Natuer?

De freoneklup fan de blomkes en de bijen, ek wol aksjegroep foar de bisten neamd, want in partij mei mar ien wichtich tema is gjin partij, lit wer fan him hearre. It poadium LC jout al jierren guon fan dy fanatike klup in soad romte om al har wrâldfrjemde stânpunten oangeande de natuer te publisearjen. Lit ik foaropstelle dat, en dat is ek daliks it haadpunt, we hjir yn Nederlân gjin natuer mear ha. It binne troch minsken oanleine parkjes, en de rest is boerelân. No is it sa mei túntsjes dat se ûnderhâld nedich ha. En dat hâld net op mei snoeien, dêr heard ek it behear fan predatoaren by. Eltse gek dy't in bytsje mear ferstân fan it fjild hat dan de minsken dy't altyd yn de krante skriuwe, de swijende mearderhyd, sjocht dat der fierstentefolle predatoaren binne. Doe't ik lyts wie, wie it in útsûndering as ik in mûzebiter of in foks seach. No rinne de foksen op klearljochte dei it Kritebosk út en skarrelje as makke hûnen oer de hiemen, op syk nei fretten. Dat komt omdat se alles al hast op ha. Der binne te folle, dat snappe wy allegearre, behalve de minsken fan de aksjegroep foar de bisten.
Wy brûkten foarhinne rûge dong, dat luts greidefûgels oan. Mar de tiden feroarje, de ljip sit no op it maislân. Neat mis mei, mar it is te iepen, kinst se fan in kilometer sitten sjen. As wy as bline kipen dat al sjogge, lit stean de bisten dy't dêr op taret binne. Dus sil der in kar makke wurde moatte, wolle we de tún der kreas en yn ferhâlding bylizzen ha? Of litte we it túch de boel oerwaakse? De aksjeklup is foar de twadde opsje, yn it soch folge troch de heale Gooise grachtengordel dy't noch nea it wurk fan in stienmarter sjoen hat.
Mar dan binne we wol dwaande mei de lêste jierren dat we de ljip en de skries hearre kinne, skriezekriten of net. It is in kar, mar net dy fan my.
   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen