Fryslân yn 2020

It jier 2020, ien jannewaris

Yn in oantal lidsteaten fan de EU binne swiere protesten útbrutsen no't yn Brussel hjoed besletten is om alle lânsgrinzen ferfalle te litten. De foarstêden fan Parys steane yn brân, ek yn plakken lykas Berlyn, Londen, Den Haag en Amsterdam is it folk manmachtich de strjitte op gien.

It frjemde docht him foar, dat yn in oantal oare gebieten feesten losbarsten binne. Wales, Skotlân, Baskenlân en Fryslân ha dizze dei ta nije nasjonale feestdei útroppen. Jo korrespondint wie oanwêzich yn Ljouwert, dêr't de al hast ferbeane Fryske flagge mei grut seremonieel op de Aldehou setten waard. Berjochten út Grins sprutsen fan it fernielen fan de komplete binnenstêd, wylst hjir it bier ryklik yn de toarstige halzen ferdwûn. 

It beslut fan de Feriene Steaten fan Europa om de taalgebieten in grut stik fan harren selsstannigens oangeande lokaal bestjoer en belied ta te skikken is yn de tradysjonele machtsblokken mei ôfgriis en yn de yn har eagen tramtearre regio's mei ynstimming ûntfongen.

'Dizze dei ha wy lang op wachte en in soad foar prate moatten,' sei de grutske kommisaris fan de kening Jan van Friesland. 'Mar no is it einliks safier en sil Fryslân fan ûnderen op wer dwaan dêr't it altyd goed yn west hat. Meielkoar de skouders derûnder en de kâlde tiid ferjitte dy't efter ús leit.'

Omdat Piet Paulusma op syn âlde dei nochris in lange, swiere froastperioade foarsizze koe, wie de foarsitter fan de Alvestêdeferiening foaral mei de mobile tillefoan oan it ear te sjen. 'De nije Europeeske omrop Eurovisie hat belangstelling om it hiele feest streekrjocht út te stjoeren,' rôp Wieling ús ta. Hy like suver wat feralterearre.  



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen