Posts

Posts uit november, 2018 tonen

Big Ben

Ha jim wolris nei in debat yn it Ingelske Lagerhuis sjoen? Dat is polityk besjoen ien fan de meast nijsgjirrige saken dy’t der te sjen en foaral te hearren is. Dy Britten ha fansels in tradysje fan hjir oant Tokio wat polityk oanbelanget. Hjir yn Nederlân sitte de folksfertsjintwurdigers yn ergonomysk ferantwurde draaistuollen, jim sille se grif wolris sjoen ha. Alle lúkse fan de wrâld. Je soenen sizze kinne dat se mei al dy gemakken ek wol in bytsje útnoege wurde om oan it plús te kleven, mar dat is miskien wat foar in oare kear. Yn it Britske Lagerhuis leit it al even oars mei de deistige omstannichheden. Litte we begjinne mei de opstelling fan de kampen. By wichtige debatten sitte de dames en hearen as hearingen yn in tonne. Kont tsjin kont en skouder tsjin skouder. Je meie hoopje dat se wat knappe deoderant brûke, want der is gjin ûntkommen oan as der ien switterich rûkt en jo ha de pech dat je neist dy persoan sitte. Romte om even te ferskowen of de fuotten te strekken is der