Posts

Posts uit februari, 2011 tonen

Spektakel

It is gjin fuotbal, mar dêr is de lêste tiid dochs net folle oan. Ik sil noch ien kear besykje om jim waarm te krijen foar de edele cricketsport. Sjoch nei it spektakel yn it filmke. Dit is yn it koart de striid tusken India en Ingelân fan ôfrûne snein. Oan de ein wurdt it in lykspul, mar dêr seach it net nei út. Spannend!!

India vs England - England Wickets 2011 world cup plus last 12 balls

Afbeelding

2011-2012

It moat in noflike jûn foar Cambuuroanhingers west wêze. En as 0513 man gun ik dat harren folslein. Jans past net by DKV, dat wie al lang helder. Degradearje sille we net mear, mar dat wie it dan ek wol. Krekt noch gjin maart, en it wachtsjen op in nij seisoen is no al begûn. Dochs noch in oerienkomst tusken de twa Fryske BVO's. Proast!

Stille revolúsje

Afbeelding
Hokker gemeente wenje wy? As de ried net omlyk wol dogge we it dochs lekker sels?

Miste kâns

In skoft lyn ha ik my al in kear net al te fleurich útsprutsen oer ús Halbe, Fries yn it kabinet. No mei ik op sneon graach de krante lêze, mei kofje der by. Mar hjoed bekaam it my net al te bêst. Wat in arrogânsje striele fan syn kopke ôf. Se wienen sa as wenst wie sels nei in hegere ferdjipping reizgje om nei de aapkes te sjen dy't op it Maliefjild sammele wienen, want dêr boppe-yn it gebou ha je sa'n moai oersjoch oer de sukkels. Jasses. As hjir in stik as wat minsken har namme op in list sette litte om dêrmei oan te jaan dat se gjin PVV stimme, is Jankobus ien ding ferjitten. Hy hie der by sette moatten dat se ek gjin VVD stimme, dan hie ik ek wol op dy list wollen. Want as it op snoeihurd belied oankomt dat minsken yn it legere ein sear docht, woe ik noch wolris witte wa't de boeman is. In regearakkoart dêr't rjochts him de fingers by ôfslikket, ik hear it de hear Rutte noch sizzen. Mar miskien ha al dy ferneamde Friezen op dy list wol safolle jild dat se fan hûs

Griene snotte

Sa. It moat no mar wer dien wêze mei dy oanstellerij, ik bin wer better. De kop barstensfol mei griene snotte, mar út erfaring wit ik dat je dan it slimste hân ha. Eins is it wol moai wurk, dat snuten fan griene snotte. It wurket ferslaavjend, je ha it idee dat as je it lêste derút ha, it ferkâlden wêzen ek dien is. En dan is der fansels noch de opbringst fan it kocheljen, al sa'n aardichheid. Ik bedoel, wat moatte je dermei? As je allinnich bûtendoar binne is der gjin probleem, mar wat as der in fikse, sis mar in lyts mûltsje fol produsearre is yn selskip? Trochslokke? Dêr ha ik wat muoite mei, sjoch, de sykte moat der út, en dêr past trochslokke net by. Dus bin ik oan it ein fan it ferkâlden wêzen it leafst allinnich. Mei wat romte om my hinne, jo kinne je der alles by foarstelle nim ik oan. Nije wike is alles wer oer, en hast ferjitten. Sels de Javaanse Jongens begjinne alwer te smeitsjen, it giet de goede kant op!

Jierdei

De hiele winter nearne lêst fan, mar juster fielde ik it oankommen. It rjochter noasgat wie net sa as it wêze moast. No rint it wetter der út, dat ik bin yn de prizen. As ik earne de skurft oan ha is it oan ferkâlden wêze. Bylden fan ruften fol mei snottebellen en buiskes Chefarine 4. Ik wit noch dat der eartiids in kapper wie dy´t deis in buiske fol fan dy rommel opkôge, mar oft er no ferkâlden wie? Hawar, earst mar ûnder de waarme wetterstraal en dan krekt dwaan of is der neat oan de hân, je ha mar ien kear yn it jier jo jierdei, no?

Adema

Fannemoarn die ik de radio oan, krekt as alle dagen. Moast ik in promospot fan deputearre Adema oanhearre, dy't by heech en leech sei, dat netsjinsteande dat de chipknip it net die, it iepenbier ferfier goed wurke. De treinen en bussen rieden, ja. Mar as je der hast in kear sa lang oer dogge om fan a nei b te kommen as mei de auto, wurket it dan goed? Trije kertier langer op de hinnereis is oardel oere deis mear reistiid. Kear fiif, dat is hast in dei ekstra wurkjen. Mar, je koenen fêst begjinne mei it lêzen fan de krante, en in moai stikje wurk klear krije op de leptop, brocht de man ek noch yn. As anty iepenbier ferfierman ha ik in kear op snein yn in trein sitten, en ik moat sizze dat it my min foldie. It wurk dat Adema bedoeld sil grif net folle om de hakken ha, want ik soe gjin letter op papier krije mei dat gejeuzel fan Jan en alleman op de eftergrûn. Hjoed is it moandei, dat fia de mobyl sil grif it ôfrûne wykein besprutsen wurde mei ien as oare freondinne, en krekt wat te

Mu'ammar

Mu'ammar Khaddafi slacht eltsenien de kop yn dy't him of har tsjin syn bewâld keare doart. In pear dagen lyn hie ik it oer ús maat Berlusconi, en neamde dat in kat yn it near. Dêr binne dus mear fan. De beide hearen kinne goed, sterker, Silvio mocht by Mu'ammar yn syn tintsje komme. Want as Mu'ammar op besite komt, nimt er dy mei. Lekker knus, ferhale oer sliepfeestjes en sa. Fjoerke oan, gleske wyn fan ome Silvio, en Mu'ammar mar fertelle oer syn nijste haremlid. Marshmallo's roasterje, it is gesellich mei dy twa. Khaddafi hat it lêste desennium bot syn bêst dien om yn de westerske wrâld as in wat mylder persoan oer te kommen. Dat koe er dwaan, omdat it relatyf rêstich wie yn Libie. Mar no komt syn wiere aard wer boppen en lit er mei skerp sjitte op demonstranten. Yn alle drokte dy't no yn de Arabyske lannen hearsket is ien lân dat net, of hast net fan him hearre lit. Israel. Wat soenen dy hjir no fan fine? It mist my net, de Mossad, it Instituut voor Inf

Rêchsekje

Us geweldige kabinet hat yn har drift om safolle mooglik jild nei plakken te stjoeren dêr't nimmen op sit te wachtsjen, wer wat betocht. Bern dy't in rêchsekje ha omdat se net al te goed meikomme kinne op skoalle reitsje dat kwyt. Skandalich. Fan ien dy't der in protte fersân fan hat hearde ik dat der nochal wat mei sjoemele wurdt, en it jild net altyd op it goede plak komt. It tafersjoch lit te winskjen oer. Yn stee fan dêr wat oan te dwaan skaffe we it mar ôf. Maklik hear. Oan de oare kant lizze we fjouwerbaansdyken oan nei krimpregio's. Ik ha dat nea begrepen, oant hjoed. It sit sa: as de hearen en dames nei datsoarte kriten reizgje, wolle se dat wol komfortabel dwaan. No, oan de auto sil it net lizze, dêr meie we mei syn allen in ton yn it jier foar lappe. It stik, hè, net tinke dat je der mei ien ton binne. Hoefolle bern soenen dêr yn it jier mei rêden wêze? Grien, duorsum, rintmasterskip? Ja, dat binne de grutte doelen. Mar om te kontrolearjen oft it pleps it w

Een aap die geen bananen eet

Witte jimme wat dat foar sechje is? Ik wist it net, oant dizze wike. Seis wurden, seis snaren. Jawis! De snaren fan in gitaar. Doe't ik noch yn myn wylde jierren siet (ahum!, kuch) ha ik in gitaar kocht, en net leard om der op te spyljen. Ja, trije akkoarden, dat is it sawat. Hy wie ek net djoer, ik leau 50 gûne, en dan hie ik de fersterker der op ta. Hjoed hie ik in praatsje mei de buorman, en dy sei dat syn soan dwaande wie om in band op te rjochtsjen. Drums, gitaar en in sjonger hienen se al, no wie it sykjen om in toetseman of bassist. Jasses, wat fielde ik my doe âld! En dat wie dizze wike al de twadde kear, de earste klap kaam doe't ik mei junior nei de earste gitaarles gie. Ien les, twa akkoarden leard. Wat hie ik dan al in macht oan akkoarden leare kinnen! Want heit is al stokâld, no? Fan de weromstuit ha ik hjoed de hiele middei sitten te pingeljen, it lytse skoft dat ik noch mear akkoarden behearskje as junior wol ik brûke. As se my aanst útlaket omdat se mear kin a

Groch

O, jee, wy ha de gryp yn hûs. No mar hoopje dat it dy mylde fariant is dêr't se it al in jier as wat oer ha. Ien ding is wis, as ik nei junior sjoch hat se deselde kleur as it wite lekken dêr't se ûnder leit. Sa myld is it no ek wer net. Wy krigen dan in groch, mar dat mei net mear tsjintwurdich, leau ik. Wat dêr yn siet ha ik nea witten, it sil jenever west wêze, mei in soad sûker en gleonhjit wetter. Je koenen der goed op sliepe, dat wit ik noch wol. Sa'n groch wie better as stome. Freeslik. Mei in doek oer de kop en dan ynazemje boppe in panne mei kôkjend wetter, no, nei in kear as wat fûn ik in wike heal wêze noch better as dat. En dan wie der it ferneamde reade drankje. De iene kear wie it lekker, en de oare kear fiis. Wat dy âld dokter yn de Knipe no krekt joech? In tsjuster ferhaal as't it my fregest. Dy keardel hie noch in frjemde gewoante, hy mocht graach neaken swimme. Yn it kanaal dêr't wy sieten te fiskjen. Nea sa'n nuvere fisk sjoen as hy. Mar wol

Foarspelber

Juster ha ik in berjocht op facebook set, wêryn't ik sei dat it in spannende dei wurde soe yn de Steaten. Ze dronken een glas, deden een plas, en alles... Jimme witte de rest wol. Galema knibbelet djip en deemoedich, sei Johannes Kramer op twitter. Tsja, as je sa graach deputearre wurde wolle is elts risiko te grut. Dan sette jo de keet net op stelten, mar sakje gau werom yn de stoel en spytgnyskje as der immen seit wat jo eins sizze wollen hienen, en miskien wol moatten. De honger nei it plús is sa grut, dat je hast ien om hals bringe moatte, wol it konsekwinsjes ha. De show mei krokodilletriennen dy't hjoed opfierd is? Lit jim net fan de wiis bringe, it is ien grutte pankoekbakkerij, mei mar ien doel: hoe komt it nei twa maart. En neat oars. Alle ferhalen der omhinne binne net relevant. Drok gejeuzel op twitter en de omrop? Bollestront. Juster ha ik oan Kramer frege oft hjoed de bûter jild jilde soe, ik wachtsje noch op antwurd, mar eins wist ik it al. Djip en deemoedich?

Berlusconi diel twa

Hy moat der dochs oan leauwe, ús Italiaanske macho Silvio. De oankleiers wolle him foar de rjochtbank bringe. De maksimale penalty foar syn fergryp is fyftjin jier de sel yn. In kat yn in near makket nuvere sprongen, dus ik bin benijd hoe't er him hjir wer út rêde sil. Want dat sil er, en oars rekt er de saak wol sa lang op dat er dea is foardat er de finzenis yn moat. Hy sil alle registers iepenlûke om mar sjen te litten hoe'n geweldich man er foar Itaalje wol net is. Frjemd, ik krij in deja vu fan komsa, is hjir yn Nederlân ek net in rjochtsaak geande? Der binne wol wat oerienkomsten. Mar Geert hat lang safolle jild net, en dat is yn Silvio syn foardiel. Meitsje jim mar klear foar it grutte maffiarjochtbankdrama, it oantal útstjoerings wurdt neier besprutsen. Ik mei hoopje dat se in goede rjochter ha, en dan bedoel ik ien dy't it wat knap bringe kin op de TV. Miskien is Al Pacino yn te hieren, it hat dochs neat mei it finen fan de wierheid te krijen, dus in moaie rol fo

Schyldpoddeporno

Wêr't se tsjintwurdich al net in saak fan meitsje. Ik sil it foarsichtich bringe, yn Artis ha twa skyldpodden besocht om neiteam te krijen. Dat waard ek tiid, de iene wie al in jier as 60 en de oare tsien jier jonger. Mar se meitsje nochal wat leven as se it dogge, en dêr waard fansels in filmke fan makke. Skyldpoddeporno, it is wat! Wy hienen thús in bolle, en as we him in jier as wat hân hienen kaam der in nije bolle. De iene woe better springe as de oare, en as der ien gjin nocht hie, wie der in stimulearjend fluitsje fan de boer. Myn heit yn dit gefal. Doe't wy ek fluitsje koenen, holpen we dêr mei. It heugt my noch dat we in kear in minutenlange serenade nedich hienen om de bolle, dy't it faaks te waarm fûn, safier te krijen dat er de pyst yn oanslach brocht. Mar wat ik der mei sizze woe: dêr is gjin bewiis fan yn de foarm fan in Youtube filmke, en dat hoegt ek net. It hat him rêden, en dat soe mei dy skyldpodden ek sa west ha. Lit dy bisten yn de goedichheid rêstich

PODBS

Koen wêr komst wei stiet op ien by it WK. Is der noch immen dy't riden yn in lege seal de muoite wurdich fynt om nei te sjen? En Sven is der ek al net by. Dy hat lêst fan it Post Olympyske Drintske Baanwiksel Syndroom. Dat is in sykte dêr't je wol in jier as wat lêst fan hâlde kinne, ha se my ferteld. Lokkich binne se wer dwaande mei it seis lannen rugby, en yn Maine is it sirkus Biathlon lâne. O, ja, en de SC moat hjoed ek noch in potsje balskoppe. @opdebank dus.

Arrogânsje

It liket dúdlik dat it CDA en de PVDA de ferkiezings graach ferlieze wolle. Hoed hearde ik op it nijs dat it CDA mei stipe fan de PVDA wol, dat it iepenbier ministearje faker minsken feroardielje mei sûnder dat de rjochter der oer gear west hat. Wêr binne se yn de frede mei dwaande? We libje hjir yn in rjochtsteat dy't minsken straffe mei neidat se troch in rjochter feroardiele binne, net troch it IM. As reden fiere se op dat it in soad tiid besparret. Ja, dat is sa, mar it stiet as in flagge op in strontpream. It soe net bêst wêze as it IM, dat de lêste jierren hjir en dêr noch wolris in stekje falle litten hat, it foar it sizzen krije soe. In minske mei feroardiele wurde as der fan twa kanten nei sjoen is, de oankleier en de ferdigening. Dat dy lestige abbekaten noch wolris it IM yn de bleate kont sette is fansels swier te fertarren foar de hearen en dames yn toga, mar dan moatte se soargje dat se de saakjes better op oarder ha, en net de ferdigening bûten spul sette. Mei dizze

Himp

Best wol in brûkber plantsje, dat himp. Ik ried hjoed troch Drachten en seach dat er in heal leger op de been brocht wie om in himpplantaazje op de rôljen. Se miteren al dy skoandere planten samar yn de Omrinbak. Skande is it. Wat je al net mei dat prachtige plantsje dwaan kinne, mar nee, it moat daliks fuort. Struisel foar yn hynsteboksen, wettertichte koppelingen, it driuwend meitsjen fan skippen troch se te brouwen mei tar en toufezel, allehanne tou, floeipapier, seilen foar op in skip en prachtige klean, it kin allegearre mei himp. En as útsmiter, je wurde der high fan. No ja, dat sizze se. Doe't ik in jier as fyftjin wie ha 'k in kear sa'n joint krigen, mar ik koe gjin ferskil fernimme mei myn eigen swarte tabak. En om yn de sfear te kommen? Stolichnaya Wodka wol ek wol, hear. Smoke is dochs al net goed foar de sûnens, (uche, uche! Hè, hè, dêr bin ik wer). Der moat in platfoarm fan wize minsken komme dat it werbrûken fan himpplanten op de aginda set, dit fuortsmiten

Hannel leit op de dyk, of op it spoar

Dat Prorail is in blaudruk fan in nijerwetske, net te berikken, logge, ûnploaibere bullebakorganisaasje. Se klauwe it lêste stik fan it boemeltsjespoar nei Dokkum ta de grûn út, en niemand wist hoe dit kon gebeuren. Op it nijs seach ik dat in kraan út Putten it beulswurk dwaan moast. Krekt of soe der hjir net sa'n ding wêze. Ha se dêr by Prorail neat betters te dwaan? Se meitsje my net wiis dat se sa om jild ferlegen sitte dat de earste de beste âldizerjoad harren út de brân helpe moat mei it lêste stikje fan it lokaaltsje. Ik soe wolris witte wolle hoefolle jild der elts jier achter dat Prorail oan moat. En och heden as de blêden fan de beammen falle, of as der in dofke snie falt, lit stean dat it kwik in graad as wat ûnder nul sakket. Datsoarte saken binne se net op klear, dat binne redenen om de hiele tsjinstregeling yn de bulten te jeien. En dan komt der as slachrjemme op de kofje sa'n wurdfierder dy't efkes útleit dat wy der allegearre meielkoar neat fan snappe, en da

Heerenlân of Smellingerfean

Wat is dat dochs mei dy buorgemeenten? Der hoecht mar wat te barren en se steane wer op de efterste poaten. En dat wylst der in oantal oantreklike frijfammen rûnrinne. Smellingerlân (sis mar net Drachten), Ljouwert en foaral It Hearrenfean moatte it ûntjilde. Ik fyn it mar núver, en dan druk ik it sêft út. As se yn Rottum lek of brek ha, wolle se mar wat graach nei It Feen om yn de Tsjongerskâns fan har krupsje ôf holpen te wurden. En as it goed sear docht wolle se der ek noch wol krûpend hinne! Party minsken sitte ien kear yn de fjirtjin dagen op de tribune by de Sportklup. As der in ferbouwing oan har hûs plak fine moat? Gau efkes nei It Feen om yn de boumerk wat guod te scoren. En al dy reedriders dan, it Haskerwide hâldt net sa faak, dus yn kolonne nei Thialf, lit dy fasiliteit no ek wer yn It Feen stean. Mar o water, as it op weryndieling oankomt is der gjin minder as It Feen. Dan spuie se raar guod. Untankber folk, dêr yn dy buorgemeenten. Wel de lusten, mar niet de lasten.

Covers diel twa: Neil Young!

As it dochs net te kearen is, dan ha 'k noch wol in idee foar it kommende projekt. Neil Young. It is fansels flokken yn tsjerke, mar hawar. Om in idee te jaan fan wat der foar kânsen lizze: Rockin' yn de ôffaloven! Gewoan meisjonge, dit stiet oar jier yn de Fryske top hûndert! Foar bands dy't ynteresearre binne? Skilje nei Frisse Wind yn Hâns, en lit se in poepke rûke, de tekst krije jim fergees. ( in pear flessen wyn is ek goed ) There's colors on the street                     Witsto wat it is Red, white and blue                                It rûkt hjir net sa fris People shufflin' their feet                          Minsken rinne op de wei People sleepin' in their shoes                    Minsken sjogge net sa blij But there's a warnin' sign                          Der is in rare sfear, on the road ahead                                  minsken sitte yn it near There's a lot of people sayin'                    Der binne in stik a

Oesdrip

'Heit, wat is dat?' Ja, dêr moast ik dus it antwurd op skuldich bliuwe. Ik hie in oantal fragen krigen, mar wist net de bestjutting fan de namme fan it blêd dêr't it yn komme soe. Blamaazje. Opsykje, en wat stie der: reinwetter dat fan de daksrâne dript. Hoe betinke se it! It is wol in moai wurd, dêr net fan. Foar in Hollanner soe it ek wol Turksk wêze kinne. Ien as oar lekker drankje of sa. Sjochst it al foar dy? Op it hite sân fan Alanya? 'Pilske?' 'Nee, doch my mar in oesdrip.' Knappe keardel dy't dêr in gleske fol fan sammelje kin mei tritich graden yn it skaad. De twadde betsjutting is humoristysk bedoeld, mar as ik der lêst fan ha bin ik meastal net sa'n humorist. Ik ha in bloedhekel oan noasdrip. Dêr ha 'k tefolle ruften foar folsnuten. Ja, jim lêze it goed, wy snotteren by it ruftfol. In goede Fries is altyd ferkâlden, no dan koenen de de Jongkjes der wat fan!

Swier de klos

Omdat de belestingtsjinst jild nedich hat, bin ik it bokje. Sûnt hjoed mei of kin ik net mear yn myn buske ride sûnderdat it registrearre wurdt. Ik ha in gps-ding dat presiis sjocht wat ik doch. Dan kin de fiskus my mar strûpe as ik tefolle privee kilometers meitsje. Stel, ik soe in freondinne ha, en de frou mei soks fansels net witte? De fiskus wit it. Se kinne sels neisjen hoe hurd ik riden ha, en oft ik ek earne stoppe bin. It is wat. Miskien moat ik mar in elektryske fyts keapje, mei in karke der efter. Of in grouwe hûn, en dan krekt as de petroaljeboeren eartiids mei de hûnekarre nei it wurk. Yn de simmer wol aardich, mar der sit in kachel yn myn buske, en dy soe ik winterdeis wol misse. It wurdt allegearre wol yngewikkeld, ik seach dat ik op it Súd fan Drachten 75 riden ha. Dêr meie je 60 leau ik. Soe de plysje ek ynsjoch ha yn dy gps boel? Dan kin it lak wolris djoerder wurde as de brief. Big brother is watching you... No, ik moat der noch wat oan taheakje. Kom ik yn myn b

Snappe jo it noch?

'Heeft u dat nog via de post gedaan? O, maar dan moet ik even kijken...' 'Ik sjoch dat ik it ek by Office Center helje kin?' 'Ja, dat klopt. Kijk meneer, op deze manier kan het nog wel een week duren, hoor.' 'Lit dan mar, ju. Ik rêd der wol mei.' 'Oke, dag hoor!' ( ouderwetse friese boer! ) 'Office Center, mei de kassamefrou.' 'Ja, goeie. Ik hie niis ien fan dat en dat bedriuw oan de tillefoan, en dy sei dat ik dat en dat produkt wol by jimme helje koe?' 'Dat kloppet. Mar we ha it no net op foarried.' 'En dus?' 'Dus moat ik it foar jo bestelle, dan is it der nije wike woansdei.' 'Dat duorret wol lang, net?' 'Ja, mar jo kinne ek op de webwinkel sjen.' 'Fan Office Center?' 'Ja, hear, dan ha jo it moarn yn hûs, teminsten, as jo foar fjouwer oere bestelle.' 'Mar, ik sil wol dom wêze, as jo dat no bestelle, is it der dan moarn net?' 'Nee. Wol as ik it th

Klets!

Ja, dat hearde ik yn de gong. Te folle leven foar reklame, en noch te betiid foar de krante. In tsjokke brune slúf, mei it logo fan de útjouwer der op. Sa faak is it noch net foarkaam dat ik dêr post fan krigen ha, dus it bliuwt bysûnder. En no? Wurd foar wurd it hiele spul troch, om flaters op te sykjen, dy't dan mei reade pinne oanstreke wurde moatte. Lit ik dy dus net ha, in oranje skriuwende Papermate komt it tichtst yn de buert, dat dêr mar mei los dan. It sil wol wer nachtwurk wurde, as ik hjir ien kear mei dwaande bin, wol ik it dien ha, klear, en op de post. Dus, hjir hâld it op hjoed, de earste proef laket my oan. Wol om de earpels tinke, oars fikket de brot my oan. En it stikje deade ko rûkt te lekker om it te fergriemen. It falt noch net ta hear, skriuwe...