Posts

Posts uit november, 2011 tonen

Frysk yn de LC, diel twa

No, dat wie my wat juster. Speerstra, Kootstra, De Vries en De Groot. En dêr mocht ik ek noch bysitte. Se koenen sels myn namme! No hat Abe my fansels it gers al foar in part foar de fuotten weimeand op:  http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/ . Dat ha je mei dy mannen, ik moat moarns earst oan it wurk, no? Ha, yndie, dat bier sil lekker west wêze, mar ik hie reade wyn. 'Twa bokbier en twa wyn,' sei ik tsjin it famke. 'Dat is dan € 14.95.´ ´Wat sei...?' Ik kom dus net sa faak mear yn in kroech en hie de knaak it glês noch yn de holle. Toe mar. It selskip bedarre dus op in terras, en dêr woe ik it mar oer ha. Net oer Hylke syn ferhalen, mar oer de Ljouwerter krante. In wike lyn skreau ik in bloch oer it Frysk yn de LC. En dêr bin ik juster net opteiner oer wurden. It skynt belied te wêzen dat artikels net mear yn it Frysk skreaun wurde. Inkelt útspraken, quotes dus, soenen noch yn de âlde taal yn de krante komme. En De Groot skriuwt ek, Dwers. Mar dat is it dan, en

Evaluaasje, tips wolkom!

Oer it algemien ha 'k it mier oan fergaderjen. En myn aginda tilt der lokkich ek net fan op, mar moarn is it bingo. Twa stiks, op deselde tiid, en dat kin dus net. Nei ampele overwegingen sil ik nei Tresoar foar de evaluaasje fan de Moanne fan it Fryske boek 2011. Foar guon dy't witte wolle wat dy oare gearsit wie: de MR fan skoalle. Ek wichtich, mar dêr sit ik noch trije jier yn. Oan de MR leden (ik wit dat se myn bloch folgje): de oare kear bin ik der. Kinne se moarn mar rabje oer myn whereabouts, dy't net geheim binne, ik ha gjin relaasjeproblemen. Teminsten... Genôch hjir oer. ;-) Tresoar dus. En mocht der in ferdwaalde besiker oan ien fan de jûnen yn it ramt fan de moanne fan it Fryske boek omrinne dy't hjir noch wat oer kwyt wol: graach. Twitterje en Feestboekje mar in ein wei, wij nemen het mee, en zullen er nog een keer naar kijken, om it mar ris amtlik op te skriuwen. Kinne jim ek daliks myn Twitter folgjen gean, want dat sjit noch net echt op mei dy oantal

Brutsen snaren

Afbeelding
Soms binne je bliid dat Sinteklaas der is. Meastal net, omdat der dan listjes komme moatte. En ik ha meastal gjin flauwe jota fan wat ik dêr op sette sil. Mar hjoed kaam der help út net ferwachte hoeke. Ik wie fan doel om hjoed noch in stikje te skriuwen, mar je ha fan dy dagen dat soks net wol. Dan ha ik hjir sûnt koart in nije hobby njonken my stean, in gitaar. Leuk as ôfwikseling. Ik kin der gjin donder fan, mar it is och sa leuk. Siet ik lekker mei te spyljen, CCR of sa. Doe wie der dat momint dat ik weromtocht oan Pinkpop, it optreden fan The Foo Fighters. Dan kinne je hjir: ULTIMATE GUITAR TABS ARCHIVE 300,000+ Guitar Tabs, Bass Tabs, Chords and Guitar Pro Tabs! akkoardenskema's opsykje. Dus de elektrike gitaar oanslingere en ramme mar. Hearlik. Mar net goed foar de snaren. PATSPATS! Twa dwerstroch. Hupsakee, in item foar op it listje: snaren. Mar wat in geweldige band, dy Foo Fighters!!! De ûnderste is fan Pinkpop 2011, wol wat oars as i

Boetes noch fierstente leech

De Fryske plysje hat muoite mei de grutte ferheging fan ferkearsboetes. Neffens Hartgers fan de Fryske ôfdieling fan it Nederlânsk Plysjefakbûn binne de ferskillen mei oare boetes te grut. Sa giet de bekeuring foar parkeare op in hendikepteplak fan 180 nei 340 euro. Ride troch reed ljocht giet omheech fan 180 nei 220 en ûnnedich toeterje kostet aanst 350 euro. Hartgers seit dat de ferhâldings no bryk binne. Sa smyt stellerij út in winkel aansen in lichtere straf op. De tariven wurde fêststeld troch de polityk, mar plysjeminsken moatte se oplizze. (OF) No, it liket der mar op mei dit regear. De minsken wolle strangere straffen? Dan dogge we dat. Je moatte altyd yn kânsen tinke. Dus de boetes binne noch fierstente leech! Se moatte se sa heech meitsje dat de plysjes it net mear mei droege eagen oan in tafallige ferdriuwflakrider ferkeapje kinne, en dus: lit mar waaie. Foar in part is dat no al sa, dus sjitte dy gelearden dêr yn Den Haach harsels wer r

Rufus Wainwright - Going To A Town

Afbeelding
Lekker sliepe...

Seare fingers

Afbeelding
A, A, D, E. 2x A, A, D, B7 A, DABm, A E, A, E. A, A, D, E. A, A, D, E. A, A, D, B7. A, DABm, AE, A, E. A, A, D, E. A, A, D, E. A, A, D, B7. A, DABm, AE, A, E. C, G, D, A, E. 5x A, A, D, E. A, A, D, E. A, A, D, B7. A, DABm, AE, A, E. A, A, D, E. A, A, D, B7. A, DABm, AE, A, E. A, DABm, AE, A, E. En wat ha je dan? Seare fingers en dit:

Gnostyk. Wat sei...?

Juster bin ik nei in lêzing oer gnostyk west. 'Wêr hat it mantsje hinne west!?' hear ik jim tinken. Gnostyk. Yn it wurdboek stiet it sa: godstsjinstige, mystike lear út de twadde o/m fiifde ieu. Ja, jo dogge wat op in tiisdei.  Mar it foel my net ôf. It komt net alle dagen foar dat ik in filosoof oan it wurd hear. (Behalve mysels. Haha, ynkopperke!! ;-) ) Bram Moerland hie in tige nijsgjirrige opfetting oer wat neffens him it leauwen betsjutte. Berne op it strange Tholen foel it him op dat de lear allinnich mar gie oer wat de minsken allegearre  wol net ferkeard dienen. Hy kearde him dus fan de tsjerke ôf. Dêrnei in lang ferhaal oer in skat dy't yn 1945 fûn waard, in oantal geskriften, ferstoppe yn in krúk en letter neamd nei it plak dêr't se fûn waarden, Nag Hammadi. Hawar, ik sil jim de omballingen besparje. Mar ien ding is wol wat hingjen bleaun.  Op Wiki stiet dit:  Eén van de belangrijkste thema's van de gnostiek is dat de mens van zichzelf vervreemd kan

Sintraal Boekhûs

De grijze gaat je somstijden over de grouwe. Stel: jo ha in pear boeken skreaun. Soks komt foar. En dêr bestelle jo in stik as wat fan, fia jo útjouwer. Neat te rêden, tante post bringt it spul keurich by jo thús. Op feesten ende partijen binne jo dan taret om de enorme fraach nei Fryske boeken oan te kinnen. Oant safier gjin nijs. As ik wat bestel, ferwachtsje ik in rekken, neidat ik it guod krigen ha. It CB (Centraal Boekhuis) docht dat wat oars. Dy stjoere jo in 'overzicht openstaande facturen'. Wat no openstaande facturen? Ik ha nea in faktuer hân! Je fiele je dan daliks in wanbeteller, in krimineel, in lapswans dy't de brot net op oarder hat. 'Wij verzoeken u dit overzicht te controleren met uw eigen administratie'. No, dêr wie ik gau klear mei, gjin rekken fan it CB yn it laad te finen. Ik bin fan de regelmaat. Ien kear yn de moanne betelje ik blijmoedich alle flauwekul dêr't ik in rekken fan krigen ha, en nim der dêrnei mar ien op. Wat moatte je oar

The Darkside - Guitar Voodoo

Afbeelding
Lekker sliepmuzykje.

Ajax en Riemer

Ja, dat is even skrikke. As anti Ajax man dochs dizze kop. It giet ek net oer wat him dêr yn de hoofdplaats ôfspilet, we ha hjir de soap Ron Jans wol, dêr ha we De Verlosser en Lois net foar nêdich. Omnium brocht hjoed in petear mei Riemer van der Velde. En dat wie de man op it goede plak. Yn fiif minuten sette er de situaasje helder del. De ûnderfining knalde út de radio wei. Foaral syn miening oer de rasistyske opmerking dy't Cruijff makke ha soe wie om te ûnthâlden. Van de Velde sei dat yn in fergadering wolris wat sein wurdt, en heakke daliks ta dat it net goed is dat soks sein wurdt, mar we moatte wol by de feiten bliuwe. En ek net al te 'fijngevoelig' wêze. Davids en in menear Ten Have(?) roppe dit, mar wat is de lading derfan? Der sit ek in dame yn de ried fan kommissarissen fan Ajax. Sit dy der yn omdat se frou is? Van der Velde sinjalearre dat as soks sein wurde soe, der gjin hûn oer stroffele. En wy ha gjin idee oer de toan dy't brûkt is by de opmerking tsji

Frysk en de Ljouwerter krante

De sneonskrante fan de LC. Altyd in moai begjin fan de dei. Mar foar minsken dy't hjir en dêr ek in artikel yn it Frysk ferwachtsje, in grutte teloarstelling. Twa kear bin ik der trochhinne west, en de opbringst is gewoan bedroevend. It oantal artikels dy't folslein yn it Frysk skreaun binne: nul. Niks. Nada. Noppes. Stiet der dan gjin Frysk yn de LC fan hjoed? Jawol. De krante bestie hjoed út 46 siden. 27 siden sneon en snein derop ta, en dan noch 30 siden oerstallich wennijs. Yn it earste part komme allinnich útspraken yn it Frysk foar. Janna Eijer op side 7, sporters Sjoerd de Vries en Sybren Jansma op side 18. Op side 27 seit staalbewurker Bruinsma ek noch wat. Dan op siden 34-35 de programearring fan de Omrop. Yn de sneon en snein op side 10 en 11 in pear sechjes fan Hosper en Kingma, dy lêste wurdt sitearre yn in kollum. Dan de bylage wonen: ien of twa rigels. Dat is dus wat it haadblêd fan Fryslân der fan bakt op in gewoane sneon. Gjin inkel yn it Frysk skreaun

Friese schrijver opnieuw in de fout

Afbeelding
Hoi Sjoukje, Interne memo voor Omroep Friesland. Gaat weer over diezelfde gek. Stuur je het dadelijk door? Tot vanavond, die afspraak staat nog steeds. Zie je!!! XXX Heerenveen, 18-11-2011 Man op zitmaaier rijdt op A7 De politie werd vanmorgen rond zes uur getipt over een man die op een zitmaaier over de A7 richting Heerenveen reed. Vlak voor het klaverblad werd de man van de weg gehaald. Het bleek te gaan om de gistermiddag in vrijheid gestelde Friese schrijver FJ. Politiewoordvoerder Anne Nauta veklaarde: 'Dit rint de spuigatten út mei dizze man. Hy sei dat er ûnderweis wie nei de ArenA yn Amsterdam, om dêr foar goed it gers foar de fuotten fan Johan Cruijff wei te meanen. Dit is fansels ûnakseptabel gedrach. Boppedat wie it libbensgefaarlik, de sitmeaner hie gjin achterljochten en skarrele mei in gonkje fan tsien kilometer yn de oere oer de fjouwerbaanswei.' De Boornbergumer, waarbij opnieuw geen alcohol in het bloed werd aangetroffen, verklaarde dat het wat hem bet

Friese schrijver weer op vrije voeten

Hoi Sjoukje, Interne memo voor Omroep Friesland. Graag morgenochtend doorsturen, dan zit de goede presentator er weer, je weet het!!! Haha. Je liefhebbende persvoorlichter. XXX Leeuwarden, 17-11-2011 De gistermiddag op de A7 aangehouden 42 jarige Boornbergumer is in de loop van de dag uit zijn voorlopige hechtenis ontslagen. Persvoorlichter Ferdinand van der Meer verklaarde dat er geen reden meer was om hem nog langer vast te houden. 'Boppedat wie er net te hânhavenjen yn de sel, de kollega's ha der in minne nacht troch hân.' Verdachte FJ, een redelijk onbekende Friese schrijver, was op het moment van vrijlating druk bezig zijn matras op te eten. Eerder was hij al meerdere malen dusdanig hard met zijn hoofd tegen de deur van de cel gestompt, dat hij getooid met een tulband de penitentiaire inrichting verliet. 'We binne bliid dat we dizze idioat kwyt koenen,' aldus Van der Meer. De opmerkelijke zaak lijkt hiermee gesloten.

Man aangehouden op A7

Afbeelding
De politie heeft rond vier uur een 42 jarige inwoner uit Boornbergum aangehouden op de A7 tussen Drachten en de afslag Nij Beets. De man reed met zijn bestelbus en aanhanger met een snelheid van 120 kilometer per uur en liet een regen van bladeren op het wegdek achter. Volgens politiewoordvoerder Ferdinand van der Meer was het een opmerkelijke aanhouding. 'Ik ha niis kontakt hân mei myn kollega Anne Nauta, mar dy hie dit ek noch nea earder meimakke,' aldus een zichtbaar aangeslagen Van der Meer. De Boornbergumer hat namelijk het raam open en zat hoorbaar lachend naar de ravage achter zich te kijken, herhaaldelijk luid roepend: 'Se binne der hast ôf, smoarge rotblêden!!!' De politiewoordvoerder verklaarde dat na twee blaasproeven en een bloedtest bleek dat de man niet gedronken had. 'In tryst gefal,' aldus Van der Meer, die openlijk twijfelde aan de verstandelijke vermogens van de Boornbergumer. 'Hy ferklearre dat er skjin syn nocht fan de blêden hie, omda

Amelân ferkwanselet harsels

In pear kear yn it jier wol ik graach nei de see. Dat hoecht net iens as it waarm is, ek mei hurde wyn fyn ik dat hearlik. En dan stekke wy de Waadsee oer. Wêrom geane wy al jierren nei it Amelân? En net nei Hollân? Omdat dêr fan dy aaklige húskes stean, dy't der net hearre. De Noardsee mei it lege, net skeinde strân fan It Amelân is ien fan de moaiste stikjes fan Europa. Komt der hjoed sa'n wethâlder op de radio dy't seit dat der brainstoarme is. Dat betsjut faaks net folle goeds. Om de badgasten noch mear út te melken wolle se dêr op it eilân miskien ek wol fan dy freeslike hokjes delsette. Om de minsken de kâns te jaan om foar net al te folle jild in nacht op it strân troch te bringen. Hoppaa! De sinten hjir ek wer belangriker dan de natuer? It liket der op. Ik ferwachtsje in stoarm fan protest tsjin dit domme plan. En mocht it al trochgean, wy learden op de legere skoalle fan TV-TAS. Dus is der kar genôch. Ik hoopje dat se hjir net mei trochgean, want net alle fero

Dropfiterje mei deade skiep

Der wie sprake fan in fikse tebeksetter yn de Fryske sportwrâld. Miskien dat jimme it meikrigen ha, it wrâldkampioenskip wetterpolo mei in geitekop as bal yn in noch droech steande fonteinfiver op it Saailân giet nei Yndonesië. Tige spitich. Mar je moatte yn kânsen sjen. Dus is de €60.000 dy't al yn de Olympyske spullen foar ûnder oare ljeppe oer in rige Inca-mummies sit, net weismiten jild. Nee, we moatte oanheakje by 2018, it dreamorgasme fan alles dat mei kultuer te meitsjen hat. Moai. Klear. Ferhaal út. Dat wie juster.  Hjoed komt yn it nijs dat it wol tige dreech wurde sil om de Haadstêd fan de Neuro lannen te wurden. En wat tinke jim? Ja, hear. De Omrop skriuwt:  Der binne plannen om in alternatyf sportevenemint yn Fryslân te organisearjen, no't de World Sport of all Games yn 2016 hjir net trochgiet.   De tawizing fan it evenemint oan Yndonesië hat de Fryske delegaasje mei in fikse kater opsadele. Mar de plannen hoege noch net de iiskast yn. Der sil yn Fryslân no e

Listen sûnder CCR

Afbeelding
We komme wer yn it part fan it jier mei alle oersjoggen. En dêr hearre de noadige listen by. Top 1000, top 2000, top 100 en noch folle mear toppen. Hawar, minsken wolle graach oeral in list fan gearstalle. Wylst je dat never nooit net mei elkoar iens wurde. Wat is de bêste auto? In Benz, of in Ferrari, of in Lelijken Eend, om dat dy it altyd docht? Siz it mar. De bêste band yn de wrâld. Ek sa'n list. 'Beatles!' 'Nee, Stones!' Dêr is al wat oer ôfeamele. U2, Queen, Metallica, The Who, Pink Floyd of de Hûnekop? It is net te dwaan, sa'n list. Hjoed siet ik yn de nostalgy op YouTube. Yn al dy listen komt eins nea de namme CCR as grutste band ea foar. En ik wol graach besykje jim derfan te oertsjûgjen dat soks miskien wol net terjochte is. Want wat ha dy mannen mei trije, heechút fjouwer akkoarden in skat oan muzyk efterlitten. En je kinne se allegearre, dat is it frjemde. Schoonheid door eenvoud. Creedence clearwater revival.  Ik bin gjin f

Posityf stikje

Dit moat in posityf stikje wurde. Dat ha 'k my foar naam. Want as je sa'n wike yn de rimboe sitte, is de mobile tillefoan mei dêrop de twitter App hast it iennichste dat je fan de saken yn de grutte woeste wrâld op de hichte hâld. En dêr wurdt in protte ûnsin op publisearre. Ek troch my, ik jou it daliks ta. Yn de regel giet it nearne oer. Mar de bak ellinde dy'tje oer je hinne krije is net te leauwen.  De euro's, de Gysberts, de otters, de sintrale assen, de plysjeberjochten fan de omrop, de foute publikaasjes, de waardeloaze websides, de snobbersreiskes, de seksskandalen, de krante dêr't gjin Frysk wurd mear yn stiet, de ûnbeändere mailtsjes, de  jubileumgearkomsten, de ôfskiedsresepjes, de moslimoarloch, it mei stiennen deasmiten fan in widdowfrou en gemakshalve pakke se de dochter der ek noch by, en sa kin ik noch in moai skoft trochgean. En allinnich op de App fan twitter. Lit stean as de tv ek noch oanstiet, ik facebook en nu.nl riedplachtsje soe.  Posityf

Berjocht út it arkje

Dochs noch in berjochtsje út, sa as Greet Andringa it neamde, myn sels keazen ferbanningsoarde. De measten fan jimme sille tink ik net sa faak yn it arkje fan Rink te gast wêze, en der binne grif noch minder dy’t ynsjoch yn it gasteboek krije sille. Dat binne der no al twa. It earste is fan kaft oant kaft folkalke mei de meast prachtige berjochten út de rimboe. It twadde is dit jier yn gebrûk naam. As der in soad minsken lykas myn doarpsgenoat @venetianred plak fine yn de arke, mei der oar jier wol wer in nij boek komme, sa’n lang en moai sfearferslach hat sy efterlitten. Ik ha my beheind ta oardel side. Ik sit hjir ek mar in wike, dat mear soe ek net netsjes wêze, no? Gjin foto, mar wol in stikje oer... no ja. Sels mar lêze. Oade oan myn maten Och, koe ik de guozzen ferstean, wat soe my dat wat wurdich wêze. Koe ik harren gongen gean, harren begripe, harren tinzen lêze. Op grutte hichte of op de keale grûn, mei har mei reizgje, heel temûk. Miskien hie ik dan de

Blochstilte

Sorry minsken. It sil wol dreech wurde om dizze wike in bloch te skriuwen. Yn it foarste plak omdat ynterwol hjir ynternet is. En ek omdat ik besykje de tiid goed te brûken. No net daliks yn de gerdinen fleane, ek myn webloch is wichtich. Mar no't ik hjir yn alle rêst sit, mei allinnich de lûden fan de guozzen en de ljippen(!) op de eftergrûn, wol ik oan it wurk. Dat sadwaande. Boppedat is dat triedleas ynternet skriemende djoer. Doei!

De grutte ûnbekende Middel

Afbeelding
De boargemaster fan Smellingerlân (sis mar net Drachten) giet fuort. Ik sil him net misse. Net omdat ik de man net lije mei, mar omdat ik him net ken. Wat soe de man foar de gemeente betsjutten ha? De Omrop hie fansels in razende reporter nei Philipstown jage om de minsken te befreegjen oer dizze drege kwestje. Ien fan de útspraken lei pynlik bleat hoe't de minsken mei de polityk en it dêr by hearrend omsittent laach dwaande binne. De persoan sei dat se de man misse soe. Omdat er goeie sei as se him tsjinkaam. En foar it oare wist se it eins net. Der wie net ien dy't it wist. Wat hat Bert Middel nei Drachten helle? Hy seit dat er him no sa ferfeelde, omdat de wrâld wat mei de sinteraasje yn de mage sit. Dus komt der fan it boemeltsje tusken It Feen en Grins neat op de hispel. De Drachtster feart leit der noch like droech hinne as sûnt se him tichtsmiten ha. Dat hat Middel ek net flot lûke kinnen. It Raadhuisplein is dan no einliks dwaande om fan it treasteleaze bouput te fe

Hjerstdepresje

As de blêden fan de beammen falle, binne der minsken dy't it allegearre net mear sa sitten sjogge. Sûnt dizze wike hear ik der ek by. It is ferdikke net te leauwen. Foar myn gefoel is it boppe de tweintich graden yn de sinne, wylst de R al lang yn de moanne sit. Dat is gjin wurkjen sa. Te waarm om de trui oan, en as je him útdogge, moarn in seare bealch. Ik wol helderheid. Der ha yn jierren net safolle nuten yn de boekebeammen sitten. Neffens alles dat ek mar wat ferstân fan it waar hat, moat der dan in strange winter komme. No, toe dan!!! Pyt hie it lêstendeis oer snie yn novimber, dat siet der oan te kommen. Hy hie better reklame meitsje kinnen foar de nije bikinymoade. It wurket my op de senuwen, dit waar. Ik wol sangerjende minsken hearre. Dat se it sa kâld ha. Dat de kachel sa heech moat. Dat harren winterteannen opspylje. Dat it ekstereach yn de rjochter grutte tean noch mear tûket as ea earder. Dat allinnich Breuer noch mei koarte mouwen yn it fjild komt. Dat je fuotte