Spuit? Do bist in junkie!

 Myn linker ear siet ticht. Hiel lestich. Jo hearre josels kôgjen en wat der nachts allegearre oan lûden foarby komt, is mei in ear dat ticht sit echt hiel bysûnder. Lokkich wie der yn it kastje fan Klazien uut Zalk noch in earspray. Ik sjoch noait nei hâldberheidsdatums as it op datsoarte guod oankomt, want se binne der altyd fier oerhinne op it stuit dat je se brûke moatte. Ik ha salve út 1999 dy’t noch altyd docht wat er moat as ik him brûk. Earspray dus. Stek yn it ear en druk ien as twa kear. Dat binne by my dus minimaal fjouwer, want it moat al helpe. Nei in heale dei wie ik der sa flau fan, dat ik de douchekop der op setten ha. Gjin resultaat. Dus de folgjende stap soe dan wêze om dokter te beljen.

 

Op freedtemiddei mei in ear dat ticht sit in dokter berikke. Jo begripe wol dat soks in mission impossible is. Se laitsje jo noch krekt net út, mar in ôfspraak sit der net oan te kommen, sa is it al.

 

Dus oer nei plan B. Selsbetsjinning. Ik ha meardere kearen holpen mei in keizersneed by in ko, dus sels myn ear útspuitsje soe ek wol slagje, tocht ik. Ien ding is dan fan belang, dat jo in spuit ha. Nea by stilstien, want as boeresoan wie der altyd wol in spuit, meast fan penisilline dy’t je brûkten as in ko in ferkeard fearn hie. Mar ja, sûnt 1993 gjin boer mear, dus blykte it arsenaal oan spuiten ek opdrûge.

 

De fyts út it hok en even nei it Kruidvat, tocht ik. Dêr wiisden se my nei in blommespuit. Doe’t ik sei dat ik in spuit ha moast om myn ear skjin te krijen, wie it folslein helder. Ik wie daliks in junkie, ik seach it yn har eagen. Ik moast it mar ris by de Action besykje. Dêr wie in ferskaat oan spuiten, foar bern dy’t elkoar wiet spuitsje wolle. Nei myn útlis, wie it ek dêr helder. In junkie dy’t in spuit siket. Mar dizze kear krige ik it advys om mar nei in apteek te gean, se lake der gemien by doe’t se sei dat ik grif in doktersfoarskrift ha moast.

 

Ik wer op de fyts. Nei de apteek. En nei in skoftsje bin ik mei in spuit sûnder nuddel nei bûten kaam. Leaf famke, dy’t ek noch in fleske mei earspray oanpriizge, mar ja, dat hie ik al. Al mei al wie ik oardel oere op reis. Myn ear siet noch potticht. Ik ha wat lij wetter yn in beker dien en riede my ta op in missy dy’t grif mislearje soe. Sa’n middei wie it.

 

Mar de wûnders binne de wrâld noch net út, bêste minsken. Nei de earste spuit lij wetter kaam der in stik rotsoai út it ear en koe ik alles wer hearre!

 

Ik ha it wol te dwaan mei dy junkies dy’t ek op freed in spuit sykje. En ek noch mei in skjinne nuddel. Gjin idee wêr’t dy minsken harren ark fine moatte, de famkes achter de baly binne grif net allegearre sa aardich as dy hjir by ús.



          

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen