Kapitein Rob: Champagne in plastic glazen

'Het verdwijnt nooit, het gemis en het gevoel dat je in dit land niet ongestraft je kop boven het
maaiveld uit kan steken, je kan beter meelopen.'

It is de lêste rigel út in artikel yn de LC oer it jier fan Erwin Rob, dy't bekendheid krige as foaroanman fan de EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling. It ferhaal is der ien fan de tryste konstatearring dat je hast alles mei jild en champagne yn plestik glêzen ôfkeapje kinne.

It skrikbyld fan champagne yn plestik glêzen bliuwt dan by my hingjen. It is it toppunt fan net sjyk. Gjin klasse. Gjin gefoel foar wat dan ek mar ha. Champagne heart net yn plestik glêzen.

Juster wie Joe Cocker efkes trending topic. Guon pommeranten mienden ek dat se efkes harren 'meilibben' toane moasten. De redaksje fan Stikelstekker is net fan it rabjen, mar as je twa minuten nei in #rip berjocht in tirade oer in kleanwinkel online sette, seit dat wat oer hoe fluchtich de wrâld fan de sosjale media is. It is in glimke, in flok, in kear de wynbrauwen ophelje as jo dêr de tiid foar nimme. It hat neat mei klasse te meitsjen. Champagne yn plestik glêzen.

Trainer Dwight Lodeweges fan Sportklup Hearrenfean waard skorst omdat er wat tsjin in skiedsrjochter sei. Neffens my op in fatsoenlike toan. Ajax trainer Frank de Boer makke dizze wike alles en eltsenien by de arbitrage út foar âld fet. Nothing on the hand. Klassejustysje fan de KNVB. Gjin klasse dus. Champagne yn plestik glêzen.

It regear fan de VVD en de PvdA ha in kettingseage krigen en driigje de poaten ûnder ús demokrasy wei te seagjen as de leden fan de Senaat, de Earste Keamer, it gewisse fan de passanten yn dy ophitste Twadde Keamer, net braaf mei harren plannen ynstimme. Berne Fries Halbe Zijlstra orakele: 'Linksom of rechtsom...' Kompleet respektleas. Gjin klasse, dy man. Champagne yn plestik glêzen.





Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'