Mail oan de SC Hearrenfean

Goeie.

As immen dy't al 25 jier op de tribune sit, moat my wat fan it hert. Fansels wol ik op Facebook en Twitter wol oanjaan dat ik der oar jier wer by bin. Mar dan by foarkar wol yn it Frysk. Soe de SC dêr in oare kear rekken mei hâlde kinne? As BVO dy't graach mei de pompeblêden en de Fryske identiteit flirte mei, liket my in trijetalige side ek in oanrieder. Eltse himsels respektearje klup hat hjoed-de-dei in twatalige side. Lit de SC de earste mei trije talen wurde. Der binne nochal wat minsken ûntslein, nim mar wer ien oan dy't it Frysk én it Ingelsk machtich is. Soks strielet wat ekstra's út, en dat is nea wei.

Mei groetnis, Ferdinand de Jong.
Dizze mail set ik ek op myn bloch: http://stikelstekker.blogspot.com/

Reacties

  1. best genoeg jongen want dit roept aan de spreeuwen, we zullen ze het mannenweer opzeggen dat zodoende.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen