Posts

Posts uit april, 2024 tonen

Spuit? Do bist in junkie!

Afbeelding
  Myn linker ear siet ticht. Hiel lestich. Jo hearre josels kôgjen en wat der nachts allegearre oan lûden foarby komt, is mei in ear dat ticht sit echt hiel bysûnder. Lokkich wie der yn it kastje fan Klazien uut Zalk noch in earspray. Ik sjoch noait nei hâldberheidsdatums as it op datsoarte guod oankomt, want se binne der altyd fier oerhinne op it stuit dat je se brûke moatte. Ik ha salve út 1999 dy’t noch altyd docht wat er moat as ik him brûk. Earspray dus. Stek yn it ear en druk ien as twa kear. Dat binne by my dus minimaal fjouwer, want it moat al helpe. Nei in heale dei wie ik der sa flau fan, dat ik de douchekop der op setten ha. Gjin resultaat. Dus de folgjende stap soe dan wêze om dokter te beljen.   Op freedtemiddei mei in ear dat ticht sit in dokter berikke. Jo begripe wol dat soks in mission impossible is. Se laitsje jo noch krekt net út, mar in ôfspraak sit der net oan te kommen, sa is it al.   Dus oer nei plan B. Selsbetsjinning. Ik ha meardere kearen holpen mei in