Posts

Posts uit februari, 2013 tonen

Openbaring van Johannes

Afbeelding
It is hjir kompleet oarloch om 'e doar, minsken. Fjouwer woeste hearen leverje swiere gefjochten om de geunst fan in kreaze dame. Sa is it en sa hat it altyd al west. Nachts krije wy gjin wink yn 'e eagen, deis giet de kreauwerij gewoan troch, it is in wûnder hoe 'n bytsje sliep jo nedich ha as de leafde yn it spul is, dan sweve jo op in rôze wolk, sa't it skynt. It is nachts krekt as binne wy hjir neffens de iepenbiering fan Johannes, haadstik 20 it 11e fers, yn de 'buitenste duisternis' belâne, dêr't it 'geween en knarsen der tanden' is. Allinnich komt dat geween oerien mei in jammerjende bigge, of in falske heavy metal gitaar, hoe dan ek, it is net om oan te hearren. Moarns doch ik earst de auto oan, net omdat soks moat, mar dan krij ik in pear wanten út de kabine, omdat it hiele hok ûnder de boarremiich sit, it hea der op ta. Nuver, de lângeiten sjogge der net oars fan, en kôgje fleurich troch de stank hinne. Ik soe der fan koarje, de lêste k

It Omroepje foar ien kear werom. Spesjaal foar de Omrop.

Afbeelding
Efkes foar Omrop Fryslân, dy't harren bot ferdjippe ha yn de besite fan SC Hearrenfean oan Thialf. Dit is Chris Eimers: En dit is Justin Bekkering. Justin Bekkering komt út Kanada, dêrom praat er Ingelsk. Chris Eimers is fan 09.06.72, berne yn Groningen. Dat is Grins yn it Frysk.  En wa siet der no yn Hjoed? http://www.omropfryslan.nl/nijs/spilers-hearrenfean-op-it-iis

Paus Corruptus Sexus de Eerste

Afbeelding
Elts lân krijt it regear dat it fertsjinnet. Dat wurdt wolris sein. Ik bin it dêr net mei iens, want neffens my wurde wy troch ús regear kapot besunige en krije wy mei 16 miljoen minsken in trochrinnende kursus doemdenken. Kosten: hegere belesting. Wy drave mar wat efter dit belied oan, want it is it iennichste dat der op dit stuit is. Wat in earmoed. It kin noch slimmer, yn Italië binne se mei in operette dwaande. 'It lân en de dwazen',  soe in titel wêze kinne. Dat der noch altyd minsken op Berlusconi stimd ha? It mei wol sa wêze dat der oars neat, mar dan ek hielendal neat foarhannen wie. As in komyk as Beppe Grillo út it neat op it tredde plak komt mei syn protestpartij 5 Sterren Beweging, rûn de 20% fan de stimmen krige er, docht it je daliks oan de LPF en de klup fan Wilders tinken. Totale bestjoerlike gaos yn in lân dat dochs al net ûnder de rook fan korrupsje wei komme kin. Neffens my wriuwe de maffiosi harren yn 'e hannen, disoarder is foar harren in rotsjend ly

Dakpanne

Afbeelding
De maitiid koe my wol yn de kop sitte. It skriuwhokje rûkt nei skjinmakkerijguod. Dat is grif gjin geef Frysk, mar jim snappe it wol. Dus it bloch is wat oan de lette kant, mar dat is net slim. Hjoed ek noch tasein dat ik in ferhaal foar it projekt Foarlêzen yn de soarch skriuwe sil. Dat ha ik in jier as wat lyn ek dien, en ha doe nei De Gerdyk west te foarlêzen. It swit rûn my doe by de rêch omheech, want it wie sawat 25 graden bûtendoar, mar der mocht gjin rútsje iepen, dat siicht, no? Hawar, it kantoarke opnij ynrjochte, it stof rûchwei fuort en foar it earst ha ik myn dakpanne ophong. Dakpanne ophong? Jawis. Wy ha as bern neffens my allegearre in dakpanne fan heit en mem krigen. Jim sille dat grif nuver fine, wy net. Neist de pleats yn It Wâld stie in âld bûten, eartiids fan de adel. Pauwenburg. Dat wie sa gammel dat wy it sloopt ha, mar in pear dakpannen ha wy efteroer drukt. Omdat se sa prachtich fan foarm binne. Guon minsken brûkten se as nammeplaatsje by de foardoar. Reade p

Heart - The Road Home (1995) Full concert

Afbeelding

De moraal yn de top fan Philips

Bêste minsken, ik soe in bloch skriuwe, mar nei it lêzen fan it berjocht hjir ûnder hie ik iten en dronken. Yn in tiid dat voedselbanken yn dit lân nedich binne, Samsom en Rutte it lân kapot besunigje, ha se yn Eindhoven nearne lêst fan. En dat wylst de geruchten sterker en sterker wurde dat sels Omke Rabo op omdonderjen stiet. Philips is net mear Nederlânsk, mar folslein Amerikaansk. No, lokwinske der mei.  Bonussen top Philips verhoogd De leden van de raad van bestuur van Philips hebben vorig jaar een veel hogere bonus gekregen dan in 2011. Topman Frans van Houten incasseerde bovenop zijn salaris van 1,1 miljoen euro een bonus van bijna 1,3 miljoen. Verdubbeld Van Houten trad in april 2011 aan. Zijn bonus over dat jaar bedroeg 363.000 euro. Philips verhoogde de bonussen in verband met de verbeterde financiële positie. Financieel directeur Ron Wirahadiraksa begon gelijk met Van Houten. Zijn salaris werd vorig jaar door de bonus van 523.000 euro ook bijna verdubbeld.

Telstar út, altyd lestich

Afbeelding
  As je sa ris wat troch de Britske fuotbaltabellen scrolle, komme jo wolris in team tsjin wêrfan't je tinke: o ja, dy binne der ek noch. Nim no de fuotbalstêd Sheffield. Sheffield Wednesday is it drama fan Hillsborough, wêrby op 15 april 1989 96 minsken deadrukt waarden ûnder de heale finale fan de FA cup tsjin Liverpool, nea hielendal te boppen kaam, en fuotballet anonym yn it Championship, de eerste divisie fan Ingelân. Slimmer noch is Sheffield United, dat yn de League One balskopt. De topklasse, sis mar. Ea beide Premier Leaugue klups. It kin dus wol, pas mar op. Noch in foarbyld fan sa'n feriening: Coventry FC. Doe't ik noch jong wie, ahum, net wei te tinken út de Premier League. Se wûnen nea wat, mar altyd krekt boppe de degradaasjestreek eindigje. Alle jierren wer. Fan 1967 oant it jier 2000 fêste wearde yn de heechste divyzje. Bêste einklassearring: 6e, yn it seisoen 1969-1970. Yn 2000 miteren se de ellinde fan de Championship yn, en bleaunen ek dêr in grize

Golden Earring - Radar Love (Studio Version)

Afbeelding
Dit jier krijt Radar Love syn fjirde krúske, yn 1973 betsjutte it de trochbraak fan de Golden Earring. Mei ik fan jim ien rapnûmer dat nei 40 jier noch alle dagen op de radio komt?

Stille tocht

Afbeelding
Fansels hie ik hjir skriuwe kind oer de stille tocht dy't jûn yn It Feen plakfine sil. Mar aldergelokst wie Bart Kingma my juster foar en joech my folslein terjochte in snútslach. Tank dêr foar. It is nammentlik de muoite net wurdich. Der wie in tiid dat in stille tocht in betsjutting hie. No dogge se it foar in deade fisk en in stel sukkels by it balskoppen. Alle wearde is út it fenomeen stille tocht helle, dus hoege jo der ek gjin oandacht oan te skinken. Nee, in tige nijsgjirrich artikel yn de LC fannnemoarn. Dêr moatte wy it mar efkes oer ha. It Nederlands Dagblad hat in ferkiezing útskreaun. No mei ik graach in eintsje rinne, ien fan myn moaiste loopkes is oer Ald Beets. Grif net in soad fan jim witte dat dêr noch in tige âld begraafplak is, mei hjir en dêr in stik fundamint dat ta de grûn útstekt. Ik kom net út dizze krite, dus moast ik troch te freegjen en op ynternet te sykjen útfine wat dêr ea stien hat. Ik wist net fan it bestean fan dizze priisfraach, mar it Ned

Jierdeikadootsje

Afbeelding
   Mei tank oan myn omkesizzer, dy't it rifke efkes spile, rin ik de hiele dei mei de Doors yn de holle. It koe minder.

Oer de helte!!!

Afbeelding
  It is hjoed wat nuver, ik ha der in dûbel gefoel oer. Net omdat it myn jierdei is, dy komt alle jierren wer, mar ik bin oer de helte. Dat moatte jim net al te dramatysk útlizze, hear. It sit sa, ik bin mei in jier as tweintich oan it wurk gien. Dom fansels, mar ik hie doe it idee dat ik jild om hannen ha woe. Klear, dat kinne jo net oerdwaan. De positive kant oan dit ferhaal is, as se dêr yn Den Haag teminsten harren fatsoen hâlde, dat ik oer de helte bin. As jo 44-20 dogge, is helder dat ik no 24 jier oan it wurk bin. 67-44=23. Dus ik moat noch 23 jier wurkje, dan hoopje ik dat der noch wat oer is foar in 'Zelfstandige Zonder Pensioen' lykas my. Eigenaardich, al 24 jier. Fan keukens en haarden, fia tsiis, bûter, poeier, gemeente Blunderhim, blikfbryk, margerine, sondeerauto's, feefoer, twongen sabbatical nei lytse selsstannige. En dat lêste no al wer tsien jier. It giet der om wei. Jim ha wol troch, fan hjoed ôf bin ik oan it ôfbouwen. Dêr doch ik dan in jier as

Ut de rige kassettebandsjes: The Desert Rose Band - One Step Forward

Afbeelding

Deminte bejaarden as molkfee

Afbeelding
Sjoch, jo meie net te raar dwaan. En jo al hielendal net ferlieze yn skellerij of bedrigings. Mar as jo it ûndersteande berjocht lêze, wurdt it bloed jo dan net sûpe? Juster gie op Facebook de diskusje ek oer dit artikel. Us regear soarget der foar dat wy ús sa stadichoan skamje moatte om ûnderdiel fan dit lân út te meitsjen. De hotshots Samsom en Rutte, dy't miene dat se sels nea âld wurde sille, ha nammentlik it plan om de soarch foar de âlderein sa skraal te meitsjen, dat jo bidde en smeekje dat jo as jo net mear wurkje kinne, daliks mar deagean meie. Binne jo fan doel om sa demint as in doar te wurden? Jammer, jo komme net yn oanmerking foar in fersoargingshûs. Wy hoopje dat jo troch jo sykte ferjitten binne dat jo yn wetter fersûpe, miskien dat jo dan in kanaal yn rinne, dat is goed foar de skatkiste. Nee, jo meie net te raar. Juster sei ik yn it petear op Facebook: Ik hoopje dan altyd dat dy lju dy't no smoarryk wurde, sa'n wiif as fan De Friesland bygelyks, d

Pim Gaanderse: Ophokplicht voor Riemer van der Velde

Afbeelding
  Pim Gaanderse hat yn de LC efkes fertelt hoe't Riemer van der Velde geastlik ynmekoar stekt. Gaanderse, hy neamt himsels ynterim manager, dat is itselde as de samling grutste ynklauwers fan dizze tiid, basearret him op in stokâld wurk út 1979 fan in prefester dy't Ichak Adizes hjit. Ik ha de man efkes googele: Dr. Ichak Adizes (born October 22, 1937) is one of the world's leading experts on improving the performance of business and government through fundamental change. Mei oare wurden: ús prefester is in iiskâlde, snoeihurde keardel, dy't in boekje oer modern management skreaun hat. Yn 1979. Dizze Einstein wist doe al dat we yn 2013 mei graaiers lykas Robert Veenstra te krijen ha soenen, sterker, sokken binne neffens Pim Gaanderse it foarbyld fan hoe't it no moat. Teminsten, as jo it referaat fan de ynterim manager (ynklauwer) Gaanderse leauwe meie. Want hy faget neffens it model fan prefester Adizes de flier oan mei Riemer van der Velde. In selfmade m

Fan Kleine Huisjes oant Hongerige Wolf

Afbeelding
Om ús ta te rieden op it yn eare herstellen fan Grut Fryslân, ha wy hjoed efkes op ekskurzje west. Jo moatte der op klear wêze, no? Wy ha it noardlike part fan wat no noch Grinslân hjit yn kaart brocht. No, dêr binne jo gau klear mei. Ien grutte iepen flakte mei hjir en dêr in dearinnende dyk nei in pleats, al as net bewenne. Ik kin my goed yntinke dat de gemiddelde Grinslanner dy't dêr tahâlde moat, sa depessyf as in swart ferve doar is. Wy binne oer Wehe den Hoorn rjochting Kleine Huisje riden, en doe sa ticht mooglik by de kust del. Op in gegeven momint bedarren wy yn Noordpolderzijl. Dêr stiet in kafee, ticht fansels. Alles yn it noarden fan Grins is ticht op in tiisdei yn de maitiidsfakânsje. Dearinnende diken en neat iepen. In tige oanloklik gea. Myn doel wie om in slach troch de Eemshaven te dwaan, en dat is ek slagge. Dêr libbet it noch wol wat, alhoewol je dêr ek wol in kûgel oer de dyk sjitte kinne. Wy bedarren yn de wachtromte fan de boat nei Borkum. Dêr siet i

Sa rûkt it hjir bûtendoar!!! Smells like shit.

Afbeelding

Afzuig motor voor harsnagels

Afbeelding
It sil wol oan my lizze, mar as je sa wat op Marktplaats omstrune komme jo de meast frjemde saken tsjin. Dit bygelyks. Ik bin eins wol benijd hoefolle fan jim in Afzuig motor voor harsnagels yn de kolleksje ha. Ik net. De stavering op Marktplaats is ek wier in oanrieder.  Afzuig moter voor harsnagels 2 x gezien sinds 18 feb. '13, 12:25 Prijs: € 40,00 Ophalen Kenmerken Conditie : Gebruikt Beschrijving NOG ZEER GOEDE AFZUIG MOTER