Posts

Posts uit augustus, 2013 tonen

Strik

Afbeelding
Hy hong dêr sûnder reden, sa't it like. Myn each foel der op en daliks wist ik dat dit in nuver byld wie. Samar hong er dêr. Wa hie him dêr del hongen? Wêrom krekt dêr? Wie it dyselde te waarm wurden? Mar wêrom dan net gewoan mei nei hûs nimme? Hie de drager him te koart dien en wie dit it taastbere oantinken dat mei in foarm fan morbide humor op dit plak tentoansteld waard? Wie it in âld model dat net mear brûkt wurde soe en dus mar... Nee, dan hie er wol yn it museum of yn it rûne argyf bedarre. Fragen, mar gjin antwurden. Doe krige ik in helder momint. Soms ha je dat. It logo! Dat moast my nei de oplossing bringe. Der stie in logo op. De eigner koe it grif net opbringe om ôfskie te nimmen fan yts dêr't it ferneamde skaaimerk op stie. En dus wie er yn twivel rekke. Fuortsmite wie not done, mei nei hûs nimme hie gjin doel, omdat er oars earne tusken de kaanferbollen bedarje soe en wa hat dêr wat oan. Dus wie it in soarte fan interim oplossing? Sa dat der rêstich nei in g

Heet van de naald

Afbeelding
Zangkwaliteiten oorzaak opgestapte PvdA kamerleden Informant: 'Enorm veel zangtalent in de Tweede Kamer..' De geruchtmakende bandopnames, die sinds de periode van partijleider Wim Kok tijdens de fractievergaderingen van de PvdA opgeld doen, blijken meerdere malen oorzaak van het opstappen van Kamerleden. Een anonieme bron in Den Haag bevestigd dat enkele leden van de partij het vermogen misten om de Internationale a capella ten gehore te brengen. Fractievoorzitters blijken dan onvermurwbaar en oefenen zoveel druk uit dat de onfortuinlijke gekozen volksvertegenwoordigers niets ander rest dan de biezen te pakken. Volgens de informant die absoluut niet herkenbaar in beeld wilde, zit er zeer veel zangtalent in de fractie van de PvdA. ‘Als je tijdens de maidenspeech in de fractie er ook nog een geloofwaardige Internationale uit weet te persen zegt dat iets over je commitment…’        

Ferplicht opheffe dat Frysk?

In koart blochke hjoed, mar wol ien om oer troch te praten. 'Een kleine levende taal biedt vooral hoofdbrekens, een dode taal biedt commercieel alleen maar kansen,' skriuwt Sietse de Vries yn de LC. KH2018 makket foaral in kâns troch dy lytse, libbene taal, wie krekt op Omrop Fryslân. Wa hat gelyk?

Kinne Fryske skriuwers dit ek?

Oernaam fan de side fan de Stellingwarver Schrieversronte: Spannend verhael schrieven in et Stellingwarfs Meensken die d’r aorighied an hebben om in et Stellingwarfs te schrieven, kun dit jaor weer een gooi doen naor de Stellingwarver Schrieveri’jepries. Die literaire pries wodt om de twie jaor uutrikt en is bedoeld om et schrieven in et Stellingwarfs bi’j jong en oold an te vieteren. Bi’j et uutschrieven van die anvieteringspries wodt deur de orgeniserende warkgroep elke keer een aander thema bedocht. Dit keer is de keuze valen op et schrieven van een spannend verhael in et Stellingwarfs. Veerder is keuzen veur twie leeftiedsgroepen. Zo kun jongeren tot en mit 16 jaor een verhael insturen en schrievers die oolder binnen as 16 jaor. De dielnemers an die schriefwedstried kun heur eigen fantesie gaon laoten bi’j et schrieven van een “thriller”. D’r wo’n gien beparkings oplegd, ok niet wat de lengte van et verhael anbelangt. Et verhael dat deur de dielnemers schreven wod

Je ha fan dy dagen...

Afbeelding
Bêste minsken, it doel wie om hjoed in bloch oer in skjin ruft te skriuwen, mar de moed ûntbrekt my efkes. Juster wie der (foar de bühne) alle begryp foar it krekt wat koarter meitsjen fan de Drachtster feart, mar dochs woe de polityk mar fêsthâlde oan de plannen sa't se der leinen. Ek dêr hie ik wol wat oer skriuwe wollen, mar de moed ûntbrekt my efkes. Nije wike is Boarnburgum allinnich mar mei in helikopter te berikken, omdat we ynkoarten de olympyske spullen skânsspringen mei BMW's organisearje wolle. Ek dêr hie ik wat oer op papier sette wollen, mar de moed ûntbrekt my efkes. Ek hie ik it oer in woartel ha wollen, dy't ik op in rûnreis tsjin kaam, mar de moed ûntbrekt my efkes. Ien fan de fêste plannen fan hjoed wie om in woest stik oer draaiende reedridersbobo's te skriuwen, mar jim fiele it al oankommen, de moed ûntbrekt my efkes.  Dus, om koart te kriemen: ik gean mei in bakje tee op it terras sitten.   

Post foar Stikelstekker

Afbeelding
Sjoch ris oan, tante post wit ek al wa't Stikelstekker is!!! Machtich moai!

De korrupte transfer fan Gareth Bale nei Real Madrid?

Afbeelding
Dit is in fuotballer mei de namme Gareth Bale. Se sizze dat er aardich balje kin, mar dat sei myn trener earder ek. Gareth is berne yn Cardiff, de stêd dêr't Hearrenfean spits Finnbogason hinne soe. Gareth kin neffens guon sa goed balje dat se by Tottenham Hotspur, de klup dêr't er modaal salaris fan in pear miljoen fertsjinnet, dollartekens yn de eagen krigen ha. Eurotekens wol te ferstean. It strjitearme Spanje is miskien syn foarlân. De frijwat korrupte fuotbalwrâld aldaar lit nammentlik rêstich ta dat Real Madrid 100 miljoen foar de spiler betelje wol. Wylst Real sels fersûpt yn de skulden. Maaaarrrr... De jittikmigers moatte wol efkes witte dat hoewol Real keninklik hege skulden hat, dit oer it algemien lang rinnende lienings binne. Dêr moat rinte oer betelle wurde. Oer ôflosse sille wy it mar net ha... Sjoch, it Spaanske fuotbal wurket sa: Jo ha twa klups. Real en Barcelona. De rest krijt de krommels fan de TV jilden. As in oare klup kampioen wurdt is dat in prest

It nûmer datst belje kinst

Simpel. Simpel en ienfâldich. Sa moat it. Dan in goed glês, en sliepe sûnder dreamen. Dat is myn libben, net mear en net minder. Wa’t ik bin? Dat bin ik sels al jierren ferjitten, of ik ha it ferkrongen, dêr wol ik ôfwêze. Mar dat sliepen, dat is essinsjeel. As ik dat net mear kinne soe, wie it net bêst, ik ha myn beauty sleep mear as nedich. It hâldt my skerp, it soarget derfoar dat ik rasjoneel tinken bliuwe kin, de gedachten by it wurk dat foar my leit. Gjin ôflieding, gjin ynminging troch nachtmerjes, sliepe om it libben dat ik libje yn stân te hâlden. Miskien tsjin better witten yn, mar ik bin ûnstjerlik, nimmen wit wa’t ik bin, sels iksels net, dus wat wolle je noch mear. Wa sil my wat meitsje. Wa bin ik? Ik bin in karikatuer fan wat ik tocht dat ik wurde soe. In komplete ramp, alles ynjûn troch omstannichheden dy’t ik nea foarsjoen hie, sels net iens betinke kinnen hie. Ik bin, sa as se sizze, it nûmer datst belje kinst. Ik ha gjin namme, ik bestean net foar de wrâld. Mar

Territoarium migerij

Afbeelding
It binne de meast wrede wiken fan it jier. De fakânsje is wer dien en elts dy't mient earne in miening oer hawwe te moatten is wer sa skerp as in mes en hat de bek yn beide hannen. Op alles en eltsenien ha se krityk, neat is mear goed. De adrenaline brûst hurder as it Fryske bloed yn it folksliet. De tún fan buorman is net kreas, de gemeente moat no ferdomd einliks ris wat oan dy skeve tegel dwaan, Doekle Terpstra moat opstappe en foar de echte die hards jildt dat ek foar Robert Veenstra, se ha sa lang mei de sleurhutte op 'n paad west dat se dat efkes mist ha. Mar skerp binne se! Ik besla it no wat mei de gek, mar it is wier. It falt my de lêste jierren echt op. Krekt of moat it plakje op de aperots wer opnij befjochte wurde, it stikje frije romte opnij markearre. Bisten dogge dat troch hjir en dêr del te pisjen, mar dat stjonkt sa op dy kantoaren, dus dogge minsken it ferbaal en non ferbaal. Soks duorret in pear wiken, is myn ûnderfining. Dan begjinne de blêden fan de

Ajax is de meast irritante ploech fan Nederlân

Afbeelding
Earlik sein: justerjûn yn it Abe Lenstra Stadion ha myn buorman ek ik elkoar nei in kertier wedstriid ris oansjoen. 'Dit koe wolris in lange jûn wurde,' sei ik. Hy knikte. 'Twa maatsjes te lyts...' Geandewei it folgjende kertier barde der wat nuvers. Ajax skopte der net ien mear yn en wienen wy yn It Feen tsjûge fan in wûnder. Komselden ha ik in wedstriid sjoen dy't sa skerp twa gesichten sjen liet. Okee, de earste fan Finnbogason wie in gelokje, mar it gie om de wize fan fuotbaljen. As je der wat objektyf nei sjogge hie Frank de Boer gelyk. Ajax wie baas en stie folslein terjochte op 0-2. Neat tsjinyn te bringen. Mar it jonge ploegje fan San Marco liet him fan syn bêste kant sjen en draaide de wedstriid om. Al mei al in prachtige fuotbaljûn. Ajax is de meast irritante ploech fan Nederlân en omkriten. Ik ferlies noch leaver fan Cambuuur en Grins dan fan Ajax. Werlik, it dedain wêrmei't de godenzonen net it respekt opbringe kinne om, as it folksliet spil

Durex reklame

Troch drokte hjoed gjin bloch. Wol kofje en in linkje nei ien fan de moaiste wedstriden fan de simmer: The Ashes. Mei om de fiif minuten reklame foar Durex. When nothing else matters... En dat foar dy stiff upper lip Britten. Boefkes. The Ashes at The Oval

SMALlingerland en FERwerderadiel, Trinus Riemersma hie gelyk

Afbeelding
It foute logo fan de gemeente Smellingerlân Heech tiid foar in serieus en literêr bloch, tocht ik sa. Eins in taalkundich stikje, dêr sille guon by Tresoar bliid mei wêze, want ik krige driichpost op Feestboek dat it wer as in tange op in baarch sloech wat ik publisearre. Hawar, wij laten ons niet verhoedoeken. Wy sitte midden-yn de gekte fan de gemeentlike weryndielings. Ho, no net daliks ophâlde mei lêzen, dat is saai, mar efkes trochbite. Den gemeente alhier hat de prachtige namme Smallingerland. De klamtoan op Smal, net op land, dat dogge dy Hollanners altyd. SMALlingerland. Sis mar net Drachten. SMELlingerlân. Ik ha it der wolris mei Eelke Lok oer hân. Hy wol altyd mar dat we Drachten sizze, mar yn alle registers stiet noch altyd Smallingerland. It soe skande wêze om sa'n moaie namme net mear te brûken. Ekonomyske oerwagings? Yn it tiid dat ynternet alle ôfstannen fuort helle hat is dat gjin reden mear. Bertje Middel hat tegearre mei wat korrupte amtners de saak al

Overshoot day

Afbeelding
De Deistige Standert , De minst lêzen kwaliteitskrante fan Fryslân dy’t noch in ferhaal bringt  Woansdei 21augustus 2013 Overshoot Day is lariekoeke Earpels safier't je sjen kinne Sa as jim miskien lêzen ha is it hjoed Overshoot Day. De dei dat neffens it Global Footprint Network de grûnstoffen dy’t de wrâldbefolking yn ien jier nedich ha, opbrûkt binne. Fansels gie de komplete redaksje fan de Standert op ’n paad om yn it fersoargingsgebiet fan de krante te hifkjen wat de mienings oer dizze dei binne. Sa bedarre jo ferslachjouwer nei in woeste rit op in op it earste gesicht goed ferkavele boupleats yn it úterste noarden fan it lân. Op de oanhâlde storein nei soe it in moaie dei wêze kinne.         Earpelboer Keimpe Ploegskjirre, tredde generaasje op it âlde stee, tikket de jiske fan syn sigaar. ‘Overshoot day? Wat is dat no wer foar nijerwetsk optinksel?’ Hy stapt troch de doar nei bûten en wiist nei de landerijen dy’t rûnom de pleats lizze. ‘Dêr de Borger

LC 2-4-2014 BREKEND: PvdA voorman Samsom stapt op

Afbeelding
Leeuwarder Courant- woensdag 2 april 2014 Diederik Samsom legt functie neer ASML in de markt voor ex PvdA leider Een emotionele Diederik Samsom in Nieuwspoort DEN HAAG- Het hing al in de lucht, maar gisteravond om zeven uur maakte lijsttrekker Diederik Samsom zijn vertrek als politiek leider van de PvdA bekend. Na de desastreus verlopen gemeenteraadsverkiezingen was zijn positie niet langer houdbaar. Emotioneel verklaarde de in 1971 in Groningen geboren Samsom dat het laatste jaar zeer zwaar was geweest. ‘De combinatie van uiterst impopulaire bezuinigingen en de ongetwijfeld daarmee samenhangende afrekening van het electoraat heeft mij laten inzien dat ik niet langer de juiste man op de juiste plaats ben,’ waren de laatste woorden van de bij zijn aantreden nog   als ‘bevlogen’ bestempelde PvdA voorman. Voor- en tegenstanders roemen Samsom in eerste reacties als sterk in het debat, intelligent en zeer gevat. PVV leider Wilders voegde daar nog kaal aan toe. Op de

Tichte skoalle

Afbeelding
Moandei 19-08-2013. Samar in moandei, mei earst moai waar en as ik dit skriuw in pear slaggen tonger en in protte wetter. Nei de middei sil it wer better wurde. Niis ha ik efkes De Feanhoop omriden. Ik mei stomme graach efkes by it wetter sitte, op dy picknickbank oan it Grytmansrak. Foaral op moandei, mei min waar. Der kaam in aaklich gefoel oer my doe't ik it doarpke yn ried. Hjoed binne de legere skoallen wer begûn. Junior sit foar it lêst jier op OBS De Finneblom, oar jier sil dat haadstik sletten wurde, as alles goed giet. Op De Feanhoop binne ek bern dy't yn groep acht sitte, mar dy moatte no nei Nij Beets, Aldeboarn of Boarnburgum. Neat gjin boartsjende bern mear op de earste skoaldei nei de fakânsje, gjin lûden fan bern yn it skoft, gjin seare knibbel, iepen earmtakke of bult op 'e kop. Gjin knikkerjen, toudûnsjen en pakkertsje mear. Hikken om it plein, deadske stilte en gjin ljochten oan yn de lokalen. De hage net koart knipt, ûnkrûd tusken de tegels.  I

Hammond oargel

Afbeelding
Alles leuk en aardich hear, dat Lowlands. In pear prima tekear geande bands, in soadsje razende rappers dy't de broek op healwei sânen hingjen ha. Ik snap dat net, ha dy lju dan noch net troch wat dat betsjut? Lit mar, it is hjoed snein en wy moatte dan net te mâl. Ferhalen oer Amerikaanske finzenissen en wat him dêr allegearre ûnder de dûs ôfspilet? Nee, in oare kear mar. Ik leau al dat de hype om algeduerich mei de hân yn it krús oer it toaniel te draven wat oan it ôfnimmen is. Fûn ik ek net sa smaaklik, ik leau dat dy jonge fan Jackson dêr mei begûn is. No, dêr hoege jo net sa grutsk op te wêzen. Wat al opfalt is dat hast alle sjongers miene dat se harren poddehier om it kin stean litte moatte. Anne Tjerk Popkema die der op Facebook ek al melding fan: Alex Kapranos, de foaroanman fan de rockband Franz Ferdinand (goede bandnamme, fansels) sei yn de Volkskrant: "Echt, al die zogenaamde folkbands, die mannen met banjo's en baarden, met hun zijige liedjes, ik hoop dat we