Posts

Posts uit november, 2010 tonen

Njonkenbaantsje fan in feilingmaster.

Ha! Se ha it by it museum Belvedêre ek yn de gaten. Skuor dy Alexander mar ris út dy grêftegurdle wei. De âld ôfslagger mei in sit nimme yn it bestjoer. Soe dat ek noch wat opsmite bûten de reiskosten en de liters kofje? Wat sil er frjemd om him hinne sjoen ha op wei nei it Wâld, nea witten dat der noch sa'n grut stik gea boppe Amsterdam lei. En ferduld, der stiet ek noch in knap gebou yn dy negerij mei dêryn... no brekt my de djoere Italiaanske merkskoech, in aardich stikje nijmoadrige keunst! Op it stuit dat er dat seach ha se him frege. Hy wie sa fan't hynder dat er ja sei. No moat dy siel fiif kear yn't jier dizze kant op! 'Wat staat er vandaag in de agenda?' freget er oan de sekretaresse. 'Ja, daar heb ik me al een paar keer over gebogen, maar ik kom er niet uit. Volgens mij staat er bestuursvergadering in... eh... Oranjewoud?? Alexander rekket daliks yn in jolige bui. 'Haal de klompen maar uit de kast, vandaag een dagje platteland.' De sekretare

Sorry!

Bêste minsken, hjoed gjin ynspiraasje. Ik bin te bot ûnder de yndruk fan de lêzing oer funaire skiednis en it dêrby hearrende bedobjen fan minsken op de raarste plakken. Fan fersetswallen oant sammelgrêven op op it each fatsoenlike begraafplakken, we ha se werklik oeral hinnebrocht. Fan klapkisten as jildbesparring, oant mei de blauwe kile oan op in tsjuster hoekje op it hôf omdat de keardel der gjin ljocht mear yn seach en in eintsje tou en in wankel krukje opsocht hie, en dat mocht net. Dus in earmenplak wie wat him oerbleau, leafst efter in hage, dat we it mar net sjen koenen. Dat sa'n persoan miskien syn hiele libben narre wie omdat er in brike noas of in houten poat hie die net ta de saak, hy hie him net ophingje mochten. In minske is in raar ding. Genôch trystich praat, hjirûnder in taspraak fan de foarsitter fan de feriening 'Ons genoegen', Toon op syn bêst!

Toon Hermans: Toespraak tot de vereniging Ons Genoegen

Afbeelding

Sylfamke.

Witte jim noch wa't Laura Dekker is? In skoftsje lyn foel heal bemuoisuchtich Nederlân noch oer har hinne mei har plan om de wrâld rûn te silen. No hear ik nimmen mear oer it 'zeilmeisje' Dat wurd allinnich al soe foar my reden wêze om nea wer in foet op Nederlânske grûn te setten. Wat delbûgend, krekt as ha se it oer in ding, net oer in fanke dat de measte fan dy ferstannige minsken wol tsien kear oer de kop kin. As it jo sels tin troch de broek rint as je oan hege weagen tinke, moat eltsenien him dêr dan oan oanpasse? Wêr is it aventoer yn de minsken bleaun? Laura makket it goed, se sit op it stuit op in Kaapverdisch eilân. 25 graden yn it skaad, wat wol in minske noch mear. En foar de soarchsume typkes: se hat juster en hjoed drok mei har húswurk dwaande west. Ik ha neat mei silen, mar wat bin ik jaloersk op dat fanke, GO LAURA!!! Lit se hjir allegerarre mar in poepke rûke yn dit troch regels bedoarne lân.

Toljild, gjin grapke.

Earlik wier, ik wist net wat ik hearde. Opslach wie ik ûnwennich nei alle kfdK's dy't we ea hân ha. Wiegel, Nijpels, it makket my net út. Ik sil it efkes útlizze. As jo midden yn it bosk berne binne, is dat as bern jo eigen wrâld. Elts paadsje, beamke en strúkje wisten je te finen. Gjin hikke of stek dat jo kearde. No hat ús kfdK de goare lef om te sizzen: 'Als ik voor een hek sta en ik moet vijf of tien euro betalen om een stuk in een natuurgebied te wandelen zal dat voor mij geen reden zijn om mijn auto te keren.' Nee, foar dy net, do pakst in moai part fan de Balkenende noarm yn it jier, patser! Wat te tinken fan de minsken dy't it mei € 50 yn de moanne dwaan moatte? Dy ha yn it earste plak gjin SUV om nei de bosk te riden, en as se dêr komme is foar harren dy 'luttele' pear euro wol reden om te sizzen: 'Wy sykje wol in oar stikje natoer op.' Ik soe hjir in samling fan skelwurden opskriuwe kinne dy't ik fan tapassing fyn op it folfretten pr

Lofts feriene?

Wie it jim al opfallen? Der binne hjoed ferkiezings. Juster in debat, de one-liners fleagen wer oer de taffeltsjes, of wat dêr foar trochgean moast. 'Dicht bij de burger blijven.' 'It ear te lústerjen lizze.' 'Koarte linen.' 'Heldere kaders stellen.' 'Goed beleid voor de wijken.' Spuie moatte je derfan. Wat stean dy minsken in ein fan de realiteit ôf. Wijken? Wêr hie dat minske dy oantreffe wollen? Allinnich yn Snits binne der in pear, kinne jim sjen wat aanst prioriteit kriget. Doarpen? 'O ja, die hebben we ook, ergens, geloof ik...' Mar dit sloech alles: 'It wie net fraai, mar no't de trein oankommen is...' Wat foar trein yn de goedichheid? Wa siet efter it stjoer fan dat ding? Dy hie better troch de stopblokken hinneride kinnen en mei gong it Iselmar yn. Fan ûnderen op? Nea wer wat fan heard. De omkomst is leech, sa hearde ik niis. Omrop F. hat al dagen oars gjin nijs as reklamespotsjes foar dizze poppekast. De opk

Iepen brief oan Robert Veenstra, foarsitter fan SC Hearrenfean.

Achte hear Veenstra, Witte jo wat de haka is? As eks iishockeyman sil dat wol net. Dêrom ha ik hjirûnder in filmke set, kinne jo it sjen. Wêrom? Ik ha in foarstel. The All Blacks binne al jierren ûnferslaanber yn it rugby, dat komt troch de haka. In kriigsdûns fan de Maori. Dat jout sa'n teamgeast, dêr kin gjinien tsjinoan. As jo der no foar soargje dat de sportklub yn de takomst op klompen it fjild opkomt, en in knappe útfiering fan de Skotse Trije op de matte leit? It Abe Lenstrastadion sil nea wer in ferliespartij oanskôgje hoege. Sukses fersekere, echt wier. Freegje dy Nij Seelânners mar.

All Black's Haka (Good quality)

Afbeelding

Tsjinfaller.

Je ha fan dy dingen... Juster wie ik der hielendal klear foar. Hjoed soe ik om in oare auto. Better sein, in buske, foar it wurk. De godgânske dei op ynternet oan it sneupen en ja, der wie wat. Net te fier út de buert, dat it moast mar heve. Justerjûn yn it tsjuster de rommel út it âlde buske slope, kreas yn de kroade dellein, sadat it hjoed yn it oare buske ynboud wurde koe. Kertier oer njoggenen te plak. Ik wol, ja. De ferkeaper kaam in heal oere letter. Mar doe hie him al it ien en oar ôfspile. In monteur, anneks beun de haas dy't op sneon wol op tiid fan bêd kaam wie en wakker oan it poetsen wie op in aardich knappe BMW, holp my oan de kaai. 'Sjoch mar efkes,' wie it beskie. No, dat foel my net ta. Op de foto liket it altyd better as in the flesh. Mar mei in stoelhoes en wat oare keunstgrepen soe der wat fan te meitsjen wêze. Ek mar efkes besykje oft er starte woe, net ûnbelangryk as je in auto ha, no? Net dus. De turboaccu derby en hupskee, dêr tippele it spul hinne.

Politiek 24

Hearlik! Wy ha no UPC, en dêr sit in kanaal by mei 24 oeren deis twadde keamer. It is de lêste dagen folop genietsjen. De iene nei de oare PVVer hat wat útfretten dat eins net hielendal kloppet. Ik bin hast ûnwennich nei dy prachtige LPF fraksje. Kenne jim se noch? Eduard Bomhoff, dy steatige keardel, hy siet dizze wike by Harry Mens as it my net mist. Harry Wijnschenk, dy makke oeral in potsje fan, Winny de Jong, dy hie in biopolaire stoarnis. Neffens my ha de measten dat yn de twadde keamer, mar toe mar. En myn favoryt wie Herman Heinsbroek. In echte playboy, soan fan in jeneverstoker. Hy koe ek goed ûnrêst stoke, mar ik wie wei fan syn auto. Hy kaam nei it wurk, net yn sa'n saaie tsjinstauto fan it ryk, nee, Herman kaam yn syn Bentley, geweldich. Dy hat him kapotlake oer de bekrompen reaksjes bin ik bang. It koe him werklik gjin donder skele wat se oer him seinen, want ik ha lekker in Bentley, ha ha! Best wol jammer dat Pim Fortuin der net mear is, it wie fansels in genot west

Dieltiidpostrinners.

Gjin post hjoed? Wy wol. Kreas op tiid, twa slúven fan de boereleenbank. Neat te rêden dus. Mar hoe kin dat no? It Maliefjild fol mei postrinners en by ús net oars as oare dagen. Nei yngreven ûndersyk blykte dat dizze post troch wurknimmers mei in 'oarsoarte' kontrakt brocht is. Gjin brekkers fan de staking, mar guon dy't in kontrakt foar minder oeren as de gewoane postrinners ha. Dieltiidpostrinners. Hoefolle soe dat by scrabble opleverje? Hawar, nije wike wer twa dagen gjin post yn de bus, sjen hoe't dat by ús útpakt. As se lang genôch it wurk dellizze moatte der miskien wol ekstra dieltiidpostrinners by, oars kriget nimmen syn krystkaarten op'e tiid, dat soe pas slim wêze. En dy ferhipte toskedokter mei syn proaza dat ik de rekken nei oardel wike noch net betelle ha, dit kin wolris op de doarwarder útdraaie. Net bêst. TNT moast ris witte hoe't de wrâld derhinne leit sûnder de trouwe postrinners, dy't waar as gjin waar by de doarren delkomme. Sels op dag

Helm of skeppe.

Is it jim ek wolris opfallen? As der earne in stik grûn bouryp makke wurden is, of der wurdt hjir of dêr in beam plante mei in prachtich idee derby, stiet der immen foar de kamera. Meastal is it in wethâlder of immen fan it boubedriuw ofsa. Mar der is wat frjemds mei. Lêsten seach ik ek wer ien fertellen hoe't in stik bougrûn der oer in jier as wat útsjen soe. Rûnom seach ik gjin hege kranen, of stegers dy't sa wankel wienen dat se mei it earste it bêste suchje wyn omkneppelje soenen. Mar se, yn dit gefal in se, kin ek in hy wêze, se hie in wite helm op de holle. En dy helm wie nij. Wêrom? Oar foarbyld. As ôfslúting fan in stikje doarpsfernijing moast der in beam komme. Fansels de wethâlder derby. Dizze kear gjin helm, wylst de beam wol omfalle koe. Nee, in skeppe. No ha ik ek in skeppe, wol mear as ien. Mar wêrom moat dy skeppe fan dy wethâlder dan splinternij wêze? Sa út de Welkoop wei, in echte Landleven skeppe, ek noch rottekrûddjoer. Hy hie ek wol efkes ien fan in kollega

Moreel ferplichte.

Soa, dus it bestjoer fielt him of har moreel ferplichte om in ferbouwing fan de Fryske Akadeemje te stypjen. Tsjonge, dat is goed nijs, hert foar de Fryske saak. Nije ergonomyske stuollen om it ûndersyk nei eh... Wêr ek al wer nei noch komfortabeler ferrinne te litten. No, dan sil de jildkraan ek wol iepengean foar promoasje fan alles wat mei de kultuer yn it heitelân te meitsjen hat nim ik oan, of dochs net? Ik moat sizze dat ik bliid bin mei it wurdboek dat de FA yn gearwurking mei de Afûk makke hat, foaral omdat er no ek op de kompjûter te rieplachtsjen is, tige handich. Mar 2.3(!) miljoen foar in oar wurkplak? Dat stiet yn skril kontrast mei de pear readsjes foar bygelyks it útjaan fan nij skreaun wurk, dêr moat en sil op besúnige wurde. No, lit dy ferbouwing mar trochgean, kinne se as it klear is ûndersykje hoe se har sels op de meast gaadlike wize opheffe kinne. Bêste minsken fan it bestjoer fan dizze provinsje, de taal, sprutsen en skreaun. Dêr begjint it mei. As der gjin kop

Tafels, in aha erlebnis.

Ien kear acht is acht, twa kear acht is sechtjin, trije kear acht is... sân kear acht is eh... Ja, in echte aha erlebnis. Sân kear acht en acht kear sân, dat wie itselde. Mar wie it no 54 of... Der is neat feroare, tafels leare oan de bern. Dy ferhipte tafels fan sân en acht. Al dy oaren siet wol in patroan yn, mar dizze twa? Bah. Tiid foar it âlde stampwurk. Pake en beppe dreune op fersyk noch altyd de topo fan Grins, Gelderlân en Seelân yn de âlde foarchoarder op. Dat ha wy net mear sa leard, mar de tafels wol, hat der dochs noch in goede kant oan de legere skoalle sitten. De tafels en it knikkerjen, wat my oanbelanget wie dat it wol sawat...

Kat.

Wy ha ek in kat sis ik as se my freegje oft we ek bisten ha. Dat is te sizzen, meastal ha we in kat. Op it stuit ha we trije, mar dat wikselt noch wolris. Der bedarret wolris ien ûnder ien fan de brede tsjillen fan in jarretank, of ien fan de doarpelingen pikt ien mei as se mei tachtich yn't oere hjir del fleane wylst tritich de max is. Hawar, dat is al sa salang ik it my heuge kin. Ien kear hienen we in oanrinner, in pracht bist. We stienen oan de oare kant fan de dyk te praten, de âldste fan ús stie der ek by, se sil in jier as fjouwer west wêze. It bist soe de dyk oer, want dêr stiene de baaskes, no? Jim snappe it al, klets boem, ûnder de eagen fan in bern fan fjouwer, ein fan de kat. Pake, dy´t op besite wie, hat him bedobbe. Sûnt dy dei hat sy ek it ylt op de siel dat by in kattebaas oan in trochrinnende dyk heard. No hienen we oardel jier lyn ek in kat, in swarte kater. De mater familias, in mei in notoir min sin en mar ien each segene wyfkeskat dy't elts jier soarget fo

Mar net op de foto.

Soms ha je se efter it ear, dat is net sa slim, want dat sjogge je net. Mar it komt ek foar dat se yn it sicht sitte, in grouwe swolm. As je dan sa as ik ien binne dy't oeral oan sit te peuterjen wurde je der net kreazer op. (net dat ik sa kreas wie, mar dochs) Dus mar net op de foto de earste wike...

Belied.

De publike omrop moat har beheine ta har kearntaken, seit de vice foarsitter van de VVD. Dus allinnich programs meitsje foar de kykkast en net foar it ynternet. Is dat net wat frjemd? As ik jûns troch it doarp rin, hinget it folk massaal op de bank foar de breedbyld, yn dat opsicht soe it dus terjochte wêze. Mar de oare helte dy't bygelyks neat oan fuotbal fynt, fermakket him of har mei de kompjûter (of soms in boek...)    Laptop op de keukentafel, koptillefoan op en klear ist. Dy meie fan de VVD dus allinnich nei útstjoering mist sjen, net nei programma's dy't op dat stuit útstjoerd wurde. Dat is dochs kolder? Wêrom moatte dy minsken in dei wachtsje om nei Pauw en Witteman te sjen? Dat kin dan ek! De reden dy't opjûn wurdt dat se net mei de kranten konkurearje meie is kul. Jongeren lêze it nijs op ynternet, net yn in krante. En as de ynternetkranten miene dat se yn de sek naaid wurde moatte se soargje dat har nijs sa goed is dat minsken dat derút pikke. Sitte der dan