Posts

Posts uit november, 2012 tonen

Sinleas geweld

Ik wie krekt tsjûge fan in slim barren. Trije swannen brutsen it tinne flueske iis. Op himsels net slim, mar se hienen spul. Ien fan harren bleau yn it wetter, wylst de oare beide de wâl opklommen en dêr in fikse knokpartij ôfleveren. Nea witten dat swannen sokke minslike lûden meitsje koenen. Fansels wie it foar myn mobyl krekt te fier fuort, oars hie ik hjir in filmke fan makke. No it frjemde fan it ferhaal: se binne mei har trijen wer ôfsetten. Ien fan de fjochtersbazen hie it bloed op de fearren, mar neat gjin argewaasje mear. Broederlik sakken se wer by de igge del en swommen rêstich de oare kant op. Typysk gefal fan sinleas geweld.

Skarsterbrêge

Dat wie in pracht jûn juster. De seal yn Skarsterbrêge siet moai fol, en nettsjinsteande ús ferkâlden kop en seare kiel ha Jaap en ik it der ôfswitten. Sjoch, dit blochke hie ik juster al oankundige, omdat ik de organisaasje fan de jûn yn Skarsterbrêge efkes yn de sinne sette wol. Want dat ha se wol fertsjinne. Wat is it gefal? De minsken dêr ha my efkes fertelt hoe se ta sa'n jûn komme. Ien kear yn it jier is it doarpsfeest, en fansels wurdt dêr aardich ynnaam. De frijwilligers fan de literêre jûn sitte dan it hiele feest by de wc's om dy skjin en kreas te hâlden en freegje dêr gjin bydrage foar. Mar it mei wol. Nei it feest blykt dan, dat it folk bliid is mei himmel sanitêr, sa bliid, dat de frijwilligers fan it garre jild yn it winterskoft in Fryske jûn mei boeken en muzyk organisearje kinne. De tsjerke is ek sponsor troch de seal beskikber te stellen, en sa kinne in man/frou as 60 in pear noflike oerkes meimeitsje, fergees. Ja, fergees. Gjin yntree. Mei ik in grut di

Bloed moat der floeie, blinder!!!

It is in tryste saak. Mar wy komme yn it ferhef, minsken! Wat is der loos? De finzenis yn Veenhuizen giet ticht. Omdat we hjir yn it noarden fan it lân net genôch ferkeard dogge, en de bewenners hast allegearre út it westen fan it lân komme. It westen fan it lân, dêr't de brain-drain út it noarden wei hinne giet. Blykber ropt al dat interlekt in soad misdie op. En hjir hobbelt alles moai rêstich troch. Dus, wolle wy de boel iepen hâlde? Brek yn, brûk de F. Herder wer ris âlderwetsk, oerfal in bank, stek it hûs fan dy klojo dy't jo net lije meie yn de hens. Doch wat, want de need is heech, minsken. Wy moatte foar bewenners soargje, dus dan moat it mar sa. In rel hjir of dêr, al as net fia facebook, der moat wat barre. As earste soe ik optearje wolle foar it mei grof geweld werom heljen fan it swurd fan Grutte Pier. Hindert neat as der hjir of dêr ien omfalt, hear. Is goed foar de wurkgelegenheid, dus bats der mar flink yn. Veenhuizen: wy stypje jim. Omdat wy in tige fats

Tsja, ien dei letter...

Afbeelding
It hat in dei duorre... http://stikelstekker.blogspot.nl/2012/11/haadredaksjoneel-kommintaar-yn-de-lc.html

Wynmûnen

Afbeelding
Snappe jim it? Wynmûnen by It Feen? Ik bin in praktysk man. En hikke en tein yn Oranjewâld. Dat wie smûk, omdat der in soad beammen stean. Sa't jim witte leit It Wâld tjin It Feen oan. En dêr wolle se wynmûnen ha. Mar doe't ik lyts wie, fertelden se my al dat it op 'e klaai altyd waait. En net yn de Wâlden. Dus sille dy dingen aardich heech wurde moatte om noch in pûsterke op te heinen. Op himsels ha ik neat op wynmûnen tsjin. Jammerje oer it lawaai en sa? De wrâld fan hjoed-de-dei libbet 24 oeren deis, en makket ek lawaai, de hiele dei troch. Dus dat is neffens my gjin argumint, as se dy dingen wat knap yn it fet hâlde, sil dat net de measte oerlêst jaan. Mar jo moatte wyn ha om dy mûnen rendabel te meitsjen, en de wyn blaast om It Feen hinne lang sa hurd net as bygelyks op see. Dêr hoege se mar de helte fan de hichte te hawwen om likefolle wyn te fangen. Sjogge jo se ek net fan de eilannen ôf, mits se in moai ein nei Noarwegen op delsetten wurde. De gemeente is tsji

Haadredaksjoneel kommentaar yn de LC

Myn nammegenoat Bert de Jong seit yn syn kommentaar dat help oan Grikelân ûnûntkomber is. Foar in part kin ik dêr wol yn meigean. Mar dochs fyn ik it net sa maklik. Sitaat: 'Niemand die nog serieus rekening houdt met de mogelijkheid dat Griekenland inderdaad de schuld tot de laatste Euro terugbetaalt.' Foer foar ekonomen, mar net foar minsken dy't de gong nei de stimbus meitsje, De Jong. Jo sille gelyk ha, mar it is net út te lizzen. Jawol, fansels is it út te lizzen, mar dat sil dan wer mei in politike spagaat moatte dy't je oan de iene kant oan it laitsjen bringt, en oan de oare kant wurdt jo bloed sûpe. Hoefolle minsken wienen der yn de tiid dat Jan Kees de Jager mei in glimke op it gesicht sei dat de Griken eltse sint werom betelje soenen al net synysk? En se krije harren gelyk. As it sa komt as dat jo tinke dat it komme sil, sil Mark (Buster Keaton) Rutte stilswijend alle retoryk fan de opposysje oer him hinne komme litte, om dêrnei in betooch te hâlden dat i

Alles witte

It is allegearre leuk en aardich hear. Fia alle media witte jo wat der spilet yn de wrâld. Sil ik ris in rychje meitsje? Boeren protestearje omdat se amper mear in bestean ha. De situaasje yn it Midden Easten. Arbeidsomstannichheden, bygelyks yn Bangladesh. Voedselbanken, dêr't se yn Den Haag neat oer hearre wolle. Catalanen, dy't dogge wat wy eins dwaan moatte. (oeps...) Medvedev seit de EU it leksum op. En yn Ruslân is alles goed, tink? En dan ha we it mar net iens oer 'De Saak' hjir yn Fryslân. Leuk, no? Alles witte...

De lêste snein fan it tsjerklik jier

Afbeelding
It is hjoed de lêste snein fan it tsjerklik jier. Foar de ateïsten ûnder ús: op dizze snein wurde yn de moarnspreek de minsken betocht dy't it ôfrûne jier weirekke binne. Kommersjeel besjoen soe soks faker moatte, de tsjerken sitte meastal grôtfol en soks is goed foar de kollekte. Ien fan de lêste begraffenissen dy't ik bywenne, begûn de sprekker mei de wurden: 'Us mem wie grif net ûntefreden west mei de opkomst.' En sa is it mar krekt. De tsjerken rinne leech, mar der is blykber wol behoefte oan in dei as dizze. No bin ik net sa'n kearske-oanstekker, hoewol, yn de útholle pompoenen stiet it wol moai, mar dat is halloween, en dus wer hiel wat oars. Mar klear, de minsken dy't dat wolle, meie in waxineljochtsje oanstekke, en dêr meitsje dochs in soad minsken gebrûk fan. Ferline jier ha ik ek ien oanstutsen foar in nicht fan my, dy't fierstente betiid stoarn is, it ferhaal dêr efter lit ik foar wat it is. It moaiste momint foar my: doe't ik wer thúska

Midlife crisis

Afbeelding
Ik ha juster yn de kroech sitten. Dat ha je mei dy midlife figueren, dy miene dat se noch wat wolle of moatte. Der sieten noch in stik as wat lotgenoaten, en ik ha de tocht hinne en wer werom op de fyts folbrocht. Soks mei op himsels al hast yn de krante, want hokker keardel mei in RamVan stapt no frijwillich op de fyts? No, ik dus. En it is in kloate-ein fan Drachten nei Bombats midden yn de nacht, dêr bin ik efterkaam. No ja, toe mar. It wie dat djip út de Wâlden in fersyk op my takaam om efkes 'één (1) te proeven', oars hie ik der net oan tocht. Mar it wie tige gesellich yn Marktzicht. In jûn dêr't elpees op de draaitafel kamen. No wist ik dat net, mar jo koenen jo eigen swarte skiven meinimme. Treflik. Dus fan BZN oant The Cult, alles kaam foarby. Ik ha de jûn trochbrocht mei in tige ferneamde plankjebespiler en syn frou. Djipsinnich praat, fansels. Dat ha jo yn de kroech. Ik neam hjir gjin nammen. Ik lit allinnich in fideo sjen. Meie jim riede mei wa't ik jus

iPad op it Drachtster Lyceum

Junior sit op it Drachtster Lyceum. Prachtige skoalle, moai gebou. Sa no en dan binne der âlderjûnen, sa ek ferline wike. De skoalle hat nammentlik betocht dat it gebrûk meitsje wol fan digitaal learen. Foar eltse learling in tablet. De kar is fallen op de iPad. Moai apparaat, wurket prima. Ek foar de rêch fan de bern is soks in útkomst, net mear tôgje mei in tas fol swiere boeken. Dochs ha ik der wol wat betinkingen by. Sjogge jim noch wolris in puber sûnder mobyl yn 'e hân? In bern dat gewoan mei immen stiet te praten? In jonge as famke dat op de fyts sit te sjongen? Ha jim wolris kontakt mei in puber sûnderdat hy of sy dwangmjittich om de twa tellen op syn as har mobyl sjocht om de lêste tweet, sms of whatsapp te lêzen? Ik betraapje my der sels ek op dat ik ûnder it wurk geregeld efkes sjoch. Dus neat is my frjemd wat dat oanbelanget. No lies ik dat sûnt de mobile tillefoan der is, mear bern sitten bliuwe. Ferslaving leit op de loer, gjin tel sûnder mobyl. Ferline wike

Nidich

Ik soe hjir eins wat raars opskriuwe. Want ik bin nidich, ferhipte nidich. En nee, jim hoege my net te beljen om te freegjen wêrom't ik nidich bin, dat sis ik net. Dus gjin tillefoantsjes graach. Ik nim net op. Dus skriuw ik hjir mar net wat raars. De oplossing leit foar de hân, no?

Nij boek fan my op Sinteklaas?

Fannemoarn, Drachten. Fjouwer mannen yn donkere pakken, hege hoed yn 'e hân. 'Sis eh... it is hast Sinteklaas.' Ik: 'Ja, en?' 'Ik wit wol in moai kado.' 'O?' 'In nij boek fan dy. Hoe liket dat?' 'Ik ha it smoardrok hân dizze simmer, hoedatsa?' 'Ja, dat sil wol, mar ik sit der op te wachtsjen!' 'No, dan kinst dy noch wol efkes deljaan.' 'O? Sa'n boekje hast yn in pear wike klear, net? Ik ha se teminsten yn twa dagen út, haha!' Doe kaam de lykwein om 'e hoeke.   

Anty wjirm kuer

Efkes in koart berjocht, doch der jim foardiel mei, soe ik sizze. Igor, ús reade boarre, hie wjirms. Dat koenen jo oan de bûtenkant sjen, fierder sil ik dêr net op yn gean. Foar my is dat altyd in drama, want dan moat ik it bist anty wjirm guod yn de bek spuitsje. En dat fynt er mar neat, hy slacht as in wyld om him hinne, wylst er oars sa goed as bôle is. De lêste kear rûn it gierend út de klauwen. Ik hie de kat yn stelling, dat wol sizze houtgreep, en doe de spuit yn de bek. Op it momint dat ik de trekker oerhelje soe, slagge it Igor dochs noch om himsels los te wrotten. Mar ik hie de tomme al sa stiif op de spuit dat de wite anty wjirm brot troch de loft fleach. Ik tocht, smoar do der dan mar yn, ast net yn goedens wolst, dan mar mei wjirms omrinne, dwaas. Dus it dopke wer op de spuit en yn it hok op de planke lein. Sjoch ik wat yn de rûnte, is Igor wer werom fan syn flecht en streaket my wer om de fuotten. Oant er de lucht fan dat anty wjirm guod yn de noas krige. Daliks ferpl

Elts jier wer

Elts jier wer moat der om dizze tiid hinne in list komme. Mei saken dy't je brek binne, dat alles yn it ramt fan Sinteklaas. Elts jier wer ha ik gjin flau idee fan wat ik op dy list sette moat, want ik ha alles wol, en dat wat ik net ha is net te beteljen, sels net foar in Fryske skriuwer. Elts jier wer rin ik der dagen mei om, en kom meastal ta wat ûnsinnige dingen, om der dochs mar wat op te setten. Elts jier wer moat ik op ien fan de lêste dagen alles noch helje, ynpakke en der in gedicht by skriuwe, wylst ik proazaskriuwer bin. Elts jier wer is it feest binnen in oere dien, de keamer fol papier en jo tôgje mei jo ferkrigen ark nei it kantoar of hok, om it syn plak te jaan. Elts jier wer is it, as it safier is, ek wol wer leuk. Elts jier wer moatte jo der wol efkes ta komme.

Nijs

Wylst alle media op 'e rin lykje, en yn harren drift om nijs te werheljen noch krekt net in djiptepetear begûn binne mei de hûn fan de buorfrou fan immen dy't yn 'e fierte kunde ha soe oan immen dy't der ek wat fan wist , kaam ik op twitter dizze tweet tsjin. Ronny Naftaniel ‏ @ RonnyNaftaniel In de laatste 5 dagen zijn vanuit Gaza 877 raketten op Israel afgeschoten. Daarvan zijn 307 door Iron Dome onderschept. # PillarOfDefense It drama yn it Midden Easten wol mar net ophâlde. Sawol de Palestijnen as de Joadske minsken dy't yn it berik fan dy domme fjoerpylken wenje, sitte alle dagen mei in skean each nei de loft te sjen, hokker troep soe der no wer op ús ôfkomme.  Bern dy't as skyld brûkt wurde, ferdraaide bylden op tv, de media dy't ek hjir in kwealike rol spylje om mar nijs bringe te kinnen, it liket wol in spultsje. Mar wol in spultsje dat ynkoarten mei in grutte klap

Klaske

Afbeelding
Dit is Klaske. Teminsten, wat der fan har oer is. Klaske hinget hjir by my oan de muorre. Se wie in echte foaroanko, as dat in goed wurd is. Klaske wie in Frysk reabunte ko, en rûn steefêst as earste fan en nei de stâl. Woe net dat in oar har foarby rûn, dy koe in feech krije. Se is âld wurden, wol in jier as 18. Dat is no hast net mear foar te stellen, in ko fan 18 jier. Mar Klaske wie in winner. Mar komselden sjogge jo dat se nei al dy jierren noch sokke prachtige hoarnen op de kop ha. Doe't it safier wie dat Klaske nei de merk moast, ha wy it fersyk by de keapman dellein dat er, mocht Klaske nei Brada gean, it gewei rêde soe. Dat hat er dien, dy keapman wie in omke fan my, dy't pake Ferdinand opfolge yn it ambacht fan merkkeapman. Ik bin wiis mei Klaske, it is it lêste taastbere bewiis fan it fee dat we eartiids weiden tusken de beammen en de bosken yn It Wâld.  Wêrom fertel ik dit? Och, lit mar. Dyselden dy't it oangiet, witte it wol. Goede snein, minsken.

Sinteklaas

Afbeelding
Ut Spanje wei berikte my in berjocht. Dêr gean ik no net fierder op yn, want ik tink dat ik in soad leave lêzerkes ha dy't noch yn Sinteklaas leauwe. (In Fryske skriuwer mei ek dreame, no?) Goed, hjir en dêr begûn in lampke te baarnen, der kaam in fersyk, en doe wie it hommeles. Sjoch, sûnder no te sizzen wat der krekt oan de hân is, jo wolle in man fan dat statuer fansels net, hoe sil ik it ris sizze, te skande meitsje. Dêrút folge de hegedrukspuit, fervekrabber en kompressor mei fervespuit. Nochris, ik sis neat oer hoe en wat, dat komt te bot oan, mar it resultaat stiet hjir ûnder. Foar en neitiid. Moai, net?

Ut de rige kassettebandsjes: Lyle Lovett

Afbeelding
Heech tiid foar wer ien út de rige kassettebandsjes. Hjoed in pronkje fan in song. Ien fan myn favorite singer-songwriters, mar de tekst fan dit nûmer docht it. If I had a boat I'd go out on the ocean And if I had a pony I'd ride him on my boat And we could all together Go out on the ocean Me upon my pony on my boat

Writersblock

Afbeelding
Je ha fan dy dagen dat je totaal, mar dan ek totaal gjin idee ha wêr't je wat oer skriuwe sille. Sis no sels, oer de nije Fryske stavering is juster yn ien dei mear skreaun as dat der yn in jier boeken ferskine. De ^^ en de oe's fleagen ús om de earen. Op dizze side ha safolle minsken der nei sjoen dat it kwa besikers in top fiif dei wie. Writersblock? Dat duorret meastal net lang. En hjoed holp myn Acer kompjûter dêr by. Hy die in melding dat ik it ding opnij opstarte moast, dan koe hy him mei de updates fermeitsje. Opsje by sa'n melding is, dat je dat proses útstelle kinne. Ik siet middenyn in stikje, dus dat die ik. In kertier letter soe er dan út gean. No, moai net dus. Fan it iene op it oare momint it skerm swart, updates ynstallearje. Wat in rotding, ik hie dúdlik en helder sein dat ik dat noch net woe. Mar it moaiste fan it ferhaal: alle tekst kwyt. Nearne mear te finen, poater. No is it hjoed freed, en foar it wykein noch in nije keapje dy't wol nei my ha

Orgasme

Afbeelding
Hjoed stie dizze tafel mei boeken rjocht foar de yngong fan boekhannel De Tille-De Slegte. Ik woe jim dat efkes sjen litte, omdat er der moarn grif net mear stiet. Foar in Fryske skriuwer is dit ien kear en nea wer, bin ik bang. Myn trije boeken en it berneboek fan Gratama en Van der Heijde. En wa tinke jim dat der hjoed in berch boeken ferkocht hat? Krekt. Rients. Foar de beppesizzers. En dy pake en beppe lêze sels gjin Frysk, want se ha al safolle boeken... Mar it wie tige gesellich, hear. Ek noch in pear boeken ferkocht.

It bliuwt drûch hjûd?

Nijsg j irrich nijs op Facebook. Ik sil efkes in stikje kopiearje. Hupsakee. No, mei dat Frysk diktee sil ik dus wol swier de sigaar wêze. (Nei oerlis mei skriuwer mocht ik dit stikje oernimme, wêrfoar tige tank !) H enk Wolf skriuwt op Facebook: Ik hearde juster in nijsgjirrich nijtsje: de Fryske Akademy en de provinsje riede yn ferbân mei de produksje fan it 'Fryske griene boekje' in tal staveringswizigingen ta. Ien dêrfan is in ferienfâldiging fan de skriuwwize fan de klank [u]. De kar tusken 'û' en 'oe' sil net langer basearre wêze op de etymology. De regel wurdt tenei: yn prinsipe 'û', behalven as it wurd ek yn it Nederlânsk foarkomt en dêr 'oe' hat of as de klank stiet yn de doetiid fan in tiidwurd. Dêrtroch soenen wy tenei "drûch" en "foeterje" skriuwe moatte, ynstee fan "droech" en "fûterje". Didaktysk sjoen net in minne saak, al sil it al wat ûnwennich wêze yn it begjin.     

Grrr...

Rêstich bliuwe, net lilk wurde, oant 100 telle en wer werom, kôgje op dat stik kaugom oant datst dysels flink yn it wang biten hast en de smaak fan bloed de pipermunt ferkringet. Sa sawat hie ik it hjoed. Op myn woeste fjildtocht dy't alle jierren wer los giet, de striid tsjin de fallende blêden, wie ik hjoed yn it moaie noarden fan Drachten te finen. Blêdblazer en sitmeaner as wapens. No ha wy dêr al jierren de gewoante om dy blêden kreas te sammelejn en op in parkearplak op in bult te lizzen. Ek it wykbehear smyt dêr syn deiopbringst del, dan komt der in frachtwein en dy nimt de boel mei. Wurket prachtich.  Wêrom dan sa lilk? No, fanwege in grize Citroen dy't deun tsjin dy bult oan parkearre stie. Mei oare wurden, gjin plak om de bak fan de sitmeaner leech te smiten. Yn de fiere omkriten gjin auto te sjen, allinnich dy rottige Citroen. Griis. Buorman, dy't ek yn de blêden siet, soe der midden. Hy nei de skoalle om te freegjen fan wa't dat gebakje wie. En ik mar

Feestje

Tongerdei is der in feestje yn Ljouwert. Boekhannel De Tille+De Slegte iepenje de winkel flak efter it Saailân. In iepening fan in boekhannel is yn dizze tiid suver nuver. Miskien dat oer in jier yn Drachten ek sa'n feestje komt, as Van der Velde in nije winkel oan it Raadhuisplein krijt. Wy wachtsje ôf. Tongerdei om 15.30 sille Rients Gratama en Carla van der Heijde oanwêzich wêze om te sinjearjen. En de webmaster fan Stikelstekker is der ek by útnoege. Dus minsken dy't noch in boek fan my keapje wolle of in krabbel yn in al kocht boek ha wolle, binne wolkom. Wy sille der oant healwei seizen wêze. Foar it hiele programma set ik it linkje nei de side fan de feestkommisje der efkes by. http://www.selexyz.nl/evenementen/2789/de-tille-de-slegte/leeuwarden/

En dan sizze se dat Friezen net autoride kinne? Driving in Russia || TNL

Afbeelding

Bloggers fan Fryslân

Bloggers fan Fryslân. Nee, dit is net de opfolger fan Boeken fan Fryslân, it is gewoan in oanhef boppe it stikje. Dus, oan alle bloggers dy't soks yn it Frysk dogge. Guon fan jim witte, oaren net, dat der in grut oantal minderheidstalen yn de wrâld binne. Op dizze site: http://indigenoustweets.com/blogs/ kinne jim dat sjen. Ek ús eigen taal it Frysk stiet hjir tusken. As je it Frysk oanklikke, komme der in stik as tweintich bloggers foar it ljocht, dy't yn dy list steane. Der binne fansels folle mear. Net omdat ik no sa gek op listen bin, sterker, ik fyn der yn 'e regel neat oan, mar dochs ha ik kontakt socht mei de man efter dizze grutte webside. As je dan in list ha, besykje dy dan ek sa goed mooglik by te hâlden. Der sirkulearje hjir yn Fryslân ek in oantal listen, in twitterlist, dêr't ik net yn foarkom, wylst ik dochs wol geregeld twitterje en in bloglist, ek dêr is stikelstekker.blogspot.com net te finen. Wylst stikelstekker boppe-oan  stiet yn de mânske si

Snein

Wekker wurden. Bakje kofje. Dûs. Eintsje ride. Kofje mei gebak. Werom ride. Ite. (bakte earpels by) Ein om kuiere. Goed petear. Ut de rie. Tiid sykje. 

Kafee Marktzicht, opfiedkundich prima

Dat wie wer in aparte sneontemoarn. Sjoch, as de mobile tillefoan fan junior op tafel leit en sy net op minder as in meter sinjalearre wurde kin, is der wat mis. It ding woe net opstarte. Algemiene panyk. Want in libben sûnder WhatsApp, Twitter en MSN is hast net mear foar te stellen. No ha ik sneons earst kofje en de krante. Mar eins wie dêr gjin tiid foar, wy moasten nei Drachten, de tillefoan wer oan de praat bringe litte. Healwei de krante belle in kollega skriuwer my op, dan binne jo ek samar in kertier ûnder de pannen. Hawar, de RamVan oanslingere en nei de hoofdplaats fan Smellingerlân. 'Het is vandaag Samsung dag,' sei de man yn de winkel. 'Een half uurtje, dan doet ie het wel weer.' Om no in healoere troch it frijwat wynderige en dampe sintrum fan Drachten te swalkjen like my neat. Efkes by de boekhannel sjoen. De Lêste Trúk net op foarried. Hmm... Daliks mar efkes it personeel op oansprutsen, liket fansels op fleanen. 'O, die is dan onderweg,' se

Opstelle yn rigen fan fiif, graach. :-)

Afbeelding

Us Doekle

De bou fan in nij Thialf is fansels tige goed foar de provinsje. Oeral op de wrâld witte se wêr't It Feen leit. Mar ik koe it hast net mear iens wêze mei it kommintaar yn de LC fan hjoed. Wat in arrogante klup, dy KNSB. Under oanfiering fan ús Doekle Terpstra, dy't nochris sa bot omheech falle sil dat er mient dat er kening wurde kin. Net te leauwen, dy man. Gjin kop mear op de tribune, de kaartsjes binne net te beteljen. Mar Doekle, dy't je net nei eat freegje moatte dat net direkt mei syn baantsje te krijen hat, want dan wit er it net, dy Doekle, dêr kin it Fryske folk mar grutsk op wêze.  Earst fûn er alle plannen better as dy fan Thialf. Almere, Zoetermeer en wit ik wêr't dy banen allegearre wol net komme soenen. Us Doekle wie lyrysk. Alles better dan dy domme plannen dêr yn It Feen. Dat, wylst de KNSB allinnich mar roppe en raze kin, se ha gjin neil om de kont te klauwen. Mar dat behindere Doekle net. Gjin turf heech yn It Feen. Kânsleas. No docht bliken dat

David Gilmour The Fender 50th Birthday Celebration

Afbeelding

Hamburg Harns tsjin de sintralisaasje

De FNP wol it spoar tusken Hamburg en Harns better benutte. Dit om mear Dútsers nei Fryslân te heljen. Dat liket my in goed plan, om in oantal redenen. Kunde fan ús hie eartiids buorkerij. Mar omdat it lân gaadlik lei, gie er oer op in kamping. Ut de rike oerlevering is dizze útspraak: 'Ik woe dat ik allinnich jaren yn it lân hie, dy kij frette mar ta. Noch better is Dútsers melke,' of sokssawat. Dat spoar leit der, de Dútsers wenje der, en dus hoecht it net it measte te kostjen. Eins hielendal neat, allinnich wat reklamejild en in pear ekstra treinen yn it oere. Gjin kop dy't sjocht dat se oer itselde spoar ride. 'Spoor tussen Hamburg en Harlingen opgewaardeerd.' Klear. Lit mar komme. De oare reden is dat, en miskien ha se dêr ek wol oer neitocht by de FNP, wy net it measte mear út Den Haag ferwachtsje kinne as it om it hege Noarden fan it lân giet. Biedwurd liket sintralisaasje yn de rânestêd. Dus kinne jo better oare wegen sykje. Brussel, en krekt oer de gr

Bealch midstwa

Afbeelding
De iene nacht is de oare net, sa 't it skynt. Dyselde dy't ik as lêste hân ha, hie om my net hoecht. Juster kreas op tiid op bêd, nei de gearfettings fan it fuotbaljen. Neat te rêden. Acht oerkes letter komme je as in âld man fan bêd. It fielt of is de rêch my midstwa. Ferkeard lein of sa, ik wit it net. Wat ik wol wit, is dat ik rin as in kreupele dodo, it smoar yn ha en dat it noch net better wurdt. No, moai yn 'e pronk, of net? Hie ik dit witten, wie ik moai net op bêd gien. Wat dan wol wer aardich is: in dame dy't ik in jier as wat net sjoen hie, sei jo tsjin my. Dat die se earder net, dus ik sei: 'Jo? Wat is der mis mei do?' Se seach my oan. 'Mar do bist wol deselde, wat hast mei dyn hier dien...? Moai!' Net safolle. Krollen kweekt. Dus.

Moarn is it gewoan wer dei.

Afbeelding

Tillefoantsje

No, Obama kin him mar noflik deljaan. Nee, net omdat er wûn hat, mar omdat er de lokwinsken fan Mark Rutte krigen hat. Ik wol net leauwe dat de man der in tel minder om sliepe soe, hie er dy net krigen. Sa fan: 'Allegearre prachtich hear, mar Mark hat noch gjin lûd jûn.' Obama liket wol in aardige keardel. Fansels is der wol wat op oan te merken, mar altyd better as Bush junior. De soarch is striemin yn Amearika, dêr soe er mear oan dwaan kinne. Mar de iiskâlde republikeinske Bush foldie my min. Bush, dy't, doe't er der nei frege waard, net fertelle koe wa de premier fan Kanada wie. Hoesa 'der is oars gjin lân as de USA'. Obama sil hjir en dêr ek grif korrupt wêze en dûbel fel foar de kop ha. Dat moat yn in baan lykas hy hat. Mar de keunst is om dat goed te maskearjen. En dat kin er tige. Ien ding ha ik op de man tsjin. Se jouwe allegearre heech op fan syn taspraken, en dy binne ek wol moai. Mar hy sjocht net nei de minsken. Hy sjocht oer harren hinne. Le

Ut de rige kassettebandsjes: The Mock Turtles-And Then She Smiles

Afbeelding

Wrang

Afbeelding
Justerjûn op twitter gie it samar oer wrang. En oer BH's, mar dêr mei ik my net mei bemoeie, sei in bestjoerslid fan it Boun, dus doch ik dat net mear. Brave jonge. Goed, wrang dus. Ik tink dat fan myn folgers in soad minsken noch nea fan wrang heard ha. Heech tiid foar wat naschoolse bijscholing. Wrang is in flokwurd foar boeren. Stel jo ha in moaie keppel pinken yn it lân. Dat binne hast kij, mar noch net hielendal. Oerjierske pubers, sis mar. Doe't ik jong wie, ahum, kaam der yn de rin fan de maitiid in pinkebolle by, mei as doel dat de pinken it jier dêrop kealje en feroarje soenen yn rierren. Interkij. Dus dy bolle hie in machtich moai jier, fansels. Ik gean dêr net fierder op yn, jim kinne it jim foarstelle. 50 tinten griis, mar dan sûnder griis. Jonge blommen, in lân fol. Hupsakee. Oant safier alles prachtich. Mar dan kamen je op in dei te pinketellen en seagen je ien (of mear) dy't kreupel rûn. En it bist hie in jaarke. Dat kin fansels net op dy leeftiid, dus

24-11-2012: Nei Thialf!

Afbeelding
Sa'n foto seit jim op it earste gesicht miskien net safolle. Mar guon sille ek daliks sizze: Ja! Dat wit ik noch. De Feenstra Flyers yn de gloarjetiid. It is noch te betiid om te deidreamen, mar stadich, hiel stadich komme der wat gefoelens fan in jier as 25 lyn nei boppen. Soe it dit jier al kinne? Soenen Chris Eimers en Henk Hoekstra de saak al sa op de rit ha? Ik skriuw geregeld wat oer iishockey, en oer de hjoeddeistige lieding fan de Flyers skreau ik op 5-10-2012  http://stikelstekker.blogspot.nl/2012/10/lets-go-flyers-lets-go.html   De Flyers spylje hast altyd op freed. Wat is it no jammer dat se op sneon 17-11-2012 thús tsjin Geleen moatte, lokkich is dat foar de bekerkompetysje. Ien wike letter, op sneon 24-11-2012 wer thús, tsjin Den Haag. Wat soe it moai wêze as Thialf wer ris oan de kop ta fol siet. It Feen hoecht dy jûn net te balskoppen yn it Abe Lenstra stadion, se moatte út nei Venlo. Dus allegearre yn it bûsboekje sette: sneon 24-11-2012, acht oere jûns nei

Fryslân yn 2020

It jier 2020, ien jannewaris Yn in oantal lidsteaten fan de EU binne swiere protesten útbrutsen no't yn Brussel hjoed besletten is om alle lânsgrinzen ferfalle te litten. De foarstêden fan Parys steane yn brân, ek yn plakken lykas Berlyn, Londen, Den Haag en Amsterdam is it folk manmachtich de strjitte op gien. It frjemde docht him foar, dat yn in oantal oare gebieten feesten losbarsten binne. Wales, Skotlân, Baskenlân en Fryslân ha dizze dei ta nije nasjonale feestdei útroppen. Jo korrespondint wie oanwêzich yn Ljouwert, dêr't de al hast ferbeane Fryske flagge mei grut seremonieel op de Aldehou setten waard. Berjochten út Grins sprutsen fan it fernielen fan de komplete binnenstêd, wylst hjir it bier ryklik yn de toarstige halzen ferdwûn.  It beslut fan de Feriene Steaten fan Europa om de taalgebieten in grut stik fan harren selsstannigens oangeande lokaal bestjoer en belied ta te skikken is yn de tradysjonele machtsblokken mei ôfgriis en yn de yn har eagen tramtearre reg

Byldferslach fan de gearsit fan it Boun

Afbeelding
Leeuwarden, 3-12-2012 Vergadering Friese schrijvers loopt uit de hand Wat begon als een rustige bijeenkomst, liep gierend uit de klauwen. Het Friese schrijversgilde was weer eens bijeen, en alhoewel de voorzitter rust predikte: was het voor een aantal dwarse elementen natuurlijk weer een uitgelezen kans om de zaak op te jutten. Dit liet de tegenpartij niet op zich zitten. Hetgeen weer volledig escaleerde. Zodat weer aan alle verwachtingen was voldaan. Friese schrijvers en vergaderen, het blijkt geen gelukkige combinatie. Toen de puinhopen waren opgeruimd, werden de verkoolde lijken naar goede traditie bijgezet op de eeuwige Friese schrijvers jachtvelden.   Het is goed zo.

Fytsbân

Junior har fytsbân hie syn tiid hân. Raffels oan de rânen en hy rûn stadich leech, sadat ik om de dei de bân oppompe moast. Tiid foar in oare dus. Efkes nei de Drait, dêr sit in fytswinkel. 26-1.90, dat is de maat. Hie ik in foto fan makke, dat is maklik. In poster op de winkel fertelde my dat der twaddehâns fytsen fan ôf € 25.00 te krijen wienen. 'De binnenbân noch goed?' frege de ferkeaper. 'Doch der mar ien by, hy rint leech. Sil wol poreus wêze,' sei ik. 'Dan wurdt it €22.00.' No snappe jim wol wat ik doe tocht, nim ik oan. Ik sil de bân ferwikselje. Mei it smoar yn.

Prima reden om de saak mar ticht te smiten

Afbeelding