Posts

Posts uit maart, 2011 tonen

Ferbrekke

Wat is dat dochs. Je steane yn it sikehûs op de lift te wachtsjen, komt der immen neist je stean. 'Nou, duurt nogal lang,' seit er. Je binne yn it Fryske Haachje, dat ik sei: 'Der sille wol mear wêze dy't omheech wolle.' In konfersaasje fan neat fansels, mar dêr giet it net om. 'Ja, soest sizze dat der nimmen mear sûn is.' WÊROM DOGGE MINSKEN DAT!? Ik sjoch der net út as immen dy't it Frysk net behearsket, tink ik. Mar altyd yn it Hollânsk begjinne. Stel ik soe him yn it Nederlânsk antwurd jûn ha? Ik snap dat net. Binne je in omkoal, in sukkel en in domkop as je immen oansprekke yn jo eigen taal? Is it in foarm fan skamte? Benaud foar immen dy't seit: 'Ik versta u niet'? Guus Meeuwis sjongt: Was men op Brabant maar zo trots als een Fries. No, sliep mar lekker fierder, Guus. Wy binne net grutsk, wy binne dom. Sa dom as in doar. Stel ik mei 80 wurde, dan is it heech tiid om de holle del te lizzen, want dan prate we allegearre in mjuks fan

Bad Company - Simple Man

Afbeelding
Lekker sliepe, langer as juster mei ik hoopje!

Derby

Hearrenfean-Cambuur Rangers-Celtic AC Milan-Internationale Real Madrid-Barcelona Harkemase Boys-Drachtster Boys Samar wat beladen wedstriden. Mar it falt yn it neat by wat der moarn barre sil. De heale finale fan it WK Cricket. India-Pakistan. In striid op libben en dea tusken twa lannen dy't elkoar wol skite en spuie kinne. Om Kashmir. Ik sjoch der nei út, en besykje der safolle mooglik fan te sjen. Fia ynternet, minne bylden, mar dat past wol wat by de sfear. Mear as in miljard minsken sille de striid folgje, dat is nochris wat oars as fierljeppe op 'e Jouwer. En de NOS? Gaaaaaaaap!

Heech tiid

Afbeelding
Witte jimme wat dit is? De betonnen sarkofaach fan reaktor 4 yn Tsjernobyl. Dy plofte yn 1986. It beton is hast oan ein, yn 2012 moat der in nije kape oerhinne komme. Kosten: rûchwei 1,4 miljard. Wisten jim dat de oare reaktors noch jierren yn bedriuw west binne? Oant 2000 ta. Wisten jim dat dêr no noch minsken wurkje om de kearnbrânstof yn de gaten te hâlden? Dat der in skala oan kankers konstatearre is, dat wisten jim wol. Mar wisten jim ek dat tsjintwurdich reizen nei it gebiet organisearre wurde? Elk nadeel heb zijn voordeel. Trochdat de minsken fuortgien binne, hat de natuer frij spul. Dat dy wylde bargen opljochtsje fan de strieling litte we mar yn it midden. 25 jier lyn, en no noch ellinde. Soe it ek tiid wurde om alternative boarnen fan enerzjy in kâns te jaan? In rendabel wynmûnepark is better om nei te sjen as nei dat wat jo hjir op de foto sjogge.

Ergernis

Net goed foar in minske, tefolle ergernis. Bekoartet it libben, je wurde der swartgallich fan en foar de omjouwing is it ek neat. Dus besykje om je ôf te sluten foar alles dêr't jo je oan ergerje kinne. No slagget dat faaks wol aardich, hear. Mar no efkes net. Dus stean my ta om my efkes kapot te ergerjen. Efkes mar, it sil net sa lang duorje. In regel as tsien. No, dat is te dwaan, net? Goed, hjir komt er, de ergernis fan de wike. Miskien in idee! Ien kear yn de wike, mei dat wol? Hawar. Ik woe it ha oer dieverij. Dat is in fergryp, dêr't op hânhavene wurdt troch de plysje. En dat is goed. Mar wat no as it haad fan de plysje har skuldich makket oan dieverij? Dat mei gjin ferkil meitsje, dan moat immen mei in legere rang dat minske oppakke. Magda Berndsen, want dêr ha ik it oer, hat in ton tefolle lean op har rekken krigen. De plysje is jo bêste freon? No sit madam yn de twadde keamer, en wir haben es nicht gewusst! Minsken ha gjin betrouwen yn polityk, skoppe tsjin de plys

Gjin tiid

Sorry hear, hjoed gjin bloch. Te drok. Goeie!

Rideltsje

It nijs: ellinde yn de Arabyske wrâld. De media ha dúdlik in kar makke, alles stiet yn it teken fan wat dêr oan de hân is. Foarop de NOS, dy't der mar gjin genôch fan krije kin. It echte nijs komt neffens my noch immer út Japan. Mar dat moatte jo al mei in ljochtsje sykje. Net spektakulêr genoch mear? Leaver sjen nei yn sêne setten 'feest om in deldondere F15'? Ien stumper mei in flagge en de LC kopt: 'feestvierende mensen!' De keardel op de foto hold noch krekt de hân net op om de pear dollar oan te pakken dy't de fotograaf him tasein hie.   Wy meie ek noch meidwaan yn it spultsje: Wa hâld it measte rjocht op de oalje . Want tinke jim no echt dat it de grutte tinkers ek mar ien tel om dy pear tûzen minsken giet dy't troch Khadaffi om hals brocht wurde? No, dream mar lekker fierder dan. Dan hienen se in foech tweintich jier lyn wol yn aksje kaam. Japan. De minsken dy't wol of net ûnder twang soargje moatte dat we net mei in grut probleem sitten bliuw

Petear

'Meneer, wat bent u aan het doen?' 'Wêr liket it op?' 'Is der ien dea of sa?' (twatalich grutbrocht?) 'Ja.' 'En dy moatsto no begrave?' 'Ja.' Efkes stilte, tiid om nei te tinken. 'Wêrom hasto gjin minikraan?' (praktysk goed by de tiid) 'Asto him betellest wol ik wol ien ha...' 'In je dromen!' (yndie twatalich) 'Bist hjoed frij?' 'Nee, ik kom krekt út skoalle.' 'O. Hokker groep?' 'Groep sân. En letter gean ik nei De Venen.' 'Soa, en dat witsto no al?' 'Ja, dat ha se tsjin my sein.' 'Dat is dy skoalle mei dy nuvere kleuren?' 'Ja, dy! Mar no gean ik nei hûs, want oars is mem ûngerêst.' 'Dat moatte we net ha! No, mar lekker ite dan.' Rinnendewei: 'Do aanst ek!' 'Tankewol, hoi!' 'Doei!' Machtich fak ha ik dochs. En ja, der binne noch bern mei fatsoen.

Ynsest

Sitte je rêstich yn de sinne op it terras, ha je dat wer. In slim gefal fan ynsest. Foarrich jier krige ús mei in konstant min sin segene kat twa jongen. In swart wyfke en in reade boarre. (gjin ferwizing) No, jim fiele it al oankommen. Niis wie it safier, en wat moatte je deroan dwaan? Omdat wy oan in drokke dyk wenje wol der noch wolris in kat ûnder de brede tsjillen fan in jarretenk ferdwine, dat steryl meitsje is my tefolle drokte, de oare deis lizze se as platte stikelbargen op de wei, sille je altyd sjen. Dat swarte katsje wie der oars noch net oan ta, like my. Sy hie noch wol in jier oerrinne kinnen, is noch wat rûpsk. Mar dêr hie har broer gjin boadskip oan, dat no mar sjen wat der útkomt. As it mar net sa giet as mei dy kanarjes dy't Doede Bleeker besjongt yn syn switsokken. Fiif poaten en de earen op de rêch, de sturt as snút of twa koppen? Ik ha ek al gjin molkbus mear... 

NN

De Omrop hie hjoed immen fan Nieuw Noord yn it nijs, dy't syn gefoel oer de SC útsprekke mocht. De beleving is net sa it soe moatte wêze. Mar tiidwurden ferkeard sizze: net ien mear dy't der oer falt, leau ik. Hy hie it der ek oer dat it âlvetal net as in stel bline apen om de skiedsrjochter hinne stie as der in frije traap tsjin fluite waard. Dom gejeuzel. Wa pakke de measte kaarten? Júst, de klups dy't ûnderoan steane. Hiel goed dat de spilers sa reagearje, oars hie der al in fracht skorst west. Want: wy steane (hast) ûnderoan. De omrop soe der better oan dwaan om guon út it managemint fan de SC nei de situaasje te freegjen, ynstee fan populisten lykas foarsitters fan supportersklups. Trije kear winne en der is noch nea in better âlvetal west as dat der no is. Oan de oare kant, út Ljouwerter eachpunt is is ek wol lekker as it DKV in jier as twa wat minder giet, dus dan snap ik de omrop ek wol wer.

Website

4-2 ferlern yn Almelo. Ik hie der yn it foar al net al te folle betrouwen yn, en dat kaam dus út. Trije, fjouwer treners fersliten en gjin punten. Miskien moat de SC ris begjinne om harren webside wat flotter te meitsjen. Dy is like dreech as dikke stront, krekt as it âlvetal. As ik in side oanklik, wol ik dat er daliks iepenet, ik wol net nei in grien balkje loere dat stadich, hiel stadich, grutter wurdt. En net sizze dat it oan myn kompjûter leit, by de measte siden is it daliks plop, en klear. Mar dy fan de SC is net te leauwen. Ik fiel my wol wat besoademitere as ik earlik bin. In seisoenkaart keapje en nei trijekwart jier al neat mear om foar nei in stadion te gean. Dat is beskamsum foar in klup mei dizze begrutting. Je wurde der moedeleas fan, sei ús oanfierder. Wat tocht er fan dy 26000 dy't dy earmoede eltse kear wer oansjen moatte? Ik ha al net safolle mei de simmer, mar no mei er om my daliks wol oer wêze. Dan hoopje ik dat der in better, jonger en hongeriger âlvetal y

Kneppel

De hermandad hie hjoed wer in boppeslach. Se ha nei yngreven ûndersyk immen ta stean brocht dy't in kneppel yn syn auto hie. No ha ik ek in kneppel yn de auto, mar dêr skeakelje ik mei. Dy kneppel yn it Hearrenfean sil grif in oare west wêze. De keardel sei dat er syn matten der mei útsloech. Net al te snoad. Yn in tiid dat der stofsûgers binne, traapje se dêr net yn. In freeslik gefaarlik wapen, sa lei dy wurdfierder út, en de man siet noch fêst. Sa. As se my oanhâlde soenen mei ik wol fêst ôfskie fan de frou nimme, ik kom nea wer los. Myn boskmeaner stiet garant foar skerpe snijwûnen, mei myn blêdblazer jei ik samar in kantoar fol mei antrax, en myn knipskjirre? Gjin kul is feilich, ik snoei se der samar of, pas op. Ek ha ik noch in foarhammer om dyjinge dy't dan noch net omlyk wol de harsens yn te slaan, in pear stikken tou om se dêrnei as ôfskrik yn in beam op te hingjen. En se komme nea wat te witten, mei myn arsenaal oan skeppen en harken is der neidat ik se bedobbe ha

Adagio in G Minor (Albinoni)

Afbeelding
No toe dan mar. Omdat it by de tiid fan it jier past.

Trinus

Trinus hie in hekel oan my. Net dat er my koe, teminsten net dat ik wit, mar dochs hie er in hekel oan my. Ik koe him ek net, mar dochs. Ik ha in kear yn in stik fan him lêzen dat er my net moast. Omdat ik in soan fan in boer bin. En dêr hie er neat mei. Mar hy koe my net, en ik him net. Miskien hienen we wol in goed petear oer syn hûn ha kinnen, mar it is der net fan kaam, omdat ik genetysk net yn it profyl paste fan lju dy't er mocht. Ik hie, doe't ik noch nea fan Trinus heard hie, in sticker mei De Boer Is Troef op de stoel fan myn lytse Cormick 214 plakt, dat sil er ek wol neat fûn ha. No wurdt de kommende tiid in soad praat en skreaun oer wat er allegearre dien hat. Terjochte. Mar hy mocht my net lije, wat moat ik dêr no mei?

Japan

Frijwat opportún, dy reaksjes op de troch elkoar rammele kearnsintrale. No moatte de plannen oer Borsele wer opnij besjoen wurde en smite ús easterbuorren in stik as wat âlde ynstalaasjes foarearst ticht. Neffens my is kearnenerszjy hast krekt like feilich as fleanen. Der giet hast nea wat mis. Mar as it al mis giet, binne de gefolgen grutter as wannear't bygelyks in auto fan de wei rekket. Earne yn Ruslân (ha, dêr wie myn favorite lân wer in kear!) witte se der oer mei te praten. It koarte termyn ûnhâld is by de polityk faaks net sa goed. Doe't de sintrale yn Tsjernobyl plofte wie der ek neat oan de hân, mar hjoed de dei kinne je dêr noch altyd better net al te ticht yn de buert komme, oars rane je de eagen út de holle. As der in fleantúch wat te gau de lâning ynset is it wrâldnijs, en sa is it ek mei dy sintrale. Terjochte. Mar we wisten it dochs wol? We libje op in tiidbom, dy't we sels makke ha. Om no te jammerjen dat alles oars moat is wat te maklik, en past folslei

Tryste dei

Fannemoarn gienen se fuort. Ik kin it hearre oan it lûd dat se meitsje. De guozzen binne fuort. Nei Letlân, Litouwen en Ruslân ta. Ik koe se net iens sjen, der hong in tsjokke laach wolken oer Drachten, mar ik wit dat ik se wer in lyts healjier misse moat. Se melden har wol netsjes ôf, mar leaver hie ik se gean sjoen. No komt de simmer mei alle ûnsin dy't dêrby heard. Foar de measte minsken de moaiste tiid fan it jier, mar net foar my. De guozzen binne der net, en dat fielt net goed. Fansels bliuwe der ek wol guon de hiele simmer, mar dat binne de losers ûnder de guozzen. Echte guozzen fleane nei fiere lannen om dêr te brieden, hjir net. En dy litte my dus efter. Wie it mar wer hjerst. Dan stean ik moarns altyd efkes bûtendoar te harkjen, en myn hert makket dan in spronkje as ik se foar it earst wer hear. Dan begjint foar my de moaiste tiid fan it jier, de winter. It is hjoed in tryste dei, de meast tryste dei fan it jier. Se binne fuort.  

Aperots

Sa. No't eltsenien op it Ensafh feest is, kin ik noch wol efkes in bloch skriuwe. Wy ha yn de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten) dit jier nije klikobakken krigen. Kreas, hear. Twa nije. Ien foar restôffal en ien foar de kompostfraksje. Op dy bakken stiet Smallingerland. No ha ik in dei as wat lyn in foto fan de gemeentlike post op myn bloch set, en dêr stiet Drachten /Smallingerland op. In bytsje sneu foar de mantsjes boppe-op de aperots, dit ha se oer de kop sjoen. De hiele gemeente fersjoen fan klikobakken mei de namme derop sa't it heard. It is gjin geheim dat ús boargemaster in foarstanner is fan it fieren fan de namme Drachten as eyecatcher, want dat is foar alles better. Seit er. Yn de slanke organisaasje fan de gemeente SM sa as dy yn de krante priizge waard, kin dit der dus tuskentroch slûpe. In pear tuzen kear it bewiis dat de namme fan ús gemeente net Drachten is, mar Smellingerlân. Hulde oan de man as frou dy't dit op dy bakken sette litten hat. Ik b

Teambuilding

De nije steateleden sitte dit wykein op Flylân. Om meielkoar yn de kunde te kommen. Dat skreau ús fergaderboer út Hartwert op twitter. Gewoanwei soe ik dêr oerhinne lêze, mar no net. De fraach wa't ditsoarte snobbersreiskes betellet stel ik mar net iens, dat is my troch de jierren hinne wol helder wurden. Wêr't it my om giet is dat der tiid genôch is om mei elkoar yn de kunde te kommen, boppe-dat ha dyjinge op de list fêst al ris oan harren freonen 'snuffele', oars wienen se net troch de ballotaazje kaam. Yn myn romrofte ferline as wurknimmer ha ik in kear as wat dielnimmer oan sa'n oerstallich wykein west. It kaam del op in soad gapjen en hoopjen dat it gau oan de drank ta wie, de stof dy't besprutsen waard wie net troch te kommen. Sloffen sigaretten waarden der fuortpaft, en dy sprekkers mar eamelje oer teamgeast en mear fan datsoarte klisjees. Hotel Zeezicht. Dêr sitte se, en miskien binne der op jim kosten noch wol in oantal etabliseminten ôfhierd. No mar

Pauzemuzykje

'Dat moat ik efkes neifreegje, ha jo in momint?' 'En as ik dat net ha?' 'Dan sille jo in oare kear werombelje moatte.' 'Ik ha jo no oan de tillefoan, dus toe mar.' En dan komt it. It pauzemuzykje. Om de neilen fan de fingers te kôgjen. Freeslik. Tolve minuten lang in minne útfiering fan Clayderman oanhearre. 'Bedankt foar it wachtsjen hear de Jong, it sit sa,' 'Mar as ik no...' 'Dat moat ik efkes neifreegje, ha jo...' 'Nee! Net wer Clayderman!' 'Wat bedoele jo, de Jong?' En sa wurde dy soarchfersekerders dus ryk. It is gewoan harsenspiele, oant je it dûbele fan it moannnebedrach wol betelje wolle, as je mar net wer nei sa'n pauzemuzykje hoege te lústerjen.

Toppers van toen

Wer thús. Alle toppers van toen stienen wer op it program. Dy dûmny hie my al by de poat, ik hie de liturgy fansels net goed lêzen. Hie er in kreas yn memoriam útsprutsen, blykte dat de preek noch komme moast. In fersin fan tweintich minuten. Hawar, ik hie foar de tiid al efkes op it hôf sjoen, dat dêr moasten se har mar rêde. Boppedat wie der immen dy't it te kâld fûn, dat dy ha'k earst mar efkes nei de waarme kachel brocht. No kofje, eigenmakke, wol te ferstean. Fan DE. Roodmerk. Mei in stroopwafel. (sjerpwaffel?)

Dûs

Joran van der Sloot, ús liger earste klas, hat it frommeske yn Peru net mei opsetsin deamakke. Nee, it wie in klassike 'crime passionnel' neffens de abbekaat. Dat immen sa'n dweil noch ferstjintwurdigje wol sil alles mei sinten te meitsjen ha, oars soe ik him lekker yn Peru sitte litte. Mar foar it earst ha se dus fêststelle kinnen dat it jonkje ta moard yn steat is. Dat is in begjin. Dêr hat er him dizze kear net útlige kinnen. Crime passionnel wie oant noch net sa lang lyn in fergryp, dat bygelyks yn Frankryk net daliks ta selstraf hoegde te lieden. As in man de frou op de died betrape, en dat is dan letterlik, mocht er har om hals bringe. Meastal folge dan frijspraak. It troch en troch mislike jonkje wol it no sa spylje dat er spul krigen hat mei frou Flores, en har dêrom ombrocht hat. De wrâld op de kop. Sy hie neffens dy âlde wet him de kop yn slaan moatten, om dêrnei riddere te wurden. Crime passionnel wurdt yn de USA tydlik kranksinnich neamd. Joran falt dan net yn

Sneonswurk en homomoetingsplakken

It hoekje bou is wer om. In flut hinnestront der ûnder en skylk wer beantsjes en ierpels yn de grûn. Datsoarte wurk ferset de sinnen wat. De rabarber komt al wer boppe de grûn út. Boppedat sieten de hinnen ûnder de luzen, dat dy ha hjoed yn bad west. Tryst gesicht is dat, der bliuwt neat fan oer as se wiet binne. Mar it is foar harren in útkomst, se waarden omtrint leechsûge troch dy aaklige bistjes. Dêrnei de hokken skjinmakke, dat alles liket wer skjin en kreas. Oer fjirtjin dagen rattelje de aaien der wer út, hoopje ik. No noch sjen dat ik in oare hoanne krij, en dan piken útbriede. Jonge geiten sit der net yn, ik krij in hekel oan de rompslomp dy't dêr by heard. Hobby wurdt je hast ûnmooglik makke troch de oerheid, dy't alles witte wol. Eartiids wienen bokjes foar in hanneler dy't gjin fragen stelde, mar dat is net mear sa. Earmerken en steapels papier soargje derfoar dat de aardichheid der ôf is om elts jier yn de hjerst in bok oan te tugen. Dat jild ek foar jonge hoa

Per seconde wijzer

It is sa dat ik in hiel skoft miende de ienichste gek te wêzen dy't it die, mar der binne mear. Kees Driehuis hie in dielnimmer oan syn kwis dy't in twadde ronde sport spile. Op de fraach nei wat de man de lêste tiid foaral besjoen hie kaam er mei biathlon op de proppen. Yes! Der binne dus mear dy't fan dit spektakel genietsje. Hjoed wie it dan echt safier, de wrâldkampioenskippen út Chanto-Mansie. Wêr? No, dat leit 2000 kilometer eastlik fan Moskou, oan de rivier de Yrtish, en dy streamd dan wer út yn de Ob (puzelwurd). As je it opsykje op Earth, sjogge je in plak dat je dêr net ferwachtsje. It docht suver wat westersk oan, yn tsjinstelling ta al dy oare negerijen yn de buert. It kommende wykein is der neist it cricket dus wer genôch te sjen, live út Sibearie. (wat ha ik dêr dochs mei?) 

Eagen ticht

Wy ha nei it doarpshûs west. Wol wat frjemd, we moasten no nei lofts, en oars wie it stimburo oan de rjochterkant. Ik fertink de linkse lobby fan dizze move. Mar wy steane sterk yn de skuon, en laten ons niet verhoedoeken! Dus de formaliteiten troch west. Kaart sjen litte, id-kaart sjen litte, yn in potsje pisje foar de dopingkontrôle en doe't bliken die dat der allinnich noch wat resten fan Ibuprofen yn siet, koe it oangean. In earmoedich soadsje, binne je yn de tiid fan no wer oan it griemen mei sa'n dom potlead. Wêr binne dy kompjûters bleaun? Hawar. Ik soe hast oergean ta it setten fan in tsjokke reade stip. It wie net drok yn it buro, dat ik tocht lit my de fleur der mar wat ynbringe, en ik sei wylst ik it potlead yn oanslach die: 'No, de eagen mar ticht!' 'Nee!' rôp it minske efter de tafel. 'We hebben ogen gekregen, dan moeten we dy ook gebruiken, ja!' En dan yn it Grinzers, hè. Op dat stuit besleat ik in proteststim út te bringen. Dat wie net

Rotkubustyfustakkedingen

Dat ynternet hat (hast) oeral in oplossing foar. Nim no it feit dat junior in gitaar hat en dy is wol goed stimd, mar dy fan my net. Net dat ik spylje kin, mar jo wolle dochs dat it wat knap klinkt. Eartiids sochten jo dan om in stimfoarke of sa, no toetse jo online gitaar stemmen yn en hupsakee, klear is it. IQ testen steane der ek by it soad op it web. Sjoch, stikem binne we dochs wol benijd hoe dom as we op dit stuit binne. Dus as der nimmen meisjocht gau sa'n test dwaan en dan de keuken ynrinne krekt of is der neat oan it hantsje. Dat is der fansels wol. Echt wol. Ik wol earlik tajaan dat dy optearderij fan in kubus my net leit. Sels doe't ik ien neimakke hie, wist ik it noch net. Lokkich stie der ek in test op algemiene kunde en ien mei topografyske fragen. Hè hè, dan fiele jo je wer aardich better hear. Ik mocht daliks nei de universiteit, neffens dy lêste test. Ja, heit wit wol wat de haadstêd fan Mongoalje is! Dus dy oare test dy't in hiel oar byld joech mar gau f