4805


Dat nûmer sil jim grif net safolle sizze. My wol.

Juster kamen heit en mem efkes om kofje, se bringe dan de Feenster krante, omdat ik graach op 'e hichte bliuwe wol mei wat dêr oan de hân is. Kin wolris fan pas komme...
Mar juster siet der noch wat yn de tas. In bakje dat guon fan jimme wol bekend foarkomme sil.

A.J. de Jong 4805 stiet der op. It bakje dat altyd yn it tenkhok hong. Doe't wy hjir yn Boarnburgum kamen, in jier as 15 lyn, hong der ek sa'n bakje yn it bûthûs. It hinget der noch.
As der eartiids in deunske ko wie, moast de ynseminator komme. Ik wit noch krekt hoe't dat opjûn wurde moast. 'Ko ynseminearje by Anne de Jong, Marijkemuoiwei 23, Oranjewâld, ko ynseminearje by Anne de Jong, Marijkemuoiwei 23, Oranjewâld. Jet Hepke.'

Dy lêste wie de bolle dy't we brûke woenen. Ik ha eins gjin idee hoe't dat no giet, sil wol fia de mail gean? Hoe dan ek, dat wie de earste stap. Dan moast de skets foar it ljocht tovere wurde en dy kaam yn it bakje. Foar de net boeren: fan alle kij waard in tekening makke. In soarte fan paspoart. As der in kokeal kaam dat je hâlde woenen, kaam de sketser en makke in skets fan it bist. Op de efterside koe de ynseminator opskriuwe hokker bolle er op hokker datum ynseminearre hie.

In bakje mei in soad histoarje dus. 4805 wie it bedriuwsnûmer fan Pauwenburg, Marijkemuoiwei 23. Brongergea, Oranjewâld. De prachtige stjelp dy't spitigernôch ôfbrutsen is. Oan de rjochterkant sjogge jim tusken de garaazje en de pleats it houten tenkhok dêr't it bakje jierren oan de muorre spikere siet. Hawar, tiden hawwe tiden. Ik hingje it bakje mar njonken Klaske del. Klaske? Ja, Klaske: dizze.

 

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen