Posts

Posts uit februari, 2015 tonen

Eerste jaargang nummer één (1)

Afbeelding
Het Bokwerder Onbelang Uw nieuwsblad onder het motto: nieuws voordat het nieuws is 'Maak van depot nieuw Fries museum' Voorzitter Schnitzel: 'Nieuwe directeur moet heilige huisjes omver gooien' Ruben Schnitzel Leeuwarden- De nieuw te benoemen directeur van het Fries museum moet heilige huisjes omver durven gooien, aldus de kersverse selectiecommissie voorzitter Ruben Schnitzel. De speciaal uit Duitsland ingevlogen benoemingsspecialist roemde de mogelijkheden die in de Friese hoofdstad voor het oprapen liggen. 'Neem nu bijvoorbeeld de historische collectie die een overzicht geeft van alles dat Friesland heeft gemaakt tot wat het nu is. Daar zou je natuurlijk iets mee kunnen doen,' aldus Schnitzel, die eerder succesvol was in het vechten tegen Duitse windmolenplannen op het voormalig Berlijnse vliegveld Tempelhof. 'Je mag van de nieuwe directeur verwachten dat hij of zij daar innovatief mee om zal gaan. Ik wil niet op de zaken vooruit lo

De Tjongerschans, in Gouden Plak

Afbeelding
Der wurdt in soad praten oer de soarch. Dit is net goed, dêr is wat op oan te merken. Dat sil allegearre wol sa wêze, mar tafallich ha wy de lêste tiid wat mear mei de soarch te krijen as winslik en dêrom dit skriuwen. As der immen opnaam wurde moat yn in sikehûs is dat ferfelend, mar je meie der fan út gean dat se dan op it goede plak lizze. As it thús efkes net mear kin, binne je bliid dat der in foarsjenning is dy't de 24 oers soarchtaak efkes oernimme kin. Wy binne fan hûs út rjochte op It Feen, sikehûs De Tjongerschans. It sil sa wêze dat der in soad mis is yn de soarch. Te min dit, tefolle dat. Mar mei ik ek ris in grut applaus freegje foar al dy helden en heldinnen dy't alle dagen de pasjinten begeliede, waskje, iten en drinken jouwe en alles dogge om harren tiid yn it hospitaal kwalitatyf sa goed mooglik te meitsjen? Yn de ôfrûne wiken ha wy fernaam dat der noch gewoan echte oandacht foar pasjinten is, oandacht fan gewoane minsken. Gjin maatpakken, mar wite klean.

Norah Jones Live Amsterdam 2007

Afbeelding

Tom Petty & The Heartbreakers - Don't Come Around Here No More

Afbeelding

Wy ha nachts besite

Afbeelding
Wy ha nachts besite. Net dat we der lêst fan ha, mar dochs. It is ek net dat de besiker besiket om net op te fallen, it is gewoan in swijsum typke. Hy of sy komt ek net binnendoar. Dochs witte wy dat er der is. Moarnsier kinne wy him spoare oan wat er foar ús efterlitten hat. Wy ha gjin lêst fan mûzen. Gewoanwei kaam der winterdeis wolris ien op de strún tuken it plafon en makke dêr in soad leven. Tige nijsgjirrich as jo yn de keamer sitte. Rûnom yn Fryslân ha se te krijen mei in mûzepleach, wy lokkich net. Hoewol... Wy ha jonge piken. Binne se net prachtich? Ik mei wol sizze dat ik der yn 't foar net folle betrouwen yn hie, mar de gielwytweiten hoanne docht syn wurk prima. Ek de briedmasine levere goed wurk, 96% fan de aaien dêr't in pyk út komme koe, kamen út. Prachtich moai, sa te sjen ha wy der in moai teamke jonge hinnen oan oerholden. Wat hat it ien no mei it oar te krijen? Dy jonge piken moatte iten ha. Dus in pûde opfokfoer helle en se fine it hearlik. Op

Ik wol in Islamyt as baas fan Fryslân

Dit sette ik dizze moarn op Facebook, wylst ik dwaande wie in grêf te meitsjen.  Wij zijn van denken dat alle azijnmijgers in het hoofdplaatselijke roddelkrantje dat LC heet, zich betreffende het Fries wederom van de bekende kant zien laat, zij zullen zich vast en zeker in elk land aanpassen aan de heersende taal en cultuur, echter in hun eigen gekozen woonplaats met een eeuwenoude gesproken taal menen zij zich te moeten misdragen door volkomen intolerant met de tweede rijkstaal om te gaan, wat ons maar koud bij de rug omlaag moet lopen, elke vorm van berichtgeving rondom deze taaljihadisten is er een (1) teveel, het feit dat het hoofdblad sinds 17 nog wat deze taaldwazen een (1) podium biedt zegt nevens ons iets over het beleid aangaande de moedertaal, wij overwegen dan ook sterk om na vier (4) generaties afscheid te nemen van het Leeuwarder Nieuwsblad, dat zodoende . Oanlieding wie de ynstjoerde stikken yn de krante oer in Frysk pratende Johannes Kramer. Dy is tafallich fan de FN

Op de snelkoker nei Herema State

Afbeelding
Kinne jim dy reklame fan dat fanke dat mei in gettoblaster in seal yn daveret dêr't in ploech âlderein op de wyklikse bingo sit te wachtsjen? De dame begjint mei in wylde workout en de âldsjes dogge nei in tel as wat ferwoest mei. Ik fyn it in tige slagge reklame, allinnich ferjit ik steeds wêr't it reklame foar is... Lokkich is der Youtube, dus hjir is er: De âlderein moat fermakke wurde. Op It Feen ha se grutte plannen wat dat oangiet. Fjouwer bejaarde- en ferpleechtehûzen, sa as wy se gewoanwei neamden, sille plat. No bin ik lokkich noch net op in leeftiid dat ik dêr gebrûk fan meitsje, mar doch ha ik wol wat mei twa fan de fjouwer. Huize Anna Schotanus stiet op de râne fan Oranjewâld, Aldskoat en It Feen. Yn de seal is alle sneinen preek, minsken út Oranjewâld gienen dêr gauris hinne, ik leau sels dat tsjerklik Oranjewâld dêr by hearde. Ik ha der ek in soad sitten. Oan de iene kant fan de romte sieten de pasjinten, om sa mar te sizzen, oan de oare kant de 'gewoan

Frisian black

Afbeelding
Fan ûnderen op                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                      

In posityf bloch, omdat it kin

Afbeelding
Wat is it libben doch moai, net? Je soenen der hast spontaan fan begjinne te sjongen as je bûtendoar komme. Werklik wier, de snieklokjes komme ek al wer boppe de grûn. In foarboade fan de maitiid, dêr't we allegearre sa nei longerje (snik). De kâlde, lange winter mei no wol wer fuortgean. Der is suver neat dat ús yn de wei sit. De rêch wat nofliker as juster, de aaien yn de briedmasine dy't nije wike útkomme kinne Wat is it in feest om alles meimeitsje te meien. Ek de dagen wurde al wer langer, ha jim dat wol fernaam? Sa lokkich kin in minske dêr fan wurde. En de grutte wrâld is fier fuort. Alle boaze berjochtsjes? Ach, it sil wol. Snein komt boer zoekt vrouw der wer op, en de rest is bysaak. Der is echt neat dêr't wy ús drok om hoege te meitsjen, want alles giet moai troch, sels al witte je net wat der oan de hân is. No, moai dochs? Hearlik. Niis noch! Sa aardich mei immen stien te praten, it wie in lust. Gjin wankklank heard, allinnich mar oer it moaie waar praten. Wat

Dodenrit met wonderbaarlijke genezing

Afbeelding
Fan hús út ha wy meikrigen dat we grut betrouwen yn in oantal saken ha moatte. Ien fan de spearpunten wie de International Harverster Company. It ikoanyske logo sil jim grif bekend foarkomme. Sjoch, der wienen eartiids boeren dy't klassifisearre waarden oan de trekkers dêr't se mei wurken. Je hienen Fendt boeren, dy wienen meastal CAF relatearre, je hienen Ford boeren, mar wy hearden by de Cormick boeren. Want International hjitte earder McCormick, noch earder Farmall en ek Deering. Hoe dan ek, der wie in soarte fan distânsje tusken dizze trekker bloedgroepen. Meastal wienen de boeren o sa merktrou. In Ford boer soe net gau in International oanskaffe en Fendt boeren wienen de patsers, want Fendt wie it djoerste merk.  Ik ha gjin tatoeaazje. Wol ik ek net ha, want as je 80 wurde meie is dat gjin fersiering mear op dat hingjende fel, mar elts dy't it wol hat is my prima. Hie ik earttids in tattoo sette litten, hie de kâns grut west dat it it logo fan International wu