Big Ben



Ha jim wolris nei in debat yn it Ingelske Lagerhuis sjoen? Dat is polityk besjoen ien fan de meast nijsgjirrige saken dy’t der te sjen en foaral te hearren is. Dy Britten ha fansels in tradysje fan hjir oant Tokio wat polityk oanbelanget. Hjir yn Nederlân sitte de folksfertsjintwurdigers yn ergonomysk ferantwurde draaistuollen, jim sille se grif wolris sjoen ha. Alle lúkse fan de wrâld. Je soenen sizze kinne dat se mei al dy gemakken ek wol in bytsje útnoege wurde om oan it plús te kleven, mar dat is miskien wat foar in oare kear. Yn it Britske Lagerhuis leit it al even oars mei de deistige omstannichheden. Litte we begjinne mei de opstelling fan de kampen. By wichtige debatten sitte de dames en hearen as hearingen yn in tonne. Kont tsjin kont en skouder tsjin skouder. Je meie hoopje dat se wat knappe deoderant brûke, want der is gjin ûntkommen oan as der ien switterich rûkt en jo ha de pech dat je neist dy persoan sitte. Romte om even te ferskowen of de fuotten te strekken is der net, je sitte op de griene bankjes as tsjerkegongers yn in grôtfolle tsjerke.


De retoryk is oan de iene kant hiel freonlik, de tsjinstanners wurde oantsjutten mei ‘My honourable friend’ as it om ien fan deselde partij giet, oars wurdt it ‘the honourable member'. Dit komt omdat se net by harren namme neamd wurde meie. Dus frijwat elitêr, soenen je tinke. Mar as je de debatten folgje, moat de foarsitter geregeld op hege toan de oanwêzigen ta kalmte sommearje. De wize wêrop dat giet is fan in nivo dêr’t in gemiddelde merkkeapman him wol yn fine kin. It is somtiden gewoan in ordinêre roppe- en razerij, mar de wurden bliuwe soarchfâldich keazen.

De sprekker yn alle rêst syn as har wurd dwaan litte is der net by. Alle oanwêzigen litte hast op ûnfatsoenlik lûdruftige wize witte oft se it der mei iens binne of net. It is in totaal oare wize fan parlemintêre oerlizzen dan we dy hjir yn Nederlân ha. It liket soms op in organisearre gaos. Yn earder tiden wie de izeren dame Margret Thatcher in master yn it delsabeljen fan de tsjinlûden. It debattearjen liket yn Ingelân in ferhege foarm fan wurdkeunst en de emoasjes kinne heech oprinne.

De Brexit is ien fan de meast yngripende saken yn de hjoeddeistige polityk yn de frije westerske wrâld. Premier Theresa May moat de ûnderhannelingen ferdigenje dêr’t de ôfrûne jierren oer praten is. In debat fol wie fan emoasjes fan foar- en tsjinstanners. It liket my prachtich lesmateriaal foar alle studinten dy’t harren yn politike en oanferwante saken ferdjipje. As ik dit skriuw is it noch net iens helder oft May op dit stuit noch wol har plannen der troch krije sil.

Hoe’t it ek ôfrinne sil, it giet ergens oer. It dekôr is stylfol, stiet bol fan tradysjes. Foarsitter, of wol Mister Speaker John Bercow, is fan oarsprong in konservatyf, mar wurdt no ek wol as sympatisant fan de oare kant, Labour, besjoen. Dat feit allinnich al is hast in ferhaal dêr’t je in boek oer skriuwe kinne.
It binne bysûndere tiden oan de oare kant fan de Noardsee. As ekstra yngrediïnt is de ferneamdste klok fan de wrâld ek noch yn renovaasje. De Big Ben hâldt him stil tidens ien fan de meast yngripende perioaden fan feroarings fan it Britske ryk. Of moatte je sizze dat er de adem ynhâldt? De symbolyk streamt yn elts gefal mei bakken fol troch de Theems.      

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen