Posts

Posts uit december, 2014 tonen

De NIJB en marketing

It iishockey (fanôf no neame wy it mar gewoan hockey) yn Nederlân kin wol wat ekstra oandacht brûke. Sûnt de dielname oan de Olympyske Spullen yn Lake Placid, no al wer sawat 35 jier lyn, is de sport wol wer ris ta oan in positive ympuls. Jierrenlang spile de sport him ôf, sûnderdat it grutte publyk der mei yn oanrekking kaam. Dat hie ûnderoare mei in gebrek oan mediabelangstelling te krijen. It hat net folle doel om âlde kij út de sleat te heljen, dus dogge wy dat ek mar net.  Nederlân is yn Westeuropa hast it iennichste lân dêr't net in bloeiende hockeykompetysje bestiet. Yn prinsipe binne der klups genôch, as je de earste en earedivyzje besjogge komme je best ta in akseptabel oantal foar in moaie, brede kompetysje.  Ja, dy De Jong kin moai eamelje, hear ik jim tinken. Yn Ingelân dogge se oan rugby, cricket en fuotbal, dêr ha se noch nea fan hockey op iis heard... No, dan tinke jim moai ferkeard. Sels yn Ingelân ha se in prima kompetysje dêr't aardich folk op ôf kom

Facebook en Twitter as graadmeter

Afbeelding
De brûkers fan sosjale netwurken binne ynkoarten foar de Bank of England in graadmeter om yn te spyljen op kommende ekonomyske ups and downs. Lês dy sin noch in kear en betink dan dat it gjin grap is. Binne jim der noch? It stiet  hjir  te lêzen. Mei alle respekt hear, mar twitter en facebook meie dan grut wêze, it gros fan wat der op stiet liket my net bepalend foar hoe't de wrâld der oer tsien jier útsjen sil. Fansels binne der minsken dy't miene dat de echte wrâld him op de sosjale netwurken ôfspilet. En miskien is dat skrikbyld sa stadichoan ek wol tichterby as dat je wolle moatte soenen. Dat wol net sizze dat wy as wrâld der dan per definysje better op wurde. Sûnder kwalifikaasjes te jaan oan wat der online ferskynt, mar is dat no echt in graadmeter om de ekonomy te foarsizzen en belied op te meitsjen? En dat troch in ynstituut as The Bank of England, dy't der in wurkgroep op los litte sil. Lokkich mar, miskien komme dy noch ta it ynsjoch dat de selfie fan in mi

De bear dy't it net helle hat...

Krekt út it sicht fan de skippers op de rivier rûn er lâns de râne fan de bosk. De sinne liet him lang sjen yn de iere simmer boppe de poalsirkel en dat koe er wol brûke. Tidens de trenings hie it winter west, min fjirtich en hast de hiele dei tsjuster. Mar no stie it kwik op in graad as wat ûnder nul, dat wie út te hâlden. Soms hearde er lûden fan omfallende beammen, dan wie er op syn iepenst. Hjir en dêr kaam in paad út by de rivier en sleepten grouwe hynders beammen nei de wâl. De bisten waarden beriden troch lytse linige keardels mei in Aziatysk uterlik en dy stjoerden it spul de goede kant op. ‘Fêst famylje fan Attila de Hun,’ mompele er. Hy wist fan de wredens fan de folken en soarge dat er út it sicht bleau. Nei in oere rinnen rjochte er syn beheinde sliepplak yn. Yn ’e koarte nacht dy’t folge, foel in skot. Jan skeat oerein en harke skerp nei de lûden. Hy skatte yn dat se in foech kilometer noardeastlik wei kamen. Hy koe twa dingen dwaan, wol of net sjen wat der oan de h

Kapitein Rob: Champagne in plastic glazen

Afbeelding
'Het verdwijnt nooit, het gemis en het gevoel dat je in dit land niet ongestraft je kop boven het maaiveld uit kan steken, je kan beter meelopen.' It is de lêste rigel út in artikel yn de LC oer it jier fan Erwin Rob, dy't bekendheid krige as foaroanman fan de EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling. It ferhaal is der ien fan de tryste konstatearring dat je hast alles mei jild en champagne yn plestik glêzen ôfkeapje kinne. It skrikbyld fan champagne yn plestik glêzen bliuwt dan by my hingjen. It is it toppunt fan net sjyk. Gjin klasse. Gjin gefoel foar wat dan ek mar ha. Champagne heart net yn plestik glêzen. Juster wie Joe Cocker efkes trending topic. Guon pommeranten mienden ek dat se efkes harren 'meilibben' toane moasten. De redaksje fan Stikelstekker is net fan it rabjen, mar as je twa minuten nei in #rip berjocht in tirade oer in kleanwinkel online sette, seit dat wat oer hoe fluchtich de wrâld fan de sosjale media is. It is in glimke, in flok, in kear de

De kryst fan Auke

'Dat der in Flaming komme moat om te sizzen dat we de taal yn stân hâlde kinne troch dy tsjin ús bern te praten...' Auke sjocht oer de taap nei de barfrou. In jier as 30, net ûnkreas. Hy tinkt oan wat thús op him wachtet. Syn twadde lis, besteande út in frijwat huorrich typke dêr't er yn in bline bui fan ferstânsferbjustering syn frou mei ferruile. En twa altyd snotterige bern dy't net doge wolle en der troch mem net op wiisd wurde dat se harren eigen snotkoker skjinmeitsje moatte. It binne syn eigen net iens... Dêrtsjinoer stiet inkel in altyd djip dekolletee. Te djip om sjyk te wêzen en te ûndjip om sjyk te wêzen. It is it krekt net. Mei't de jierren ferstrike kin er it al mar minder ferneare. Dy goedkeape permanint, dy oerdied oan reade lippestift op in al mar âlder wurdende kop. Lêstendeis kaam er syn eks tsjin. 'Do grutte omkoal, dit droeget aardich better op as dat wat as't thús sitten hast,' ferwiet er himsels yn stilte. 'Auke is 51 wur

Jan Bleatekop

Afbeelding
Hjoed moast ik efkes nei buorman. Wy rekken op 'e tekst en hy kaam mei dit boekje op de proppen. Ik ha it yn ien kear útlêzen, de 'handel en wandel' fan Jan 'Bleatekop' de Vries. Ik koe him as strykjildskriuwer. Tige nijsgjirrich om te lêzen. In eigensinnige dwerskop mei in gouden ynsjoch as it om hannel gie.

Partisipaasjekoekoeksklok

Afbeelding
In skoft lyn moasten wy ôfskie nimme fan ús koekoeksklok. It ding woe net mear rinne of koekoek sizze. Neffens my hie er 30 jier de tiid oanjûn. Dan ha jo in plak oan de muorre dêr't jo sa no en dan nei sjogge, mar net oantreffe dat wat jo dêr ha wolle. In klok. Wy moatte mei de tiid mei, op ús waarstasjon en op de digitale display fan de ûne kinne jo binnen 2 meter 2 kear de tiid besjen, jo ha in klokje om de pols, in mobile telefoan mei dêrop ek in klok, mar dat is gewoan net itselde. Jo misse jo koekoeksklok. It fêste ankerpunt yn de keuken. Lokkich is der it fenomeen Sinteklaas. Dy kaam dit jier mei in geweldich moai kado op de proppen. In echte koekoeksklok. In partisipaasjekoekoeksklok om krekt te wêzen. Want jo moatte him sels yninoar knutselje. Der sit in echt oerwurkje by dat de tiid oanjout, mei in net meilevere batterij bringe jo it gehiel ta libben. Ik wol hjirby Sinteklaas tige tank sizze foar dit presintsje. It lege plak oan de muorre, dêr't yn de koekoeksklok

De keapsnein, wol of net, PvdA?

Afbeelding
Grutte stikken op de sosjale media dizze wike en de wiken dêr foar. De Christen Unie wol sa lang as it harren slagget de keapsneinen yn Smellingerlân tsjinhâlde. Lit ik foarop sizze dat ik persoanlik neutraal bin. Wy komme fan in pleats, dus dêr moasten sneons en sneins de kij ek molken en fersoarge wurde. Wurkje omdat it gewoan moat. Yn de soarch, de horeka, it tafersjoch, der binne in soad plakken dêr't folkontinú wurke wurde moat. Wol moat ik der oan taheakje dat heit nea op snein meande, skodde of swile en wy (myn broer en ik) dus ek net. Wy soargen dat de brot op sneon oan kant wie en moandei wie der wer in dei. Kwestje fan planne. Der sit wat in nuvere kant oan it ferhaal fan de keapsnein. En ik bin der net rjocht achterkaam hoe't de polityk dit no wer útlizze wol, want op in fraach oan de PvdA wethâlder fan de gemeente Smellingerlân kaam gjin antwurd. Neffens my is dy partij der eins ek wat mei oan, as jo it my freegje. Op 23 desimber 1960, dus al in moai skoft lyn

OBS De Finneblom

Afbeelding
Je witte dat it komme sil, mar dochs. Juster wie in dei dêr't in stikje fan ús libben ôfsletten waard. De bern binne no fan de basisskoalle en sitte yn Drachten op it Lyceum. Dat is in normaal proses, mar it hâldt wol yn dat jo as âlders ek fan de basisskoalle binne. Want der is gjin luzekontrôle mear. Ik hoech Sinteklaas net mear yn myn grûnbakje nei skoalle te bringen. Gjin musical mear. Gjin 10 minuten petearkes mei de juffers en master mear. Jo sitte middeis mei de frou oan tafel, de bern fytse net mear om 12.10 it hiem op. It is net sentimenteel, mar dochs slute je in stikje ôf. Wy wienen mâl mei de OBS De Finneblom út Boarnburgum. En binne dat fansels noch, mar fan no ôf fan in distânsje. Juster wie myn ôfskied fan de MR, de meisizzenskipsried. Ik mocht dêr in jier as wat yn de 'oudergeleding' sitte en ha dat mei in soad aardichheid dien. Je komme tichtby it team en de direkteur te stean en fiele sa 'de oare kant' ek better oan. Earlik sein wie it de lêste j

Hammerstik

Hjûd moast ik ûnferwacht nei De Hoofdplaats. Soks is net alheel frijwillich, mar it kû net oars. Ik wie der oars net alhiel op klear, mar ach, jo wenje yn .FRL dus binne se wol giele klompen wend, tinke jo. Ik ha my tige fernuvere oer de stadjers dy't wakker ûrstjûr wienen dû't (?) se my klepperjen hearden. Krekt as seagen se wetter baarnen. Ik ha ek noch by de Hema west. De fasilitêr manager fan de parkeargaraazje makke in foto fan myn giele klompen. Efkes letter gie de slachbeam fan de garaazje iepen sûnderdat ik it kaartsje yn de gleuf stoppe. Ik nim oan dat it kenteken fan de RamVan foar iuwich yn it geheugen fan de kompjûter stean bliuwe sil. En dat ik hjûd as moarn berjocht krij fan de organisaasje fan KH2018. Giele klompen, dêr kinne wy wol wat mei, dat komt en kin moai fan ûnderen op op telefyzje. Tof! Römertopf.

Rektifikaasje

Afbeelding
Ole Einar Bjoerndalen.  Omdat de Ljouwerter Krante it net docht.   De grutste en meast suksesfolle atleet dy't ea oan wintersport dien hat is tafallich in biatleet. Spitich foar Nederlân, net in reedrider, mar in biatleet. Berne yn 1974 yn Drammen, Noarwegen. Syn namme is Ole Einar Bjoerndalen. Of op syn Noarsk:  Ole Einar Bjørndalen. Se skriuwe it op meardere wizen. Syn bynammen binne The King of Biathlon, mar mear ta de ferbylding sprekt: De Kannibaal. Dizze sportheld is yn it besit fan 10 gouden en talleaze sulveren en brûnzen Olympyske medailles en is dêrmei de suksesfolste wintersporter ea. Ik leau dat er ek in kear as 20 wrâldkampioen west hat. In ikoan út de biatlonsport. Sûnt 1994 op it heechste nivo en yn it seizoen 2014/2015 op 40 jierrige leeftyd noch sa freeslik goed dat er mei de bêsten mei kin. Nea op doping betrape. Mei ik dat yn de ferrotte wrâld fan fytsen en oare anabole sporten ek efkes opmerke? 20 jier lang troch snoeihurd te trainen op iensume

Say tsiis!

Ja, it bloch hat in nij kleurke. De redaksje fan Stikelstekker krige in reaksje út Hollân fan in fêste lêzer, dy't syn beklach die oer de blauwe eftergrûn. Dy soe min te lêzen wêze. Fansels passe wy dan daliks de lay-out oan, want Stikelstekker is der om lêzen te wurden. No, der is genôch om oer by te praten. Sille wy der mar efkes rap bydel? Al te lang jammerje hat gjin doel, mar wat is it oanloklik. Sis no sels: 1: Wat te tinken fan de heisa oer wynmûnen. Dizze wike yn de Corner, it blêd fan SC Hearrenfean, sille jim in oare miening lêze kinne. Fan in wynboer en eks fuotballer. Dus. 2: En der skine nije staveringsregels oan te kommen. Nu, die zijn hier in de Wouden aan dovemansoren gericht, wij redden er zelf wel mee. Van boven af heeft nog nooit gewerkt, een muurtje metsel je van onderen op, heren en dames van de Fryske Akademy. Bovendien heeft het schoondere Fries niet het meeste met het Hollands, maar meer weg van het Engels. Say tsiis! 3: Noch sa'n hot nijsitem: D

Fryske taal freget om unifoarmiteit

Afbeelding
Ik bin tsjin Swarte Pyt. Om my bliuwt er mei syn hiele sekfol rotsoai yn Spanje, of fergiet yn de Golf fan Biskaje. Binne wy fan dy ellendeling ôf. En lit dy slûge ymmitaasje fan de paus mei syn wite burd en syn tsjokke boek dan ek daliks mar nei de haaien gean. Boeken lêze is dochs net mear fan dizze tiid. Wat moatte dy lju hjir alle jierren wer? It iennichste dat se hjir bringe is honger nei plestik en in bak fol stress. Want sis no sels, dy ferhipte dichterij, it is in drama yn meardere bedriuwen. Ik wie sa wanhopich dat ik op Feestboek al frege wat der op ferklomme rime. No, de religieuze lofprijzingen waren niet van de lucht, hoor. Nee, dat efterhelle gedoch mei dy dweil op dat hynder moat no mar ris út wêze. Kwa yntegraasje liket it ek al op fleanen. Hy komt hjir mei dy swarte foetfeech, jaget ús hjir meielkoar op kosten en foardat je it yn de gaten ha sit hy wer yn de sinne yn in ekonomysk striemin draaiend lân mei lju dy't skoandere bollen mei spearen ôfmeitsje. Achterlik