Posts

Posts uit mei, 2012 tonen

Stanley Cup

Afbeelding
  Noch efkes in tipke: wylst we hjir de earste simmerske dagen hân ha, is de finale om de Stanley Cup los. In skoft lyn ha 'k dêr al wat oer skreaun. De Los Angeles Kings út it westen nimme it op tsjin de New Jersey Devils út it easten. Iishockey, midden yn 'e simmer. Tink no net dat dit samar wat is, sûnt 1892 (!!) wurdt hjir om spile, it is dêrmei de âldste sportpriis yn Noard Amearika. De (foeililke) beker is donearre troch Lord Stanley of Preston. Dy man wie gûverneur generaal fan Kanada. Yn 1919 koe it feest net trochgean, omdat doe de Spaanske gryp hearske. En yn 2005 wie der wat mei jild, mar dat is dêr yn de USA wol faker spulbrekker. Foar it oare is dizze twastriid wichtiger as alle oare wedstriden op it iis. De olympyske spullen? Nee, de hearen tinke der net oer as se noch om de Stanley Cup spylje kinne. Ek it WK is mar boarterij. Montreal Canadians is rekôrwinner, mei 24 bekers. Neffens my wint LA Kings. Dat soe  foar harren de earste kear wêze. New Jersey

Romanfreed?

Afbeelding
It giet der mar wer om wei op ynternet en yn de krante. Minsken dy't sizze dat it Frysk oer tsien jier te hôf brocht wurde kin, guon dy't sizze dat Fryslân allinnich yn byld komt as it komkommertiid is. Ek wurde der hurde nuten oer brek oan kwaliteit, fisy en organisaasje kreake. Miskien dat der yn it ferskaat oan bylage's ek noch wol wat stiet, mar dêr komme wy as digitale lêzers pas folle letter efter. Ahum, hint, LC! Je wurde der oer it generaal net bliid fan, en sa heart it ek as we it oer in projekt as KH2018 ha. Frysk eigen, om sa mar te sizzen. Foardat it woartel sjitte kin de Roundup-spuit oer de bealch. Bliuwt it allegearre moai skjin en netsjes. Neat gjin wylde spruten yn ús kreas oanharke paadsje, wat soe m'n der fan sizze, no? Oer twa dagen is de presintaasje fan myn nije roman. In Frysk boek. Hallo, gij roepende in de woestijn!!! Is daar iemand!? In pear fan de haadrolspilers yn it blijspul KH2018 steane op de list fan útnoege minsken. As ik de Omrop wi

Helaas, nútsjesmoar

Afbeelding
Fanwege ekstreem waar wurde alle plannen oangeande wynmûnen yn de iiskast setten.

Famylje

No, it is yn 'e war, hear. Wy ha it lang opkeare kinnen, mar niis hie ik in fersyk om my te folgjen op twitter. Fan famylje, ja. Miende ik dat we út in goed digibetysk laach kome, begjinne se ferdikke mei ditsoarte keunsten. Wêr moat dit hinne? Aanst mem ek noch oan de twitter? Sjoch, der binne fansels grinzen. It heechsteande literêre praat dat foaral jûns let troch de ether fljocht is net foar eltsenien, soks mei helder wêze. Mar ja, it is famylje, hoe soenen jo sa'n fersyk wegerje, no? Miskien moatte wy mei de #famylje in skieding oanbringe. Alles mei dy (dizze dus: #) is iepenbier. De rest is foar de oaren... Kryptysk genôch? Moai. Wat is 't oars moai waar, net?

Samsung grapkes

Nuver spul. Myn Samsung hat samar betocht dat er by elts nij berjocht op Feestboek, dêr't ik ek op reagearre ha, trilje wol. Soks ha ik by myn witten net opdracht foar jûn. No sitte der in oantal freeslike nachtbrakers by dy Feestboekminsken, dat je krije gjin rêst mear. Nachts lis ik it domme ding no mar op in steapeltsje papier, dat dimpt it lawaai wat. Set him dan út, hear ik jimme sizzen. Ja, mar it duorret hast in dei foardat it apparaat opstarten is, en moarns ha ik in strak skema. De pest is dat ik net wit hoe 'k soks wer útsette moat. Ja, mei in moker, mar dan bin ik net mear te berikken, dat is ek wer net de bedoeling. Hat dy beursgong fan Feestboek der miskien wat mei te krijen?

De útwedstriid, seisde part

Afbeelding
It is wer safier! It seisde part fan De útwedstriid is hjir fergees te lêzen. Wat wolle je noch mear op sa'n moaie dei as hjoed. De linkjes nei de earste fiif parten steane ûnderoan de side.  6 Sergei sit yn in spagaat, en dat hat er mar al te goed troch. Miskien hie it better west as er dizze man net tsjinkaam wie, mar dat is efterneipraat. Hy sjocht nei it kaartsje. Ien telefoannûmer. ‘Ut de holle leare en dan ferbaarne,’ seit de man. Datsoarte praktiken hat Sergei sûnt er yn it leger siet, net mear meimakke. ‘Wat soe ik foar jo betsjutte kinne?’ freget er. ‘Ik belje dy ynkoarten. Dat nûmer is foar needgefallen, net brûke as it net strikt needsaaklik is,’ seit de man en rint nei syn auto. ‘Jo namme?’ ‘Neam my mar Ralf. Dat is earst foldwaande.’ Hy docht de doar fan de auto iepen, grypt der wat út en smyt it nei Sergei ta. In fjouwerkant doaske. ‘Thús iepenmeitsje, frou en Wayne meie it net witte.’ Dan start er de wein en rôlet stadich fuort. ‘Ferdomme!’ Se

Politike rotsakken

It binne dy lytse peareltsjes dy't it libben moai meitsje. Hjoed bygelyks, der moasten in pear stobben út de grûn by in boargerhûs. Konifear, dy woartelje net djip. Myn 585XL lake der om. Komt de soan thús.  Mei 3-0 wûn omdat de tsjinstanner net opkaam. Ik ken de jonge, brutsen houlik spultsje. Krije se in tik fan mei. Hy seach nei dat reade meunster dat samar stobben út de grûn luts. 'Mag ik even binnen kijken?' Tige fatsoenlik, wylst er der oars wolris daliks ynhouwe wol. Ik sei nee, mar meist aanst wol in eintsje meiride. Hy stuts de hannen yn de loft. Tolve jier. Net brek oan lúkse, alles foarhannen. Mar gek op in âld International fan de buorman. Minsken, jim hienen dy eagen sjen moatten. Se glommen. 'Ik heb nog nooit op een trekker gezeten! Hoe hard wil ie?' Ik it gas iepen. Hy kraaide der oer. Neitiid hat er my trije kear tank sein. Hy wist noch net hokker skoalle er oan jier hinne soe. 'Speciaal onderwijs, ik kan niet tegen drukte.' Dat sei er o

Jubileum

Hjoed ha de frou en ik 18 jier elkoars ring om de finger. Wat seit soks? No, dat we dus noch net byelkoar wei binne, fansels. Dat is hjoed-de-dei hast in fermelding wurdich. Hie it oars moatten? Ja, wis. Weromsjen jout gjin miter, mar je hienen it no wol wat oars dien. Dy resepsje mei folk dat ik dêrnei foar it grutste part nea wer sjoen ha? Skrasse. Opfretters op útnoeging. Mar it hearde sa. Sterker, as it no noch moast, wit ik net oft ik wol trouwe woe. Dan hie myn frou har eigen namme hâlde kinnen, dy't folle moaier is as dy fan my. De Jong, no, dêr binne der nochal wat fan. Fout, hie net wêze moatten. Mar it hearde (hast fanselssprekkend) sa En dan dat pak. Terra Mannenmode, leau ik. Net bêst. 18 jier hinget it hjir no. It sil grif net mear hielendal passe, en dy flinterstrik sit it waar yn. De jurk ha'k ek mar ien kear yn funksje sjoen. Weismiten jild. Hy stie moai hear, dêr net fan. Hjoed komme de heiten en memmen op de kofje, ûnder melken, sa 't wy dat neame. Me

Wikseljild?

Tige goed nijs! It boemeltsje tusken It Feen en Grins komt der net. It is einliks ta de minsken dy't der oer geane trochkrongen dat it in plan is dat daliks yn de jisketonne moat. Der sit gjin minske op te wachtsjen, boppedat is it fierstente djoer. En Drachten hat him altyd al sûnder spoar rêden, dat sil no net oars wurde. Dat is ien. No dy sintrale as noch. Ja, de ferbining mei Dokkum moat fansels better, mar it liket dat de earen dôf binne foar in goedkeapere, mar like goede útfiering. Eigenaardich is soks. Sa fan: it is besletten, dus dogge we it sa. Brek oan boereferstân en maklik mienskipsjild útjaan neam ik dat. Wat is, bêste minsken dy't der oer gean, no moaier dan dat je sizze kinne dat je der mei syn allen in pracht wei dellein ha foar gâns minder sinten? It liket my in win-win situaasje. Of húsmannet der earne yn de wâlden noch in boargemaster dy't in berch wikseljild te goede hat? Je soenen der hast in komplot efter sykje. Mar dat mei net, dus dogge we dat ek

Melk de witte motor

Friesland Campina komt mei in noviteit. As jo in pak molke fan harren keapje, stiet dêr tenei in koade op. Op in webside kinne jo dêrmei útfine by hokker boer dy molke weikomt. Ja, molke komt by de boer wei, leave jonge lêzerkes. Sterker, it komt út in libben bist! Sa'n bonkerak mei in grut jaar derûnder. Fiis, no? It liket my dat je dy koades fan de suvelreus mei in grutte kerrel sâlt nimme moatte. Ha jim dy RMO's fan hjoed-de-dei wolris sjoen? Dat binne grutte bakken, hear. En omdat de disel rottekrûd djoer is, fleane dy net mei in heale fracht nei ien fan de pear fabriken dy't noch oer binne. Mei oare wurden, se lade dy auto's fol. En oft der no in flut molke fan boer Piet by de molke fan boer Klaas komt? It is allegearre wyt, no? Neffens my is it net nei te gean wêr't dy molke no krekt weikomt. It sil mei in bytsje gelok fan ien fan de 5000 oansletten boeren wêze, mar garânsje? Makket ek neat út. Elts moat molke, sûpe, boerebûter en tsiis keapje. Lekker.   

Astma fûns

Afbeelding
  No't hast alle minsken fan kwizekwânsje yn de baarnende sinne op de keninginne oan it wachtsjen binne, kin ik it stikem wol efkes oer wat oars ha. Dat nije provinsjehûs ha 'k al ris sjoen. Ha jim ek sa'n begrutsjen mei de kollektanten fan it Astma-fûns? Dy lju rinne har de fuotten ûnder it gat wei om jild te garjen foar it goede doel. No, dit jier wurdt in grut part fan dat jild goed bestege. Direkteur Michael Rutgers fertsjinnet (krijt) de fooi fan € 125.000 yn it jier. Hawar, dy man hat 80 wurknimmers, dat toe dan mar. Ik leau dat er gjin bonus pakt, dat koe ik net fine, teminsten.  Wêr't it my om giet is dat dizze general director, sa't er himsels op Linkedin neamt, de namme fan syn toko mar ris feroarje wol. It liket de Tsjongerskâns wol. No soe de namme Astma-fûns de 'lading net mear dekke' en is yn alle wiisheid keazen foar Longfûns. Kosten fan dizze ombouwing binne troch de kollektanten ophelle, wêrfoar hulde. As jimme it yn 't foar witte

Bân plakke mei in spiker

Afbeelding
  Dat wie in net noflike trip down memory lane. Foar it wurk brûk ik in karke. Foar de trochsetters: in molkkarke. Stamt út it jier 1955, skat ik. No hienen se yn dy tiid ek al bannen, en dy reitsje wolris lek. Om eltse kear de kompressor yn de bus te smiten is ek gjin wurk, dat ik tocht hjoed: lit my dy bân mar ris plakke. Dat hat my dus de hiele middei koste. Dat rotkring wie der net ôf te krijen. Ik wie op lokaasje, dus dan ha jo it rjochte ark ek net, op 't lêst ha 'k myn spiker mar krigen. Dat is in stjitizer fan in kilo as 25, dy't op in mânske spiker liket. Klear. Bân der ôf, plakke en wer te plak. Hmmm... Fiif minuten letter wer fan twa nei in heale Bar sakke. Jim fiele him al oankommen: noch in lek. Dus itselde gewrot noch in kear. Soks fine jo dus út op de waarmste dei fan it jier oan't no ta, dat it swit rûn my by de rêch omheech. It minste is dat ik der foar gjin kwartsje betrouwen yn ha dat er no wol goed ticht is, dus moarn de kompressor dochs noch ma

Heldersjende baarch

We sille der wol (hast) net omhinne kinne. It EK balskoppen. Oranje en nochris oranje.  Daliks mar wat negatyf útein sette: Se wurde gjin kampioen. Te âld, gjin kriich genôch mear. Ik ha noch nea in âlvetal traind, mar om in ferdigening op Robben ta te rieden is net al te dreech. Hy giet nei binnen. Altyd. Juster hat er it in kear as 20 besocht, maklik te ferdigenjen. Op in pear nei ha de 'hearen' safolle jild dat de echte honger der net mear is. Kânsleas, dus. Mar der is hoop, it kin dochst noch wol in aardich toernoai wurde. Der is nammentlik in heldersjende baarch dy't de útslaggen foarsizze sil. Knor. Wolle jimme noch mear witte? Ik net. O, ja, Dútslân wurde kampioen. Se winne fan Spanje. Klear. Is it al hast wer winter?

Foarbygongers

No, tige hear, sa'n dei op it dak. Nee, net It dak fan de wrâld, mar myn eigen dak. De kajút skildere. En dat is op himsels kloatewurk, jo moatte it fan de reaksjes ha. Der stiet in hage fan in heale meter hichte tusken de dyk en ús hûs, guon minsken tinke dat dy alle opmerkings opkeard. 'No, dat waard ek wol tiid net, wat seisto?' It wiif hinget tsien meter efter de keardel yn 'e beage mei de tonge op 'e skuon om him by te hâlden. 'Wat seist? Ik ferstean der neat fan!' 'Ik sei, dat waard ek wolris tiid, net!?' 'Wêr hast it oer!?' Skodholjend fytst de keardel troch nei it folgjende objekt dêr't er in miening oer fentilearje moat, neffens himsels. Noch ien foar it ôfwennen: Man, type amtner, mei (krekt wat te jonge) frou. 'Nou, dat ziet er gevaarlijk uit, hoor.' Sy (drok knikkend): 'Ja , zeg dat wel.' Ik (gnizend): 'Moarn, moai waar net?' Beide sjogge opslach foar harren del en sette soch. Sa'n domme

Tendinsjeus

In part fan in artikel yn de LC fan hjoed. Lees en huiver.  Rendement en ondernemerschap zijn niet meer afdoende. Agrariërs moeten ook betrokken zijn met omgeving en product, willen ze geld kunnen lenen bij de Rabobank. Dat vindt Ruud Huirne, de kersverse directeur Agri & Food van de Rabobank. Agrariërs die menen dat ,,ze niks te schaften hebben met en onverschillig staan tegenover milieu, diergezondheid, dierenwelzijn en maatschappelijk draagvlak, krijgen het moeilijk in de onderhandelingen met de bank. Het gaat vaak om boeren die er complottheoriën op na houden, zo vervolgde Huirne. ,,Zo van: zij in Den Haag willen ons kapot maken en zij in Wageningen (Landbouwuniversiteit) werken ons tegen.” Boeren ook die geen enkele affiniteit hebben met hun afzetcoöperatie. Die hun melk afleveren, maar niet weten wat hun zuivelonderneming ermee doet.” (LC) No bin ik fan boerekomôf, en dus net hielendal objektyf, miskien. Menear Huirne sil grif in tige kapabele m

McArthur Park (long version).Donna Summer

Afbeelding

Reklame

Afbeelding
                                                Haha, toys for boys!!! 

It is der!!!

Afbeelding
It plattelân hat wol wat. Komme je nei in middei blaubekjen op it fuotbalfjild fan De Pein thús, leit der in kaartsje yn de bus. 'Pakje besoarge, leit op de kroade yn it hok.' Sjoch, dat kin hjir noch. No wist ik net dat ik in pakje besteld hie, ek de frou skodde fan nee. Mar soms is it leuk om in pakje te krijen, dat sil ik jim sizze. Sjoch mar. Jippie!!!!

Ruud

Ruud hâldt der mei op. It docht my daliks tinken oan de earste kear dat ik minsken mei triennen yn 'e eagen op in tribune sjoen ha. Wy skriuwe it Oosterenk stadion yn Swol, 1998. De earste kear dat It Feen echt in priis helle, troch yn in twastriid FC Twente te ferslaan. Ruud wie spits. Helle foar net te folle, foar grou jild ferkocht oan de klup dy't him eins tusken de fingers troch slûpe litten hie. Keapman Riemer syn safolste fyt. Ik stie op de easttribune, njonken it Twente-folk. Doe't It Feen mei 3-1 foar kaam, waarden guon Tukkers ûnder ynfloed fan drank en drugs tige bedriigjend. Der sieten twa minsken njonken elkoar, se sille dik 70 west ha. De agresje griep harren sa oan, dat it âldminske it wetter oer de wangen rûn, har man hie in earm om har hinne. Ik sil earlik sizze dat de goal fan Ruud my net it measte die, doe't ik de horde dwazen oankommen seach. Ik bin oan de oare kant fan de frou sitten gien, as wie ik harren soan. Wy ha gjin wurd wiksele, stommegr

Gak gak gak, wij gaan uit ons dak

Afbeelding
De meneuvels fan de guozzen en de geiten wiisden der al op. Tige sosjale bisten. De guozzen, dy't my oars wat ôffalle kwa waaks wêzen, binne no sa fûl as in foarke. En de geiten binne ek net fier fuort. Moaie symbioaze, lângeiten en guozzen. De earste pyk is hjoed út it aai krûpt. Doe't we niis efkes sjen woenen, stapte mem boppe-op it earme stumper, dat hy hat it op 'e dea ôf helle. Oars wie it in iendeispyk wurden. Neffens my binne dr noch in stik as wat oanpikt, dus de famylje goes wreidet aardich út. Binne der noch minsken dy't ferlet fan in stik as wat fan dizze prachtbisten ha, dan kinne jim dat melde fia de bekende paden. Se binne net djoer. Op de print stiet mem, dy't aardich lilk wie. Heit komt ek razend om 'e hoeke, en pyk wit noch fan neat. Allinnich dat mem ûnnoazele grutte poaten hat.

44 jier frustraasje

Afbeelding
  Je moatte hjoed-de-dei net nei it jild sjen as it om fuotbal giet, want dan is der neat mear oan. Dus dat ferjitte we dan mar efkes. En as ik dat doch, fyn ik it machtich moai foar Manchester City dat se nei dik 40 jier de frustraasje fan altyd it lytse ploechje út Manchester wêze, hjoed yn ekstra tiid kampioen fan de premier league wurden binne. De ljochtblauwen kinne mei de kop omheech troch dé fuotbalstêd fan Ingelân rinne. As Liverpool-fan lokwinskje ik de Citizens fan herte. Sjappoo!

Flaggen en logo's

Op de dei dat de ferkiezingsretoryk fan krante en skerm ôf begjint te ronkjen, ha se te Ljouwert in nije flagge krigen. In djoerenien, oan it omsittent laach en de betinkers te sjen. Wat in minske op sneon al net út it stee krije kin. Braaf hantsjeklappe as de stedskomyk Crone seit dat soks moat. 'Is ie mooi of niet?' No, je. Ik sjoch noch net barren dat se fan Grou oant Ljouwert by it wekker wurden de flagge groetsje sille, sa as dat yn de US of A al gewoan is. It wie dochs al hommeles yn de Hoofdplaats. It bestjoer fan de pleatslike betelle balskopperij wol in nij logo trochfiere, oant op it hert ta. Dat is in gruwel yn de eagen fan de kultuerbewarders, dy't terjochte sizze dat sa'n bestjoer it foech net hat om as passanten samar in âld logo te feroarjen. Boppedat: wat is der mis mei dit logo? Tradysje tsjinoer nijmoadrige 'even een punt zetten' bestjoerders. Ik wit noch dat in pear fan datsoarte hapsnurkers itselde mei de pompeblêden op it kyltsje fan It F

De útwedstriid, fiifde part

Afbeelding
5   It is útsûnderlik sêft waar. Dat wol sizze foar Norilsk begripen. Min fiif, ein novimber, it krôket. Sergei Novokov stiet allinnich op it krúspunt fan de Ordzhonikidze strjitte en de Lenin avenue. Hy sjoch mei fernuvering nei de metamorfoaze dy’t hjir geande is. Op it hast trije bunder grutte bouterrein binne kranen en frachtweinen yn in skildereftich palet efterlitten. It is sneon, tsjin tolven. Sergei tinkt nei oer hoe’t it der hjir hinne lei doe’t er 20 jier tebek foar it earst dizze hoeke foarbykaam. In treasteleaze flakte, hjir en dêr in brântonne en in ferlern stik âld izer. No wurdt de lêste hân lein oan in multyfunksjoneel kompleks dat oer in jier klear en iepen wêze moat. Winkels, in swimbad mei sauna, restaurants en noch folle mear. Alles oplutsen yn bêzje stiennen, mei giele en reade strepen deryn, it liket fleurich. Sergei sjocht nei it mânske gebou. Wat Norilsk Nikkel al net klear krije kin. Brood en spelen, it hat nea oars west. In grut part fan de Noril

De útwedstriid komt der wer hast oan.

As alles wat gean wol sa't it gean moat, ynkoarten op dizze side it fiifde part fan De útwedstriid. Foar dyselden dy't de earste fjouwer mist ha: hjir de linkjes. It binne mar koarte stikjes, dus om goed yn it ferhaal te kommen: lêze! http://stikelstekker.blogspot.com/2012/03/de-utwedstriid.html http://stikelstekker.blogspot.com/2012/03/de-utwedstriid_29.html http://stikelstekker.blogspot.com/2012/04/de-utwedstriid-diel-trije.html http://stikelstekker.blogspot.com/2012/04/de-utwedstriid-fjirde-part.html Ik sil sjen dat ik noch wat op 'papier' krije kin.

Frysk diktee, de evaluaasje

In jûn yn de Steateseal. Net ûntefreden, sa sawat. De hearen Grijpstra en Looijenga lokwinske, mei fjouwer flaters terjochte winners. It gie my rap genôch, Gratama hie de gong aardich te pakken. Pas doe't der in pear man opstappe woenen, wie it aardich by te hâlden. Jim kinne gerêst wêze, ik sil my nea ferkiesber stelle foar in sit yn de Steaten. Nei ien jûn ha ik it al yn 'e rêch. Alderwetske tsjerkebankjes mei grien plús. Ik hie tocht dat mei dy ferbouwing dy steatesitten ek meinaam wienen, mar neat fan dat alles. Allemachtich, wat in beroerde stuollen. Wy ha ek noch wat besluten trochnaam, dy't yn it laad lizzen bleaun wienen. De stemming oangeande Thialf en sa mear. Tank oan de steateleden foar dizze service. Op it plak dêr't ik siet wie it laad oars leech, sil wol in PVV stoel west ha. Sels gjin breidpriem te sjen. No, ja. Jim tinke fansels, jeuzelje der net omhinne, sis it no mar! Okee, mar earst wat 'verzachtende omstandigheden'. Juster siet der g

Frysk diktee

Mochten der minsken wêze dy't meidwaan wolle oan it Frysk diktee: dizze link oanklikke en jim binne der streekrjocht by. http://fryslan.stateninformatie.nl/ Kertier foar achten live on the air, leau ik.

Merkel

It is hjoed de dei fan Europa. No is it striemin waar, dat liket hast in blaudruk foar it sentimint oangeande de Âlde Wrâld. Fan 'e moarn fleach der alwer in tweet van Wilders foarby, dy't dizze dei oangripe wol om de Europeeske flagge mar yn it jiskefet te smiten. De Griken ha anty Europa as útkomst fan de ferkiezings, Sarco moast yn Frankryk in fear litte. Se ha yn Brussel mar ien ding te dwaan, sjen dat de minsken oan it wurk komme, dat is elikser foar it saksearjen fan de negative teneur. Frou Merkel hat it der mar drok mei. Yn it Frysk betsjut merkel houten of izeren stipe ûnder de lûken oer it rom fan in skip. Hoe symboalysk kin in namme wêze. En Nederlân? Tsja. Dat moat in nij regear kieze. En der leit in falkûle. It liket no wol op in wedstriid wa't de grinzen it wiidst iepen set, om de skamte fan in pear ferlerne jierren PVV fuort te spielen. Der wie sels in klup dy't woe dat de oerheid it wurd allochtoan net mear brûke soe. Tuskenbeide is ek romte. De

Hup Heerenveen!!!

Afbeelding
  Samar wer in berjochtsje. En fan dit wurde je net bliid. It jout wol de kâns om twa saken yn ien bloch te besprekken, dat is dan wer maklik. Saak ien: De Tsjongerskâns, it hospitaal op It Feen, hjit fan no ôf Tsjongerskâns. Sjogge jim it grutte en belangrike ferskil? Der mist in lidwurd. Hoefolle soe hjir oer fergadere wêze om ta dizze briljante set te kommen? Hoefolle himsels in riant salaris taeigenjende kopstikken binne hjir oer gear west? De wite maffia hie it grif efkes net al te bannich en sieten yn in djippe diskusje oer hoe't se yn de goedichheid de dei om krije soenen, doe't der samar immen sei: 'Laten we de naam veranderen. Altijd leuk.' Ik soe tige graach witte wolle wat soks no kostjen giet. Alles dêr't in logo op stiet moat nij. Hoefolle hannen minder oan it bêd soe dizze folslein ûnsinnige aksje ta gefolch ha? Strontmislik wurde je derfan. Om ien lidwurd. Saak twa: Ald-bestjoersfoarsitter Paul Smits fan it Maasstad-sikehûs yn Rotterdam

Ik is dom...

In klassiker. Net oan draaiende dingen komme. Tink der goed om, foardatst it yn 'e gaten hast de hân der tusken. Earst dat ding út dwaan, leave, sa komme der ûngemakken fan. Les ien wie dat. En wa hat no it topke fan de finger? Krekt. Ik miende dat er stil stie, mar it mes makke noch in pretrondje, mei as gefolch dat ik niis in lekkere 600 Ibubrofen tsjin tûkjende lichemsdielen naam ha. Foar it tikjen op de kompjûter makket it neat út, dat is dochs twa fingers net blyn. Mar de gitaar kin ik de earste dagen wol ferjitte. Dus: net oan draaiende dingen omgrieme. Ahum...

Dan maar de lucht in, sei Van Speijk

In frjemde boel hjir. Wy ha al in jier as tsien guozzen, mar in eksimplaar sa as dy't we no ha? De dame sit te brieden, op ien aai. Dat is ekonomysk besjoen net al te tûk, mar dat moat se sels mar witte. Juster hienen we in bistedei, om samar te sizzen. De hinnen yn bad, omdat se ûnder de luzen sieten.Wat hûnesjampo yn in amer mei lij wetter, de wytweiten hinnen efkes kopke ûnder en neidat se opdroege binne is der gjin lús mear te sjen. Tige effektyf. Fan 'e moarn al wer twa aaien, se knappe der ôfgryslik fan op. Ien fan de lângeiten rûn slim kreupel. No is it wol wat in oansteller, as ik mei in bakje biks rattele, rûn er as in ljip, efkes letter stuts er de iene foarpoat de loft yn en draafde op trije poaten. Sjoch my ris kreupel wêzen, sa sawat. Nei in yngreep mei in Stanley-mes ek grutte foarútgong nei in nacht sliepen. Goed. Dan dy guos. Se bliuwe altyd kreas op de grûn, op syn mâlst wjukkelje se in meter as wat. No, dizze net. Hy gie op 'e wjukken en fleach sa o

Frysk diktee

It hie better west en hâld it stil, mar it is net oars. Fia twitter kaam de melding dat it yn de krante stie, dus moat ik it mar sizze. Ja, ik mei woansdei meidwaan oan it Frysk diktee. En nee, ik ha der gjin hege ferwachtings fan. Sterker, ik tink dat ik in daverjend oantal flaters ha sil. De Olympyske gedachte is by my fan tapassing. Soks is relatearre oan in stik as wat troch my skreaune manuskripten dy't neisjoen waarden. Je krije der in kleur fan, eltse side sa read as in kraal fan de korreksjes. Dus gjin noed foar de oaren, ik doch foar spek en brea mei. Wêrom dan dochs ja sein? Simpel. Ik wol ien jûn fan myn libben op it plús sitte. Sjen en fiele hoe't dat is. Hoe't myn ferwachtings datoangeande binne? Ach, it sil ergonomysk wol goed útsocht wêze. Ik bin benijd. Earst snein mar ris rjochtdei hâlde mei Feyenoord. Oan de oare kant, PSV hat 30 miljoen oan mienskipsjild yn de eigen seleksje ferspikere, dus stel dat mei in 1-2 Rotterdam boppe dy lju eindigje soenen,

Boarsthier-dekoraasje

Afbeelding
  Het kan verkeren, sei Bredero. In wike as wat lyn bin ik op de foto kaam, omdat ik in stikje skreaun ha, en dêr moat myn kop by ôfbylde wurde. Doe wie it moai waar, mar noch wat fris. No kom ik net alle dagen op de plaat, dus de kreaze jas mar oan. Mei bûntkraach. (nep) Klear, de fotograaf knipte der fleurich op los. Ik wol leauwe dat er wol 100 kear myn holle yn it systeem sitten hat. Fraach is oft er dêr bliid fan wurdt, mar dat geheel terzijde. Komt der in dei as wat letter in berjocht oer de digitale racebaan nei my ta. It stikje komt yn juny yn it blêd, en dêr past gjin bûntkraach en winterklean by. Okee, dat snap ik. Ferfolch: Ik bin hjoed opnij ôfreizge nei it Abe Lenstra Stadion, want dat wie de lokaasje dêr't ien en oar plakfine moast. En ik sil jimme sizze, it wie my dochs in partij stienkâld!!! Ik hie fansels myn Aloha-shirt út de kast lutsen, want as it simmers moat, dan sil it ferdikke ek simmers. Dus it bloeske in ein iepen, in stikje tapyt fan Lippe Wone

Opmaat nei it ferfolch fan De útwedstriid. In simmer op in krúspunt yn Norilsk

Afbeelding

Straalbesopen ter tafel

Afbeelding
'We now have the one-table situation.' Dit sil de measten fan jim neat sizze, mar in stik as wat grif wol. Op de BBC en Eurosport stjoere se it wrâldkampioenskip snooker út. Ballen yn in gatsje pikke, soe myn beppe sein ha. Wat in drokte meitsje se dêr oer, soe se ek noch sizze kinnen ha. En dan hie se noch gelyk hân ek. Dy Britten ha wat mei snooker. The Crucible yn Sheffield sit eltse dei stampfol mei foar it grutste part jongfolk. Apart is dat, der komt hjir gjin kop nei in partij biljerten te sjen. Hoe kin dat? It biljerten hat gjin helden. It imago is griis en âld. Hoe oars is dat mei snooker. Jonge keardels, dy't troch yngreven promoasje in soad folgers ha. En troch it moaie, droege kommentaar fansels. Elts jier sit ik der wer op te wachtsjen. As de heale finales begjinne, ferdwynt ien fan de beide tafels. De kommentatoaren jouwe dêr alle jierren wer yn brede bewurdingen harren miening oer. It ferskil tusken ien of twa tafels. Eartiids gie it der wolris wat

Geloksmomint

Afbeelding
  Je ha soms fan dy geloksmomintsjes. Niis bygelyks. Der lei in bal efter it hûs. Ik wipte it ding omheech, en hupsakee, fan de lofter op de rjochter, in kear as wat op 'e knibbel en wer fierder. 35 kear. No wit ik wol, foar de measte jongelju sil dit gjin nijs wêze. Mar foar in eks rjochtsheal yn de D1 fan Hearrefeanse Boys, yntiids fier boppe de fjirtich, wol. Ik woe it jim net ûnthâlde. Snok...

Wraak nimme

Afbeelding
  Wylst yn Fryslân de earste skûtsjes al wer in wedstriid fearn ha, binne se yn Noard Amearika mei hiel oare saken dwaande. De play-offs fan de Stanley Cup sitte yn de twadde rûnde. En der hearsket yn Kanada in grêfstimming wat dat oanbelanget. Iishockey is folkssport nûmer ien yn op ien nei grutste lân fan de wrâld. Mar der sit gjin ploech mear yn it skema. De Vancouver Canucks, foarrich jier noch finalist, waarden kânsleas oan kant fage troch Los Angeles. De Ottawa Senators ferlearen nipt fan de New York Rangers. Wat oerbliuwt is in skema mei acht teams, allegearre út de USA. De wedstriid dy't dan opfalt is dy tusken de Phoenix Coyotes en de Nashville Predators. Illustere nammen út plakken dy't je net dakliks mei wintersporten assosjearje. Phoenix leit nota bene yn in woestyn! Om dêr iis te meitsjen moat er aardich sinnekollektoaren op de sporthal oanbrocht wurde. En Nashville? Dat is fansels muzykstêd nûmer ien. It giet om in soad jild, de NHL. Topspilers pakke in pe

Mail oan de SC Hearrenfean

Goeie. As immen dy't al 25 jier op de tribune sit, moat my wat fan it hert. Fansels wol ik op Facebook en Twitter wol oanjaan dat ik der oar jier wer by bin. Mar dan by foarkar wol yn it Frysk. Soe de SC dêr in oare kear rekken mei hâlde kinne? As BVO dy't graach mei de pompeblêden en de Fryske identiteit flirte mei, liket my in trijetalige side ek in oanrieder. Eltse himsels respektearje klup hat hjoed-de-dei in twatalige side. Lit de SC de earste mei trije talen wurde. Der binne nochal wat minsken ûntslein, nim mar wer ien oan dy't it Frysk én it Ingelsk machtich is. Soks strielet wat ekstra's út, en dat is nea wei. Mei groetnis, Ferdinand de Jong. Dizze mail set ik ek op myn bloch: http://stikelstekker.blogspot.com/

KNVB nuveraardichheden

Afbeelding
  Frjemde boel. Je moatte in kop as in almanak ha, mar it soe sa wêze kinne dat SC Hearrenfean har snein troch te ferliezen pleatst foar de Europa-league. Dat druit yn tsjin alles dat mei sport te meitsjen hat. De regels fan de KNVB soargje foar dit idioate senario. As ik it goed begryp komt bekerwinner PSV as stoarsinder om 'e hoeke. As de ploech út Lampegat twadde wurdt, binne se pleatst foar de foarronde fan it miljoenenbol, de Champions-league. Mar dan komt it, de ferliezend bekerfinalist is dan spekkeaper, Heracles nimt it plak fan PSV yn de Europa-league oer. En dat is dan wer in probleem foar de oaren, der falt ien plakje fuort. Om koart te kriemen: Feyenoord moat eins twadde wurde. En it soe kinne dat It Feen dat sels regelje kin. Dan steane je dus foar in dúvelsk dilemma. Winne, sadat je sels neat ha, of mei opsetsin ferlieze. Mmm... Ik stel my dan foar hoe't de sfear yn sa'n klaaikeamer is. Wat gnize? Of eins it smoar yn? Lokkich is alles ôfhinklik fan