Posts

Posts uit juni, 2012 tonen

Boudewijn De Groot Jimmy Hoe sterk is de eenzame fietser.wmv

Afbeelding

Nij boek

'Ast dan sa oan it wurk bist, tinkst dan nei oer in nij boek?' Dat frege immen my hjoed, en hy wie net de earste. It skynt foar in soad minsken in mystearje te wêzen hoe't je ta it skriuwen fan in boek of in ferhaal komme. Eins is dat ek wol wat sa. Der is neat, dan ha je in idee en in skoft letter leit der mei wat gelok in manuskript. De tiid en drokte dy't dêr tuskenyn sit, krije de lêzers en net lêzers yn 'e regel net folle fan mei. It stille wurk, sis mar. It opsykjen, it neilêzen, it skriuwen en skrassen, it fertwivele omrinnen as der in fikse blokkade yn de kop sit. Ik soe ek de ekstra liters en pakjes tabak neame kinne, foar guon ek wol werkenber, nim ik oan. En dan fansels de tiid fan wachtsjen as je it nei in útjouwer brocht ha.Witte se neat fan, de minsken. Lit dat ek mar moai sa bliuwe. It moaiste fan skriuwen is it skriuwen. Foar my, teminsten. As je yn de holle it ferhaal rûn ha, en dat it dan slagget om it der yn ien kear út te rammeljen. Machtic

It swurd fan grutte Pier is fuort! Reboelje!!!

Afbeelding
  Stel je foar: De Nachtwacht nei Berlyn foar in tentoanstelling oer stedswachten. Sjogge jo it barren? Ik net. Allinnich foar de twadde wrâldkriich ha se it doek fia Medemblik en Castricum nei de Sint Pietersberg brocht, soks seit wat.  Dramatysk nijs hjoed. It swurd fan grutte Pier giet nei Rotterdam. Foar in show oer piraten. Samar lit it Fryske folk ien fan harren grutte pylders oer de grins ferdwine, fraach is oft se it ea wer werom sjen sille. Dat nije museum kin daliks wol wer plat as it swurd der aanst net is. En dan ek noch Kimswerter bern ûnderweis as minslik skyld brûke. It raast werklik oan de protters. Ik ferwachtsje in Steaten enkête, oanfrege troch de FNP. Wa hat hjir tastimming foar jûn. Wy moatte yn it ferhef komme, dit kin sa net langer. Aanst dumpe se Us Mem noch op Texel foar in tentoanstelling oer molkskiep. Wekker wurde minsken! As dit sa trochgiet is dit it begjin fan de ein.

Rammestrûp

Afbeelding
De pedofilen klup Martijn is troch de rjochter ferbean. In feriening dy't eins nea bestean moatten en mochten hie. De histoarje fan omgrieme mei lytse bern is lang, helaas. Griken, Romeinen en Perzen makken har ek al skuldich oan dizze foarm fan mishanneling. Sterker, it wie dêr min ofte mear algemien akseptearre. Moaie wurden lykas minnaar en relaasje brûkten se dêr. Hoed-de-dei komme foaral de misstannen yn de Roomske tsjerke oan it oerflak. Sa kin ik noch wol efkes trochgean, dizze ellinde is fan alle tiden en komt yn alle fermiddens foar. In klup dy't ditsoarte tsjustere saken ferhearliket moat ferbean wurde. Dat wol net sizze dat it misbrûken fan bern dan ophâlde sil. Der skine sike idioaten om te rinnen dy't it tige aardich fine om te sjen dat in ûnskuldich famke fan fiif troch in keardel misbrûkt wurdt. Foar sokken wienen de straffen dy't se eartiids brûkten no ek noch op syn plak. Rammestrûp der om hinne en ophysje mar. En oars? No sa.

Old man take a look at my life, I'm a lot like you were

Afbeelding

Waan(sin) fan de dei

Lokwinske, minsken! Jim binne hjoed samar út de resesje klommen. Is 't net in pracht? It soe wol wêze kinne dat we der nije wike wer ynsitte, hear. De waan fan de dei en de planburo's kinne ús meitsje en brekke. It is werklik om fan te gûlen. Witte dy djoer betelle rekkenwûnders wol hokker ferantwurding se ha? We wurde platsmiten mei besunigings, omdat we yn in resesje sitte. De twadde keamer en de geil op lekker nijs media dogge oars net as ús de put yn prate, Brussel foarop. Komt der op samar in tiisdei sa'n hapsnurker fan wer in oar buro en dy seit dat we net yn in resesje sitte. Moai, kinne al dy ekstra lesten dan ek daliks wer weromdraaid wurde? We sitte net yn in resesje, no? Dus is der neat oan de hân. Is miskalkulaasje ek in misdriuw? Dan meie se wol in ekstra finzenis bouwe foar al dy snelle jonges dy't der meielkoar foar soargje dat wy ús de blubber wurkje en as we der mei ophâlde daliks mar dea gean moatte. Jo binne net redabel mear as jo konsumearje en

Foaroanman Faunabeskerming jout in workshop

Afbeelding

Pirnenka, de superman fan Itaalje

Afbeelding
No, no, wat in wedstriid juster. Ha jimme jim ek sa fermakke? Yndie, der wie gjin sek oan. Je meie it net sizze, mar wat is dat Dútske âlvetal dan in geniet om nei te sjen. Ik leau net dat we juster de kampioen sjoen ha. Wie der dan echt neat oan? Jawol. Ien spiler wie de muoite wurdich om oant healwei tolven sitten te bliuwen. Andrea Pirlo. Sieraad foar de sport. We ha it hjir no net oer jild, mar gewoan oer hoe't er spilet. Rêstich oan de bal, oersjoch, in pracht. Doe't de ferlinging dien wie, soenen de Ingelsken wol efkes de pengels winne, want dêr wie op oefene. En doe kaam it. Dy keeper die in clown nei. En hy lake, sa fan: ik bin hjir de man. Doe kaam Pirlo nei de stip. Ha jimme it sjoen? Ynearsten woe er him gjin blik weardich karre, mar omdat de Joe Hart him sa oanstelde seach er him efkes oan. En doe wist ik al dat Itaalje winne soe. As blikken deadzje koenen, hie Ingelân no om in nije ballefanger út moatten. Sa gemien kin allinnich in Italjaan sjen. En Pirlo bet

The Doors - Riders on the storm

Afbeelding

De útwedstriid

  De útwedstriid Lêsfoer foar in reinige snein. It sânde part. De link nei de earste seis stiet ûnderoan de side.   7 Sergei merkt it daliks as er it hûs yn komt. Syn frou Layka sjocht ûngerêst, mar seit neat. Wayne sit foar de televyzje en hat sa op it earste gesicht neat troch. Mei in ferlechje oer in kraan dy’t lekt, trunet Layka har man mei nei boppen ta. Bûtendoar snijt it, it kwik is sakke oant min 30 en de blommen sitte op de ruten, dêr kin gjin kachel tsjin stoke. ‘Dy man is hjir west,’ begjint Layka. Sergei knikt. ‘Ik wit it.’ ‘Wat is der oan de hân? Ik skrok my naar, hy... hy stie samar foar de doar,’ stammert Layka. Sergei slacht de earms om har hinne. ‘Wat hat er tsjin dy sein?’ ‘Dat hy dyn nije baas is, en dat ik der tsjin nimmen wat oer sizze mei. Doe gie er wer fuort.’ Sergei lit it yn him omgean. ‘Hy hat net oan dy sitten?’ ‘Welnee, hy hat my netsjes in hân jûn. Mar wat...’ ‘Hy hjit Ralf, en in soad mear wit ik net fan him. In wike lyn socht

Four seasons in one day

Afbeelding
  Ha jim wolris fan Crowded House heard? Nee? Dat is jammer. Neil Finn, de oprjochter fan de band, is mei rjocht in muzikaal multi-talint. Doe't Split Enz, syn eardere band, yn 1984 ter ziele gie, naam er twa jier 'frij' en rjochte doe Crowded House op. Sûnder syn broer, Tim Finn. Dy siet wol yn Split Enz. Message to my girl, sykje it mar ris op. Goed, it bloed krûpt fansels, Tim kaam koarte tiid as bandlid werom. Doe makken se it prachtige album Woodface. Wrâldwiid in sukses. Doe't se op tour wienen yn Ingelân, stapte Tim op. Sa as yn alle bands wie der geregeld spul oer hoe en wat no fierder. Lokkich is de muzyk bleaun. Juster wie it apart waar. It die my tinken oan de titel fan ien fan de nûmers dy't op Woodface steane. Wy ha hjir juster winter (grouwe hagelstiennen) maaitiid, hjerst en simmer yn ien dei hân. En lit dat nûmer no krekt sa hjitte. Four seasons in one day. Prachtich.

Feroarings

Afbeelding
  Dit wurdt in frjemd blochje. Ik sis it mar, dat jim der klear foar binne. Net alle feroarings betsjut ferbettering. Mar hjoed kaam ik yn 'e kunde mei in oar soarte WC-papier. En dat is no net daliks in ûnderwerp dêr't bloggers oer skriuwe, dus doch ik it al. De tiid dat minsken de Hepkema ferknipten en oan in spiker yn it húske hongen leit fier efter ús. Hjoed-de-dei biede de fabrikanten tsjin elkoar op. Noch mear lagen, noch moaiere kleurkes, noch sêfter yn it gebrûk. Ik wit net wat jimme der fan fine, mar it is neat foar my. Jou my mar in degelik stikje papier. De krante hoecht der net op ôfdrukt te wurden, ek fan blomkes ha 'k gjin ferlet. Wêr it guod weikomt dat we no ha wit ik net, mar it is prima. Sa, dit wie diel ien. De keppeling tusken twitter en facebook. Dat lyket my in logyske oergong. Wêrom? Omdat guon dêr freeslik kramp fan krije. Dy moatte dus ek in goed stikje papier foarhannen ha. Efkes útlizze: alle ellinde en drama dat je op twitter sette is me

En dêr kaam Peter Wayning oan!!! Hy wint!!!

Afbeelding

Stikeljarre

Afbeelding
Wêrom binne der stikels? De geiten en de guozzen wolle se net frette, se waakse as in gek en as je der mei bleate hannen as fuotten yn om reagje ha je in dei jokte. In pear kear yn 't jier mean ik se plat. Nei myn trauma fan ferline jier http://stikelstekker.blogspot.nl/2011/06/je-ha-fan-dy-dagen.html , jim sille it grif noch witte, bin ik tige hoeden. Sawol mei it hageknippen as mei it stikelmeanen. Mar dy stikels ha wol in doel. Efkes googelje en je komme fan alles tsjin. Flinters lizze aaien op stikels. Je kinne der tee fan sette. Foar hynders skine stikels ek goed te wêzen. En eartiids krigen we se thús troch it sop. Mar je kinne der ek jarre fan meitsje. Sjoch, dat wist ik dan wer net. Wol dat it koe, mar net dat it in doel hie. Stikeljarre. Op dizze side: http://www.eco-weide.nl/blog/het-nut-van-brandnetels.html is it prosedee nei te lêzen.Sa skynt der in oar ljocht oer stikelstekke. Dus.

Foar guon dy't it net snappe: humor!!!

Afbeelding
Boeken fan Fryslân makket trochstart.

Woansdei

Samar in woansdei. De FNP wol it WK sportfiskjen foar froulju stypje. Fiele jim wat ik fiel? Binnen no en twa dagen steane der ynstjoerde stikken yn de LC fan de fêste kollumnisten. Dy binne net djoer en wolle altyd wol kopij oanleverje. Nammen? Lês de kommende dagen de krante mar. Dit is in ynkopperke. Amsterdam wol de Olympyske spullen 2028. It beslút falt al yn 2023, wurk oan de winkel dus. Ik siet efkes nei te tinken hoe âld ik dan wêze sil. Yn 2028. Eh... De SGP wol twa euro's. Ien foar it noarden en ien foar it súden fan Europa. Is dat gjin diskriminaasje? Noch mar efkes oer neitinke.  Wander Blaauw tikket € 272.000 yn it jier ôf. Soarchsum typke. Foaral foar himsels. Yn de Haske ha se in dealer oppakt. Fariant op it ferske: Yn de Haske hinget in dealer yn de beam. De Fryslân Flyers ha in nije koach, en se wolle wer kampioen wurde, skriuwt de Omrop. Koach? Wat is dat no wer? Docht my oan in supermerk-keten tinken. It Frysk wurdboek bringt gjin oplossing. Komkommer

Briljant idee fan de Faunabeskerming

Hoefier soenen dy lju fan de faunabeskerming eins fan de natuer ôfstean? Dat freegje ik my wolris ôf. Ha jim wolris in ree sjoen? Prachtich bist, se rinne soms hast tsjin de sneldiken oan, en elts jaget der foarby sûnderdat se se sjogge. Ik tink dat it hjir it grutste wylde bist is dat frij omrint. Losbrutsen damherten net meirekkene. No ha se yn Drinte besletten dat se dy dieren net mear ôfsjitten meie. De skea dy't se oanrjochtsje is te lyts om der om dy reden regaad yn te hâlden. De faunabeskerming hie de rjochtsaak oanspant. No, lit ik dan mar foarsichtich sizze dat ik yn dit gefal lichte sympaty fiel foar it beslút fan de rjochter, en dêrmei ek foar de faunabeskerming, dy't de 'wilsbeheerseenheden' hjirmei in poat dwers setten ha. Mar dan hâldt it ek wer tige hurd op, hear. De skea dy't de ree oan it gewaaks oanbringt is neffens de faunabeskerming maklik foar te kommen, troch 'hekwerken' om dy gewaaksen hinne te setten. Sjoch, dan moat ik wer soar

Nijs!

Ut tige betrouwbere boarne hearde ik dizze moarn hot news. Dat gie oer ôfrûne snein, dus soenen je it âld nijs neame kinne, mar omdat ik it hjoed foar it earst hearde, wie it foar my nij nijs. It skynt sa te wêzen dat der in aardich oantal heiten neist in moarnsbrochje noch wat krigen ha. Jo moatte oeral jo tentakels útstean ha om soks te witten te kommen. Dy boarne fertelde my dat se yn in net neier te neamen boekwinkel hast lamme hannen krigen ha fan it ynpakken fan De Lêste Trúk. Lit ik dêr no in lyts belang yn ha... Dus: alle heiten dy't sa'n kado krigen: lokwinske der mei. Dy frou en bern fan jo binne net ûnnoazel, dat sil ik jo sizze! Skande dat de kommersje mar ien heitedei yn it jier útskreaun hat. It soe foar de oplage fan mannich Frysk boek goed wêze om soks bygelyks ien kear yn de moanne te dwaan. Sa fan: Och heden, no is it al wer heitedei. Mar efkes nei Bol.com, sjen oft der noch in boek foar de âldman is. Thús besoargje oanfinke en klear is 't.

Ha jim dat wolris?

Afbeelding
Ha jim dat wolris? Dat de fingers jo jokje? Dat it jo foar op 'e tonge leit? Dat je der eins freeslik ynbatse wolle? Dat je foar iens en foar altyd sizze wolle wat je earne fan fine? Dat je hast wis binne dat der in soad minsken wakker gelyk oer tinke? Dat je de pest yn ha? Dat eat jo meunstereftich tsjin stiet? Dat se it jo troch de strôt drukke? Dat jo der net op sitte te wachtsjen? Dat je der in min sin fan krije? Dat it toetseboerd hast freget om it op te skriuwen? Dat je it yn konsept al dagen klear ha? Dat it bloed jo sûpe wurdt? Dat je... No, ja. Sa. Ha jim dat wolris? Ik wol. No bygelyks.

Ko fan stâl

Afbeelding
It mei in wûnder hjitte dat ik noch libje. Niis nei in spesjalist west. Poeh. Der wie net folle goeds mear, minsken. Myn wervels lykje op in koarkelûker, it bekken stiet sa bryk as in hispel en der sit earne in 'gemene' draai yn. No, ek goeiemoarn. Dy keardel is hast net te besetten, sa drok hat er it. Allegearre folk dat lykas my krekt boppe de 40 is, en mient dat der fan alles oan mankearret. De Mercedes op de oprit sei in soad. Ergonomysk prima fersoarge stuollen, nee, dizze knaap hat it foarelkoar. Hy timmere my wat mei in hammer op 'e lea om en knypte ta. Dat moat, sei er. Undertiid woe er it oer it fuotbaljen ha, mar ik begûn daliks oer Breuer, doe wie er stil. Ferfolchtrajekt is noch fjouwer kear hinne. In ko fan stâl, want ditsoarte minsken wolle se by de soarchfersekerders eins net kenne. Dizzen skine nammentlik wolris sukses te hawwen, dat sadwaande. As alles neffens plan ferrint bin ik oer fiif wiken wer sa rjocht as in lineaal, docht de poat en de earm wer w

#list

Met de nodige omballingen is een aantal tellen geleden een meel door de draden gevlogen, aangaande de lijst. Deze lijst:  http://indigenoustweets.com/fy/ Zie, het roept vanzelf aan de spreeuwen dat deze al een aantal weken niet is ververst. Zulks werkt balsturigens in de hand, en om nu voor te wezen dat wij manmachtig in het verhef moeten komen heeft schrijver de pen gescherpt. In korte, maar heldere bewoording is het boodschap overgebracht dat hier zeer spoedig regaad in moet worden gehouden. Wij menen u hier van op de hoogte te moeten brengen. Vaderdag verloopt verder in een goede sfeer. BREKKENDE UPDEET, MINSKEN! Ja, der binne noch minsken dy't harren mail lêze en der ek noch fatsoenlik antwurd op jouwe. Sa as de webmaster fan Indigenoustweets.com. Amper in oere nei myn mail op poaten kaam der respons, hy hie in steuring yn it systeem, mar ferwachte dat moandei alles wer up to date is. Sjoch, dat liket der op. Foar alle Fryske twitteraars: Gean troch, de #list is hast w

Begeleidend muzakje

Afbeelding
No't alle Friezen, op in pear nei, drok oan it kuierjen binne, mar efkes lústerje nei muzyk. It is no dochs al bekend wurden, dat toe dan mar. Wat sei...? Keapje De Moanne en jo witte wêr ik it oer ha.

To like

Dy bloch fan juster hat gâns diskusje opsmiten. Feestboek en twitter hienen it der mar drok mei. Dus hjoed tiid foar wat oar praat, oars wurdt it mar saai. Feestboek hat in knop dy't je yndrukke kinne as je yts aardich fine. 'To like', hjit dat. Om yn de sfear te kommen hjir in oantal saken dy't dochs wol fetber binne om te 'liken'. 1: Agnes Jongerius wol net de polityk yn. Moai. Der is mar ien Ien Dales, dy moatte we net kopiearje wolle. 2: Michel Breuer is de meast besprutsen fuotballer fan it EK, wylst er net iens meidocht. Moai. Persoanlik fûn ik syn Ierske bynamme wol in toppertje. O'Breuer. 3: Neffens my ha we fierwei de kâldste simmer fan de ôfrûne 20 jier. Moai. Waakst it gers ek net sa hurd. 4: Ik ha hjoed wer in boek ferkocht. Moai. No dy oare 998 noch... 5: No't Doutzen allinnich noch mar Ingelsk twittert ha se Iris mar chartere. Moai. Dat smyt minder kilometerûnkosten op. 6: De Omrop is nei Sweden west. Moai. Wenje hjir ek Sweden úts

Mei de hel yn 'e bealch út it FEC

Wat in boeken yn it FEC. Boekenfestijn. Tsien oere stienen myn frou en ik al foar de doar, de airco fan de RamVan wie ter repararaasje oanbean op industryterrein de Hemrik, dat sadwaande wie ik al betiid yn De Hoofdplaats. En der wie dizze kear yn de grutte romte ek in taffeltsje mei Fryske boeken. It foel op, tsjin de muorre oan, daliks as je de hal yn kamen. Der hong net in foarprinte spandoek boppe, mar in A4ke mei Fryske literatuer as tekst. Net sa slim, want der binne my in oantal saken opfallen. Ik hie nei de rintocht fan de Hemrik, lâns de Marwei rjochting it MCL, driuwend ferlet fan kofje. Sa koe ik de boel moai yn de gaten hâlde. Wat die bliken? 1: De minsken rinne as in spear by de boeken del. Der is hast tefolle om yn josels op te nimmen. 2: Utsûndering op dizze regel wie it taffeltsje mei Frysk. Ja, jim lêze it goed. Fansels binne der party minsken dy't trochrinne as se sjogge dat it Frysk is, sy sille it net lêze kinne. Mar dyselden dy't stean bleaunen, wiene

Langstme

Niis in slach de Feanhoop om west. Mei de auto, as oplaad-terapy. Dy nijerwetske masines wolle net dat jo ûnder it wurk de doar iepen en de radio oan ha, dat straffe se daliks ôf mei in lege akku. De startkabels moasten der oan te pas komme, mar we tuffe wer. Efkes in ein om, sadat de dynamo de boel wer op oarder bringe koe. Lege fjilden dêr om de Feanhoop hinne. Hjir en dêr in boer oan it wurk, mar myn gedachten dwaalden ôf. Hoe soe it mei de tûzenen guozzen wêze, dy't winterdeis op dy greiden sitte? Soenen se al jongen ha? Is it waar yn Estlân, Letlân en Ruslân wat knap of spiele de aaien dêr ek fuort? We binne no mids juny, dus oer in pear moannen komme se dizze kant wer út. Fine jim soks no net in wûnder? Tink ris yn, jo binne in domme gâns, mar witte wol hoe't jo sûnder TomTom earne in pear tûzen kilometer fierderop komme moatte om in geskikt plak te finen om te brieden. En hjerstmis, as de froast der oan komt, geane jo op de wjukken en fleane wer in pear tûzen kilomet

Lang libje de gemeente Jeruzalem!

Afbeelding
  In opmerklik berjocht yn de krante hjoed. De gemeente Jeruzalem hat lykas grif in hiel soad Friezen skjin har nocht fan hûnestront. Ik bin ien fan dy Friezen. As ik mei de boskmeaner wer ris noflik troch sa'n braad hinne feech, ferflok ik it bist en syn baaske. Wêrom? Omdat ik de drek op it gesicht ha, yn it hier en op de klean. En dat stjonkt merakels. Yn Jeruzalem binne se der ek klear mei, en daar hebben we het volgende op gevonden. Lang libje it DNA! Alle (minstens 11.000) baaskes moatte mei in wattestaafke it DNA fan harren ekstra bern ôfnimme, en dat ynleverje. As der dan immen in bult stront op de dyk lizzen sjocht, wurdt de databank neisjoen en kin de dieder op in boete fan 750 Shekel rekkenje. Dat is yn it monopoly-jild dat wy hjir brûke €155. Per oertreding. Wetterticht systeem, en ik woe der mar foar pleitsje om dat hjir daliks yn te fieren. Wy ha altyd in hûn hân, mar it ûnfatsoen dêr't guon hjoed-de-dei mei in eigenwiis gesicht de hûn flak foar myn hiem in gr

Beachvolleybal, het geeft je vleugels!

Afbeelding
In nijsberjocht: Schuil en Nummerdor nei de heale finale yn Moskou. Prachtich, no? It ferhaal wurdt wat oars. Ik ha der freeslik argewaasje fan. Sterker, ik fyn it de kommersje dy't de sport ferkrêftet yn opperste foarm. Wat ha Richard en Reinder dan wol by de ein? Beachvolleybal. Foar de net Ingelsk lêzers: Op it strân in bal oer in net slaan. Soks is ea útfûn op moaie, waarme stripen strân, lykas de Copacabana. Brún ferbaarnde jonkjes dy't yndruk meitsje woenen op gycheljende famkes. It âlde ferhaal. Hjoed-de-dei komt de pleatslike man mei de dumpkarre en flikkert in bult sân op in plein. Dan komt Jan Shovel en dy skood de boel plat. Red Bull set der in stikmannich tribunes omhinne en we kinne beachvolleybalje. Jasses noch oan ta. Dyselde famkes meie de manlju wat geil meitsje troch sawat yn de bleate kont in dûnske te dwaan, it boppestikje fan de bikiny lytser as lyts, en de sfear sit der aardich yn, minsken. Al dy âldfaders fan it IOC fiele nei jierren hjir of dêr w

Hollywood

Afbeelding
No, de LC hie ferdikke oandacht foar de Stanley Cup! In mânske foto mei oardel regel tekst, mar dochs. Wol moai op dy foto is dat je der op sjen kinne hoe linich dy doelmannen binne. Jonathan Quick behearsket de spagaat better as mannich turner. In wike lyn die ik de foarsizzing dat de LA Kings maklik winne soenen, en dêr like it ek op. Sterker, se stienen op in gegeven momint mei 3-0 foar yn de searje dy't oer best off seven wedstriden giet. Mar doe kamen de New Jersey Devils op stoom en wûnen twa kear op rige. Fannacht is de seisde pot yn Los Angeles. It sil jûn barre, tink ik. De earste Stanley Cup foar de klup út Hollywood. Gâns spannender dan it EK, dat hockey. Se huffe der noch wolris yn, dus soe RTL7 der wol wat oandacht foar ha kinne. MEER VOOR MANNEN. Wat in drama, sa'n slogan.  

Klantebining

Omdat je oan klantebining dwaan moatte ha ik juster yn de boeken dy't ik ferkocht ha in boekelizzer dien mei it adres fan stikelstekker.blogspot.com. Foar de skerp opmerksume lêzer wie al helder dat rjochts boppe-oan de side ek al in lytse feroaring te sjen is, en ferdikke noch oan ta, it docht fertuten! In net neier te neamen persoan hat my daliks yn in mail sein dat er myn boek keapje wol. In aardichheid dus. Foar dyselden dy't hjoed foar it earst dizze Fryske side besykje: Wolkom! Yn it argyf hjirnjonken is te sjen dat der al gâns ûnderwerpen de revu pasearre binne. Omdat de measten fan jim fansels daliks ferkocht binne, efkes in tip. As hobbyprojekt bin ik dwaande om in roman yn parten op it web te setten. Dus set dizze link:  http://stikelstekker.blogspot.nl/ yn de favoriten, en hâld de boel skerp yn 'e gaten. De earste ôfleverings fan De útwedstriid, sa 't it ferhaal doopt is, binne yn de berjochten wol te finen. Efkes firtueel strune op in snein. Op Twitter e

Fair

Wy ha ús aardich fermakke yn de seal fan de Koningshof. It rôp fansels in soad âlde tinzen op. Al dy stiif útferkochte jûnen fan de iisklup fan it Wâld bygelyks. Trije kear siet winterdeis dy seal stampfol. It Huzemer toaniel, Meiinoar ien út Drachten en mear fan soks. Dûnsjen nei fansels. Fokstrot en in sleauwe Ingelske wals. En Kobus mar sjonge, op de automatyske piloat. Dat wienen nochris tiden, mar dy sille net weromkomme. Leare bern noch dûnsjen? Wy wol. Ik hie in fêste partner. Hilda. Nea wer sjoen. Mar wy koenen der wat fan, dat sil ik jim sizze. Wy weagen ús sels oan de Tsjatsjatsja. Poeh. Frans Koning, de baas fan it spul, rûn der ek om. Prominent FNPer, de earste dy't dizze list ûndertekene. http://wiismeifryslan.webklik.nl/page/loyaliteits-petysje-list Hat gjin boek kocht. Foel my oars al wat ôf.

Michel Strogoff Theme (1975) - Vladimir Cosma

Afbeelding

Michel Strogoff Theme (1975) - Vladimir Cosma

Och heden, wat wie it spannend. Witte jim it noch? De woeste Michael en de moaie Nadia? Ik kom wer hielendal yn Russyske sfearen. Dit koe wolris op in ferfolch fan De útwedstriid útdraaie.

Guilty pleasure: oranje

Afbeelding
It is net oars, ik sil 't mar bekenne. Myn favorite kleur is oranje. Altyd al west, salang't ik it my foar de geast krije kin. Hoed-de-dei soenen je der reade wangen fan krije, de gekte om it balskoppen hinne docht my sear oan de eagen. Hoe is dat dan sa kaam, mei dy kleur. Ik wit it earlik sein net. Mem hie, doe't ik noch mar in bûkenmantsje wie, in oranje spencer foar my breide. Dat ding ha 'k tiden oan hân, mar hy jokke as de sykte, dus dat is de oarsaak net. Wy hienen thús oranje sinneskermen, mar ik bin in winterminske, dus dy falle ek ôf. Fan idioaten mei oranje flagjes yn 'e tún krij ik spontaan it gefoel dat der eartiids wat mis mei gien is, dus it balskoppen is it ek net. Sa tinke je der wolris oer nei, no? Eins kin ik mar ien reden betinke wêrom't ik oranje sa moai fyn. De goudsjeblommen yn de tún fan Pauwenburg. Kin net oars.  

Yn memoriam: Vladimir Yevgenyevich Krutov

Afbeelding
Ien fan myn jeugdhelden is dea. Yn de tiid dat je noch net alles streekrjocht op de TV en op ynternet sjen koenen, wie der noch romte foar mytefoarming. Ien dêrfan wie de KLM-line yn it Russyske iishockey. Krutov, Larionov en Makarov. Se kamen út de hurde learskoalle fan CSKA Moskou, ûnder lieding van de romrofte coach Viktor Tikhonov. It Reade Leger, sa't se de nasjonale ploech fan de CCCP doe neamden, wie hast net te ferslaan as dizze trije mannen op it iis kamen. Doe't Ruslân letter wat iepener nei de wrâld stie, kaam al gau it grutte jild út de National Hockey League yn byld. De KLM-line waard útelkoar kocht.Vladimir Yevgenyevich Krutov gie foar in berch jild nei de Vancouver Canucks, mar makke dêr nea de ferwachtings wier. Ien jier mar spile er yn Kanada, doe ferdwûn er nei Switserlân en letter Sweden. Twa kear olympysk goud, fiif kear wrâldkampioen en sân kear Europeesk kampioen. Algemien sjoen as de bêste oanfaller ea, tegearre mei The Great One, Wayne Gretzky. De Ta

Leuk

Afbeelding
Hee, wat kom ik no dochs tsjin yn de LC fan hjoed?

Gjin bloch

Bêste minsken. Hjoed gjin bloch. Hoewol... Efkes útlizze, ik ha in bak mei wurk krigen. Digitaal. En dat sil ik troch, boppedat moat ik mei it sânde part fan De útwedstriid dwaande, oars begjinne jim dêr wer oer te eameljen. Sa fan: 'Sjogge jim no wol, hy hat in boek presintearre, no hat er de leg út, seker?' Dat hat er net, mar jûn wachtet myn gitaarlearaar wer, dy sil wol efkes nei-jeuzelje wolle oer freed. De dagen binne te koart. Of ik sliep te folle, dat kin ek. Dus dit wie it foar hjoed. Oars moatte jim it stik fan juster noch mar ris lêze. Tige strak plan. De Omrop hat my al tsien kear belle.

Griene simmer en De útwedstriid

Afbeelding
  No, wat giet it der om wei. Moardspullen op Facebook, fergees in boek delhelje. Machtich moai, allinnich jammer dat it moardspul net yn it Frysk of twatalich is. Soks hie de skriuwer bêst kinnen, en as ik him wat ynskat, hie er it ek wol wollen. Der sil oer fergadere wêze, nim ik oan. Dus net fierder oer eamelje, as it wat oanslacht soe it in idee foar oar jier wêze kinne, dan drage de Fryske bybs ek harren stientsje by oan bredere taalbefoardering. Goed, in ferhaal yn parten op it web sette, dus. It is net nij, ferskate (Fryske) skriuwers ha it al dien. Jim sille my net piipjen hearre oer it oantal besikers op myn bloch, dat giet foar wûnder. Ek as ik in part fan De útwedstriid publisearje. Mei oare wurden, der is wol in slach minsken dy't dat wurdearje. No moat by my de kachel ek baarne, De útwedstriid is in hobby-projekt dêr't ik finansjeel net wizer fan wurde sil. Dêr ha 'k sels foar keazen, dus ek net oer jammerje. Moai. Tiid om my op Tin iis te bejaan. Of glêd

Allegearre komme!!!

Afbeelding
  It sil der no echt fan komme, minsken. De famylje De Jong bondelet de krêften. En mei gefoel foar drama sil dit barre flak njonken de iisbaan dêr't ik myn earste tút krige. Dat dêr no in sneldyk oerhinne leit docht net ta de saak, it gefoel dat je der by ha is tige emosjoneel. Snik. Wat is it gefal:  http://pompebledfair.jouwweb.nl/ Flak neist Tropenfauna, it romrofte restaurant yn It Wâld, dat no de Koningshof hjit. Sneon, fan 10 oant 5.  Myn bloedeigen suster sil dêr mei har negoasje opdrave. Swiet prate koe se altyd al, dus hat se har wurk ek mar yn dy rjochting socht. Snobbersguod, en dan net te min. Hege kwaliteit, soks is fanselssprekkend. Mochten jim tinke dat ik it mei de gek besla: linkje! http://www.candyshopzaailand.nl/ 'Ik ha noch wol in heale meter tafel oer,' sei se. Sjoch, se wit wol better, der moast reklame makke wurde. En dêr ha jo dus in skriuwende broer foar. Broerke, om krekt te wêzen. Mei oare wurden: ik sil der mei myn boeken stean, en jim

Plaatsje

Afbeelding
En dit is em dan.

Presintaasje

Derde roman De Jong op Kneppelfreed lokatie Leeuwarden . Het statige Paleis van Justitie aan het Wilhelminaplein als plek om een Fries boek te presenteren, het lijkt een paradox. Toch zat de oude zittingszaal gistermiddag bomvol. Kersvers Rink van der Veldeprijs winnaar Ferdinand de Jong presenteerde er zijn derde roman, De Lêste Trúk. Het aandachtig luisterend publiek kreeg een gevarieerd programma voorgeschoteld. Rechter Gerard Tangenberg sprak in een boeiende uiteenzetting over de rechtspraak, die door het beschikbaar stellen van deze locatie volgens hem een goed signaal qua transparantie naar de burgers gaf. Columnist en Omrop Fryslân coryfee Eelke Lok vertelde over zijn intree in de Friese schrijverswereld, en veegde en passant de vloer aan met het verdwijnen van de ‘sutelaksje’, één van de hoofdredenen voor de daling van de verkoopcijfers van Friese boeken. Homerus vertaler Klaas Bruinsma was getuige van de gebeurtenissen op ‘kneppelfreed’ en deed daar op zijn geheel

Spanning

No, moarn! Hjoed is in aparte dei, ik moat nei de rjochtbank. Willem de Vries frege my juster op de radio yn Noardewyn, oft ik ek lêst fan spanning hie. Ik ha my dêr fansels manhaftich fan ôfmakke troch te sizzen dat der in sûne wedstriidspanning te fernimmen is. Ahum... Ik ha it mar net oer kâlde hannen, pine yn 'e kop, trije kear deis nei it húske en oardel liter sterke drank deis hân. Hokker soarte makket op 't lêst neat mear út, je sette oan de hals wat der is. Mar fierder? Nee, neat te rêden hear. En no sûnder gekheid, fansels binne je wat oars as oars, dat liket my minslik. Mar ik ha der nocht oan, in tredde roman fielt hast net oars as de earste. It soe samar wêze kinne dat hjir jûn in updeet op folget. Doei! Updeet: de updeet komt moarn.