Wy ha nachts besite

Wy ha nachts besite. Net dat we der lêst fan ha, mar dochs. It is ek net dat de besiker besiket om net op te fallen, it is gewoan in swijsum typke. Hy of sy komt ek net binnendoar. Dochs witte wy dat er der is. Moarnsier kinne wy him spoare oan wat er foar ús efterlitten hat.

Wy ha gjin lêst fan mûzen. Gewoanwei kaam der winterdeis wolris ien op de strún tuken it plafon en makke dêr in soad leven. Tige nijsgjirrich as jo yn de keamer sitte. Rûnom yn Fryslân ha se te krijen mei in mûzepleach, wy lokkich net.

Hoewol...



Wy ha jonge piken. Binne se net prachtich? Ik mei wol sizze dat ik der yn 't foar net folle betrouwen yn hie, mar de gielwytweiten hoanne docht syn wurk prima. Ek de briedmasine levere goed wurk, 96% fan de aaien dêr't in pyk út komme koe, kamen út. Prachtich moai, sa te sjen ha wy der in moai teamke jonge hinnen oan oerholden.

Wat hat it ien no mei it oar te krijen?

Dy jonge piken moatte iten ha. Dus in pûde opfokfoer helle en se fine it hearlik. Op in moarn soe ik it bakje efkes fol smite, die in greep yn de pûde en doe kuiere my in mûs oer de hân. Je binne dêr net op klear en skrikke efkes. It bist grif ek. Hy ferdwûn efter de terrasstuollen dy't yn de winterstalling steane.

Dy iene mûs is ús nachtlike besiker dus ûntkaam. Foar de rest ha ik neat te kleien oer syn of har kwalitieiten. Yn oparbeidzjen mei ús kat hâlde se de boel moai mûsfrij.

Wy ha nachts besite. Op de foto wol er net. Mar op it www is wol in plaatsje te finen: sa sjocht er der út:


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen