Posts

Posts uit september, 2013 tonen

Derby

Afbeelding
Op in pear lytse saken nei is de derby tusken It Feen en Cambuur goed ferrûn. Lokkich mar. Wy sille dizze dei net sa gau ferjitte. Wy, dat binne de De Jongkjes. Juster wie frijwat bysûnder, de earste kear dat ik troch heit meinaam waard nei it fuotbaljen sil in jier as 30 lyn wêze. Doe spile It Feen earste divyzje foar in man/frou as 2000. Dochs fûn ik it prachtich. Abe Lenstra siet yn syn rolstoel oan de sydline. Letter kocht ik in seizoenskaart en ha net folle wedstriden mist. Altyd op de easttribune, mar juster net. Jierren ha heit en ik tegearre nei vak 22 reizgje, mar troch omstannichheden kin dat no net mear. Juster mochten sawol heit as mem in kear mei nei it Abe Lenstra stadion, de minsken dy't dat mooglik makke ha wurde hjir nochris tige betanke, it wie in middei om nea te ferjitten. Moai mei de lift nei de tredde ferdjipping en prima plakjes, rjocht tsjinoer dêr't we gewoanwei sieten. De wedstriid wie earder spannend as goed, in moaie stift fan de spits fan It Feen

Nije telefoan

Afbeelding
As trouwe Nederlanner harkje ik tige goed nei de regearing. Dy sizze dat wy jild útjaan moatte om de ekonomy wer op gong te helpen. Braaf boarger as ik bin doch ik dat dan. It probleem dat der wolris gjin jild is om út te jaan slute wy de eagen dan mar efkes foar. Alles foar de ekonomy. Fatsoenlik grutbrocht moatte jo ek om in oar tinke. Earme berntsjes mei miggen om de mûle en sa. Dat is der troch de STER reklame goed yn timmere. Dat ha al dy direkteuren fan dy ynstellings al jierren goed besjoen, goed wat troch de honger opsetten bealchjes en goed wat blauwe miggen op it gesicht, dan donearje se foar wûnder. Jo moatte ek om josels tinke, in oar docht it yn 'e regel net. Tsja, dan ha je dus trije saken. Binne dy yn ien loop te tackeljen? Jawis!!! Jo keapje gewoan in nije telefoan. Mark Rutte kin mar grutsk op my wêze. Ik doch myn bêst om de ekonomy op gong te bringen. Ik ha in Samsung kocht. De nijste. Dêr is in soad oan ûntwikkele, dus help ik ek earme minsken. Yn Kore

STATUS QUO - 4500 TIMES.wmv

Free publicity, sponsore troch de SGP

Afbeelding
De SGP makket him nochal wat drok oer de datingsites lykas Second Love. Foar guon dy't dat net witte: Dêr kinne jo in ekstra relaasje oanknoopje. Foar der by, sis mar. Neist de gewoane relaasje, dy't nei in X-oantal jierren wolris wat saai wurde kin. Gat yn de merk, om mar ris in byldspraakje der tsjinoan te smiten. No, dêr tinkt de SGP hel en ferdoemenis fan. De bern (as dy der binne) soenen der skea troch oprinne kinne. Fan dy skiedings. Mar dat doocht net hielendal. It is Second Love. Der by. Ekstra. Dus it oare kin gewoan trochgean, mar foar de ekstra hupsakee is der de Second Love frou as man. Litte we mar net om de hite brij hinne draaie, de SGP slacht de planke mis. Fansels komt yn de measte gefallen in relaasje ûnder druk te stean, en binne de bern de sigaar. Dat snapt eltsenien. Mar as jo it hânboek fan de SGP der by sykje, de bibel dus, stiet dêr dat kening Salomo in harem fan 300 froulju hie. En fan de measte SGP preekstuollen wurdt sûnt de bibel skreaun is

The original six

De kop is der ôf, de earste oefenwedstriden binne spile. Freed wie it tsjin HYS The Hague daliks al in hearlike pot, as it hiele seizoen sa wurde sil, is it reklame foar it hockey. Foar in oefenwedstriid sieten der aardich minken op de tribune, dat liket der op. Tip: De oare kear allegearre ien meinimme, as dy dan de wike dêrop ek wer ien meifreget, komt Thialf wol wer oan de kop ta fol. De sport fertsjinnet it en de tsjinstanners moatte wer mei lead yn de skuon nei It Feen komme. Der komme dit jier seis Nederlânske teams en ien Belgyske ploech yn de earedivyzje út. Dat die my tinken oan The Original Six, in begjin fan wat letter de NHL wurden is. Tusken 1942 en 1967 bestie de NHL mar út seis teams, dus noch ien minder as de earedivyzje no docht. Dat kinne jo je hast net yntinke foar in grut kontinint as Noard Amearika, mar dochs wie it sa. It tophockey kaam út de noardeasthoeke: Chicago Black Hawkes, Detroit RedWings, New York Rangers, Boston Bruins, Toronto Maple Leafs en fansels de

De BBC, stiff upper lips

Afbeelding
No, tryst nijs fan de BBC. In skoft lyn ha ik jim alris oer in ôflevering fan Gardeners World ynljochte. Dat wie dizze. Yn dat programma siet in sêne by de rivier de Theems, in iepen dei fan wat tunen, wol ik leauwe. Dêr gie it net om, neist it skip dat se sjen lieten, lei neffens my in skûtsje. Dus woe ik it graach nochris besjen. Helaas, de Britten binne net sa tasjitlik as hjir by ús, dêr't je it measte wol op uitzending gemist fine kinne.  In kear as wat ha ik besocht om fia de mail yn kontakt te kommen mei de Britske Omrop, en dat is ek slagge. Mar net miene dat se krimp jouwe. Der is hjir gjin fatsoenlike stream of wat dan ek mar te finen om dy 12e ôflevering wer te besjen. It mailtsje fan de stiff upper lips wol ik jim net ûnthâlde. It prototype fan begripend knikke en dêrnei fêsthâlde oan besteande protokollen. Hear, hear. Dear Audience Member Reference XXXXXXXXXX Thanks for your enquiry regarding BBC Two’s ‘Gardeners' World’ as broadcast on 8 June. I

Hilda Talsma op Smelne FM

Afbeelding
Dat koe wolris in aparte jûn wurde. De lokale omrop fan Smellingerlân, Smelne FM, komt fan sân oant acht oere streekrjocht út kafee Marktzicht. Mei in literêr programma. In oere lang prate oer boeken en oare kultuer. Neat gjin horizontale programearring. Gjalt (Bliksum Piebe!) de Jong en kroechbaas Ronald van der Molen moetsje skriuwster Hilda Talsma, dy't krekt it tredde diel fan har trilogy De twadde hûd, Flammen en no dus It geloksbern útbrocht hat. Smelne FM, ik soe my yntinke kinne dat jim der efkes oer neitinke moatte op hokker frekwinsje dy te finen is. Yn de ether sit er op 106.5 FM, dat jildt foar Drachten en omkriten. UPC klanten yn Smellingerlân kinne digitaal op 96.1 te plak. Mar dan binne wy der noch net. As jo radio harkje fia de mediaboks fan UPC (ik leau dat wy ek sa'n ding ha, mar ik bin frijwat analooch) moatte jo kanaal 80 ha. As jo in C1+ module of in Horizon mediaboks brûke is kanaal 882 the place to be. Freegje my net hoe't it wurket, ik ha ech

De sinne hat it dreech

Afbeelding
Blinder, de webmaster fan in net neier te neamen Frysk literêr tiidskrift dat net De Moanne hjit, seit dat it mar stil op de blochkes is. Dat is in provokaasje fan komsa en dêr binne wy yn 'e regel net gefoelich foar. Dochs lûk ik it my no al efkes oan, omdat ik jûn net te rinnen sil en dus wol wat tiid oer ha. Mien ik alteast. Dus, wêr moatte wy it oer ha? De DERBY? Nee, dêr stiet twitter al fol mei. De iene tweet noch flauwer as de oare, net neier te neamen folksfertsjintwurdigers dy't it oan tiid ha om harren mei ditsoarte flauwe digitale praatsjes dwaande te hâlden en oaren dêr't je fan tochten dat se harren ferstân wol hast hienen dy't it nedich fine om soks ek noch te retweeten? Nee, lit mar. It nije dekôr fan de Omrop dan? Nee, it sjocht der kreas út, de programma's binne útsein twa oeren nijs tusken de middei (dat meastal ek wol yn in kertier past, want der bart hjir net safolle) net it measte feroare. Dat kin hjir ek net yn Fryslân, oars hat de griz

Der is noch plak

  De Kommisje Kleastertsjerke Koartehimmen organisearret:     “In spannende jûn yn de tsjerke fan Koartehimmen”     Op woansdei 2 oktober sil de tsjerke fan Koartehimmen it dekôr wêze fan in tige nijsgjirrich programma. Auke Zeldenrust en Eddy Dijkstra sille op ’e planken. Auke Zeldenrust, misdieferslachjouwer fan Omrop Fryslân, dêr’t er de Vaatstra saak fanôf dei ien folgje hat, sil jim fertelle oer syn nijste projekt. Hy hat in skoft meirûn en meilibbe yn finzenis De Marwei yn Ljouwert en dêr in boek oer skreaun dat in byld sketst fan wat him efter dy hege muorren allegearre ôfspilet. Hy neamt it ‘In doarp op himsels, net tagonklik foar tredden, mar dêrom net minder nijsgjirrich.’ Eddy Dijkstra sil de muzyk fersoargje. Jim kenne him fansels fan it Simmer 2000 liet ‘Efkes werom.’ Eddy

Fryske boeken nijs

Afbeelding

De paus oer homofily en antykonsepsje

Afbeelding
It is in lyts berjochtsje yn de krante. De paus hat wat sein oer it homohoulik en antykonsepsje. Hy seit dat de tsjerke him opsletten hat yn lytse saken, yn bekrompen regels. Franciscus docht hjirmei al mear as syn foargonger Ratzinger, dy't sa konservatyf as de sykte wie. As it beneamd wurdt, sette jo it yn 'e weak by de lju dy't no noch fan neat witte wolle. Al mei al gjin min nijs. Yn itselde berjocht seit er dat de tsjerke útnoegjender wurde moat, in plak dêr't priesters begripend en net kâld en dogmatysk binne. Poeh, yn in artikel fan in pear wurden kin soms mear stean as yn in hiele krante. En we binne der noch net. De lêste rigel fan it artikel is: 'Niet veroordelingen, maar mededogen dient voorop te staan.' Was getekend, paus Franciscus. De Roomske tsjerke oan de foarjûn fan in folsleine update nei hjoeddeistich tinken? Wy sille it sjen. Bliuwt it selibaat noch oer as efterhelle ynstitút, mar jo kinne net alles tagelyk oanpakke. Yn Ruslân is krek

You're going to reap just what you sow: MQ-9 Reaper

Afbeelding
Eins hie ik my foarnaam om dit jier neat oer de miljoenennota te sizzen. It boadskip dat brocht wurde soe wie al tiden helder. Ien dêrfan: Op de fleanbasis yn Ljouwert ferdwine 400 banen. Dat is skande, mar al dy boubedriuwen dy't omfalle is like slim. Dochs foel my wat op. De nije wize fan oarloch fiere giet net mear mei frachtweinen, fleantugen en skippen fol soldaten dy't as kanonnefoer brûkt wurde, mar mei drones. Ik ha google fertalen der op loslitten, dy seit dat it wurd drone dar betsjut. Manlike ealjebij. Ek kin it nietsdoener betsjutte. Dy lêste omskriuwing liket my net tapaslik. Dy kringen smite mei bommen wylst se oan de oare kant fan de wrâld bestjoerd wurde. Bakje kofje der by, donut yn de snuit. Sa sawat. En alles kin fia ultra moderne kamera's folge wurde. Live tsjûge wêze fan de ynslach fan in bom. Op it oare skerm twitter en facebook, of miskien in fette game. World of warcraft of sa. Wat is echt en wat net... De fleanbasis krijt aanst ek fan dy dr

Skriuwe? Ferbiede dy domme gewoante!

Afbeelding
Niis lies ik op teletekst dat de soarchfersekerders ôfsprutsen ha dat dokters net mear hânskreaune resepten útskriuwe meie. Dit alles op fersyk fan de ynspeksje, it soe net mear fan dizze tiid wêze om mei de hân skreaune, min lêsbere bryfkes te produsearjen. Soks is dochs wol de wrâld op 'e kop. Ja, ik wit wol dat der in katagory dokters is dy't te beroerd binne om lêsber te skriuwen. Dat is fan alle tiden. Mar om it dan te ferbieden is dochs net te leauwen? Mear as de helte fan alle autoriders fertsjinnet it net om op de dyk te wêzen, sa min behearskje se de auto, it ferkear en de regels. Mar om dan it autoriden te ferbieden? Nee, wis net. Dat is net goed foar de steatskas. Mar it komt wol op itselde del. Wêrom easkje de soarchfersekerders net fan de by harren oansletten dokters dat se fatsoenlike bryfkes produsearje? Gewoan, mei in penne skreaune bryfkes? As se te laks, arrogant binne of gewoan net wolle? Jou se mar in boete. Op dizze wize wurdt it skriuwen as fear

Sûker is in drug

Afbeelding
Op dizze prinsjesdei steane wy wer foar de jierlikse debatmaraton yn de Twadde Keamer. Der wienen tiden dat ik dy fan begjin oant ein folge. Dy tiid hat west. Ik fyn der neat mear oan. Miskien komt dat omdat ik ZZPer bin, in groep minsken dy't de nije earmoede fertsjintwurdigje, as ik de berjochten en de oantallen ekstra blauwe sluven op de matte leauwe mei. De moed sakket jo yn de skuon. In ynterim manager pakt € 95.000 euro yn de moanne, de JSF wurdt troch betelle praatpoppe Mat Herben yn de LC oanprize, de autorider en de âlderein binne de sigaar (lekker maklike doelgroepen om te strûpen) en oan de ein fan de petearen wachtet in gesellige buorrel mei halalhapkes yn Nieuwspoort. Moatte wy dat allegearre ta ús nimme? Masogisme hat ek grinzen. In partij dy't in jier as wat lyn by heech en leech nee sei tsjin de djoere fleantugen, no yn it regear sit en... Lit mar. Nee, ik bin bliid. Echt wier. Hjoed docht bliken dat sûker in drug is. It stiet yn de krante, dus is it sa. E

Smellingerlân helpt jo út de stront

Tiid foar in fleurich bloch, tocht ik sa! As titel hie ik 'Brulloft op moandei' yn gedachten. Dêr wurde jo dochs fleurich fan, in brulloft? De brulloft wie al in goed wike lyn dwaande him oan te kundigjen. Dat liket let, mar jo ha dan ek meardere soarten. Dizze brulloft soe him net ôfspylje yn it gemeentehûs fan Smellingerlân, daar waar het geween is en het geknars der tanden, as ik de parse leauwe mei. Nee, dizze brulloft soe ek net yn tsjerke plakfine, daar waar soms ook over het geween en het geknars der tanden sprutsen wurdt. Dizze brulloft wie gewoan thús. En ik sil jim sizze dat dêr ek sprake fan geween en geknars der tanden wie, al hat nimmen dat murken. Ditsoarte brulloften binne net populêr. Se helje de krante net, der komme gjin fleurige foto's fan, der is gjin gasteboek, gjin jenever en sigaren, gjin boppe-, efter- of oare seal. Dit spilet him ôf yn in lyts fertrek. Yn stilte. Der oer prate dogge jo allinnich mei neiste famylje. Is der dan neat fleurichs

Linkje

Ha, dit fyn ik no aardich. Dizze link: Flyers As jo it leaver hjir lêze: MGM Grand It iishockey seizoen 2013/2014 giet oer in pear wiken wer los. Fan no ôf skriuw ik net mear iishockey, mar gewoan hockey. Want der is mar ien echte soart hockey, en dat dogge jo op it iis, of net dan? Hiel foarsichtich begjint yn en om Thialf in bytsje koarts te ûntstean. Hjir en dêr falt it K-wurd al stikem... K-koarts. Dat is in foarm fan koarts dy’t wol noflik is.   Yn de tarieding op sa’n nij seizoen spylje de teams fansels in stik as wat oefenpotsjes. Dat dogge se yn de USA ek. Ik wol jim graach meinimme nei it MGM Grand hotel. Ja, dat leit yn de woestijn fan Nevada, yn de gokstêd Las Vegas. Dêr ha se gjin NHL team, mar wol in soad jild. Alles kin yn Las Vegas. Om de minsken te fermeitsjen fine se dêr de idioatste dingen út. Sjongeres Cel

Piken fan de houtkapper út de Westerein

Wat in prachtich artikel yn de LC oer buorkerij boartsje. Ik sil earlik sizze dat it mei bonkjes neimeitsjen fan kij by ús nea yn de moade west hat. Miskien omdat beppe út in slachtersfamylje kaam? Ik wit it net. It op skaal neimeitsjen fan in bûthûs wie ek fan foar myn tiid. De swarte fytslak om de kij kleur te jaan hie by ús grif Mc Cormick International read wurden, dat is wol wis. Swartbûnte kij wie foar ús not done. Wy boarten ek op de pleats. Mei fytskes troch it bûthûs fleane, as de kij yn it lân wienen. Letter begûn de hinnegekte. Hokken fol mei piken. Allegearre troch krielhinnen útbret, dy stumpers sieten soms in healjier op aaien. Nei in skoft die bliken dat it hast allegearre hoannen wienen. Dy lizze gjin aaien, it soarte wie ek net mei sa'n soad fleis bedield dat se yn it sop koenen. Sa no en dan snipte in rôffûgel wolris ien of twa, der wienen genôch. Mar dy hoannen sieten we al mei yn de mage. Se frieten wol, mar fierder koenen je der net folle mei. Lokkich wenn

Freed de 13e

Afbeelding
It is hjoed freed de 13e. Moai op bêd bliuwe en gjin gekke dingen dwaan, want aanst giet it mis. It is net allinnich de 13e, it is ek de dei fan de skieding. No bin ik frijwat dwers, dus mochten de frou en ik ea it doel ha om byelkoar wei te sjouwen, soe ik dat op alle dagen fan it jier dwaan, mar net op de dei dy't se dêr foar yn it libben roppen ha. Wat in flauwekul. O, hjoed is de dei dat it FRI ESM USE UM iepen giet. Neiste famylje hat it al besjoen en it skynt tige de muoite wurdich te wêzen. Dat logo sil ik it net wer oer ha, as je net dyslektysk binne, soenen je it dêr wol fan wurde. Hawar, it giet om de ynhâld. Mei ik sizze dat ik eins de kening ferwachte hie? Alex is foar in part Fries, no skipet er ús ôf mei syn frou. It each wol ek wat, dus wat dat oanbelanget ha ik der gjin problemen mei, mar dochs. Ynkoarten sille wy der wolris sjen, hjoed mar net. Je kinne grif oer de koppen rinne, want it is hjoed fergees. Hjoed begjint de Moanne fan it Fryske boek ek. J

Linkje

Earst mar in linkje. Dêr kinne jo op klikke, dan komt der wat oars foar it ljocht...  KLIK!!!

'Nationale ombudsman Alex Brenninkmeijer monddood gemaakt'

Afbeelding
Yn Nederlân ha wy in nasjonale ombudsman. Dat is in persoan dy't jo oansprekke kinne as jo klachten oer de oerheid ha. Meastal is dyselde min te benaderjen en knikt oer it algemien tige begripend as der skrinende saken oan de kaak steld wurde. In net neier te neamen ûnôfhinklike, frije Fryske sjoernalist soe him 'De slippendrager fan it kabinet' neame kinne, om samar te sizzen. Mar lokkich is der op eltse regel in útsûndering. Alex Franciscus Maria Brenninkmeijer, Amsterdam, 29-06-1951 is dy útsûndering. Hy is sûnt 2005 de nasjonale ombudsman. Krekt as de Rijdende Rechter mr. Frank Visser liket Brenninkmeijer ynearsten in wat eigenwize keardel. Hy hat rjochten studearre yn Grins, dêrnei hat er tal fan oan rjochten relatearre funksjes beklaaid. Yn 2005 is er troch de Twadde Keamer mei romme mearderheid (allinnich de PVV wie algemien tsjin) beneamd. De oare kandidaat Job Cohen wie kânsleas. Yn de jierren hat Brenninkmeijer him faker as ien kear kritysk útlitten oer de

Bach!!!

Afbeelding
It moat net mâlder, ha se Bach as foarsitter fan it IOC keazen. As er dit foarbyld folget, is er de bêste ea!!!

Skûtsjesilen 2.0

Afbeelding
Foar alle skûtsjeleafhawwers:

4805

Afbeelding
Dat nûmer sil jim grif net safolle sizze. My wol. Juster kamen heit en mem efkes om kofje, se bringe dan de Feenster krante, omdat ik graach op 'e hichte bliuwe wol mei wat dêr oan de hân is. Kin wolris fan pas komme... Mar juster siet der noch wat yn de tas. In bakje dat guon fan jimme wol bekend foarkomme sil. A.J. de Jong 4805 stiet der op. It bakje dat altyd yn it tenkhok hong. Doe't wy hjir yn Boarnburgum kamen, in jier as 15 lyn, hong der ek sa'n bakje yn it bûthûs. It hinget der noch. As der eartiids in deunske ko wie, moast de ynseminator komme. Ik wit noch krekt hoe't dat opjûn wurde moast. 'Ko ynseminearje by Anne de Jong, Marijkemuoiwei 23, Oranjewâld, ko ynseminearje by Anne de Jong, Marijkemuoiwei 23, Oranjewâld. Jet Hepke.' Dy lêste wie de bolle dy't we brûke woenen. Ik ha eins gjin idee hoe't dat no giet, sil wol fia de mail gean? Hoe dan ek, dat wie de earste stap. Dan moast de skets foar it ljocht tovere wurde en dy kaam yn it

#KH2018 Het jaar 2015

Afbeelding
Van uw verslaggever De ergonomische kruiwagen KH2018 In de aanloop naar Kulturele Haadstêd 2018 lijkt het jaar 2015 vooral een jaar van brainstormen. Onze redacteur wurmde zich een weg naar druk bezochte bijeenkomsten, zweterige riekende zaaltjes en aircogekoelde lounges waar creativiteit en haalbaarheid aan elkaar getoetst werden, of juist niet. Vooral dat laatste gegeven was in de zoektocht naar echte vernieuwing en draagvlak creëren onder de gehele Friese bevolking een openbaring. Zo was uw verslaggever op een zwoele zomeravond te gast in een ietwat vreemde setting. Vreemd, omdat hier werd gefilosofeerd over iets dat reeds lang vervlogen leek, het naar de mensen toebrengen van cultuur. En dan wel in geschreven vorm. Toen iemand het woord kruiwagen liet vallen, in combinatie met oude netwerken en de, in de nieuwe situatie, ruim aanwezige bereidwilligheid om provinciaal iets te betekenen in distributie en coördinatie, liepen de discussies uitermate hoog op. De woord