Posts

Posts uit april, 2014 tonen

Drachten en de keapsneinen

Afbeelding
De kommende fjouwer jier gjin keapsneinen yn Drachten. Dat is ien fan de kompromissen dy't út de ûnderhannelings foar in nij kabinet alhier te Smallingerland kaam binne. Net sa nuver as de CU der by sit, fansels. Mar wat betsjut soks no? Keapsneinen binne yn it libben roppen om mear jild binnen te heljen. Neat gjin nobele gedachten fan minsken better te betsjinjen, dat kinne jim daliks wol ferjitte. Nimmen giet foar de lol op snein iepen, it is gewoan in jildkwestje. Mar jo kinne dy euro mar ien kear útjaan. Dus as jo fan doel wienen in nij bankstel te keapjen kin dat ek op sneon. Klear, dyselden dy't soks op snein dwaan wolle is my wol goed, allinnich kinne se dan net yn Drachten te plak. It mei net fan de gemeente. Atheïsten dy't út prinsipe allinnich ûnder tsjerketiid nei de Aldi wolle, komme yn Drachten foar de tichte doar. Jo kinne oars kwa tsjerken te kust en te keur, dêr is neat mis mei. It nije Raadhuisplein is ûnderoare útfierd mei in parkearkelder. Dy wie

Winter.

Sûnt ein febrewaris oan it meanen. Sûnt ein febrewaris op guon plakken 4 kear ûnkrûd spuite. Sûnt ein febrewaris midden-yn de simmer bedarre. Sûnt ein febrewaris ûnwennich fan eat dat der net west hat.  Sûnt ein febrewaris mar nocht oan ien ding. Winter.

Bloch fan hjoed

O ja, it bloch fan hjoed stiet HJIR .

Meidieling

Dit hie de dei wurde moatten dat wy mei de band downtown Drachten optrede soenen. Hie, want it giet oer. En dat is skande, mar as de sjongeres siik is, kinne jo dêr neat oan dwaan.  

Ja, dat is een goed stel, hoor!

Afbeelding
De folgjende tekst komt streekrjocht fan de side fan de Drachtster Krante. Teminsten, dêr is er publisearre...  BOORNBERGUM – Blije gezichten bij het team van OBS De Finneblom in Boornbergum. De school mag zich na het bezoek van de visitatiecommissie Daltononderwijs vanaf heden Daltonschool noemen. Hiervoor is in de afgelopen jaren veel werk verzet, maar nu mag de vlag uit op de bloeiende dorpsschool onder de rook van Drachten. Keuzevrijheid en zelfstandigheid Daltononderwijs kenmerkt zich door de keuzevrijheid van de leerlingen, de samenwerking met andere leerlingen en de ontwikkeling van zelfstandigheid. De voorzitter van de commissie roemde de sfeer, het pedagogisch klimaat, de goede opbrengsten en het enthousiasme en betrokkenheid van het team van OBS De Finneblom en noemde de school een mooie aanwinst voor het Daltononderwijs. Finneblom twee van Fryslân RTL Nieuws plaatste in een onderzoek naar basisonderwijs in november 2013 De Finneblom al op de tweede pl

Prioriteiten?

Afbeelding
Plysjemacht by nukleêre top Den Haag Witte jim it noch? In wike as wat lyn feroare Den Haag yn oarlochsgebied omdat der in soadsje wrâldlieders op besite kamen. Se hienen in grut oantal fotomominten en neffens guon ha se ek noch oer nukleêr guod praten. Guod dat de wrâld ferneatigje kin. Alles waard yn wurking setten om Obbema en syn maten te beskermjen. Klear. Hjoed stiet yn de krante dat der oer 30 jier gjin fisk mear yn de oseaan swimme sil as der no net wat oan de oerbefisking dien wurdt. 500(!) ministers, wittenskippers en miljeuekspêrs binne yn Den Haag om miskien wol oan de rêding fan de wrâld te wurkjen. Ha jo der wat fan fernaam? Is Den Haag in festing wurden omdat der oer de takomst fan in libbensbehoefte praten wurdt? As it om oandacht giet: It blykt dus mar wer dat de polityk fan de driging it wint fan de minsken dy't besykje om oer 100 jier noch in stikje iten fine te kinnen. Adrenaline ynstee fan refleksje. Wat sei? Ach, it is net sa dreech. Der binne gewo

Wolf en zwaangans

Afbeelding
Wolf Ik tocht echt dat it in grap wie. Yn in opperste poging dochs wat minsken nei dy útbuorren te krijen ha in pear wanhopige Grinzers in opstoppe poat fan in wolf yn de fette Grinzer klaai drukt en no mar swetse en sweare dat der in wolf wêze kin. Alle wolfspotters nei Drieborg. Dat leit tsjin de Dútske grins oan. Se ha 350 minsken sa gek krigen om dêr te wenjen en as iennichste foardiel kinne wy melde dat je goedkeap tenke kinne, flak oer de grins mei it lân dêr't se leaver hjoed as moarn by hearre wolle. En o ja, der steane grutte hinnehokken fol mei slachtpiken. Mear hoege jim net oer Drieborg te witten, want mear is der net oer te melden. Ik leau dan ek perfoast net dat der ea in wolf sa gek wêze sil om nei Drieborg ta te gean. Mar it kin alle kanten út yn dit libben, minsken. Ik miende echt dat it in grap wie. Ha jim wolris fan in 'Zwaangans' heard? Dy lei njonken dy ôfdruk fan dy opstoppe wolvepoat. Kroandea, en, sa't de krante skreau, 'Het bot was

DKV

Afbeelding
De subleague Frysk yn de NHL Wylst elts him of har hjir drok makket oer... ja, wêr eins oer, is it DKV tiid foar de play-offs. (DKV stiet foar duizenden kilometers verderop) De National Hockey League hat him nei de ein sleept. Nei 82 wedstriden foar eltse ploech, dat is fansels in belachelik oantal, mar klear, ha 16 fan de 30 teams harren pleatst foar it neigesetsje. Dat is dus mear as de helte fan de league. Hoesa in format dat útmolken wurdt. Mar it is no dus hast safier dat it der om giet. Wat opfalt is it dramatyske seizoen fan de Kanadeeske ploegen. Hockey is de nasjonale sport yn Kanada. It is dus tryst dat mar ien fan de sân teams de play-offs helle hat. Hystoarysk besjoen is it dan wol logysk dat dat de Montreal Canadians binne, de rekôrwinner fan de Stanley Cup, it bekerke dêr’t it allegearre om begûn is. (Yn Kanada en de USA ha se de aaklige gewoante om alle spilers en treners flaainammen te jaan en te ferkoartsjen. Yn it gefal fan de Canucks út Vancouver: Co

Omrop Fryslân, hoe lang noch?

It is allegearre prachtich moai, dy nije media. En ús generaasje makket it allegearre mei. Gean mar nei, doe't wy lyts wienen, sa om 1970 hinne, wie der swart-wyt TV, Jolt Protter brocht de Ljouwerter krante om in oere as healwei fjouweren, woansdei wie der Stuif es in op Nederlân ien en Fred Emmer lies it nijs foar. Op de radio wie it ek helder, in jier as tsien, fyftjin letter kaam Radio Fryslân yn syn folle gloarjejierren. In freeslike ramp yn de foarm fan trije sniedunen yn 1979 wie de basis, wy fielden ús ferbûn mei alles dat de lokale rampestjoerder brocht. Earlik sein wienen der doe ek geweldige radio oerkes. No moat ik der fansels om tinke, teannen binne lang yn ús provinsje, mar dy tiid is foar in grut part oer en út. Kwaliteitsradio sa as dy yn Studio Prinsetún makke waard, is gjin romte mear foar. Diels troch te min jild (of alles is gewoan te djoer wurden?) en troch it fluchtige en hymjende karakter fan wat de hjoeddeistige 'sjoernalisten' nijs neame. In úts

Oplawaai

It is de stille wike foar peaske. In wike dêr't yn de tsjerken stilstien wurde sil by it alles dat dêrmei te krijen hat. It sil hjir gjin stille wike wurde. Jo wolle alles wat kreas ha foar dy feestdagen, boppedat ûntjout de natuer him sa idioate fluch dit jier dat ik al foar de twadde kear mei it ûnkrûd yn de slach west ha, dat wylst in jier lyn alles noch begjinne moast. Ek is it sa dat alhiel yn de sfear fan peaske der altyd minsken by weifalle, dat is in gegeven. Dus drokte genôch. Ien foardiel. Myn betrouwen yn it fatsoen fan guon minsken hat foar de safolste kear sa'n oplawaai krigen, dat ik alle, ik werhelje, alle jûnen fan dizze wike de tiid ha om my ta te rieden op in optreden mei de band, kommende sneon. De TV hoecht net oan. En oer dit bloch wurdt net korrespondearre. Smoar der mar yn. 

#Duits in Groningen

Afbeelding
Duitse twitterdag in Groningen Gedeputeerde staten: ‘#Duits signaal richting Den Haag en Berlijn’ Van onze provinciale redactie Groningen- Op donderdag 17 april organiseert de provincie Groningen een Duitse twitterdag. ‘De uitkomst van het onderzoek naar de voorkeuren van de Groningers heeft ons genoopt snel te schakelen,’ aldus Commissaris van de Koning Max van den Berg. ‘We hopen en verwachten dat de Groningers massaal de #Duits achter hun tweets zetten.’ Twee derde van de Groningers ziet een transfer naar Duitsland wel zitten. ‘Het gevoel bij de Duitsers is historisch altijd goed gebleven, ondanks een paar plooien in de geschiedenis, maar die heeft elk land,’ aldus een anonieme wandelaar in het buitengebied van Beerta. In Den Haag en Berlijn was niemand bereikbaar voor commentaar.        

Kurt Cobain fuort knipt

Afbeelding
Dat Bavaria net te sûpen is en je der pine yn de kop fan krije, wit ik al 30 jier. Dochs binne der minsken dy't it drinke, en dat moatte se foaral sels witte.  Wy neamden it pinekopbier. Hjoed wie it wol de dei fan de drankjes. 'Us eigen' Doutzen dy't it good old waaidrankje Rivella promoatsjen giet. Frysker kin it net. Se miene dêr yn Ice Dome fermiddens hiel wat, mar Rivella komt gewoan út de Stellingwerven. Halbe Zijlstra ek, mar alles hat syn útfallen... En dan Bavaria. Dy makket reklame mei deade popstjerren. It Buddy Holly effekt. Elvis, Marilyn Monroe, Tupac (??), Bruce Lee (wist net dat er dea wie), John Lennon en Kurt Cobain meie nochris firtueel opdrave om de minsken oan dat bocht te krijen. Ik soe der postúm noch foar bedanke, mar wûnderbaarlik is 't, op de foardracht fan Cobain kaam safolle argewaasje dat Bavaria him der út knipt hat. Slappe hap. Dan mei útflechten komme dat soks gebrûklik is nei in earste yntroduksje... No, as je Kurt Cobain fuort

Puck Yeah!

ə. Kinne jo dat? En pealdûnsje dan? Foar de Mienskip?

Afbeelding
Krekt as in oare Frysktalige blogger moast ik hjoed ek efkes yn De Hoofdplaats wêze. De reis út de al moai opgrienjende Wâlden nei de keale flaktes fan de Heak docht altyd wat unheimisch oan, mar jo wolle mei in pear oaren wat foar de mienskip (...) betsjutte, dus dogge jo wolris wat. De RamVan docht syn wurk, dus kinne jo al slingerjend der úteinlik sittendewei komme. Ik hoopje yn de goedichheid dat se dy diken rjochting it fertroude Feen aanst noch al wat rjocht meitsje, der leit no foar in fermogen oan ferlern asfalt te kronkeljen, krekt as is de tagong nei De Hoofdplaats oan it pealdûnsjen. As je al net weinsiik binne, gean ris dat út en je koarje de heale wrâld der ûnder. Konsintrearre oant yn ieren en sinen seach ik dus myn meibestjoerslid oer de kop en dy hie neffens eigen sizzen poatoan om my yn te heljen op myn mars rjochting it sintrum fan it sintrum fan it sintrum fan Fryslân. Al leit dat wat my oanbelanget DKV, mar dat sil gjin geheim wêze. It is as 4G sûnder berik, pra

Blochferwizing

It bloch fan hjoed stiet HJIR

DE VEERBOOTOORLOG IS VOORBIJ (wil de volgende ondernemer zich melden?)

Afbeelding
Litte wy der mar net tefolle mear oer sizze. Ien ding: Want it leit my as in stien op de mage. Steatssikretaresse Wilma Mansveld is de heldinne, sy hat de nijste frede fan Munster út it fjoer sleept. Wat in powerhouse, dy Mansveld. Lof en eare foar dizze trochpakster. Einliks ien dy't boppe de partijen stiet en gewoan saken docht. Mar... It frommes hat jim allegearre moai by de poat. Want yn de sin: 'De staat koopt de veerdienst uit voor 9 miljoen euro (LC, 4-4-2014)', leit besletten dat sy gewoan jo en ik betelje lit foar har keunststikje. Ordinêr belestingjild as ôfkeap foar konkurinsje op in feartsjinst. Ik bin it yn 'e regel foardat er wat seit al ûniens mei Sander de Rouwe, mar dizze kear hie er gelyk. Wat as der moarn in nije ûndernimmer opstiet en seit: Dat gedoch mei Wagenborg nei Skier kin ik grif better. Ik keapje de Spathoek oer fan Doeksen, want dy wolle se dochs it leafst ôfsinke litte, safolle rankúne sit der grif noch wol, en mei dy Spathoek begji

Koarte kursus suteljen troch Johan Veenstra

Afbeelding
Hoefolle skriuwers yn Fryslân soenen in eigen webmaster ha? Ik ha gjin idee. Ien wit ik it al fan, de wrâldferneamde Stellingwerver Johan Veenstra. Webmaster Jan beheart Johan syn webstee. Dan kin de skriuwer him folslein oan syn eigen kreative proses oerjaan. Sa moat it ek. Mar wy ha net allegearre de beskikking oer in eigen webmaster. Wy grieme mar wat om, ha tefolle drokten bûten de skriuwerij en komme hast net mear oan de core business fan it skriuwen ta. Johan hat it tûk besjoen. Sa koe er yn de rin fan de jierren 255 kear op de Omrop, doe noch Radio Fryslân, syn stiekelstokkies hearre litte. Webmaster Jan stjoerde my (noch tige tank, Jan!) in cd mei in stik as wat stiekelstokkies. In kostber besit! Op 12 oktober 1989 (!) spruts Johan Veenstra in stiekelstokkie út oer de sutelaksje yn de Stellingwerven. Dy aksje hienen se dêr ôfsjoen fan de Friezen, sei er. No binne wy hjir wer sa fier dat wy it wer fan de Stellingwervers oernimme. It is allegearre tige bysûnder. Hawar, in o

Op de Harley-Davidson nei de ivige motorhimel

Afbeelding
Dat Amerika it lân fan de ûnbegrinze kânsen is, wie al in skoft bekend. Mar yn de Boerderij foar deagravers, De Begraafplaats, in tige nijsgjirrige glossy oer alles dat mei funerêre saken te krijen hat, foel myn each op in artikel oer in wol tige nuvere begraffenis.