD´ers lêzen. Kroaasje, Ruslân en the US of A, folle en net mear. Soe it komme omdat der yn cyberspace socht wurdt op stekwurden? Juster kaam google deryn foar. Stel no dat ik FBI, CIA, Poetin, Obama, Queen Elizabeth, KGB, Knillis en noch wat fan datsoarte wurden opskriuw? Soenen der dan yn Langley Virginia reade ljochtsjes begjinne te baarnen? Ik hâld jim op de hichte, as it al sa is, sjoch ik foar Fryske skriuwers in gat yn de merke. Smyt der wat ynternasjonale kreten tuskentroch en foardat je it witte praat de heale wrâld deroer.

Lichte VVD'ers?

'...zoals lichte VVD’ers en teleurgestelde CDA’ers. De sociaal conservatieve stroming kan ook voor conservatief rechtse mensen en PVV’ers interessant zijn.' Sitaat fan frou Sap. De nije Femke sis mar. It ferskil is dat Femke moaie krollen yn it hier hat en sy net. Lichte VVD'ers, wat foar folk soe dát wêze? Teloarstelde CDA'ers binne der nochal wat, mar lichte VVD'ers? Se ha sûnt wit ik hoe lang in premier levere, dat ik tink dat foar no Rutte de kikkerts wol yn de kroade hâlde kin. As je it sitaat lêze wurdt Grien lofts fierút de grutste partij, se sûget de rjochterkant folslein leech. Opportún gejeuzel fan ien dy't noch net wit hoe't it wurket? We sille it sjen, ik bin benijd hoefolle lichte VVD'ers út de kast komme, en hoe as dy der útsjogge. Ik ha it al op google besocht, mar oant no ta is der gjin ôfbylding fan te finen. Spannend.

Rânestêd ANP.

It is in ramp. Neffens it ANP leit it hiele lân plat. No kin ik hjir noch op sokken de dyk oer, mar dat is foar it ANP gjin nijs. Skiphol, Amsterdam en wat dêromhinne leit. Dat is alles, dat is Nederlân. Waaralaarm, thús bliuwe ensfh, mar hjir dan? Gjin flokje sjoen. Moarn miskien, mar neffens Pyt soe der tongersdei ek al tsien sintimeter falle, dat we moatte it earst mar sjen. It ANP hoege we net op te rekkenjen wat it ferslaan fan aktueel waar yn de úthoeken fan it lân oanbelanget, se kinne it better Algemeen Nederlands Persbureau Randstad neame. Allinnich as der ien of oare Fries, Grinzer of Drint út de bocht fljocht komme se op besite. En by de Tocht der Tochten fansels. Hoopje dat er net komt, bliuwt it hjir lekker rêstich.

Sytske!

Afbeelding

Dissidint.

As leafhawwer fan de winter ha ik der soms wat muoite mei. We ha in dissidint yn it hok. Sytske, ús sanegeit fan sawat 20 jier âld is perfoast gjin foarstanner fan dit waar. Juster seach se my sa tryst oan, wylst ik mei in stokbôle nei har ûnderweis wie. It is nammentlik sa dat Sytske gjin kiezzen mear hat. Ek hast gjin tosken by the way. Mar, sy rêd har wonderwel op in dieet fan âlde bôle, fergees beskikber steld troch de pleatslike Fryske Bakkerij. Dat, mei in kilo A-brok is al in jier as wat har fêste iten. Mei de skilen fan de earpels en de resten fan slaat en koal derop ta. Wjerkôgje slagget net mear, mar it skynt dat it bist yn ien libben evaluearre is, it kin blykber ek sûnder. Darwin soe der jaloersk op wêze. Mar om Sytske mei de winter wol oer wêze, dat kin ik oan de hiele kop wol sjen. It is noch mar heal desimber, se sil efkes geduld ha moatte. Of dea gean. Mar dat ha ik har ferbean.

Te min!

Ja, it sâlt is (hast) op. Hoe yn de frede kin dat no sizze jim, ha se dan neat leard fan ferline jier? Ik sil jim sizze hoe't it kin dat it sâlt (hast) op is. We skriuwe begjin 2010, einliks is de snie fuort. In stik as wat hotemetoten dy't deroer gean sitte noflik op in goed ferwaarme kantoar, fuortsakke yn ergonomysk ferantwurde stuollen. 'No Piebe, dit wie my it winterke wol, net?' 'Ja, ja. dat komt fuort net wer jong!' 'Mar hoe moat it mei it sâlt?' 'Kalm bliuwe, ik ha de statistiken der op neisjoen, dit wie ien kear yn de tsien jier ofsa.' 'En dus?' 'Dus ha we it wol in jier as wat oan tiid om de foarried wer op peil te krijen.' 'Mar stel no...' 'Net tefolle neitinke jong, de statistiken lige net, sa dogge we it. Kofje?' 'Ja, lekker. Mar...' Sa komt it dat we (hast) in tekoart oan sâlt ha.

Rudolf.

Milieubewust as we binne tocht ik, kom doch es wat geks. Dus no ha we Rudolf. In troch in ljochtsnoer foarme rindier. Ik ha him boppe-op it sket montearre, dat as it skimerich wurdt set Rudolf de saak yn it ljocht. Hy hat ek noch wat ekstra's , Rudolf syn kop giet hinne en wer. Dat wie in opsje by de oankeap, mei as sûnder beweegbere kop. No is it krekt ien mei slow motion Parkinson, Rudolf hat neffens syn bewegings net folle op mei de wrâld. Allinnich mar nee skodzje. Hy is om koart te sizzen freeslik, kitsch en net om oan te sjen. Machtich! O ja, de knibbel is wer klear! 

Rinne.

Wekker wurde mei in seare knibbel. Jasses. Ferkeard lein ofsa. Plan de kampanje: it derút rinne. Dus njoggen oere fuort, twa oeren letter de Feanhoop om west. 15 kilometer. Resultaat: 15 kilometer ferhâlde, dus no lêst fan de oare poat! Benijd hoe't it moarnier wer is. Pfff.

Net klikke.

'Do meist net klikke!' Op de legere skoalle wie dat in gouden regel. Ien dy't klikte wie in loser, in leffert en in waardeloas sújet. Tsjinwurdich wurde we troch de oerheid stimulearre om dy buorjonge dy't in brantsje stookt derby te lappen. Is dat no in goede ûntjouwing? Eartiids wie de plysje der om as der wat ferkeard gie de saak op te lossen. No is dat oars. Ik kin my in gefal foar de geast krije wêrby't in famke ferdwûn. Nei in dei as wat rûn it bern it buro yn Roermond yn. Dêr hie de plysje neat oan dien. Mar it waard troch in wurdfierder wol brocht as hie de hermandat de saak oplost. No net dus. As it bern net troch dy doar kaam wie? Ik wit it net. No ha we boargernet, Amber alert, twitteraksjes en wat net mear. We ferwurde ta klikspanen. Ik wit wol, as der wat slims oan de hân is is eltse help dy't je krije kinne wolkom, mar dochs. It sil de nije tiid wêze, mar ik wit noch dat dyjinge dy't doarde te sizzen dat der in pear knapen efter it fytshok in

Sneontemoarn, altyd leuk.

It is wer tiid om in krystbeam op te heljen. No wenje wy oan in trochgeande dyk, mei in brede oprit. Dat noeget út om by ús te kearen, omdat de man mei de krystbeammen in eintsje fierderop wennet. Dat jout sa no en dan in gratis útfiering fan comedy capers. Niis noch, in man mei in karre efter de auto, fol fjoer en klear om in fierstente djoere krystbeam te keapjen, dat koene jo oan alles sjen. Mar doe moast er keare... Nei seis kear stekke, in hast oanriding en in protteljend wiif neist him binne se mar trochriden, in pear tellen letter hienen se de gefaarlike ûndernimming ta in goed ein brocht en jagen se mei it smoar yn wer by ús del. Jammer dat der gjin flitspeal stie. As man wolle je net ôfgean mei de frou derby, en dan ek noch ûnder de eagen fan in folsleine hûshalding dy't by eltse poging dy't net slagge in bytsje mear begûn te laitsjen... HOHOHO, de krystman is wer yn it lân!

Rydplaten.

Ik ha efkes in stikje út de beslútelist fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten) kopiearre. As se my dêrom oppakke witte jim wêrom ik in dei as wat myn bloch net byhâld. The continuing story oer it kanaal tusken Beets en de Feanhoop kriget in nij haadstik. Rydplaten. Dy lizze der al in jier ofsa, mar no is ien de klierderij sêd en wol dat der wer fatsoenlik riden wurde kin. Kosten: Jim kinne it hjirûnder lêze, € 7500.00 yn it jier, eks BTW. Foar in pear rydplaten! Dy kinne letter wer op oare plakken brûkt wurde, dus is it bedrag de keale hier. En dan noch wat, dit binne mearkosten. Der lizze ek al in soadsje fan dy dingen, dus sille we der foar it gemak fan útgean dat dy like folle kostje? € 15000.00 yn it jier foar in stikje dyk dat rûchwei 100 meter lang is. Wa is hjir no gek? Ik tink der sterk oer om ek mar in bedriuw yn it ferhieren fan rydplaten te begjinnen. Polderhoofdkanaal Besluit 1. Het middengedeelte van de opgebroken weg op de Kanaeldyk wordt voorzien van rij

Gjin publyk. De wrâld neffens Drs. H. Zijlstra.

Gjin publyk? Gjin sinten. Is dy Halbe Zijlstra net in Fries? Easterwâlde, dat is op de kaart noch Fryslân, dêr is er berne. Like âld as my, mar in hiel oar idee oer de wrâld. Sil earder wol bot narre wêze ofsa. Hawar, as we it belied fan de regearing trochlûke binne der in soad saken dy´t faai steane. Om ien foarbyld te neamen: Fergaderingen fan de twadde keamer, sjocht gjin hûn nei, ophâlde mei it beteljen fan oerstallige praatsiike minsken mei mienskipsjild dus. Dat is dochs wat se wolle? Of om like dom te praten as hy docht: help oan earme lannen, fuort mei ôphâlde, is gjin publykslûker. Ik ha noch nea sjoen dat der op prime time in show oer in wetterput yn Somalie op de tv wie. Stopje mei dy flauwekul, it lûkt gjin minsken. Noch ien, bakken mei jild stekke yn in jachtfleantúch. Ophâlde, daliks. We meie net iens yn de fabryk komme wêr´t se dat ding yninoar sleutelje. Gjin publyk? Gjin sinten. Net myn wurden, Halbe sines. Wêr is dan noch wol jild foar? Asfalt. No, as ik deis op d

Realisme.

Hjir en dêr komt it besef nei it oerflak dat it betelle fuotbal net op dizze foet fierder kin. Lokkich mar, it sil oars moatte. Sels yn de 'grutte' kompetysjes sil binnen in jier as wat de sjippebel ploffe, dat kin net oars en it moat ek. Klups dy't mei 50 of 80 miljoen yn it read noch altyd bestean en ek noch spilers fan wrâldnivo oankeapje kinne binne it bêste foarbyld fan ûnearlike konkurrinsje. Ofhinklik fan de korrupsje yn dy lannen sil de Uefa en yn mindere mate de Fifa yngripe moatte, wol de sektor ea wer sûn wurde. Snotjonkjes út de efterbuerten fan Liverpool dy't trije ton (!!!) yn de wike fertsjinje, of moat ik sizze krije, want dat fertsjinnet net in minske, sille omstean leare moatte. Pas as de fuotbalwrâld ynsjocht dat de hearen ek mar gewoan oan it wurk binne sil der in omslach komme. Dat soe de stadions ek wer folkrije, want der binne in soad minsken dy't it spultsje wol aardich fine, mar net mear komme omdat se it smoar yn ha oer de grouwelige bedra

Radar.

O, kom er eens kijken!! Niis op de buieradar seach ik in tsjokke wolk oer it lân skowen. Lit mar komme, ik ha de trekker klear stean, mei it skoboerd derfoar. In heale meter graach, oars is it de muoite net wurdich. De ierde waarmet aardich op, ferline jier sawat trije moanne winter en no begjint it der ek alwer op te lykjen. Ik mei wol oer dy klimaatsferoaring, dan ha je teminsten eltse winter wer snie en froast. As se no moarn wat aktyf binne mei de skomasines kinne we noch in baantsje ride ek. Rûnom in wite wrâld en de baan dertroch, wat wol in Fries noch mear? Jawis, noch mear snie en iis! It is noch mar sinterklaas en noch lang gjin maart, der kin noch fan alles barre. No earst mar pakjes útpakke. Winter, hearlik.

Nachts fuotbalje?

Okee, it is helder. Wa hat de measte sinten, dy kriget it WK. Fan de FIFA, in organisaasje dy't seit dat it WK har ienichste boarne fan ynkommen is, kin ik dat wol begripe. Mar sis dat dan ek gewoan. Lit dy oare lannen net in jier as wat foar joker rinne en tinke dat se in kâns meitsje. Doe´t Poetin him oppenearre wie it al klear. Hoefolle kostet it, dêr bied ik noch de helte oerhinne, dat moat genôch wêze, fynst ek net Sepp? En doe de sek mei dollars út Qatar noch, de FIFA wie stjerrende bliid mei dizze klanten. Mar minsken, ik wol net spytgnyskje, mar witte jim wol dat it better is as ús jonges harren net pleatse foar dat potsje balskoppen yn dy sânbak? Dêr komme ûngemakken fan. As it my net mist spylje se dat yn juli, augustus, en de gemiddelde kwikhichte yn Qatar om dy tiid is, taaadaaa 42 graden, mei útsjitters boppe de 50!!! Dêr kriget sels in kamiel de hik fan.