Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

 


Ha jim it gefoel ek wolris dat it hearlik wêze soe om net mear alles te witten? Om komfortabel ferdôve te wêzen? Om net live tsjûge te wêzen fan de delgong fan Europa, Nederlân en de rest fan de beskaving ûnder it kopke ‘dit is progresje’? Om net josels alle dagen ôf te freegjen oft jo besite oan Auschwitz, Auschwitz-Birkenau, Sachsenhausen en it Holocaust monumint fan Peter Eisenman yn Berlyn allegearre neat te betsjutten hie, omdat deselde sentiminten dy’t ûnder it nasjonaal sosjalisme yn de jierren 30 fan de foarrige iuw troch de stêden propagandearre waarden opnij ûnder harren tinne laach stof weihelle binne? It is om moedeleas fan te wurden, om it mar ris sêft út te drukken.

 

It docht bliken dat der net folle foar nedich is om yn deselde falkûlen te traapjen. De wrâld is dwaande om de omkearde evolúsje mei folle oertsjûging op gong te helpen, sa liket it. As wie der in revolte fan de Chicxulub-ynslag yn Mexico. Foar de minsken dy’t net witte wat dat krekt wie: in ynslach fan in meteoryt mei katastrofale gefolgen lykas ierdskokken, tsunami’s en in jierrenlange nukleêre winter. It soarte fan winter dêr’t it KNMI, Gerrit Hiemstra en de msm-media noch gjin dwaze koades foar betocht ha. Dat hoecht dan ek net mear want alle libben wie sawat útstoarn. Alles troch ien blok stien fan tsien kilometer yn trochsneed.

 

Ik bin grutbrocht mei de fêststeande opfetting dat froulju en manlju gelikense rjochten ha. Dêr is troch jierrenlange strideraasje foar soarge. Lokkich mar. Frouljus-rjochten binne letterlik befjochte. It is neffens my ien fan de wichtichste pylders ûnder de westerske beskaving, miskien wol de meast wichtige. Dat brokkelet ôf. Ek yn Fryslân. Jim kinne heech en leech springe, mar it is gewoan in feit. De frou wurdt ûnder in kopke: ‘Dat is harren kultuer’ wer ta in klasse leger feroardiele. En nee, ik ferpof it om dêr daliks ferûntskuldigjende opmerkings oan ta te heakjen. It moat besprutsen wurde kinne, oars is it feit dat wy pretindearje dat wy hjir yn it lân fan it frije wurd libje, net mear as in holle fraze.

  

Alle dagen hearre wy foaral op in bepaald social media kanaal, dêr’t ik de namme net fan neame sil omdat it net yn it winske narratyf past, oer de deastriid fan de froulju yn Iran. Se wurde letterlik deasjitten omdat se foar gelikense rjochten tusken manlju en froulju fjochtsje. En hiel earlik? Wêr binne de besikers fan Oerol no, dy’t och sa dapper hân yn hân mei-elkoar op it Skylger strân stienen te demonstrearjen? Wie koade oranje fan de msm-media in te hege drompel om no de reade line te lûken foar wat der yn Perzië oan misstannen bart?

 

Yn de boeken fan Rink van der Velde wurdt beskreaun dat as der in murd yn in hûs siet, de flier der út brutsen waard om it bist te ferjeien. Tsjinwurdich slute de doarren fan in bassiskoalle omdat der in wolf yn de buert omrint. Sjoch even nei de folslein trochsjitten werklikheid dêr’t wy troch de leden fan de griene tsjerke yn belâne binne. Minsken dy’t de oanfier fan ús deistich iten laitsjend op in sêft sin sette omdat se tinke dat it út de supermerk komt. Se ha gjin inkel idee oer wat der oan foarôf giet foardat sy harren stronkje wytlof yn de humus dippe. Dy kategory minsken, dy’t harren sels progressyf neamt, sil úteinlik ferantwurdlik wêze foar de delgong fan de westerske beskaving. Ferneatiging ûnder it kopke progresje.  

 

As lêste foarbyld fan wêrom’t Comfortably Numb wêze soms in útkomst liket, moat ik dochs even nei de sjoernalistyk. De beropsgroep dy’t as taak hat om te ferslaan wat der yn de wrâld oan de hân is. Spitigernôch liket dy taak net mear op plak ien te stean. It giet der stadichoan foaral om wat se der fan fine, sa liket it. Dat is net de taak fan de sjoernalistyk. It is in sykte dy’t yn de beropsgroep slûpt is en de ‘geloofwaardigheid’ fan harren wurk ûnder druk set. Hoe kinne je nei 452 griene tsjerke kollums yn Het Hoofdblad fan Fryslân noch in artikel oer lânbou lêze fan de sjoernalist dy’t jierrenlang dúdlik makke hat oan hokker kant hy/sy stiet? Dat is gjin ûnôfhinklike sjoernalistyk, mar in dúdlik stikje ‘operatie-informatie’. Freegje Google mar ris wat dat is. It toppunt fan selsferhearliking yn de regio moat wol it programma Nijsmakkers wêze. In namme dy’t sa freeslik mispleatst is dat je der om laitsje moatte soenen as it net sa tryst wie. Sjoernalisten dy’t elkoar nei de bek prate en pretindearje dat SY nijs meitsje. Werklik. Grootmoedswaanzin hat in gesicht krigen, soe ik sizze. As sjoernalisten nijs meitsje dogge jo net. Jo bringe ferslach út fan nijs. Nijs ûntstiet. Mar neffens de direkteur fan it mediabedriuw binne sy tige betrouber. Okee. Comfortably Numb, wat in hearlike gedachte.

 

Dan de realiteit. Kinne je yn de tiid fan no Comfortably Numb wêze? Alteast oant op in bepaald nivo? In grut part fan de deistige gong fan saken giet fia de hel dy’t ynternet wurden is. En it sil noch slimmer wurde, mei de stoarmeftige ûntwikkelingen fan Artificial Intellegence, koartsein AI. It is de twastriid tusken it besykjen jo libben op in sa noflik mooglike wize te libjen en it gefaar dat je aanst net mear witte hoe’t je digitaal troch de tiid komme moatte.

 

In treastrike gedachte út Perzië, troch de Britske dichte Edward FitzGerald moai ûnder wurden brocht:

 

Solomon’s seal:

The Sultan asked Solomon for a Signet motto, that
should hold good for Adversity or Prosperity. Solomon
gave him,

"THIS ALSO SHALL PASS AWAY."

 

Of yn geef Frysk

 

It segel fan Salomo

De sultan frege Salomo om in segelmotto dat jilde soe yn tiden fan tsjinspoed en foarspoed. Salomo joech him:

 

" DIT SIL EK FOARBY GEAN.     

 



 
  
 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Robotmeaner as feilige haven

Links en rjochts